Stripboek mei de kwaliteit fan in graphic novel

PAUL VAN DIJK – 

It nijste boek yn de no al ymposante katalogus fan útjouwerij Regaad is it stripboek ‘In wrâldreis yn 80 dagen’. It bekende ferhaal fan skriuwer Jules Verne is troch it team fan Regaad bewurke en hielendal fan in nij senario foarsjoen. It is boppedat in ynteraktyf boek, want yn augustus is it boek ek fia in app te lêzen. De app, makke troch Buro Klei út Ljouwert, befettet audio, animaasje en allerhanne eftergûn ynformaasje. Moai? Jawis! Mar ek sûnder de app springt dit boek der út. Drukt op moai, stevich glêd papier, mei in spannend omslach, nûget it boek út ta it lêzen.

 

Dit boek mei alhiel net ûntbrekke yn ’e boekekast fan skiednisdosinten en dosinten Ingelsk en Frysk. Harren learlingen sille dit boek, mei byhearrende app, grif mei in soad wille lêze.


Ferhaal mei faasje
It senario fan Bert-René Luimstra, Anne Tjerk Popkema, Tryntsje van der Steege en Hielke Visser hâldt it tempo der yn. It ferhaal wurdt ferteld fan út it eachpunt fan Julia, in famke dat krekt mei har âlden yn it hjoeddeiske Londen komme te wenjen is. Midden yn ‘e ferbouwing fan harren hûs fynt se op souder in stikmannich âlde dokuminten dy’t nei de ferneamde reis fan Phileas Fogg ferwize. Buorman John wit der mear fan en blykt in neikommeling fan Fogg’s feint Passepartout te wêzen. Dan set it ferhaal út ein. Earst noch mei lange tekstblokken (O nee: Kuifje!) mar gelokkich in pear siden fierder in stik dynamysker fan út it perspektyf fan Phileas Fogg en Passepartout, mei soms in ûnderbrekking fan buorman John en Julia.

Dy ûnderbrekkingen binne bygelyks nedich om te fertellen dat Sina in skoft fan Ingelân west hat of om út te lizzen wêrom’t de yndianen sa lilk wienen. Mar op oare mominten hâldt de konversaasje tusken de twa it ferhaal wat op en docht de útlizzerij wat skoalmastereftich oan (ik hie der yn ‘Van nul tot nu’ ek altyd in hekel oan).

Passepartout is in wichtige spiler yn dit ferhaal. De skriuwers hawwe der in komysk mantsje fan makke (‘Ooohh, wat ha’k in kater!’) dy’t soarget foar in moai kontrast mei de saaklike Fogg. It kidnappen fan Passepartout troch de yndianen wurdt hiel subtyl dien. Sa subtyl sels, dat jo der as lêzer earst net erch yn hawwe. De befrijing wurdt lykwols yn twa plaatsjes ferteld, dat giet suver wat te fluch. Mar ja, it ferhaal moat troch want der moat noch sa’n soad ferteld wurde. De ein – komt Fogg wol op ‘e tiid? – is in echte cliffhanger. It feit dat buorman John en Julia hiel even ‘fersmelte’ mei Fogg en Passepartout is in wiere fynst.

 

Hânsfkrift fan de master
It dynamyske tekenwurk fan Roelof Wijtsma is fenomenaal. Skippen, treinen, hûzen, fan út de frjemdste hoeken: Wijtsma kin it allegear. Syn styl docht sa no en dan oan Erik Kriek tinken, mar ek oan de Frânske master Regis Loisel (Peter Pan).

Wijtsma makket in soad gebrûk fan djipte yn syn platen. Soarchfâldige eftergrûnen skilderet er yn kleur en sepia tinten, wylst er de figueren op de foargrûn der mei swarte inket útspringe lit. De lânskippen binne mei in soad each foar detail tekene. Foaral de plaat fan de ynstoartende brêge is prachtich. De karakters Fix, prinsesse Aouda, Passepartout aktere hiel ekspressyf, wylst gentleman Fogg it hiele ferhaal wat ûnferskillich bliuwt. Pas as syn Aouda him te kennen jout dat se foar altyd by him bliuwe wol, docht er de eagen iepen. In pear grapkes fan de tekener binne it fermelden wurdich. De lûdroftige figuur dy’t mei Fogg troch Amearika reizget liket hiel bot op Donald Trump en op de portretten yn de Reform Club stean de skriuwers sels te pronk.

Wylst de measte striptekeners tsjintwurdich de belettering yn de ballonnen mei de kompjûter dogge, hat Regaad keazen foar de âlderwetske, ambachtlike wize: mei de hân. Dick Matena die dat koartlyn ek wer yn it Bommel avontoer ‘Tom Poes en de pas-kaart’. It soarget foar in hiel autentike sfear.

‘De wrâldreis yn 80 dagen’ is in hiel smaakfol stripboek mei de kwaliteit fan in graphic novel. Foar elk dy’t it ferhaal van Verne nochris mei frisse eagen lêze wol is dit in oanrieder. It boek mei alhiel net ûntbrekke yn ‘e boekekast fan skiednisdosinten en dosinten Ingelsk en Frysk. Harren learlingen sille dit boek, mei byhearrende app, grif mei in soad wille lêze.

 

Jules Verne, ‘In wrâldreis yn 80 dagen’. Utjouwerij Regaad, Grins 2016. €7,99

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.