SKIMER: Brûzje

Publisearre op 6 augustus 2014

GRYTSJE SCHAAF – 

Fiif jonge Fryske keunstners reizigje op útnoeging fan Tresoar trije wiken troch Yslân, foar in projekt dat SKIMER hiet. Foar harren betsjut de skimer in tuskentiid: alles is noch mooglijk. Foarút of achterút binne der net mear, yn skimer besteane meardere realiteiten neist inoar. Dit gegeven fynt syn delslach yn de eigen ûnderfiningen fan ferskowingen yn realiteit, proses, leechte en ljocht, mar ek yn de gearstalling fan de groep. José Witteveen (byldzjend keunstner), Grytsje Schaaf (dichter), Tryntsje Nauta (byldzjend keunstner/fotograaf), Heleen Haijtema (byldmakker) en Grytsje Klijnstra (skriuwster en grafysk foarmjouwer) sitte der yntusken oant kop en earen yn. 

In wike lyn binne se oankaam yn Reykjavik en fan dêrút reizigen se nei Varmahli∂, harren earste útfalsbasis foar it projekt. De kommende wiken binne se noch te finen yn Bolungarvik (Westfjords) en yn Reykholt (súd-Yslân), se slute harren reis wer ôf yn Reykjavik. Grytsje Schaaf lit tidens harren reis sa út en troch witte wat se fine, dêr yn de skimer op Yslân.

Post 1: Brûzje
By Varmali∂, yn in ‘cabin’ yn de bergen, begjinne de earste ideeën al te brûzjen. Oerdei waaierje wy mei kamera’s en skriuw- en sketsboeken út nei de bergen, de rivier of de vallei om jûns ús fynsten oan de grutte tafel yn de keamer te dielen. Of op de veranda, mei in heal each op it nêst fjildûlen en -fansels- de raven.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: SKIMER

    GRYTSJE SCHAAF -  Post 2: Fisk(ur) By de Yslanners sit fisk yn it bloed. Harren ekonomy draaide der op en oeral sjochst de fisk as [...]

  • Kategory: SKIMER

    GRYTSJE SCHAAF -  Post 3: Fitraazje Foar de bewenners fan fiskersdoarp Bolungarvík is de isolearre lizzing fan harren wenplak in diel fan harren wêzen. We [...]

  • Kategory: SKIMER

    GRYTSJE SCHAAF -  Post 4: Projeksje Yn de leechte fan Yslân ferfaget de grins tusken ferbylding en werklikheid. It helle ljocht yn de simmer en [...]