Stylboarterij op it heechste nivo

SIGRID KINGMA – 

Abe de Vries wurdt wol de Rachmaninov ûnder de Fryske dichters neamd. Oaren neame him in ‘briljante dwersbongel’. Dizze dichter lit him net yn in inkele sin omskriuwe. Wy ha te krijen mei in fakman dy’t syn klassikers kent en muoiteleas syn styl oanpast. Syn sânde dichtbondel Brek dyn klank is yn 2015 útkommen by de Gerben Rypmastichting en stiet no op de nominaasje foar de Gysbert Japicxpriis. It is in kreaze útjefte mei hurde kaft en in fersoarge foarmjouwing mei alle rûmte foar de gedichten. Op de omslach yllustraasjes fan Pier Feddema, sketsen fan in roek en in frij ynterpretearbere oare fûgel dy’t we letter yn de bondel ûnder oare op it tsjerkhôf fan Dongjum weromfine.

 

De taal is ryk, it boerejargon sipelet troch de rigels hinne en de boarterij mei wurdsoarten en homonymen daagje de lêzer út.

 

De bondel is opboud yn fjouwer skiften: Noardlike elegyen, De krusen en de mollen, De wurden en de kleuren en Deadebetinking. It is in tige biografyske bondel mei in frijwat gronologyske opbou. De ôfsûnderlike skiften hawwe in eigen tematyk en opset, it sprekt foar himsels om se as aparte dielen te besprekken.

 

Noardlike elegyen
It earste diel bestiet út njoggen gedichten dy’t prozayske titels drage. It binne hast koarte ferhalen, biografyske sketsen oer herinneringen oan in jeugd yn Fryslân. It hôf yn de foarm fan de Goslingastate yn Dongjum, wat dúdlik wurdt troch ferskate geografyske ferwizingen. It plattelânslibben wurdt breedút sketst, mar de dichter fertelt ‘jimme net oer it ratteljen fan de amers, / en ek net oft it sneins nei tsjerke wie, / mar ik jou in ets fan Mirte’s blanke boerefammejaar.’ (s. 11) De Vries kiest in praatstyl út en skriuwt gedichten as skoalfoarbylden mei op syn tiid de needsaaklike luchtigens wannear’t je oer ôfskreaune saken begjinne. Yn it fyfde gedicht fine we de yllustraasje fan in roek op it omkaft werom yn it gedicht dat begjint mei de rigels: ´Om fierdere fernieling oan it tsjerkhôf/ foar te kommen, wolle wy jo driuwend moanje / om jo hinnefolkje net op ’t hôf te litten.’ (s. 15) In sin dy’t streekrjocht út in brief fan de tsjerkeried oan de buorman komme kin. It is in prachtige skets fan in belang dêr’t in godfergetten mienskip yn in ferlitten doarp him drok om meitsje kin.

 

In glinster smyt myn lodde nei de sinne,
wylst yn beammen, heislik, roeken rouje,
swarte skedelmjitters, boppe, brykreind,
wytmoarmeren earbewizen oan de deaden.
(s. 15)

De taal is ryk, it boerejargon sipelet troch de rigels hinne en de boarterij mei wurdsoarten en homonymen daagje de lêzer út. Dêrtroch komt it ek dat gedichten op it earste gesicht dreger lykje as dat se nei twa kear lêzen binne. Want kwa tematyk bliuwt De Vries ticht by de herkenbere wrâld, mei folksaardige anekdoates en doarpske sketsen, dêr’t de dichter taskôger, en úteinlik ferwurker fan is. Mear as oer in feroarjende doarpsmienskip giet it oer in feroarjende taal. ‘Fan in heit en in mem is dit it doarp. / Yn de tongen fan myn tonge praat it / âlde talen, dy’t ik langer net ferstean.’ (s.14) Sa’t de titel fan de bondel al suggerearret, hat de Fryske taal hjir in haadrol. It Frysk-eigene stiet hieltyd sintraal dêr’t je nei ferrin fan jierren ferskillend tsjinoan sjogge as mins en as dichter.

De poëzij fan Abe de Vries stiet bekend om de tematyk fan fergonklikens, lykas de talleaze ferwizingen nei mytology, bibelteksten en literatuerklassikers. Dat fine we yn dizze bondel ek werom. De dichter smyt net mei bylden mar waget se earst ôf en brûkt se effektyf as middel om in boadskip oer te bringen. Net selden wurde Kalma, Franz Lehár en Oedipus fermongen mei it gewoane, it observearjende yn in styl dy’t we ek fan Bukowski kenne.

 

De krusen en de mollen
It twadde skift is opdield yn fjouwer sonaten dy’t elk besteane út fjouwer gedichten. De gedichten binne opboud as in muzykstik, wat ek yn de dichtfoarm ta utering komt. It muzykstik fertelt it ferhaal fan in soan mei in grut talint foar de fioele. It begjint mei in fakânsje yn Joegoslavië dêr’t doe al trochskimere dat it houlik tusken heit en mem gjin stân hâlde soe. Troch de skieding is der in skuld ûntstien rjochting de soan, in gefoel tekoart te sjitten dat de heit net weromdraaie kin. De soan is ambisjeus, jout in diel fan syn bernetiid op foar it spyljen. ‘Hjoed hie ‘k in ploechje bern oan ‘e doar / om te freegjen wannear’tst wer kaamst.’ (s. 31) In heit stipet syn soan yn in dream, mar rekket hieltyd mear de bining mei him kwyt. Dêr komt de bondeltitel letterlik werom: ‘Wol bin ik / foargoed brek dyn klank, glimk, tút.’ (s. 32) Dêr’t je earst yn de bondeltitel in gebiedende konstruksje lêze, wurdt it tiidwurd in eigenskipswurd, en ropt it as fansels it haadwurd ek op. De Vries jout in demonstraasje fan syn masterskip as dichter troch yn elts gedicht de wurden mei in hast wiskundige krektens út te mjitten. Dochs is it út en troch as lêzer dreech om yn dit skift de oandacht derby te hâlden. Faaks komt dat om’t de gedichten net oan de lêzer, mar eksplisyt oan de soan rjochte binne. Faaks komt it ek trochdat it allegear sa berekkene oerkomt, dat it spontane, ûnferwachte elemint útbliuwt.

Net allinnich hat de soan in muzykpassy, hy is ek sljocht op sûkelade, sa docht bliken út de fjirde sonate. Dy fjirde sonate falt dêrom op it earste gesicht út de toan. It bakken fan in sûkeladetaart wurdt fergelike mei it meitsjen fan in muzykstik. Fansels ha se beide in fundearing en in opbou en ferskillende ingrediïnten, mar de fergeliking docht wat keunstmjittich oan. Dit soe ik ien fan de minder slagge eksperiminten fan de dichter neame wolle. Ik wurdearje dat er him de útdaging opleit om de twa ferskillende dingen soepel mei mekoar te ferbinen. It is in goede poging, en it is noch hieltyd in lekker baksel, mar guon ‘Chocolate Cookie Monster Cupcakes’ (s. 38) sjogge wat skilich.

 

De wurden en de kleuren
Yn dit skift sprekt de dichter wer de taal oan. De bân dy’t in skriuwer mei de taal hat, is ien fan haat en leafde. Meitsje sels gjin nije wurden, is it kredo fan in tredden, mar brûk wat der al is, wat faaks al fergetten is. De dichter tinkt der it sines fan. Lykas al it fergonklike komt de taal yn oanmerking foar spot en gekoanstekkerij. ‘Want hoe wurdsto útbetelle? / Yn skynrigels, spytgnyskjend / ast net sjochst, deabidders, swijend / oer de rike rinten fan dyn ljocht.’ (s. 43) Dit skift lit ek in âlder wurdende man sjen mei in groeiend synisme rjochting de wrâld. De taal moat it belije, de taal dy’t er likegoed sa nedich hat en dêr’t er tsjinstich oan is.

As yllustraasje fan dy taalrykdom sjogge we in grut ferskaat oan dichtfoarmen foarbykommen. Dichtsje is neffens De Vries in ambacht, en dat komt ek werom yn syn wurkwize. Hy liket in styl te forsearjen, mar it wurket hjir hiel natuerlik. Hy brûkt einrym yn guon ferzen sa nonsjalant dat it ynearsten netiens opfalt dat de rigels rymje. Hy kiest in styl út en skriuwt in gedicht as in skoalfoarbyld. Der strielt grut selsbewustwêzen ôf. Hjir komt ek de relaasje tusken heit en soan werom. Fan it fjirde fers wol ik de twadde strofe útljochtsje.

 

Silsto sjen kinne wat ik foar dy die,
al is ’t net folle – in gedicht
dat der samar wie, dy helpe
elke kear ast it dreech hiest, elke
dei oan dy tinke, dy de boeken jaan
dy’t ik lies – myn aloan winken,
‘Nimsto my mei, as aansen
begjint de twadde helte?’
(s. 47)

In man dy’t de tiid fielt, sprekt syn soan oan. De hiele bondel is op in bepaalde manier skreaun foar syn soan(nen), mar dit gedicht nammenste mear. Gjin dreech wurdboekfrysk sjogge we hjir, mar sprektaal. Sels it ritme wurdt hjir loslitten, it liket wol as is der mei sin in dissonant ynboud. Itselde jildt foar de sinskonstruksjes. Benammen de lêste rigel is opfallend. Yn de poëzij is soks net seldsum, mar hjir is it kwa grammatika in stylbreuk mei de oare gedichten. Foar it totale plaatsje jildt dat de De Vries bewust syn keuzes makket. Hy skriuwt nei eigen sizzen ‘as in âld man, dy’t him útpraat wit.’ (s. 48)

 

Deadebetinking
Hoe passend is it om in biografyske bondel te einigjen mei in deadebetinking. It lêste skift is nei myn betinken it nijsgjirrichst, dêr’t alles byinoar komt yn gedichten dy’t alle acht in titel drage. It binne wat langere gedichten dy’t har goed foardrage litte troch mear útroppen, fraachsinnen en in direkte konfrontearjende oansprekfoarm kombinearre mei in soarchfuldich bymekoar fandele wurdepalet. It is bewûnderensweardich hoe’t De Vries mei safolle ferskillende wurden op safolle ferskillende wizen skriuwe kin hoe’t mins en taal nei gychem giet, mar dit lêste skift is krekt nijsgjirriger om’t it ek oer oare dingen giet. Yn ‘De see sjen’ komt de taal nochris werom. ‘Tefolledagentiid / nimt wurden wei út in bange taal / it pún, dat om myn foarpost draait.’ (s. 58) Uteinlik keart er it lân, syn grûn, de rêch ta: ‘- lit my de see sjen -‘ (s. 59) De metafoar fan it túnkjen yn it prachtige ‘Wite strofen’ komt op meardere plakken werom. Der wurdt ek wer in brêge slein nei it begjin mei it hôf en de swarte fûgels op de kaft: ‘it túch / sjit omheech yn it hôf en ûnfoech laitsje de raaien / mei de raven mei yn ’t omsingeljend beamkeguod.’ (s. 54)

As de dea lonket lizze lykwols ek de klisjees op de loer yn bygelyks it gedicht De Bewizen. ‘En as de doarwarder komt / mei brief, rekken en frage, / kin ik him de bewizen jaan: / it wie inkeld om leafde te dwaan.’ (s. 62) De bondel einiget mei it gedicht ‘Deadebetinking’ dat op it earste gesicht oer de betinking fan in oarloch giet, mar geandewei wurdt dúdlik dat der in houlik bedoeld wurdt. Ut de lêste rigel docht bliken dat de betinking noch efkes wachtsje moat. In weardige ôfsluting dy’t yn de loft hingjen bliuwt.

 

Wannear’t de frede begjint
(dy sil begjinne), dan sil ik oan ús tinke
as geloksfûgels, dy’t oerlibben.

(s. 63)

 

 

 

Brek dyn klank, Abe de Vries, Gerben Rypmastichting. 64 siden, €15,00

Comments
3 reaksjes oan “Stylboarterij op it heechste nivo”
  1. ‘Pier Feddema fersoarge de yllustraasjes op de omslach’. Pier Feddema is al in moai skoft lyn ferstoarn… http://www.pierfeddema.nl/levensbeschrijving.html

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.