Spul mije en spul krije yn in petear

HENK WOLF – 

Minsken binne fluch op ‘e teantsjes trape. Der is net folle foar nedich om se lulk te meitsjen. Yn in petear brûke minsken allegear ûnbewuste middels om derfoar te soargjen dat se gjin spul mei-inoar krije. Op it grinsflak fan taalkunde en psychology is in soad ûndersyk dien dat fan dy middels foar it ljocht brocht hat. Sa witte wy út ûndersyk fan ûnder oaren de Amerikaanske wittenskipper Howard Giles dat minsken it noflik fine as de peteargenoat syn bêst docht om in bytsje op har te lykjen. Dat dogge wy dan ek subtyl, as in soart teken fan goede wil. Wy nimme de meneuvels, de sithâlding, de typyske wurden fan de oar, sels syn yntonaasje en sprekfolume foar in part oer. Minsken binne dêr heel gefoelich foar en as sok oanpassen ris útbliuwt, dan binne se al heel fluch deilis.

 

Wat ús prima slagget yn direkt ûnderling kontakt, slagget net as wy achter de kompjûter sitte of op in telefoan berjochtsjes type. Spul tusken ûnbekenden is dêr earder regel as útsûndering.

 

As ien in oar stânpunt ynnimt as jo, dan kin dat ek fijannich oerkomme. Dêrom kompensearje pratende minsken sa’n ferskil foar in part troch inoar wat nei te aapjen. Undersikers witte ek dat minsken it net noflik fine om te praten mei ien dy’t ûnfreonlik docht, ek al dogge se dat sels wol. Hoflikens wurdt wurdearre. Dat skûlet nei alle gedachten achter de gewoante dat Keamerleden inoar net streekrjocht oansprekke en by de foarnamme neame, mar dat alle útspraken op formele toan oan de foarsitter rjochte wurde. Minsken wurde ek wrantelich as se ûnder druk set wurde. Dêrom bestiet hoflikens der foar in part ek út om oan oaren dúdlik te meitsjen dat se frij binne om te dwaan en litten wat se wolle: “Ik haw in lekke bân, do moatst my aanst thús bringe” sil folle earder ta spul liede as “Ik haw in lekke bân. Hasto it hiel drok of hast miskien tiid om my efkes thús te bringen?” De Amerikaanske ûndersykster Penelope Brown en har Britske kollega Stephen Levinson ha dy ferskillende foarmen fan hoflikens beskreaun.

Wat ek helpt is dat minsken in ynboud betrouwen yn de peteargenoat ha. De Britske ûndersiker Paul Grice hat dat it ‘gearwurkingsprinsipe’ neamd. Minsken nimme oer it generaal oan dat alle dielnimmers in sinfolle bydrage oan it petear leverje wolle. As se de oar net fuortendalik begripe, sykje se as earste om in konstruktive ynterpretaasje fan wat dy oar sein hat. Antwurdet ien op jo fraach oft er jo efkes thús bringe kin: “De dyk leit derút”, dan sille sokssawat hearre as: ik soe dy bêst mei de auto nei hûs ta bringe wolle, mar de dyk leit derút en dêrom krij ik de auto net fan it hiem ôf, dus spitigernôch sil it slagje.

Fansels slagget it minsken lang net altyd om spul te mijen, mar as wy betinke hoe maklik oft it yn prinsipe is om in oar op ‘e kast te jeien, dan is it eins in wûnder hoe’n bytsje spul oft minsken krije en hoe goed oft it minsken slagget om lange harmonieuze freonskippen te ûnderhâlden.

Mei ien útsûndering. Wat ús prima slagget yn direkt ûnderling kontakt, slagget net as wy achter de kompjûter sitte of op in telefoan berjochtsjes type. Spul tusken ûnbekenden is dêr earder regel as útsûndering. Sykje mar ris in diskusje op it Internet op, op in diskusjefoarum, ûnder in online-krante-artikel of op Facebook, om it hoartsje rint it op skellen en misledigjen út. Wylst politisy mei poerferskillende ideeën oer de ynrjochting fan ‘e maatskippij gesellich mei-inoar in pilske drinke, slingerje minsken mei aardich ferlykbere ideeën inoar op nijswebsites skelwurden, deawinsken en sels fysike bedrigingen om ‘e earen. Blykber bliuwe de gefoelichheden foar wat oaren sizze en dogge, mar wurkje de middels om de oar op syn gemak te stellen dan net goed. Oft it no is dat wy net goed witte hoe’t wy dêr typendewei gebrûk fan meitsje moatte of dat se by de oar net oerkomme, wit ik net. Miskien sit wol yn ‘e minsken ynslipe dat se ûnbewust stim en lichemshâlding brûke om in goede relaasje yn stân te hâlden, mar ha se soksoarte sosjalisearring foar online-kommuniaasje noait hân.

Dat der safolle praat wurdt oer it gebrûk fan de krekte knypeagjende of laitsjende giele snútsjes yn mails of oer it tal puntsjes achter in sin yn in Whatsapp-berjocht soe der wolris op wize kinne dat minsken foar moderne foarmen fan kommunikaasje op it stuit sykje om online-wjergaders fan oanpassings- en hoflikheidsstrategyen en dat wy no pas oan it learen binne hoe’t wy ús online konfliktmijend en sosjaal gedrage moatte.

Comments
Ien reaksje oan “Spul mije en spul krije yn in petear”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.