SKIMER: Fisk(ur)

Publisearre op 11 augustus 2014

GRYTSJE SCHAAF – 

Post 2: Fisk(ur)
By de Yslanners sit fisk yn it bloed. Harren ekonomy draaide der op en oeral sjochst de fisk as symboal yn logo’s en merken werom kommen. Op it stuit ferbliuwe wy yn it fiskersplak Bolungarvík, in doarp flak foar ’the end of the end’ op de noardlike Westfjorden. Wat de fiskerij oanbelanget is Bolungarvík al sûnt 1400 ien fan de grutste boarnen fan Yslân west, dêr’t de Denen en de Hollanners by gebrek oan regulaasje yn dy tiid ek goed gebrûk fan makke ha. At fiskers hjir oerlibben, koenen se oeral oan de bak komme.

De see is noch altyd rûch, mar de fiskers ha it no in stik makliker. Op hypermoderne boaten fiskje se ek no noch nei kabeljau, skylfisk en makriel. Net nei walfisk of dolfinen, sa waard ús fersekere. It kontakt mei de fiskers is ienfâldich lein: fisk is fisk, fisker is fiskur, fiskhûd is fiskhu∂ en skip is skip. 

Foar Tryntsje is de fisk al langer in fassinaasje. Tiisdei sil se mei op ien fan de fiskersboaten om te sjen hoe’t de hannel binnenhelle wurdt en de ôfrune dagen is se op paad west troch de fjorden en de havens, op syk nei fisk. Se ûndersiket hoe’t sy as byldzjend keunstner de fisk mei har spesifike blik yn byld bringe kin en wat sy oan ús bining mei de fisk mei har fotografy tafoegje kin. Op syk nei abstraksje giet se yn har earste sketsen letterlik ticht op de hûd en sjocht se nei oergongen yn kleur en tekstuer, nei patroanen en linen.


Fiif jonge Fryske keunstners reizigje op útnoeging fan Tresoar trije wiken troch Yslân, foar in projekt dat SKIMER hiet. Foar de Moanne dogge sy ferslach fan dizze reis. Besjoch ek it earste diel: Brûzje

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: SKIMER

    GRYTSJE SCHAAF -  Fiif jonge Fryske keunstners reizigje op útnoeging fan Tresoar trije wiken troch Yslân, foar in projekt dat SKIMER hiet. Foar harren betsjut [...]

  • Kategory: SKIMER

    GRYTSJE SCHAAF -  Post 3: Fitraazje Foar de bewenners fan fiskersdoarp Bolungarvík is de isolearre lizzing fan harren wenplak in diel fan harren wêzen. We [...]

  • Kategory: SKIMER

    GRYTSJE SCHAAF -  Post 4: Projeksje Yn de leechte fan Yslân ferfaget de grins tusken ferbylding en werklikheid. It helle ljocht yn de simmer en [...]