Stofwolk

Achte hear Verhaaf,

Dus. Jim meie werris de dirty job dwaan om ús gewisse skjin te hâlden. It hong fansels al de hiele simmer yn de loft. Wylst ik mei de ferverskwast op de ljedder stie, bolderen jim omraak mei jim masjines by ús oer de gevels. Mannich flokwurd ha’k op jim ôffjurre – ik ferlies myn holle gauris by dy pokkeherrie fan jim – mar it hat jim net rekke, nim ik oan. Tagelyk haw ik ek ferskate kearen tocht oan dy stumperts yn de doarpen en stêden dêr’t it lûd fan in strieljager net allinnich irritaasje opwekt, mar klearebare eangst. Foar bommen, fjoer, dea en helske taferielen.

It soe it hiele ferhaal safolle earliker meitsje as jim ús útlizze koenen hoe’t it écht fielt om minsken by boskjes te fermoardzjen.

En no meie jo en jo mannen wer sjen litte wêr’t it allegear goed foar wie, al dy oefenings fan ’t simmer. Ik kin mis wêze, mar nei myn idee gebeurt dat hieltyd faker. Wienen it oant healwei de jierren njoggentich blauwhelmen, reade baretten, griene tanks en wite frachtweinen dy’t der op útstjoerd waarden foar de holy sake, sûnt wy yn ’99 yn Servië yn de gaten krigen dat we fanút de loft in lân op de knibbels krije kinne, meie jim om it hurdsje opdrave. Yn dat ljocht besjoen is it nuver dat wy sa dreech beslute kinne oer nije fleantugen, it giet ommers hieltyd mear om jim, en net mear om de boots on the ground.

Lekker maklik foar ús. We dogge foar grut mei, mar hoege net alte benaud te wêzen foar in soad slachtoffers oan eigen side. Lykwols, der binne in soad minsken dy’t der doel oer ha en sizze dat sa’n missy krekt nét goed útpakke sil. En sa kinne wy oerenlang noflik ouwehoere oer it nut fan jim wurk. Yn de Keamer, yn de kroech – it is in moai ûnderwerp, want it giet oer alles: adrenaline, bloed, superioriteit, gewisse, religy, moed, belutsenens. We diskusearre mei it fjoer op de wangen; mar dat kin ek fan it bier en de bitterballen komme.

Jim hawwe dêr allegear niks oan. Jim wachtsje de opdracht fan it regear ôf en fiere dy út. Sa’t in militair dat dwaan moat. In pear kear haw ik yn de keuken sjen mocht fan grutte legeroefenings, en it wie my sa dúdlik as wat dat dat de essinsje is fan jim drills & skills. Fertrouwe op de ratio, net sels oan it prakkisearjen slaan. Dat kin ek net oars.

En toch. Toch fyn ik krekt dát sa ferskriklik spitich, dat jim al dy minsklike gefoelens sa fakkundich útskeakelje yn jim wurk. Dat in fleander beslút in bom te goaien, en dêrnei seit dat er net hoecht te witten wat der ûnder dy stofwolk bart, dat begryp ik wol. Oars soe de man beswike ûnder de twivel. Mar it is sa jammer. It soe it hiele ferhaal safolle earliker meitsje as jim ús útlizze koenen hoe’t it écht fielt om minsken by boskjes te fermoardzjen – want útsoarte is it dat – sûnder presys te witten wa’t sy binne, wêrom’t se dogge wat se dogge, wêrom’t se stride foar wat se stride, wêr’t se foar libje en wat se yn leauwe.

As jim dat ris dwaan koenen: by weromkomst al jim wurk presys oan ús beskriuwe. Wól witte wolle wat der ûnder dy stofwolk barde, en dat yn detail fertelle. Om dêrnei dy hiele psychologyske ballast op ús skouders te lizzen. Om ús fiele te litten wêr’t wy foar kieze, as maatskippij. Allinnich jim kinne dat, dus doch dat marris, ynstee fan it nuet útfieren fan jim tsjinstoarders.

Want it is net oan ús om jim op te skypjen mei de morele ballast fan dy moarderij, it is oan jim om dy ferantwurdlikens by ús del te lizzen. Sadat wy it tenei wol litte sille om jim al te maklik op de folgjende, diskutabele missy te stjoeren.

Ik hoopje dat jim de holle der goed by hâlde, dêr.

 

Bart Kingma

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.