In slet fan tsien dollar

ROEL OOSTRA – 

Tryater is fjirtich jier en stiet mei prachtige blommen yn de Nederlânske teatertún te bloeien. Mar der hat in tiid west dat der siedde wurde moast en doetiids hat it Frysk Nasjonaal Boun dêr de foarstap ta nommen. Doe ’t my frege waard om yn koart bestek in Tryater foarstelling oan te heljen dy ’t my heugde, kamen my in hiele rige yn it sin. Doe tocht ik: lit ik by it begjin begjinne. Foar my is dat de siedkerrel dy ’t it F.N.B. struide yn de foarm fan in oersetting fan it ferneamde stik fan Jean Paul Sartre La putain respectueuse dat yn 1946 yn Parys yn premjêre gong. As In slet fan tsien dollar waard it ûnder regy fan Pyt van der Zee foar it earst spile op 1 jannewaris 1963 yn De Groene Weide yn Ljouwert en in pear wike letter hie ik de eare dy, foar my ûnferjitlike, foarstelling yn De Lawei oan de Drachtsters te presintearjen.

Foar my wie dizze ‘Slet’ it begjin fan in oare Fryske toanielkultuer.

Foar wa ’t it ferhaal net kin hiel yn it koart: It spilet earne yn it suden fan de USA. In hoerke is tsjûge fan rûzje tusken in pear dronken agressive blanken en twa negers. Ien fan de negers wurdt deasketten. Om de dieder frij-út gean te litten wurdt Lizzie, it hoerke, ûnder druk set om te ferklearjen dat de neger him oan har fergripe woe. Hja wol earst de wierheid sizze, mar de heit fan de dieder, in mûlripe senator, slagget it om it labile fanke oer te heljen om te ligen. (Der is neat wier, der binne witen en swarten, dat is alles.) Op it toaniel stie Riek Landman as Lizzie, de grutte Dicky Modderman as de neger dy ’t it skeel oerlibbe, Teake Zuidema as de senator, Willem Dalstra as de moardner en in stikmannich figuranten. Ek it prachtige affysje dat Marijke Beintema foar dizze foarstelling makke, stiet my noch klear foar de geast. Koartsein, foar my wie dizze ‘Slet’ it begjin fan in oare Fryske toanielkultuer, de Toanielstifting kaam der yn 1965 út fuort, Jeltsje Das betocht yn 1969 de namme Tryater en meimekoar moatte wy der foar stean dat Tryater yn alle gefallen de 100 hellet.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 4 (2005) 7 (septimber) s. 9.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.