Studint Frysk wit net wêr’t er oan ta is

TSJOMME DIJKSTRA –

Der hingje tsjustere wolkens oer de stúdzje Frysk yn Grins. De selsstannigens fan de stúdzje stiet faai troch besunigings en de gearfoeging fan talestúdzjes. Tagelyk binne der nije ûntjouwings dy’t de wolkens miskien ferdriuwe kinne, mar it is noch net alhiel dúdlik út hokker hoeke oft de wyn úteinlik waaie sil. In oersjoch fan bedrigings, feroarings en kânsen foar de Fryske ûnderwiiswrâld.

De takomst fan it Frysk yn it heger ûnderwiis sit yn in faze fan ûnwissens en betizing. De ûntjouwings ferrinne net altyd transparant.

Foar dejinge dy’t Frysk studearje wol, wie de kar oant foar koart frij dúdlik: in studint mei in HAVO-diploma koe him ynskriuwe foar in HBU-oplieding oan de NHL yn Ljouwert: foar de Pabo (ek mooglik oan Stenden Hogeschool) of de twaddegraads learare-oplieding Frysk, mei dêrnei eventueel in HBU-Master of Education foar in earstegraads foech as learaar Frysk. In studint dy’t in VWO-diploma behelle hie, koe ek kieze foar de Bachelor-oplieding oan de universiteit yn Grins. Yn Grins wurdt ek in akademyske Master Frysk oanbean. De resinte ûntwikkelings yn it Fryske heger ûnderwiis soenen dy opsjes wolris aardich op ’e kop sette kinne. Wat is der feroare en wat stiet der te feroarjen?

  • Yn 2010 en 2011 is de UCF – University Campus Fryslân – opset. De UCF is in nij sintrum foar wittenskiplik ûnderwiis en ûndersyk wêryn’t ferskillende Nederlânske universiteiten en Fryske kennisynstellings mei-inoar gearwurkje en har kennis gearbringe yn acht ‘hotspots’. Konkreet wurde der aanst acht Master-opliedings oanbean oan de UCF, mei dêrûnder in Master Multilingualism, mooglik makke troch de Ryksuniversiteit Grins en NHL Hogeschool. Dy Master kin fanwegen de oandacht foar de Fryske meartaligenssituaasje in ynteressante nije opsje wêze as ferfolchoplieding foar Bachelor-studinten Frysk.
  • De NHL is, mei de hegeskoalle Stenden en de provinsje Fryslân, ek partner yn it nij ynstelde Lektoraat Frysk en Meartaligens, dêr’t Alex Riemersma yn febrewaris fan dit jier foar ynaugurearre is. Belangrykste doel fan it nij opsette lektoraat is om te soargjen foar in bettere oansluting fan it trijetalich basisûnderwiis op it meartalich fuortset ûnderwiis.
  • De takomst fan de stúdzje Frysk yn Grins stiet ûnder druk. De stúdzje hat slim te lijen fan de besunigings fan de universiteit en it is noch net bekend hoe’t de stúdzje der yn de takomst út sjen sil.

Lit ús op dy ûntjouwings ris wat neier yngean.


University Campus Fryslân: Master Multilingualism
Op 18 novimber 2011 is de University Campus Fryslân offisjeel fan start gien. De UCF is net in universiteit, mar in wittenskiplike stifting dy’t neffens de eigen webside primêr ta doel hat: ‘’om, in samenwerking met kennisinstellingen en organisaties en bedrijven in de provincie, de hele Friese kennisketen te verrijken en te versterken en zo een vitaal en duurzaam kennisklimaat in Fryslân te realiseren.’’

De UCF is opboud as netwurk fan ferskillende ûndersyksynstellings: der binne fjouwer Nederlânske universiteiten en de trije Fryske hegeskoallen by belutsen. Ek it Ljouwerter ynstitút foar wettertechnology Wetsus, de Fryske Akademy, de Waddenacademie, Tresoar, de gemeente Ljouwert en de provinsje Fryslân partisipearje yn de stifting.

It hat foar de bûtenwrâld net altyd like dúdlik west yn hokker stadium fan de oprjochting oft de UCF wie. Krektlyn is lykwols bekend wurden dat, fan de acht masters dy’t fan start gean sille oan de UCF, de earste – de Professional Master Leisure and Tourism Management – no echt ‘op kommendewei’ is: dy begjint yn septimber 2012.

Ynteressant foar de studint Frysk is benammen de takomstige Master Multilingualism: dy master hat yn it stúdzjeprogramma spesjaal oandacht foar de Fryske meartaligenssituaasje. De Master Multilingualism hellet in start yn 2012 noch net, om’t noch in doelmjittigenstoets trochstien wurde moat en om’t de studintewinning noch op priemmen set wurde moat. In oanfang yn 2013 leit dêrom mear foar de hân, seit professor Kees de Bot fan de Ryksuniversiteit fan Grins.

De Master Multilingualism wurdt in 1-jierrige oplieding (60 ECTS), mei it Ingelsk as fiertaal. De oplieding hat fan de start fan de UCF ôf fjouwer jier de tiid om libbensfetber te wurden. Yn dat tiidsbestek hoopje de meiwurkers de oplieding nasjonaal en ynternasjonaal op de kaart te setten. Der binne kontakten mei universiteiten yn Wales, Kataloanië en Ierlân dy’t belangryk wêze kinne om studinten út it bûtenlân oan te lûken. De hope is dat, as de ynternasjonale ambysje wiermakke wurdt, de Master Multilingualism mei jild fan de Europeeske kommisje úteinlik sels útgroeie kin ta in Europeeske Joint Master.

Wa’t talitten wurde wol foar de master Meartaligens moat in universitêr Bachelor-diploma helle hawwe of kin eventueel mei in HBU-diploma talitten wurde, as noch in oanfoljende oplieding folge is yn it ramt fan de UCF (‘Fryske rûte’). Yn de Master Multilingualism komme ûnder mear  ûnderwerpen as sosjolinguistyk, psycholinguistyk en meartalich ûnderwiis oan de oarder. Yn it twadde diel fan de Master kin de studint as spesjalisaasje (staazje, skripsje)  de klam lizze op de Fryske meartaligenssituaasje. Benammen yn de lêste ûnderdielen fan de oplieding wurdt de studint in soad romte bean om in eigen rûte te kiezen.


Lektoraat Frysk en Meartaligens yn Underwiis en Opfieding
In oare nije komponint yn it Fryske ûnderwiislân is it Lektoraat Frysk en Meartaligens yn Underwiis en Opfieding, dat de NHL Hogeschool en Stenden Hogeschool mei stipe fan de Provinsje Fryslân yn 2010 yn it libben roppen hawwe. Yn febrewaris fan dit jier waard Alex Riemersma ynaugurearre as de lektor.

It Lektoraat Frysk en Meartaligens moat soargje foar in bettere oansluting fan it trijetalich basisûnderwiis op it meartalich fuortset ûnderwiis en rjochtet him dêrby sawol op learlingen en leararen as op de didaktyske organisaasje fan it tale-ûnderwiis.

Hiel wichtich dêrfoar binne saneamde ‘knooppuntskoallen’. Doel dêrfan is om, mei de ûnderfining dy’t Fryske trijetalige basisskoallen al hawwe mei it oanbieden fan yntegraal ûnderwiis, basisskoallen en middelbere skoallen meielkoar in bestimmingsplan foarmje te litten (mei trochgeande learline en opbou fan doelen) fan wêr’t har learlingen ta oplaat wurde yn de trije doeltalen Nederlânsk, Frysk en Ingelsk.

In twadde spearpunt fan it lektoraat is it ûntwerpen fan Fryske toetsen dy’t de trochgeande learprestaasjes fan learlingen better folgje kinne, nei Nederlânsk (Cito-toets) en Ingelsk (Anglia-toets) foarbyld. Mei dy toetsen moatte de prestaasjes yn de trije doeltalen yn de takomst better meielkoar fergelike wurde kinne. Reitze Jonkman wurket op dit stuit oan sokke toetsen foar it basisûnderwiis en de earste twa klassen fan it fuortset ûnderwiis.

De wize wêrop’t it Fryske meartalich ûnderwiis op de trijetalige basisskoallen en yn it fuortset ûnderwiis ûntwikkele wurdt, past neffens Riemersma hieltyd better yn de ynternasjonale metoaden dy’t as CLIL oantsjut wurde: Content and Language Integrated Learning. Krekt as op de skoallen foar Tweetalig Onderwijs fan it Europees Platform wurde op de skoallen mei meartalich ûnderwiis de doeltalen behalve as faktaal yn de klasse ek hieltyd mear allegear as fiertaal brûkt. It lektoraat wol dy ûntjouwing fierder fuortsterkje, ûnder oaren yn gearwurking mei Taalsintrum Frysk/CEDIN, projektlieder fan it meartalich ûnderwiis, dat de skoallen dêrta begeliedt.

Lektor Riemersma wurket op it stuit ek oan in ynternasjonaal projekt mei as titel “Teacher Training for the Multilingual Classroom” yn ’e mande mei trije ynstituten út oare regio’s fan Europa (Wales, Ierlân, Kataloanië) foar it European Centre for Modern Languages (dat ferbûn is oan de Ried fan Europa) yn Graz. Yn it projekt wurdt besocht om ferbinings te lizzen tusken ferskillende fisys en tradysjes oer meartalich ûnderwiis, sadat dy gearwurking in noch sterker besef en in noch sterkere útwurking fan meartalich ûnderwiis opsmite kin. It projekt jout Riemersma ek de kâns om kollega’s út oare lannen sjen te litten hoe’t meartalich ûnderwiis hjir oanbean wurdt.


Takomst stúdzje Frysk oan de RuG
De takomst fan de stúdzje Fryske taal & kultuer oan de Ryksuniversiteit yn Grins stiet der minder geunstich foar. In wichtige oarsaak dêrfan is de hjoeddeistige finansiering fan it universitêr ûnderwiis, wêrby’t fral sjoen wurdt nei it tal studinten fan in stúdzje; dy oantallen hawwe by Frysk nea heech west. De fokus op oantallen is lykwols in ûnderdiel fan in fiks pakket besunigings fan it regear op it heger ûnderwiis, dy’t de ryksuniversiteit yn Grins ta maatregels twinge: it College van Bestuur hat de fakulteiten in besuniging oplein fan 2,5 miljoen euro. De Letterefakulteit hat om dy reden yn de ôfrûne perioade in plan betocht foar in fikse reorganisaasje fan har tale-opliedings.

De Grinzer moderne frjemde talestúdzjes sille, útsein de grutte talestúdzjes, fan it kommende jier ôf har krêften bondelje yn de nije stúdzje Europese talen en culturen. Op dy manier moatte der flink wat kosten besparre wurde kinne. It idee wie dat ek de stúdzje Frysk yn dat gearwurkingsferbân oparbeidzje soe mei de oare tale-opliedings. Yntusken is lykwols bekend wurden dat de universiteit fan doel is om noch mar 0,9 fte oer te hâlden foar Frysk. Dêrmei is net mear wis oft de oplieding Frysk wol hielendal meidwaan sil oan dy Europeeske tale- en kultuerestúdzjes: want hoewol’t de stúdzje Frysk (oars as de oare talestúdzjes) syn eigen akkreditaasjekoade hâldt, liket mei dat beslút de selsstannige posysje fan de oplieding Frysk net wis te wêzen, troch in tekoart oan formaasje en saakkundigens. De oplieding komt dêrtsjin yn ferset.


Koerswiziging
De oplieding Frysk yn Grins hat de ôfrûne jierren just drok yn it spier west om in nije koers te realisearjen dy’t de stúdzje yn de takomst oantreklik hâlde moat foar studinten. De stúdzje besiket om de gearwurking mei oare lytse-talestúdzjes oan te gean en him sa as ‘ekspert meartaligens’ te profilearjen. De komparative wize fan ûndersyk dwaan en ûnderwiis jaan by it tema ‘meartaligens’ moat de stúdzje ek by bûtenlânske studinten populêrder meitsje. It stribjen is ek om sa yn de takomst mear staazjeplakken te krijen by ynternasjonale organisaasjes, lykas Unesco. Yn it fakkepakket fan de stúdzje Frysk is mear klam kommen te lizzen op sosjolinguistyk en de ynternasjonale kontekst. Oant no ta binne de nije fakken populêr ûnder studinten.

Dy ferbreding fan de stúdzje Frysk wie al in doelstelling fan de oplieding foardat dy ûnder druk kaam te stean troch de besunigingsplannen fan it regear, mar stiet dêr yntusken fansels net mear los fan. De resinte ûntjouwings driigje de nije oanpak no de nekke om te draaien. It regearsbeslút om it folgjen fan in twadde stúdzje djoerder te meitsjen hat foar de stúdzje Frysk ek noch negative gefolgen hân, want in soad studinten folgen Frysk as twadde stúdzje of as dieltiidstúdzje.

De hope is dat de nasjonale polityk helpe wol om de iennige folsleine akademyske stúdzje Frysk dochs yn stân te hâlden en foar in grutter part te bekostigjen. Heechlearaar Goffe Jensma wiist dêrby op de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer, dêr’t yn fêstlein is dat it Frysk as in libbensfetbere haadstúdzje oerein bliuwe moat.


Beslút
Foarearst bliuwt it ûnwis wat de resinte ûntjouwings yn it Frysk ûnderwiis yn septimber konkreet betsjutte kinne foar de studint Frysk. Op de fraach oft de akademyske stúdzje Frysk yn Grins op koarte of langere termyn in oare foarm krijt is noch hieltyd net in definityf antwurd te jaan.

In positive ûntjouwing foar it Frysk, foar sawol HBU- as universitêre studinten Frysk, is dat der op net al te lange termyn, nêst in Fryske ûndersyksmaster en in Fryske ûnderwiismaster, mei de Master Multilingualism in nije Master-oplieding komt mei spesifike oandacht foar it Frysk. En it Lektoraat Frysk en Meartaligens kin yn de kommende jierren op in positive wize bydrage oan it meartalich basis- en fuortset ûnderwiis yn Fryslân, en faaks ek yn ynternasjonale sin. Dêrmei is de takomst fan it Frysk yn it ûnderwiis miskien earst ûnwis, mar seker net hopeleas.

Comments
Ien reaksje oan “Studint Frysk wit net wêr’t er oan ta is”

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.