Sunlight

KAREN BIES –

De boppeseal fan Hotel Reekers op ’e Jouwer, in kreakjende houten flier, tl-buizen dy’t de dochs al bleke pubergesichtsjes ûnferbidlik yn it ljocht setten. De famkes stiene links, de jonges rjochts en dan rôp dûnslearaar Piet de Boer: ‘Vandaag kiezen de dames een heer!’ Dan wie it saak om op dyn spesjaal foar dûnsles oanskafte pumps sa gau mooglik oan de oare kant te kommen en dy op te stellen njonken in jonge, it leafst ien sûnder al te folle pûkels en net te lyts. Dat lêste wie ûnmooglik, want der wiene by dy’t de klompen op ’e gong stean lieten en gesellich op sokken yn ’e rûnte walsten. By dy ûnearlike stuolledûns bleauwen altyd famkes oer. Dy moasten Pussycat útsitte oan ’e kant. Of mei elkoar dûnsje, ien fan beiden ‘as hear’. Mar eins kaam it dan noait mear goed mei dy as dûnsjend famke, want ast de fokstrot as hear oanleardest, begûnst tefolle ‘te lieden’ en dan waard it letter hiel dreech om in man te folgjen, warskôge Piet de Boer.

Fan dy winter op de boppeseal fan Reekers is ien jonge my bybleaun. Net omdat er goed dûnsje koe (net ien koe dat) of omdat er kreas wie (hy hie oranje hier) mar fanwege syn geur. Hy rûkte nei Sunlight húshâldsjippe. ’t Wie net iens fiis; hy naam yn elk gefal de muoite om him te waskjen foardat er nei dûnsles gie. Mar de gedachte dat Sunlight miskien wol de iennichste sjippe by dy jonge thús wie, bewarre efter it gerdyntsje ûnder it graniten oanrjocht, ja, dat it miskien wol syn mem wie dy’t him alle wiken ynsjippe, griisde my oan. En dêrby syn switklamme hantsjes.

Dûnsles kaam fan pas op de jierlikse toanieljûn yn ús doarpke, mei dûnsjen nei, op muzyk fan bygelyks it kombo De Jouster Keallepoaten. De jûn begûn al om acht oere. Dêrom wiene de boeren altyd mar krekt op ’e tiid binnen. Nei it melken gau ûnder de dûs en dan kamen se mei wiet hier en har wriuwend yn ’e grutte reade hannen de seal yn. Dêr gong it om, de hiele jûn. Dûnsjen nei, en dy grutte hannen.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.