So is it and not otherwise

BOUKE SLOFSTRA – 

Moai dat Gerben Abma yn it oktobernûmer fan de Moanne (s. 52-3) in reaksje op myn stik fan april (s. 54-5) jout. Dan hat yn alle gefallen ien minske myn stik lêzen. Ik sis dit sûnder irony. Yn it aprilnûmer hie ik yn ‘e pleit west foar mear ingelsktalige stúdzjes oer grutte ûnderwerpen. Ik hie dat idee net sels optocht. It kaam ommers by de fisitaasjekommisje fan ‘e Akademy wei. Yn myn stik haw ik foarbylden neamd fan grutte tema’s mei in universele of ynternasjonale relevânsje. Ik sil dy hjir net fuortdaliks werhelje. De wiere Moanne-lêzer smyt syn âlde blêden net samar ynienen fuort.
Abma wol ha dat ik de regionale kultuer leechlis en dat ik mei loftfytserij dwaande bin. Hoe dat sa? Soe it earste wier wêze, dan hie ik myn stik wol yn it Hollânsk skreaun. Soe it twadde wier wêze, dan soe dat beswier ek foar de fisitaasjekommisje jilde. Dat it sil grif wat tafalle. Nei myn betinken fersint Abma him. Gerben Abma makket syn eigen misbegryp moai eksplisyt. Der soe in trepke bestean mei it Frysk as ûnderste trime, it Ingelsk boppe-oan en it Hollânsk dêrtuskenyn. En ik soe op dat ûnderste plakje delsjen, omdat ik earne it wurd streekroman skreaun ha.

Mar dat trepke-ferhaal stiet nearne en it is ek net sa. Ingelsk is de taal fan de wittenskip en Frysk is de taal fan it Frysk. Hollânsk is gjin fan twaën (of allebeide in bytsje). It is net om ‘e nocht dat de lêste jierren stúdzjes ferskynd binne oer de Fryske fetemaatskippij, de romantikus Joast Halbertsma, de moderne skriuwer Wadman en al dy oare saken dy’t yn myn eardere stik oan ‘e oarder kommen binne. Dy binne troch de auteurs mei opset sin sa útkeazen, krekt omdat se in bopperegionale (en boppenasjonale) relevânsje ha. Sokke ûnderwerpen fertsjinje in better publyk as it Hollânske, hie ik skreaun. Ik ha sa konkreet mooglike foarbylden neamd, mei de arguminten derby, om it gejeuzel en de neatsizzerij oer it Frysk eigene, it wêzen fan it aard fan de frisistyk en de kultuerramtnoata’s fan de kommende millennia foar te wêzen. Dêrom ha Abma syn beswieren sa’n lyts bytsje yn, sadree at hy sels ek konkreet wurdt. De Fryske fetemaatskippij is no krekt in algemiener ferskynsel en it is ek net om ‘e nocht dat Han Nijdam him ek yn ynternasjonale rûnten oppenearret. Halbertsma is by wize fan sprekken de Fryske romantyk fan de njoggende ieu en al syn krewearjen wie tagelyk pleatslik en ynternasjonaal. Anne Wadman is by wize fan sprekken de moderne Fryske roman, en sa’n moderne literatuer ha je net rûnom yn Europa. Yn in eardere dissertaasje hie Hanneke Hoekstra it wurk fan Ypk fan der Fear yn in grutter ramt pleatst, dat wêrom soe sokssawat foar Wadman net kinne? Wat soene wy noch krimmeneare oer representativens en kwaliteit? Ik ha der nearne foar pleite om oer alle Fryske skriuwers ynternasjonaal te publisearjen en ik soe likemin wolle dat der allinnich yn it Ingelsk skreaun waard.

De wurklikheid is lykwols hiel oars, en myn stik gie oer dy wurklikheid, net oer de fytspaden yn ‘e loft. It Fryske lêzerspublyk nimt ôf en it Hollânsk nimt it frije plak yn, as soe dat net oars kinne. Dat Hollânsk soe neutraal en wittenskiplik wêze, mar dat is it net. Ik soe dêr in soad oer skriuwe kinne, mar dat sil ik hjir net dwaan. Dat nimt net foarwei dat ik yn it aprilnûmer al skreaun ha oer de ‘Hollânske refleks’ en de ‘wiidste omfiemingen’ fan ‘e frisistyk, dy’t ornaris net fierder omfiemje as Ynskedee en Middelboarch. Myn pleit wie in pleit foar mear Ingelsk ynpleats fan altyd en oeral Hollânsk. Dat wol sizze: by dy ûnderwerpen dy’t foar in grut en wittenskiplik publyk nijsgjirrich binne. Myn pleit wie gjin lêbjen en lekskoaien oer it Frysk, en dat blykt ek nearne.

Miskien haw ik te gau en te entûsjast konkludearre dat ‘yn alle gefallen ien minske myn stik lêzen’ hat. Miskien soe Gerben Abma myn stik eefkes yn alle rêst op ‘en nij besjen moatte.

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.