Op ûndersyk út!

ROB DU JARDIN – 

Yn ’e diskusje oer staveringsferoaring komme der hieltyd wer arguminten oer it wurdbyld en oer hoe’t minsken dêr tsjinoan sjogge. Binne dêr faaks al wat feitlike gegevens oer bekend? Lit ik oer titels fantasearje:

-‘Perception, memorization and reproduction of written language from a neuropsychological perspective: an overview of the literature’,

-‘The effect of word perception on the learning of new words: a randomized controlled trial’

-‘The OCAT (Orthographic change attitude test) and the REAT (Rules enforcement attitude test): towards valid and useful scales in the dilemma’s about spelling change’,

-‘Language attitudes: on interindividual and intergroup variance’,

-‘Frisian and Rhaeto-Romansh orthographic attitudes and competencies compared: data from the FROAC study’,

-‘Learning  new spelling rules: what we have learnt from decision models’.

Sokssawat? Der moat grif al wat bekend wêze. Of haw ik it mist yn ’e diskusje. Of past it net yn ’e diskusje. Of soe it noch ûndersocht wurde kinne. Soene sokke fraachstellings faaks ornearre wêze foar de Fryske Akademy?

 

Comments
2 reaksjes oan “Op ûndersyk út!”
  1. Henk schreef:

    Hallo Rob,

    Der is frijwat bekend oer de rol fan wurdbyld by it oanlearen fan lêzen en skriuwen. De teory wurdt aardich gearfette yn de boeken ‘Spelling’ en ‘Spellingdidactiek’ fan Henk Huizenga. Wy brûke dy op skoalle ek. Huizinga jout in soad ferwizingen nei relevante literatuer.

    Wat spesifiker:

    Verhoeven, G. (1985), ‘De strategieën van de speller’, dissertatie RuG, Groningen: Noordhoff. Verhoeven lit sjen dat by learlingen yn it basisûnderwiis fan groep 7 ôf it wurdbyld in grutte rol spilet by it staverjen. Mei it tanimmen fan de lêsfeardichheid nimt de ynfloed fan wurdbyld op it staverjen ta. Analytysk staverjen (benammen by tiidwurden) is oan ‘e ein fan ‘e basisskoalle it grutste probleem.

    Coenen, M., W. van Bon & R. Schreuder (1997), Reading and spelling in Dutch first and second graders. In: Leon & Malatesha (eds.), Cross-language studies of learning to read and spell. Dordrecht: Kluwer. De ûndersikers litte, krekt as Verhoeven, sjen dat begjinnende learder benammen regels hantearje, mar dat de wurdbyldstrategy der al fluch by komt en mei it tanimmen fan de lêsfeardichheid heeltyd dominanter wurdt: earst by it lêzen (herkennen) fan wurden en letter by it skriuwen.

    Frans Daems docht al jierren ûndersyk nei de ynfloed fan wurdbyld op de stavering fan Nederlânske tiidwurden, by útstek de groep wurden dy’t analytysk stavere wurde: om te witten oft je “beïnvloed” of “beïnvloedt”, “verwent” of “verwend”, “praten” of “praatten” skriuwe moatte, moatte je de sin ûntlede. Hy lit sjen dat dat faak misgiet en dat it frekwintste wurdbyld him dan opkringt. Daems hat der aardich wat oer skreaun. Sjoch foar in oersjoch û.o. Sandra, D., F. Daems & S. Frisson, ‘Zo helder en toch zoveel fouten’. In: Vonk (2001). Sjoch ek Frans Daems syn website by univ. Antwerpen.

    De kommisje-Meijerink, dy’t minimum- en streefnivo’s foar allegear taalfeardichheden opsteld hat, hat it staverjen op wurdbyld ûnderbrocht op nivo 2F, it nivo dat minsken noadich wêze soenen om op ‘e arbeidsmerk funksjonearje te kinnen (“burgerschapsniveau”, moat dy oansprekke! ;-)). Dat nivo wurdt ferwachte oan ‘e ein fan in mbo-oplieding. De analytyske tiidwurdstavering is ferdield oer nivo 2F en 3F. Nivo 3F is it nivo dat ferwachte wurdt oan ‘e ein fan ‘e havo. Dat wol sizze dat folle mear minsken folle earder op wurdbyld achte wurde goed te staverjen as troch nei te tinken oer staveringsregels. Minsken mei lêsûnderfining tinke op in stuit net mear sa bot nei oer regels en skriuwe foaral op basis fan wat se ûntholden hawwe fan wat se lêze. Sjoch û.o. de website fan it SLO foar in útwurking.

    Groetnis,
    Henk

  2. Rob du Jardin schreef:

    Ha Henk,

    Tige tank foar dyn ferwizings mei moaie gearfettings. Dat it wurdbyld in wichtich plak hat by it learen en ferwurkjen fan de stavering stiet as in peal boppe wetter. Foar my is de fraach op dit stuit mear ien fan: hoe plastysk/bûchber is dat wurdbyld? Hoe lang duorret it om in wurdbyld oan te passen bygelyks oan nije staveringsregels, en binne der faktoren bekend dy’t dat oanpassingsfermogen beynfloedzje (op yndividueel of groepsnivo)? (My tinkt dat it hieltyd wichtiger wurdt en lear net allinnich nije “stof” (=stavering) mar ek nije “learmetoade/wize fan ferwurkjen fan ynformaasje” (=”analytyske” staveringsregels dy’t feroarje lykas de Hollânske tusken-n/wurdbyld dat feroaret lykas “hwat” of “kou”). Hoe min of hoe goed binne minsken oergien fan “hwat” en “kou” nei “wat” en “ko”, en kin dat proses fasilitearje wurde? Hawar, ik gean no wer fierder mei it learen fan trompetspul (en fan it learen fan hoe’t je dat it bêste leare kinne;-). Noch betanke Henk en oant freed!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.