fotografy: Sybe Joostema

Skriuwster Tialda Hoogeveen en it langstme nei Fryslân

SYBE JOOSTEMA –

It lanlike projekt ‘De Schoolschrijver’ brocht har werom yn Fryslân, en dat putsje foldocht har tige goed. Berneboeke- en non-fiksjeboeke-auteur Tialda Hoogeveen wennet yn Kortenhoef, mar wol it leafst yn Fryslân settelje. Se skriuwt ynkoarten har earste Fryske berneboek ‘Abe en de Aardichman’. “Frysk is myn memmetaal, de taal fan myn hert.”

 

Al moat ik in hânfol grinzen oer, ik kom altyd werom yn Fryslân.

 

Tialda Hoogeveen fertelt yn restaurant Prinsetún yn Ljouwert oer har langstme nei de âlde Fryske bertegrûn. Blauwe eagen ûnder moai slaggerich donkerblond hier, sjogge dreamerich nei bûten. “Dat is gefoel. Yn Fryslân bin ik ien, sprek en skriuw ek de memmetaal, wenje famyljes al iuwen op âlde grûn. Feangrûn – ik bin in Hoogeveen, myn foarâlden komme fan ‘e earme feangrûn, wiene feanarbeiders”, glimket de skriuwster. Se sjocht nei de wetterdobbe yn ‘e Prinsetún, dy’t optúgd wurdt foar de kulturele haadstêd. “Kinst echt sjen dat it libbet.”

Tagelyk is Tialda wol deeglik aventoerlik ynsteld, fljocht se as it moat de hiele wrâld oer. In goed jier lyn noch nei Australië. “Ik ha in broer yn Australië, dy wennet der moai en rom, mar it is dêr écht oars. Minsken komme fan rûnom oer de wrâld om dêr te wenjen. Mar dêr woartelje, falt net ta. Myn broer mist dat.”

Tialda Hoogeveen hat der lykwols gjin muoite mei, om grinzen oer te stekken. Se wenne in jier yn Londen om te wurkjen as au-pair en om in taalkursus te folgjen om de Ingelske taal machtich te wurden. Ek reizget se foar reisblêden nei ferskate lannen. “Mar al moat ik in hânfol grinzen oer, ik kom altyd werom yn Fryslân.”

De Fryske roots hawwe har libben bepaald, en it skriuwen foar in part ek. Safier’t se werom betinke kin, hat se dát áltyd dien, ferhalen betinke en skriuwe. De earste tweintich jier yn Fryslân.

It giet de auteur Tialda dit jier foar de wyn. Se is begjin fjirtich no en brûst fan boekebetinksels. Der wurde Nederlânsktalige boeken fan har útjûn, ûnder oare by Ploegsma en Thomas Rap. Foar de Afûk is no se dwaande mei har earste Frysktalige berneboek. “Dat fyn ik as thúskommen. Krekt dan fiele je dat it Frysk sa bot yn je ieren sit.”

Se skreau foar de útjouwer Thomas Rap in boek oer tsjinstfammen fan eartiids: ‘Alsjeblieft mevrouw’. In pear wiken lyn hat sy by deselde útjouwer it kontrakt tekene foar de útjefte fan in boek oer boeren fan eartiids. “It giet oer de lytse boer en hoe’t it lânskip feroare is. Tige nijsgjirrich om it ferhaal fan dy minsken, hoe’t se buorken, hoe’t harren wurk en pleats derút seach, op te skriuwen no’t it noch kin.”

Se is grutsk en tagelyk beskieden, se wit dat se der hurd foar wurke hat. “It bliuwt elke kear ek wer spannend. Je witte dat je it kinne, mar je binne as ienling en zzp’er ek wer ôfhinklik fan moaie opdrachten. Ik ha yn myn eigen tiid ek in berneboek skreaun: ‘Oerstoer’. It wie gjin opdracht, mar ik wie der wis fan, dat dat boek der komme moast. Foar bern fan tsien jier en âlder wie der eins neat oer de IIstiid. Dat ik tocht, ik aventoerje it.”

“Ik ha doe brutaalwei it manuskript nei ferskate útjouwers stjoerd. Yn folle oertsjûging. Wolst net leauwe hoe fernuvere ik wie, dat der in pear ôfwizingen op de matte foelen. Ik begriep der neat fan. En doe’t der guon wol posityf wiene, tocht ik by mysels: Sjochst wol: somtiden wurde oertsjûging en geduld beleanne.” Utjouwer Ploegsma seach der heil yn en bringt ‘Oerstoer’ lanlik út.

 

Skeind paradys

Werom nei de bernetiid, de boarne fan it kreative fan Tialda. Werom nei har bertegrûn. Dan komme je yn it bûtenfjild fan Haskerdiken út. Dat leit hast stiif tsjin de âlde Ryksstrjitwei nei It Hearrenfean oan. It bertehûs stie oan in sydstrjitsje dêrfan, de Van Sminiawei. Wylst it ferkear yn ‘e fierte trochjakkeret op de fjouwerbaansdyk neist de Ryksstrjitwei, is it dêr hast in oaze fan rêst. Se wenne as lyts famke op nûmer 60-62, mar om dát nûmer kinne je lang sykje, it is der net mear. “Mar it fielt der dochs noch as thús, hear, ek al ha de nije bewenners op dat plak de twa huzen ôfbrutsen en in nijenien delset ûnder nûmer 11.”

Se fertelt oer it âlde hiem. “De planken oer in sleatsje efterhûs lizze der noch. Dêr rûn ik as famke oerhinne. Altyd nijsgjirrich nei wat der oan ‘e oare kant lei. Dat siet der al jong yn, dat aventoerlike. Myn heit sette my doe lykwols efkes goed teplak, dy fûn dat doe net sa’n goed idee. Tsja, ik wie ek noch mar in famke fan 2, 3 jier, én wat dreamerich.” Se laket. “In stek yn ’e bûse. Ik wie sân jier doe’t ik hjir út Haskerdiken wei gong, mar der is noch safolle dat noch sa bekend oanfielt. As je der binne, komt alles wer boppe.”

Op de Van Sminiawei is alle dagen jeugd ûnderweis nei en fan skoalle. Der rydt ek in soad bestimmingsferkear. Sels hat Tialda der ek gauris as lyts famke omstapt, mei har suske Nynke op nei de âlde wenarke fan oerpake Johannes. “As famke ha ik dat ein foar myn gefoel wol tûzen kear rûn en it einige neat. Ik koe ûnderweis wol genietsje fan wat der yn de natoer en de buorkerij barde. Dêr betocht ik al ferhalen. Eins hie myn oerpake dêr in soarte fan tiny house avant la lettre. Der stiet no neat mear, in leech terreintsje.”

Op har sande ferhuze sy mei har twa suskes en broer nei Joure, har heit-en-dy gongen út elkoar. “Ik ha oer de ferhuzing noch in boekje skreaun, dat hyt ‘3 verhaaltjes in één boekje’. Lêst neat werom oer de skieding fan myn âlders, allinnich oer de kat die fuortrûn wie, apart hè.”

De skieding wie efternei fan grutte ynfloed. “Skieding binne je as bern net op taret. Ik wie doe te jong om wurden te finen foar wat ik fielde, mar earst fielt it as moatte je in kar meitsje tusken je mem en heit. Letter sjogge je dat oars, mar lykwols is der foar my in perioade fóar de skieding en dêrnei, wier, in grut ferskil.”

De earste jierren fielden as in soargeleas paradys en dêrnei wie it yn de berne-eagen in skeind paradys. Efterôf sjoen hat it my foarme. In terapy yn myn tweintiger jierren joech my ynsicht yn mysels, de situaasje. Pún romje. De gefoelens krigen wurden, de wurden en ynsichten binne brûkber foar my as skriuwster en sjoernalist, gefoelens binne universeel. Fansels, ik hie altyd skriuwster wurden, sa fier’t ik werom tinke kin, ha ik boeken lêzen en stikjes skreaun. Mar ik tocht gauris: dat kin ik net, dat is foar oaren. It wie ûnderwilens in soarte fan libbensstyl wurden.”

As skoalleskriuwster wie Tialda Hoogeveen okkerlêsten provinsjaal nijs. De iepening fan it seizoen wie nammentlik yn de legere basisskoalle Loevestein op De Gordyk. “Ik bin foar it twadde jier skoalleskriuwster. Je fernimme wol dat it hieltyd makliker giet. It is sa moai om te sjen hoe’t je bern oan ‘e gong krije en dat se mear nocht krije oan skriuwen, lêzen en taal.”

Wylst it foar de bern hieltyd mear in útsûndering wurdt, is Tialda mei boek lêzen opgroeid. “It wie lykas bûten boartsjen, skriuwen en tekenjen myn hobby. We hellen de berneboeken út de byb en joegen ús del op de bank. As ik nei de boeken sjoch, dan fyn ik it spitich foar bern, dat der allinnich mar foar de lytskes plaatsjes yn ‘e boeken stean. Byld kin yn myn eagen ek wat taheakje foar de âldere bern”, doelt sy ek op har nije Fryske boek ‘Oerstoer’, dêr’t moaie yllustraasjes by komme.

Berneliteratuer past by Tialda, al tinkt se ek wolris oan it skriuwen fan in roman foar folwoeksenen. “Ik ha in rike fantasy. It leafste soe ik yn in hoekje fan it hûs áltyd skriuwe. Ik bin wiis mei de bern, de húshâlding, mar ik fyn it ek hearlik om allinnich thús te wêzen. De túndoarren iepen te goaien, in bakje kofje en skriuwe mar.”

Se stapt fleurich restaurant Prinsetún wer út, thumbs up. Foar de útjouwerij fan de Afûk krige se in oerke earder grien ljocht foar it berneboek ‘Abe en Aardichman’.

Lytse Abe moetet yn syn tún Aardichman, op in moai stikje âlde Fryske grûn… “Dochs wer dy ierde…”

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.