Skriuwerswykein Skylge

ARJAN HUT – 

Ik belje mei Jelma Knol om mear te witten te kommen oer it Skriuwerswykein op Skylge fan 5-7 maaie. Op it stuit dat ik har belje is sy drok dwaande mei it skriuwen fan in boek, in soarte fan famyljeskiednis.

“Wy hâlde in famyljedei,” seit de Ensafh-redakteur as ik freegje nei de oanlieding. De famyljedei is al hast en dan moat wurk dien wêze. “Mar in echt boek is it net. It hat 30 siden tekst, mar mei alle foto’s en stambeammen derby, wurdt it al aardich omfangryk.”

 

Asto mei in projekt of manuskript dwaande bist en do bliuwst stykjen of do hast ferlet fan nije, frisse ideeën, dan bist op de Folkshegeskoalle goed te plak.

 

De oanlieding om it te skriuwen wie in foto-album mei foto’s fan de famylje om 1900 hinne.
“Myn mem komt oarspronkelik út Dokkum wei, de van der Veldes. It binne allegear timmerlju en oannimmers en dyjingen dêr’t se mei trouden kamen út deselde rûnten, ek timmerlju en oannimmers. Wol oant twahûndert jier werom. Al fan 1800 ôf yn, men wenne yn en om Mitselwier, ten noarden fan Dokkum. It album komt by de Booijenga’s wei. Myn oerbeppe Antse wie in Booijenga en dy is troud mei Meint van der Velde.”

Wa’t de minsken op de foto’s binne is krekt net bewarre bleaun.
“Do witst hoe’t dy âlde foto’s der fan de achterkant útsjogge? As in soarte fan ansichtkaarten, mei de namme fan de fotograaf derby. Mar yn it album sels stiet net wa’t wa is. Dat wisten de eigners fan it album wol, dy koene dy minsken, mar it is net bewarre bleaun foar de lettere generaasjes. Ik besykje dêr safolle mooglik oer út te sykjen, al googeljend en redenearjend, sa fan as dit dizze persoan is, dan moat dat dy en dy wol wêze. Ik ha in omke dy’t noch in soad wit.”

Har affiniteit mei de wrâld fan timmerlju en oannimmers rint benammen fia har pake.
“Ik sjoch it noch sa foar my, pake syn skuorre fol mei âld timmersark, boaren en seagen. Hy gong der ek graach mei de fûken op út. Dat smiet gauris noch mear op as syn eigentlike wurk.”

Histoaryk ûndersyk dwaan is nijsgjirrich, mar it hat ek frustrearjende kanten.
“Witst wat it meast ferfelende is? Do komst altyd út op in punt datst hiel graach wat witte wolst, mar júst dan is der neat mear te finen.”

Mei help fan genealogysk ûndersikers is de skriuwster al in hiel ein fierder kommen. Sels helpt se ek graach oaren op de gleed.
“Ik en Piter Boersma dogge it Skriuwerswykein no foar de tredde kear. Dizze opset bestiet al langer fansels. Wy ha it stokje wer oernommen fan Jitske Kingma en Akky van der Veer. Piter docht foaral de poëzij en ik bin der foar it proaza. Wy ha allebei in oare oanpak. Piter siket mear om it hoe en wêrom achter it skriuwen, ik jou earder technyske tips.”

Watfoar skriuwers komme op sa’n wykein ôf?
“Oant no ta gjin minsken dy’t publisearre ha. Ja, soms yn in doarpskrante. It binne skriuwers dy’t ynearsten foar de hobby skriuwe, al binne skriuwers dy’t al in oeuvre ha tige wolkom. Asto mei in projekt of manuskript dwaande bist en do bliuwst stykjen of do hast ferlet fan nije, frisse ideeën, dan bist op de Folkshegeskoalle goed te plak. Mar de measten komme fan bûten it Fryske skriuwerswrâldsje. Wy trune harren wol oan om wat yn te stjoeren foar de Rely Jorritsmapriis en wize op de tydskriften en útjouwers dy’t der binne.”

Moat men geef Frysk skriuwe kinne?
“In goede behearsking fan it skreaune Frysk is moai meinommen, mar it is gjin probleem ast de taal wat minder yn de fingers hast.”

Hoe stekt sa’n wykein fierder ynmekoar?
“Ik sjoch wêr’t de minsken mei dwaande binne, it hinget fan de persoan en it wurk ôf wêr’t wy mei oan de slach geane. Dochs wurkje wy ek mei tema’s, omdat skriuwers gauris weromkomme en sa meardere skriuwerswykeinen meimeitsje. Alle jierren pakke wy it oars oan. Sa lei ferline jier de klam op dialogen skriuwe. Fierder jouwe wy opdrachten, en it ferbaast my altyd wat dêr útkomt en hoe gau. Men hat bygelyks trije kertier de tiid om in gedicht of ferhaal neffens de opdracht út te wurkjen en dêr komme knappe teksten út.”

Oer de omjouwing en de lokaasje is Jelma Knol tige te sprekken.
“Skylge is hielendal moai, mar oan de eastkant by Hoarn, dêr komst oars net sa gau. Oan de iene kant bist sa by de Boskplaat en wy sitte op tsien minuten fytsen fan it strân.”

Se fertelt entûsjast oer de aparte planten dy’t men op it Waadeilân tsjinkomt en oer de sterke Fryske identiteit fan de Folkshegeskoalle, de noflike sfear, mei te tankjen oan direktrise Amarins Geveke, ‘geweldich’, fynt Knol. It is belangryk dat de kursisten har thús fiele.
“In soad fan de skriuwerij hat in terapeutyske ynslach. Wy geane der as it kin nachts wol op út en dan wurdt der fanalles bepraat, ek los fan it skriuwen.”

Op hoefolle dielnimmers rekkenje jim?
“In stik as achttjin, dat is wol de maks foar in groep, oars wurdt it te grut. Oant no ta ha seis minsken har ynskreaun, dus der is noch plak foar mear!”

 

In kreatyf wykein om frisse ideeën op te dwaan, 5-7 maaie 2017. Ynskriuwe kin op www.folkshegeskoalle.nl. Of foar mear ynfo, mail mei: info@folkshegeskoalle.frl.

Comments
Ien reaksje oan “Skriuwerswykein Skylge”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.