Sosjale media yn Fryslân as generaasjeprobleem

Sosjale media binne foar Fryslân net in bedriging, mar in ferriking. Sy hawwe de potinsje om op krachtige wize de mienskip te fersterkjen en it draachflak foar dy mienskip te ferbreedzjen.


1    Wêr’t it begûn: 1995

It wie yn de simmer fan 1995 en ik hie in baan by in grutte gemeente yn it easten fan Nederlân. De kranten skreaunen oer in nije foarm fan kommunikaasje tusken kompjûters: it ynternet. Yn Amearika like it al geweldich populêr te wêzen. As haad fan in gemeentlike kulturele ynstelling seach ik mooglikheden. Dy ynstelling wie fierste min bekend en hie in prachtige kolleksje dy’t nijsgjirrich wie foar minsken yn it hiele lân en sels yn it bûtenlân. Soene wy net mei ynternet…

Mar ja, hoe moast soks? Us meiwurkers wiene safier noch net en wa soe dat betelje? Mei it haad fan de ôfdieling automatisearring teach ik nei in sympoasium oer ynternet, spesjaal foar de kulturele sektor. It nije medium hie my al gau yn ’e besnijing. Mar op de weromreis fan it sympoasium die bliken dat ús ict-man dêr folslein oars ûnder stie. Wy krigen der noch krekt gjin spul oer, mar myn kollega wie fan betinken dat ik it paad folslein bjuster rekke wie. Hy hie al safolle hypes en mislearringen op IT-gebiet meimakke, dêr hearde it ynternet grif ek by. No even populêr, mar oer in pear jier koe dy moade ek wer op de dongbult fan de skiednis.

Yn de hjerst fan itselde jier rekke ik op in kongres oer myn fakgebiet yn diskusje mei de heechste ferantwurdlike amtner fan it ministearje yn Den Haach. Hy wie net ‘tsjin’ it ynternet, mar ik moast goed begripe dat wy as professionals wol wat betters te dwaan hiene as ús dwaande hâlde mei dat ‘boartersguod’.

Twa jier letter lei de wrâld der oars hinne. It haad ict hie ûnderwilens in oare baan by in fersekeringsmaatskippij en de hege Haachske amtner seach grutte mooglikheden foar it digitalisearjen fan it kulturele erfgoed. Sels hie ik in stikmannich artikels oer it ûnderwerp publisearre(1) en frijwat foardrachten hâlden, yn Nederlân en ek yn Dútslân en Sweden. Us kulturele ynstelling wie ien fan de earsten yn de sektor op ynternet. It smiet net allinnich publisiteit, mar foaral ek besikers op.

Foar mysels hie ik noch wat oars leard. It like my better om by grutte technologyske feroaringen mear betrouwen te hawwen yn myn eigen yntuysje as nijsgjirrige konsumint ynstee fan yn de saakkundige ict-spesjalisten. Echte feroaringen komme net by de ‘gevestigde orde’ wei, mar by de brûkers sels.

 

2    De opkomst fan sosjale media
It ôfrûne jier ha ik regelmjittich oan 1995 weromtocht. Op dit stuit is in nije revolúsje yn ús digitale kommunikaasje geande, dy’t fergelykber is mei de opkomst fan ynternet. De aktuele revolúsje ûntstiet troch in nije, machtige kombinaasje fan hard- en software, de smartphone mei de saneamde sosjale media lykas Facebook, Twitter, Hyves, LinkedIn en Flickr.(2)

It aparte fan dy nije ûntwikkeling is dat de ôfsûnderlike eleminten net hiel nij binne. ‘Slimme’ telefoans binne der al in skoftsje, Hyves en Facebook besteane ek al in jiermannich. Mar it grutskalich oanlizzen fan bettere netwurken, sadat no ek in smartphone mei permaninte tagong ta it ynternet en alle sosjale media oeral brûkt wurde kin, makket fan de moderne minske in wêzen dat oeral en altyd online wêze kin. De ûntwikkeling fan smartphones en sosjale media jeie elkoar op yn in hieltyd heger tempo. Wy kinne it sjen oan de faasje wêrmei’t Twitter groeid is yn de ôfrûne trije jier, en de spektakulêre groei fan de ferkeap fan smartphones as de BlackBerry en de iPhone fan Apple.

De minske stiet oan de widze fan elke nije technologyske trochbraak, mar de grutste feroaringen feroarje sels ek wer de minske. Yn sosjaal-kultureel opsicht is dêrtroch ien dy’t fulltime online is, in oar wêzen as syn oerpake of oerbeppe, dy’t wol brieven hie mar faaks noch net iens in telefoan.

In fêst gegeven dêrby is dat elke nije útfining earst de foarm oannimt fan wat minsken al wend binne en pas letter in eigen foarm krijt. Fergelykje de earste treinen, dy’t hiel bot op koetsen liken, de earste printe boeken, dy’t op manuskripten liken of fergelykje de earste websites dy’t der as in digitale folder útseagen. Foar it gebrûk jildt wat fergelykbers: foardat de nije mooglikheden echt útprobearre wurde, wolle de brûkers yn it earstoan in nij medium leafst krekt sa brûke as it âlde. Dat ferklearret in protte fan de misferstannen om de nije media hinne.(3)

 

3    Tûkelteammen fan de sosjale media
It docht gjin nij dat de sosjale media benammen omearme wurde troch de generaasje dy’t opgroeid is mei it ynternet, rûchwei elkenien jonger as 35 jier. De kategory 35-65 hat de grutte feroaring meimakke (en faak ek noch ferynderlike) dy’t de yntroduksje fan ynternet feroarsake, mar kin him meastentiids ek noch in wrâld foarstelle sûnder al dat nijs. De skepsis fan in part fan dy groep oer de sosjale media lit in opfallende parallel sjen mei de reaksjes fan deselde leeftydsgroep by de opkomst fan ynternet.

Inkelde beswieren:

  • Twitter en de oare sosjale media binne triviaal. Sy hawwe gjin ynhâld en it is ferdivedaasje sûnder nuttich doel. Fergelykje dat mei de boppesteande reaksje oer ynternet as boartersguod. Foar in part is it beswier dat de sosjale media triviaal binne it gefolch fan in grut misferstân. De minsken dy’t dat beswier hawwe sjogge it ynternet foaral as in grutte database mei ynformaasje, dêrst út putte kinst. It is harren ûntkaam dat de digitalisearring ûnderwilens in nij stadium berikt hat, wêrby’t net mear ynformaasje, mar kommunikaasje yn kombinaasje mei ynformaasje sintraal stiet. Twitter en Facebook binne yn it foarste plak nije foarmen fan kommunikaasje tusken minsken. As sadanich moatte se dan ek beoardield wurde, net op harren ynformaasjewearde. ‘Gewoan’ sosjaal ferkear soe skea hawwe fan sosjale media. Sosjale media wurde hieltyd mear yntegreard yn it ‘gewoane’ sosjale ferkear. Facebook en Twitter wurde in protte brûkt om reklame te meitsjen foar grutte eveneminten en lytse ‘tweetups’, wêrby’t minsken har massaal of yn lytse groepen moetsje. Kontakt fia nije sosjale media en fia gewoan sosjaal ferkear hawwe oer it generaal deselde útdagingen en kânsen, problemen en ferrassingen, mooglikheden en teloarstellingen.
  • Neffens in resint ûndersyk fan ExactTarget binne sawol de brûkers fan Facebook as fan Twitter sosjaler (yn de betsjutting dat se faker freonen opsykje of moetsje) as foardat se dy sosjale media brûkten. By Twitter is dat effekt folle sterker as by Facebook, 46% fan de twitterders seit dat harren sosjale gedrach sterker wurdt troch Twitter en dat sy faker freonen en kunde ‘in person’ moetsje.(4)
  • Sosjale media binne in elitêr ferskynsel foar de ‘happy few’; it fergruttet de kleau tusken gewoane minsken en de foarútrinners.By yntroduksje fan elke technologyske fernijing is yn it begjin mar in lytse groep entûsjast. It bysûndere fan de nijste ûntwikkelingen is no krekt dat de akseptaasje troch brede groepen yn de befolking hieltyd hurder giet. It argumint dat sosjale media elitêr binne kin ienfâldich omdraaid wurde. In hieltyd gruttere groep praat fia de sosjale media oer fan alles en noch wat mei, de vox populi bepaalt it politike discours yn dizze tiid mear as yn de tiid dat der allinnich noch mar kranten wiene. Oft it resultaat fan dy iepenbiere diskusje der perfoarst better fan wurdt, is in fraach dy’t ik hjir net beänderje sil. Nije media kinne, krekt as âlde, sawol foar goede as minne doelen brûkt wurde. Youp van ’t Hek begûn yn oktober 2010 mei in suksesfolle Twitteraksje tsjin de klanteservice fan T-mobile. Mei sa’n aksje binne in protte etyske fragen anneks, dy’t lykwols meastal net steld wurde. Mar makket dat de sosjale media fûneminteel oars?
  • It ‘paranoia-argumint’: in dreech te omskriuwen gefoel dat wy net witte wat der mei al dy ynformaasje yn cyberspace en troch oaren gebeure sil. Wy soene de kontrôle oer ús eigen kommunikaasje loslitte. Dat rekket ek de privacy, minder fanút in prinsipieel perspektyf mar wol fanút eigenbelang.

Dat de privacy fan brûkers maklik skeind wurde kin troch de sosjale media, is fansels wier. Sosjale media binne prachtige marketing tools, dy’t foarmen fan direct marketing mooglik meitsje, dêr’t men eartiids allinnich mar fan dreame koe. Wa’t op Twitter of Facebook hieltyd oer fytsen praat, moat net raar opsjen at er njonken syn berjochten advertinsjes fan Halfords of Batavus tsjinkomt. It skeinen fan privacy is lykwols gjin natuerferskynsel. De konsumint hat op de measte sosjale media in grut oantal mooglikheden om de iepenbierens fan gegevens sterk te beheinen. Nim de fotosite Flickr. It doel is om foto’s diele te kinnen mei oaren en op dy site te publisearjen, ek foto’s fan oaren te besjen en te brûken. Dochs stiet it elkenien frij dat medium allinnich te brûken foar freonen en famylje. Itselde jildt foar bygelyks YouTube en Facebook.

 

4    Sosjale media yn Fryslân (5)
Neffens guon kultuerpessimisten kundigje de sosjale media de ûndergong oan fan de tradisjonele mienskippen. Dy stelling liket my oerdreaun. Sosjale media kinne wol it karakter fan de mienskip yngeand beynfloedzje. Dat is net eat foar de takomst, it gebeurt hjir en no, en ek op it Fryske plattelân. Yn it doarp Wommels mei 2100 ynwenners hawwe mear as 500 minsken in Hyves account en binne mear as fyftich ferienings en klups – fan it swimbad oant en mei de keatsferiening – aktyf op dat sosjale medium. Op it stuit dat ik dizze tekst foar it lêst neisjoch, op 5 desimber 2010, hat it in pear dagen moai ferzen en ferskynt de iisklup Winterwille mei in eigen Twitter account. It giet dus hurd, en it wurdt hiel gewoan. It sille grif benammen de jongere generaasjes wêze dy’t op it Fryske plattelân Hyves en Facebook brûke, mar it ferskil tusken jong en âld wurdt – krekt as by ynternet – hurd minder. At wy nei de takomst fan in libben plattelân sjogge, wurdt al gau dúdlik dat der gjin kar is. It yntegrearjen fan sosjale media yn de mienskip sil wol moatte, at wy alteast fan betinken binne dat de doarpen ek oantreklik wêze moatte foar jongerein.

Sosjale media binne foar Fryslân net in bedriging, mar in ferriking. It is in krachtige manier om de mienskip te fersterkjen en it draachflak foar dy mienskip te ferbreedzjen. It iepenet mooglikheden om minder mobile minsken better by it doarpslibben te belûken, om mear ynwenners meiprate te litten oer de takomst fan it doarp, om maklik kontakten te ûnderhâlden mei eks-doarpsbewenners om utens of mei de jongerein dy’t yn Grins of Amsterdam studearret, mar miskien letter fan doel is om werom te kommen.

Troch it iepen karakter kinne Facebookpagina’s in doarp op ’e kaart sette en nije ynwenners har gauwer thúsfiele litte. Frijwat doarpen binne ek as sadanich aktyf op Hyves. Plakken as Ammerstol, Heino, ’t Zandt en Silvolde. De muzykstjoerder TMF organisearre yn ’e mande mei Hyves de ferkiezing fan it leukste doarp fan Nederlân. Dêr die ek it Fryske Tytsjerk oan mei. Alhoewol’t Tytsjerk it yn de finale ôflizze moast tsjin Volkel út Brabân, wie it wol it doarp mei de measte Hyvesfolgers: mear as 8000 minsken, folle mear as it doarp oan ynwenners hat.

Sosjale media rûnom yn de provinsje
Om in yndruk te jaan fan it gebrûk fan sosjale media yn Fryslân ha ik wat gegevens foar in seistal plakken fan oprinnende grutte byelkoar swile. Spitigernôch binne de brûkersgegevens fan Twitter (314.000 brûkers(6) yn Nederlân) net geografysk te filterjen, mar dy fan Hyves, Flickr en YouTube al. De tabel is basearre op de gegevens sammele fan it oantal brûkers fan Hyves oan ’e hân fan it plak dat de brûkers sels opjouwe, it oantal filmkes en fideo’s op YouTube dat ‘tagged’ is mei de oanbelangjende plaknamme en it oantal foto’s op Flickr mei de plaknamme as ‘tag’. De gegevens binne fan 1 desimber 2010.

(7)

It oantal brûkers fan de oare sosjale media yn Fryslân kin allinnich mar rûsd wurde. LinkedIn – dat him fan de oare sosjale media ûnderskiedt troch it hast allinnich mar saaklike gebrûk – jout oan dat yn in striel fan 40 kilometer om Ljouwert hinne 31.172 minsken in profyl hawwe op dat sosjale medium. It tal Facebook accounts liket yn Fryslân net grut te wêzen. Facebook (mei oer de hiele wrâld 500 miljoen brûkers!) groeit lykwols hurd yn Nederlân, en dat moat Hyves belije, dat hast allinnich yn ús lân populêr is. De 314.000 Nederlanners mei in Twitter account binne út soarte foar in part ek yn ús provinsje te finen.

De sosjale media yn Fryslân binne fansels like goed oanwêzich as yn oare regio’s, mar se binne benammen by de oerheid noch net sa populêr. It oantal bestjoerders dat aktyf is op Twitter is lyts. Inkelde fan de bekendsten binne de Ljouwerter wethâlders Marco Florijn (6202 folgers) en Thea Koster (464) en de boargemaster fan Achtkarspelen, Tjeerd van der Zwan (406). De Fryske deputearren Sjoerd Galema (212) en Piet Adema (486) binne ek op Twitter te finen. Dêrnjonken is foaral in grut tal Fryske sjoernalisten aktyf (lykas Asing Walthaus, 637), in stikmannich skriuwers, keunstners, studinten en oare jongerein.

Gemeenten en provinsje ferkenne hiel foarsichtich it nije terrein. Ien gemeente wol sosjale media ynskeakelje by it meitsjen fan in sportnota, in flink oantal gemeenten set ferwizingen nei parseberjochten op Twitter (dêrmei feitlik ûntkennend dat Twitter no krekt net bedoeld is foar iensidige berjochtjouwing). De provinsje wol sosjale media brûke by it projekt Kulturele Haadstêd en rûnom wurdt neitocht oer wat der fierder mooglik is. Oan de website fan de provinsje sels is lykwols noch net te sjen, dat men dêr ea fan de nije media heard hat. Fryslân rint bepaald net foarop. De Fryske oerheid rint yn alle gefallen fier achter by de eigen befolking. Soe dat wat te krijen hawwe mei it feit dat de gemiddelde leeftiid fan bestjoerders en amtners fier boppe de 40 is?

Opmerklik is de populariteit fan Yammer. Dat sosjale medium is fergelykber mei Twitter, mar beheint him ta ien organisaasje en is dus einliks in ynterne foarm fan Twitter. Yn Fryslân binne ûnder oaren it Wetterskip, de ict-organisaasje iszf, de gemeenten Ljouwert en Tytsjerksteradiel, ndc en de plysje aktyf op Yammer. It wurdt wol sjoen as in earste stap nei bredere ynset fan sosjale media, mar de ûnderfining is net altyd posityf. Yammer slút wol oan by de hype om Het Nieuwe Werken hinne. Plak- en tiidûnofhinklik wurkje betsjut ommers dat oare foarmen fan kontakt mei de kollega’s socht wurde moatte.

By de oerheid liket de plysje it goede foarbyld te jaan. Yn Noardeast-Fryslân binne alle buertplysjes sûnt novimber 2010 aktyf op Twitter. Se twitterje oer harren wurk, mar freegje ek de folgers om mei te wurkjen of om ynformaasje. De plysje hat al op grutte skaal ûnderfining opdien mei it suksesfolle Burgernet, in digitale tsjinst wêrby’t ek de befolking ynskeakele wurdt by opspoaringssaken. It is ek de plysje, dy’t in handige app (applikaasje) makke hat foar de iPhone, dy’t direkt op basis fan gps it paad wiist nei it plysjeburo dat it tichtstby is, needoproppen dwaan kin en wêrmei’tst ek in read-wyt alarmljocht ynskeakelje kinst.

Bûten de oerheid gebeurt fansels ek it ien en oar. It bêste foarbyld fan in brede sosjale media-oanpak is yn Fryslân de nije website fan de Leeuwarder Courant mei in rjochtstreekse link nei Facebook, Twitter, Flickr en YouTube. Mar ek it Iepenloftspul Jorwert is behalve fia de eigen website te folgjen fia Twitter en Hyves. Kulturele ynstellings as Tresoar en Fries Museum binne sûnt koart te folgjen fia Twitter. De lêste ynstelling docht it measte op it mêd fan de sosjale media: sy binne aktyf op Twitter, Hyves, Facebook en Flickr.

Fan in aktyf sosjale-mediabelied sa as yn in oantal gruttere stêden is by de Fryske oerheid hast noch gjin sprake. De gemeente Amsterdam bygelyks is grutsk op de wize sa’t hja de kommunikaasje oer de kontroversjele Noord/Zuidlijn geweldich ferbettere hat mei in tûke kombinaasje fan in website, Twitter, YouTube en Flickr.(8)

Dat de Fryske oerheid net aktiver is op dit mêd sil grif te krijen hawwe mei it boppeneamde generaasjeprobleem. Om koart te kriemen: tefolle bestjoerders binne te âld om goed omgean te kinnen mei it fûnemintele karakter fan de feroaringen. By alle rop om ynnovaasje en fernijing yn Fryslân lykje de sosjale media somtiden oer ’e holle sjoen te wurden. En dat wylst sosjale media no krekt brûkt wurde kinne om ek jongerein by bestjoer en polityk te belûken op in wize dy’t ek by harren ‘lifestyle’ past.

Hawar, de kânsen binne der om te gripen. De nije wrâld is krekt begûn en foar in fernijend Fryslân is it nea te let.

Jan Folkerts
Twitter.com/skilplein
Linkedin.com/in/janfolkerts

Noaten:
(1) J. Folkerts, “Voorbij de Zuilen van Hercules. Nederlandse archiefdiensten en het gebruik van internet”, yn: Nederlands Archievenblad 100 (1996), nr. 1, 2-13.
(2) Mei-inoar binne der tsientallen applikaasjes op it mêd fan de sosjale media. Ik behein my yn dit artikel ta de bekendsten.

(3) Alhoewol’t dit op himsels gjin nij ynsicht is, is it ferbân mei de sosjale media de opbringst fan in diskusje mei Klaas-Sietse Spoelstra, Martin Kuipers en Bastiaan Blaauw fan Station Fryslân 2018 op 6 novimber 2010 yn Britswert.

(4) Social Media Myths, ExactTarget, http://scribd.com/doc/40476959

(5) Ynformaasje sammele mei tank oan twitterfolgers @robertwetting, @Tempel249, @amarinsdehaan, @silviahania, @SitoWijngaarden, @TanteFokje, @aikvaneemeren, @Hugo_lwd, @BusinessKlaas en @Tjarda07041979.

(6) Neffens Nico Schoonderwoerd fan twirus.com op basis fan data fan oktober 2010. Sjoen de sterke stiging yn it tredde fearnsjier fan 2010 sil dit sifer nei alle gedachten by it ferskinen fan dit artikel al wer rom achterhelle wêze.

(7) De data sa as presintearre yn de tabel moatte sjoen wurde as rûzingen, net as krekte gegevens. De betrouberens wurdt yn lêste ynstânsje bepaald troch de fraach yn hoefier de brûkers sels betroubere ynformaasje jouwe yn harren profilen en by it ‘taggen’ fan fideo’s en foto’s.

(8) Sjoch www.noordzuidlijn.amsterdam.nl

NB. Yn de papieren útjefte fan de Moanne nûmer 1 – 2011 is de namme fan de illustrator ferkeard skreaun. Dit hie wêze moatten: Pirmin Rengers.

Comments
2 reaksjes oan “Sosjale media yn Fryslân as generaasjeprobleem”
  1. Bonne Bruinsma schreef:

    By de provinsje Fryslân wurdt ek al sawat in jier wurke mei Yammer.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.