Sneuper, folksdichter en stientsjesiker

GERBEN DE VRIES – 

Doe’t ik foar it earst oer dit boekje hearde, tocht ik dat it in saneamd libbensferhaal wie. In nij sjenre wêrby’t in semi-profesjoneel skriuwer of it ferhaal fan it libben fan in net sa’n ferneamd persoan út eigen mûle optekenet. Dat koe yn dit gefal al even net mear, want Geart Jabiks van den Berg ferstoar al yn 1954. Dit boekje – Geart Jabiks (1886-1954) Dichter, natuurmens en historicus – waard gearstald troch syn pakesizzer Antje van den Berg en ferskynde yn augustus 2013. Om de ferkeap fan it boek te befoarderjen hat de Friese Pers Boekerij in foto fan har op de achterflap set, dat dat sil wol slagje.

It is in wat frjemd griemmank fan stikken en stikjes. Yn de ynlieding stiet skreaun dat Van den Berg op lettere leeftiid syn ferhaal fêstlen hat en ja, yn dy sin is it in libbensferhaal. Oan de oare kant is it mear in autobiografy, want de stikken binne net troch syn neiteam skreaun. In grut part wurdt fierders bestege oan gedichten fan de man út Skuorregea, dy’t him nei analogy fan Gysbert Japicx graach Geart Jabiks neame liet. Dat betink ik net sels, hy skreau itsels yn syn wurd foarôf. Hy hie dus wol pretinsjes. In ek net ûnwichtich oandiel yn dit boekje wurdt foarme troch de briefwiksel fan de jonge Geart mei syn ferloofde Hiltsje, yn syn tsjinsttiid yn 1914.

Sneuper, Folksdichter en Stientsjesiker, dat hie in moaie ûndertitel west. Mar it boekje hat my al nijsgjirrich nei Skuorregea makke.

Ik kin my skoan yntinke dat ‘Geart Jabiks’ as titel wat te tin wie. Dus sil der yn Oerterp – dêr’t Antje van den Berg wennet, wol aardich stind wêze op de ûndertitel. It waard ‘dichter, natuurmens en historicus’. No skreau Geart Jabiks ek flink wat gedichten dy’t er ûnder it pseudonym Geart Japiks, jawis, publisearre yn bygelyks it liberale blêd Sljucht en Rjucht, mar dy hâlde net oer. Ik sil in foarbyld jaan, it gedicht ‘Myn doarpke’, dat, yndie, oer Skuorregea giet. It bestiet út fjirtjin fjouwerrigelige strofen. De foarste giet sa; ‘Elts hat in plakje op ierde/dat him boppe alles bynt./Sa hald ik fan in doarpke/dat min yn ‘e easthoek fynt.’ Dan komme der strofen oer bosken en heidefjilden, de Tsjonger, de skoalle en de tsjerke en dan komt Geart Japiks ta in konkluzje: ‘Dat plakje bliuwt my dierber,/forjitte kin ik it nea./It is myn berteplakje/myn ynleaf Skuorregea.’ Dan snappe jo fuortendaalk wêrom’t Van den Berg net – lykas syn achternammegenoat Jeen – yn de Encyclopedie van Friesland fan 1958 opnaam waard.

Geart van den Berg hold him yn syn lettere libben in soad dwaande mei skiednis, benammen fan syn eigen streek. Dat is noch gjin reden genôch im him histoarikus te neamen, noch los fan it feit dat it in beskermde titel is. Foar dat fak is er ek wat al te nayf. De namme Skuorregea soe komme fan pleatsen mei in ‘schuur zonder voorhuis; vandaar de naam’ (side 9) of ‘De schuren stonden op twee rijen, vandaar de naam: Schurega’. K.F. Gildemacher (yn Friese Plaatsnamen) wiist op de famyljenamme Schuiringa, dy’t wer ferwize soe nei it wurd ’skuorre’. It grappige is dat Van den Berg wol in sekere reputaasje hat as amateur-archeolooch. Ferskesmakker en amateur-archeolooch dan as ûndertitel? Ik jou ta, dat klinkt ek net. Dan mar wat natoer der by, dat fynt de moderne minsk grif nijsgjirrich.

De oantinkens fan Geart Jabiks van den Berg binne lykwols op himsels leuk en ûnderhâldend genôch. Yn syn jeugd wenne er op it heidefjild, wie er as jonkje skeper en gie dus mar in pear jier nei de legere skoalle. Heit wie turfstekker, mar ek lytsboer. Geart wie noch altiten in jonge doe’t er in tiidlang boatsjonge en boerefeint wie en in jongeman doe’t er yn 1907 nei Dútslan gie om te wurkjen, lykas sa’n soad út de feanstreken doe dienen. Tusken noas en lippen skriuwt er dat er anarchist wie en it is tige spitich dat er dêr net wat mear oer ferteld. Dat hja neist it kapitalisme ek tsjin de SDAP en Piter Jelles Troelstra wiene, is feitlik it iennichste wat er der oer seit.

Yn 1913 hie er, as wie it de deagewoanste saak, in revolver by him. In jier letter waard er kondukteur op de tram op ‘e Lemmer, hooplik sûnder wapen. Van den Berg krige TBC en ferhuze werom nei de sângrûn, nei Aldehoarne, dêr’t er mei Hilstsje en de seis bern in winkel begûn. Hy is in jier as 40 as er mei syn oantinkens ophâldt. No is dat faker sa mei memoires, want it nije is der of en de lêste tweintich, tritich jier lykje der net mear ta te dwaan. Mar dochs, hat Geart Jabiks him nei syn 40-ste allinne mar dwaande holden mei de natoer en de amateur-argeology?

Gelokkich is der it digitale argyf fan de Ljouwerter Krante en dêr fûn ik ûnder mear in yn memoriam. Van den Berg wie op’t lêst fan syn libben ‘swak fan lichem’, mar noch altiten winkelier. Hy waard in sneuper en in stientjsesiker neamd, in folksdichter dy’t al yn 1910 yn Sljucht en Rjucht publiseaarre. Sneuper, Folksdichter en Stientsjesiker, dat hie in moaie ûndertitel west. En it boekje hat my nijsgjirrich nei Skuorregea makke.

 

Geart Jabiks (1886-1954) Dichter, natuurmens en historicus. Friese Pers Boekerij, Ljouwert. 112 siden, €13,50.

 

Comments
Ien reaksje oan “Sneuper, folksdichter en stientsjesiker”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.