Soldaten op missy en âlden dy’t noedzje

ELSKE SCHOTANUS – 

Maaie 2013 yn it Tryatergebou, by de preview fan Thúsfront, doe yn de foarm fan in ‘teatrale lêzing’ wie ik tige ûnder de yndruk fan de tekst fan Romke Toering dy’t troch de spilers, skriuwblokken yn de hân en foar it meastepart sittend, foar it fuotljocht brocht waard. “Dêrby steurt it blêdzjen nei de folgjende side absolút net,” skreau ik, “it foeget miskien sels wat ta, komt yn it plak fan it spul dat der no noch net is, miskien sels oerstallich wêze sil.” Benijd oft ‘it spul’ yndie oerstallich is, sit ik twa jier letter nei de Harmonie yn Ljouwert foar de alderlêste útfiering.

“Memmy, toe no memmy…” Puberaal dûnset en springt Lourens van den Akker as Meinte om syn mem hinne, grapjeiend en smeekjend as in lyts bern dat syn sin trochdriuwe wol. Yn ’e hannen hat er it stik papier dat sy tekenje moat. Meinte wol it leger yn, sterker noch, hy moat en hy sil it leger yn, soldaat wurde, mar hy is noch jong, santjin en hat dêr de tastimming fan syn âlden foar nedich. Dêrmei giet Thúsfront oer it loslitten fan bern, gjin gewoan loslitten as by jonges dy’t de hûs útgean om op keamers, mar in loslitten fan soannen dy’t der foar kieze om har nei in oarlochsgebiet útstjoere te litten, nei Uruzgan en dêr it risiko rinne te sneuveljen.

 

In aktueel en yntrigearjend stik oer wat oarloch ek hjoed-de-dei noch betsjut foar de direkt belutsenen.

 

Trije jongkeardels, wêrfan Romke Gabe Draaijer en Raymond Muller as Evert en Rients allinne op fideo te sjen binne, meitsje dy kar. Dêrby komme sy frijwat nayf oer. Soldaat wurde om nei in gebiet dêr’t de Taliban hearsket hat wat stoers – ‘fokking spannend’. Fan ien fan de jonges binne bylden te sjen fan hoe’t er as beuker al mei plestik tanks en oar oarlochsboartersguod oer de flier krûpte. As se ienkear yn Uruzgan binne is der de spanning, it ôfwachtsjen, de eangst en dan… de dea fan in kammeraat. Om de memmen net ûngerêst te meitsjen fertelle se yn telefoanpetearen mar in bytsje oer de patrûljes, prate se meast oer harren eangsten hinne en stelle se sa gau mooglik de weromfraach: “En hoe is ’t by jimme?”

Ien fan de memmen har strategy om mei de spanning en de ûnrêst om te gean is it sykjen fan ôflieding yn it húshâlden, ferbylde troch alle kearen wer mei twa keamerplanten om te tôgjen. De iennige heit yn it stik reagearret nochteren. Hy fynt alles ‘gewoan’ en komt mei klisjees as ‘it rint sa’t it rint’. Leaver praat er oer jirpels as dat er syn noed uteret. It is net sasear ûnferskilligens, it is ek syn wize om syn soan te stypjen, want hoe soenen de mannen yn Uruzgan funksjonearje kinne as it thúsfront net meiwurket? Net earder as wannear’t de soldaten nei inkelde moannen werom út Afghanistan komme en hy op it fleanfjild fan Eindhoven syn soan stiet op te wachtsjen toant er, ta syn eigen fernuvering, emoasje troch de triennen ryklik streame te litten.

De soldaten komme oars werom as se fuortgien binne. Ien fan harren, dy’t by syn ferbliuw yn Afghanistan, as op it fideoskerm te sjen wie, al wat nerveus oerkaam, krijt psychologyske help. Mei syn mem hoecht er gjin kontakt: har noedzjen ropt syn argewaasje op. Meinte reagearret wakker ûnreedlik op de meast gewoane sitewaasjes en grypt út en troch nei de bûsflakon om in swolch sterke drank te nimmen.

De teatrale lêzing fan twa jier ferlyn en de foarstelling fan no binne grutheden dy’t amper of net mei elkoar te fergelykjen binne. Wie de lêsrepetysje op himsels al yndrukwekkend, foar de foarstelling jildt itselde, mar oars. Mei inkelde rekwisytstikken as in tafel, in pear stuollen en de keamerplanten ûnder in opfallend kâlde beljochting, is it sober holden en by in tekststik as dit past dizze ienfâld perfekt. Lourens van den Akker, yn soldatepak, makket gebrûk fan it fenomeen fideoselfy sadat syn mimyk op it skerm te sjen is en it it publyk dúdlik wurdt dat de sitewaasje yn Uruzgan der gâns oars hinne leit as er, as Meinte, syn mem oer de tillefoan merke lit. Foar syn mem oer wol er net witte dat er benaud is, hy is it al.

Wat echt oars is as yn de preview is it spul: it dûnsjen en springen as Meinte de mem oerhellet om him gean te litten, it oer de tafel hinne hingjen fan Nynke Heeg as de mem om de ûnrêst en de sliepeleaze nachten te ferbyldzjen, it tôgjen mei de planten fan Lysbeth Welling as mem Hinke dy’t, mei in man dêr’t sy amper of net mei prate kin, har ôflieding yn húshâldlike beslommeringen siket.

Mei’t Romke Toering de ferhalen fan âlden fan wa’t de soannen nei Uruzgan útstjoerd waarden, optekene as basis foar de foarstelling hat hy in aktueel en yntrigearjend stik skreaun oer wat oarloch ek hjoed-de-dei noch betsjut foar de direkt belutsenen. Fan in werklik loslitten is sprake as Meinte beslút him foar in twadde kear útstjoere te litten. Se lit him gean, har ‘leaf fûgeltsje’.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.