Stavering, taalwittenskip en automatisearring

BOUKE SLOFSTRA – 

Automatisearring, dêr sit de oast yn alle opskuor en trelit oer de stavering. Om myn part sizze jo automatisearing, en skriuwe jo it sa. Mar ûnthâld it wurd.

Want tsjintwurdich is de wurdboekerij net mear in kwestje fan kaartsjes dy’t by de A begjinne en by de W ophâlde, mar fan digitale bestannen dêr’t jo alles yn fine kinne wat jo sykje wolle. Dat it moat hast wol sa wêze dat de Fryske Akademy, fleurich oan it wurk om in Grien Boekje te meitsjen, oer de ynkonsekwinte stavering fan ‘e û-lûden stroffelt. De Fryske û-lûden binne om sa te sizzen ferlykber mei de Hollânske tusken-n. It probleem wurdt ynienen aaklike sichtber en wat moat men dan dwaan?

Miskien moat men hielendal neat dwaan en it probleem sa litte. Miskien is dat better as it nijste staveringsútstel. Guon minsken, bygelyks Henk Wolf en Pieter Breuker, ha nijsgjirrige arguminten jûn. Of miskien moat men wat better en langer prakkeseare en it op ‘en nij besykje. Hoe slim soe dat wêze? Hoe slim driuwt sa’n Grien Boekje no eins?

It is yn alle gefallen in goed ding om te ûnthâlden dat de Fryske Akademy ús fijân net is. As we dat hjir ôfprate, wol ik dit stikje wol eefkes dien meitsje.

Ik sil hjir niks sizze oer de û-lûden. Dêr hat Henk Wolf al oer skreaun. Ik sil hjir niks sizze oer de ‘standert’-foarmen. Dêr hat Pieter Breuker al oer skreaun. Henk Wolf hat ommers besleur oer grammatika en Pieter Breuker wit in soad fan taalferskaat. Elk sines.

Ik sil hjir in lytse fuotnoat bydrage. Dy giet oer it wurd tillevyzje. As ik it net mis ha, wurdt tillevyzje tenei tillefyzje, omdat der ek in wurd fyzje bestiet. Alteast, sa wurdt it earne útlein.

It grappige fan dat tillevyzje-foarbyld is dit: we geane aansten by einbeslút wer werom nei it begjin fan it stik. Automatisearring. Dat sil ik jo útlizze.

Stavering is altyd in kar, mar dy kar wurdt yn it bêste gefal makke op grûn fan taalkundige kritearia. En it beswier tsjin tillefyzje is dat it boppeneamde argumint taalkundich besjoen net sa sterk is. In boekebeam is in beam, mar in tillefyzje is gjin fyzje. Soe it wol sa wêze, dan soe it wurd net ferwize nei in apparaat dat pratende troanjes en fuotbal sjen lit, mar nei in filosofysk fiersicht. Jo soene likegoed de wurden  konverzje en ferzje op ien bulte feie kinne, of  kontraksje en traksje. Der is hieltyd in etymologysk ferbân tusken it lange en it koarte wurd, mar it lange wurd is net gearstald op grûn fan it koarte.

Dat hat, lykas sein, mei taalkunde te krijen, mar ek mei automatisearring. Want de Fryske Akademy hat in stik boartersguod ta syn foldwaan hat wêr’t sokke foarbylden samar-ynienen útrûgelje. Dat is har eigen ferneamde Taaldatabank (TDB), op priemmen set troch Arjen Versloot. Der binne yn myn ferâldere ferzje 38 wurden (plus farianten) bekend mei in ferlykbere opbou as tille-vyzje, bygelyks ad-verbium, kon-vinsje, mal-versaasje, pro-vosearje, yn-vestearje, en dan soene jo noch bygelyks  ambi-valint en yn-valide tafoegje kinne. It twadde elemint (krekt nei it streekje) is yn al dy gefallen in Latynsk wurdstikje dat mei in v begjint. By in lyts tal wurden is dat wurdstikje ‘tafallich’ gelyk oan in besteand wurd, mei it ferklearbere ferskil dat dat selsstannige wurd mei in f begjint: tillevyze, revyzje (ferlykje: fyzje), konverzje (ferlykje: ferzje) en ynvalide (ferlykje: falide).

De nije stavering soe no tillefyzje en refyzje, opsmite, as ik my net fersin; mar net malfersaasje en konfinsje, omdat we gjin fersaasjes en finsjes hawwe. Der binne tink wol taalkundige arguminten te betinken om it oars te dwaan, mar dat smyt miskien gjin ienfâldich te learen staveringsregels op.

Yn alle gefallen kinne de minsken tsjintwurdich op grûn fan datasamlingen diskusjes oer stavering hâlde.. Ik soe ommers al dy foarbylden sels net út ‘e holle optinke kinne; dat docht de TDB no krekt foar my.

Mei help fan dyselde Taaldatabank komme wy boppedat in grappich gefal fan irony op it spoar. It staveringsútstel ‘tillevyzje’ is it spegelbyld fan de normalisearring fan adfortinsje (mei in f) ta advertinzje (mei in v) yn 1980. Dy âlde stavering adfortinsje wie fansels in gefal fan folksetymology.

It soe in goed ding wêze as dy staveringskwestje yn goed oerlis en op grûn fan moaie saakkundige arguminten útpraat wurdt. Dat hoeft om my net hjoed of moarn te barren. As der by einbeslút neat feroaret is it my ek likegoed. Mar litte we wol hieltyd nei de nijsgjirrige kanten sjen, bygelyks de taalkunde en de automatisearring. En lit de Akademy net hieltyd it lulke bist wêze.

Comments
Ien reaksje oan “Stavering, taalwittenskip en automatisearring”
  1. Henk schreef:

    Hoi Bouke,

    Ik bin ek benijd nei “revisearje” en soksoarte wurden mear. As wy “refyzje” krije, soest “refisearje” ferwachtsje, mar “fisearje” is net in wurd, dus soest neffens it systeem útkomme by “revisearje”. Dat liket my net sa’n noflike kombinaasje.

    It ferbaast my ek wat dat “fyzje” de skriuwwize is fan it wurd dat yn it Nederlânsk “visie” is. De hânwurdboeken F-N en N-F brûke dat hele wurd nammentlik net. Se ha it heeltyd oer “fisy”. En it WFT hat “fyzje” inkeld as ferwiislemma nei “fisy”.

    Ik haw in stik skreaun mei de belangrykste punten oer de staveringswiziging deryn. It stiet hjirre:
    http://www.henkwolf.nl/hoe-zit-het-nu-precies-met-die-friese-spelling/

    Groetnis,
    Henk

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.