Skuldich en ûnskuldich lânskip

MARRE SLOOTS – 

Filmkolleksje Brouwer jout dûbel byld fan Dokkum yn de lêste oarlochswinter
Seis wike lyn kaam Ewoud Brouwer út Leiden nei it Fries Fersetsmuseum. Mei in tas fol âlde 8 mm films. En in ferhaal.


Fusillearing
Ewoud Brouwer is de soan fan Oeds Andries Brouwer (1909-1977), fersetsman en de makker fan ien fan de meast bysûndere stikjes oarlochsfilm yn Nederlân: de bekisting fan de slachtoffers fan de fusillearing oan de Wâldwei yn Dokkum, op 22 jannewaris 1945. In fragmint dat lang taskreaun waard oan de bekinde fersetsman Piet Oberman. De ferklearring fan soan Ewoud dat it dus syn heit wie dy’t dat filmpke makke hat, wie genôch om de nijsgjirrichheid te wekken fan de saakkundigen by it Fries Filmarchief en it Fersetsmuseum. Ek de skinker sels hie it materiaal sûnt syn jeugd net wer sjoen.


Fette kij
De nij opdûkte films jouwe in byld fan in bysûnder rêstich Dokkum yn oarlochstiid. We sjogge fette kij, gnizende bern en winterwille. In man riidt op in foar syn postuer fierst te lyts fytske op rubberen bannen, bern ite in gebakje, heit Brouwer dielt sigaretten út. Opfallend, fynt Hans Groeneweg fan it Fersetsmuseum. ‘Als je dit vergelijkt met beelden uit deze periode in Amsterdam, lijkt het schokkend welvarend.’ De bylden foarmje in skril kontrast mei it bekistingsfilmpke, dat miskyn mar in pear dagen earder of letter makke is op sawat itselde plak. ‘It makket ús byld fan de oarloch yn Dokkum kompleet’, seit Syds Wiersma, koördinator by it Fries Filmarchief. ‘Brouwer hat it ‘skuldige en ûnskuldige lânskip’ foar ús fêstlein.’


Mear as allinnich oarloch
Mar de filmkolleksje is breder as allinnich de oarlochsperioade. Der binne ek ôfreizgjende Ynjegongers te sjen en famylje-‘uitjes’ fan de Brouwers. Om it ferhaal kompleet te meitsjen is no ek de dochter fan Brouwer nei it Fries Filmarchief ta stapt mei nóch in doaze fol films fan har heit, dy’t ek wer in skat oan materiaal befetsje. Der binne bylden by fan de finish fan de Alvestêdetocht fan 1947, de TT yn Assen yn de jierren ’50 en ’60 en materiaal út de mobilisaasjeperioade. Sa blykt in man fan wa’t wy earst amper wat wisten yn ien kear ferantwurdlik te wezen foar ien fan de grutste filmkolleksjes oer Fryslân yn de jierren ’40, ’50 en ’60.


Tsjûgen socht
No sneon wurde de films de hiele dei fertoand yn de Bibleteek yn Dokkum. Om’t der ek in soad Dokkumers te sjen binne op de films, hopet it Fries Filmarchief op in soad belangstelling fan minsken dy’t miskyn mear ynformaasje ha oer de bylden. Ek wurde de films folslein digitalisearre en sille se meikoarten te sjen wêze op de webside fan it Fries Filmarchief.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.