fotografy: Linus Harms

Skilderje, it wie wat ik woe, mar net koe

ELSKE SCHOTANUS – 

Dichter-skriuwer, performer, sjonger, akteur, filmmakker en heit, Elmar Kuiper is it allegear. We prate ôf yn de eardere LTS oan de Nijlânsdyk yn Ljouwert, dêr’t er fia Carex in moai grutte atelierromte hiert. It is dêr roetkâld, mar dêr hat er gjin lêst fan as er oan it wurk is. Foar’t Elmar him as skriuwer oppenearre hat er de keunstakadeemje, Minerva, dien. Oan de muorren hinget in moai ferskaat oan resint makke wurk: it skilderjen is werom.

 

Myn gefoelige punt wie dat ik net sjoen waard sa’t ik wie.

 

Elmar tilt in skilderijke fan de heak, dêrop in ljip, fjouwer aaien. ‘Op himsels in leuk doekje, mar it is net wat ik wol. Ik wol brutale dingen skilderje. It giet om it mentale lânskip.’ Hy rint lâns de wurken, wiist dan dit oan, dan dat. Yn guon binne letters ferwurke, wurden yn kollaazjetechnyk. Der is in lyts tsjuster doek, dêrop hat er twa heakken montearre. ‘Dy komme noch út it atelier dat ik yn myn akadeemjetiid yn Grins hie. Earst hie ik se oarsom sitten, doe like it mear in kapstok.’ Under it wurk is in fleugelmoer op de útein fan in bout draaid, fierderop is in giele bol op de muorre fêstset. ‘Sa gean de dingen in relaasje mei elkoar oan, dan is it krekt oft it méár is. En foar dit hjir ha ik in âld poppehûs útelkoar helle.’ No’t Elmar dat seit, falt it op dat yn meardere dragers ûnderdielen te werkennen binne fan wat ienris in poppehûs west hat. ‘It wie mei de hân makke,’ klinkt it ferûntskuldigjend, ‘en dan giest der sá mei om. Skilderjen is fansels hielendal net spontaan. Dat ding dêr wie my te flak, der moast noch wat oan gebeure. Ik hie twa rûne kokers, ik sko en ik sko foar’t ik se fêstlymje: dêr mutte se.’ Hy krijt in bus felrôze akrylferve op. ‘Moai spul, fan de kringloop.’

‘Skilderje, it wie wat ik woe, mar net koe. No binne der gjin leararen mear dy’t je tsjinhâlde. By in wurkbesprekking sei sa’n man dat it wurk op himsels goed wie, mar it gong om syn eigen ideeën. Ik hie in monogroom doek en dan sei hy: “Dit stukje hier, daar heb je het te pakken.” Dat wurke sa demotivearjend, troch him rekke ik de wille folslein kwyt. Ik hâld fan Appel en Armando harren wurk. Sy witte wat se dogge, al dogge se as piele se mar wat om. Der is altyd de driuw om te skeppen. Soms makkest wat en kin it net, letter tinkst: it is tóch raak. It is lestich, seker mei it skilderjen, om it eigen wurk te beoardielen. Ik bin altyd wol benijd wat oaren fine fan wat ik doch. Oer Ruimtedier [Elmar syn twadde Nederlânsktalige poëzybondel, dy’t begjin dit jier ferskynde by Atlas Contact] skreau Eppie Dam in opteine resinsje. Neffens in oare besprekker is it lykwols allegear wat fiersocht. Dy sitearret dan in sin dy’t ál moai wêze soe en dat is dan krekt ien dy’t ik sels wer minder goed fyn.’

In pear moanne earder as Ruimtedier ferskynde by Bornmeer de skitterjend troch Gert Jan Slagter foarmjûne bondel Hiemsiik. ‘Ik ha dêr lang mei ompield, foaral mei de Hollânsktalige fersen. Ruimtedier hie ik yn 2011 in wurkbeurs fan it Letterefûns foar krigen, dat it moast der komme, hoe dan ek. Foar it Nederlânsk moat ik lykwols folle mear dissipline opbringe as foar Frysktalige poëzy. Ik moat in soad lêze om deryn te kommen, yn de taal. Ik helje wurden út ’e krante of pluk se fan ynternet. Sa stuite ik op de wurden “de autocue loopt vast”, dy ha ik as in soarte fan readymade ferwurke.’ It fers ‘ooit schiet het op’ set útein mei de rigels: ‘Spijtig! De autocue van Johannes de Doper loopt vast. Achter / de rug van de verslaggever woedt de Peloponnesische oorlog.’ Ek yn syn Fryske bondel brûkt er wurden fan oaren, mar oars, net om ta poëzy te kommen, ferdútst er. Dan giet it om sinnen dy’t er der letter yn montearret. Sa einiget ‘Artikulearje’, út Hiemsiik, mei in rigel dy’t fan de dichter-boer D.H. Kiestra oernaam is.

Beide bondels binne foar de Moanne besprutsen troch Sjoerd van Meteren. Oer ‘Artikulearje’ skriuwt Van Meteren dat de toan dêrfan striidber is. ‘Der sit in soad ergernis yn dat fers’, seit Elmar. ‘It hat krisis west, der siet in behoarlik stik ferset yn my. Dat je dat rjochtsje op de minsken om je hinne, dat betreur ik wol. Dat ferset hat fansels te krijen mei hoe’t je opgroeid binne. Soest sizze kinne, je binne in sirkel en dy is heel.’ Hy lit de finger oer in rôle plakbân gean dy’t op tafel leit, om oan te tsjutten wat er bedoelt. ‘Mar der misse happen út. Iere behoeften dy’t net ferfuld wurde ferdringst, slachst se op yn dyn liif. Ik moast op syk nei it bern yn my. As jonkje fan fjouwer wie der in húsarts dy’t my kwetste. Ik hie in lui each. Hy wiisde wat oan en ik moast sizze wat it wie. “In eintsje”, sei ik. Us mem wie derby. “Wat zegt ’ie? Kan hij geen Nederlands praten?” Doe’t ik sels bern hie, begûn ik tsjin de skoalle oan te skoppen. Ik ha Tools for Life dien, dat is in terapy wêrby’t je leare om by je gefoel te kommen, en dan sa dat je dat op in akseptabele wize uterje kinne.’ Elmar, oarspronklik oplaat ta psychiatrysk ferpleechkundige, is dwaande mei in oplieding om sels de Tools for Life-terapy jaan te kinnen. ‘Komst in skala oan emoasjes tsjin. Angst, panyk, lilkens … Myn gefoelige punt wie dat ik net sjoen waard sa’t ik wie.’

 

It hat krisis west, der siet in behoarlik stik ferset yn my. Dat je dat rjochtsje op de minsken om je hinne, dat betreur ik wol. Dat ferset hat fansels te krijen mei hoe’t je opgroeid binne.

 

Nei it ferstjerren, yn 2005, fan syn heit – de fotograaf en anty-atoomstroomaktivist Henk Kuiper – skreau Elmar in tal fersen oer him. ‘Ik soe in brieveboek skriuwe wolle, dêryn moat de man ek oars nei foaren komme. Net terapeutysk of sa, mear oer syn libben, de yntimiteit dy’t der ék wie. Yn myn bernetiid wie ús heit in pionier. In pear persint fan de stroomnota gie nei Dodewaard, dat betellen wy net. Ik wie it dy’t de doar iependie doe’t de man fan it PEB kaam om de stroom ôf te sluten. Thús hienen wy in atoomkelder. Heit makke dêr fotoreportaazjes oer. Sa figurearret Welmoed, myn sus, ferwûne – mei reade inket – en mei in poddestoelwolk op de achtergrûn op ien fan dy foto’s. Op skoalle waarden wy dêrmei pest. “Vuile rooie ratten.” Yn de terapy waard my dúdlik dat ús heit wol in soad mei himsels dwaande wie. Faaks ek om’t er de sykte fan Wegener krige, dêr’t er mei deale moast. Op myn earste wurkdei yn de psychiatry moast ik immen nei de separear begeliede. Ik wie 19 en dêr behoarlik fan ûnder de yndruk. Us mem, yn de keuken, reagearre net op myn ferhaal, ús heit oerrulede my. It gie om syn gelyk, koest dêr noait tsjinop. Watfoar strategy ûntwikkelest dan? Oars as myn broer en sus luts ik my werom, ek letter noch, as minsken ferbaal sterker binne as ik. Quality time wie der altyd wol. Sa betocht er sels prachtige ferhalen.’

Ek oer syn mem soe Elmar skriuwe wolle, mar, al hat sy sein dat er him foaral net ynhâlde moat, it is lestiger om’t sy der noch is. ‘Doe’t ik op de terapymatte lei, krige ik in ferstikkend gefoel. It hie te krijen mei watst as foetus fielst. Ik ha it by ús mem ferifiearre: ik wie twa wike oer tiid en hie alle fruchtwetter opdronken. Der is stof genôch foar in brieveboek.’

‘Meast yntinsyf is toaniel skriuwe. Der moat in synopsis fêstlein wurde, in útwurke idee. Mei elk personaazje giest in relaasje oan. De iene relaasje giet minder djip as de oare, mar moatst witte wêr’t it oer giet, wolst grip hâlde op de personaazjes. Ik bin al in pear jier dwaande mei in stik oer minsken dy’t yn har holle sitte. In dialooch skriuwe kin ik wol, mar it mist de setting, de urginsje.’

Elmar folge in kursus toanielskriuwen, seit in soad leard te hawwen fan Hans Brans en Bouke Oldenhof. Sels jout er les yn it skriuwen fan poëzy. Dêrby brûkt er termen út de toanielwrâld. Sa lit er de groep in gedicht skriuwe mei in dekor. ‘Lûk de lêzer mei yn dyn wrâld’, sa fiteret hy harren oan. ‘Leafst wolle kursisten by my yn de keuken sjen, mar ik hammerje foaral op in eigen toan. As ik myn earste bondel, Hertbyt, weromlês, werken ik wat Arjen Duinker-achtichs yn ien fan de fersen. Blykber hast it wurk fan oaren ek noadich. Foar’t ik publisearre ha ik in kursus folge by dichteresse Albertina Soepboer. Ik wit noch hoe’t Eeltsje Hettinga mei in grutte plestik pûde yn ’e hân nei binnen stoarmjen kaam. Hy hie in Kistwurk-shirt oan, dêr siet in wynflek yn. Eeltsje wie krekt mei it literêre tydskrift Kistwurk úteinset en frege ús ris poëzy op te stjoeren. Ynspirearjend wienen ek de ien-op-ienpetearen dy’t ik mei him oer myn wurk hie. Dêr is hy hiel goed yn. Fan ús mem ha ik leard dat kursisten gefoelich binne foar kompliminten.’ Elmar syn mem, skriuwster Akky van der Veer, joech oant foar in pear jier kursussen ‘ferhalen skriuwe’. ‘Mar ik knyp se yn de siel.’ Sa as wol faker yn it petear relativearret er syn eigen wurden: ‘Met mate, hear.’

‘As bern fantasearre ik oer in bestean as keunstner, mar bist ek wat in klúzner. Bist wol hiel bot op dysels, bin ik achterkommen. Dêrom is it goed om der wat neist te hawwen. Ik meitsje ûnder mear part út fan de “Tigers fan Greonterp”.’ Dy fiifkoppige groep wurdt omskreaun as ‘in Fryske poëtyske, alternative en eksperimintele mjuks muzykploech’. ‘Gerben Gerbrandy woe my der wol by ha. Fan Joy Division hie ik it nûmer “Atmosphere” nei it Frysk oerset. Dan sjogge de mannen dy raar oan, sa fan “covers, dát dogge wy net.” Teplak set wurde kin ek wichtich wêze foar de ynspiraasje. Meast byt it elkoar, poëzy en muzyk, mar der ûntstiet in soarte fan osmoaze. Ik sjong ek, mei lange úthalen, ik kin enoarm úthelje. Peaskemoandei, op Aaipop, spilen we foar in publyk fan tûzen man: wat in berik en dát mei poëzy.’ Mar Elmar soe Elmar net wêze as er der net by sizze soe dat dêrfan fyftich foar it poadium stienen te harkjen.

 

Earder ferskynd yn ‘de Moanne’ 15 (2016), 3 (juny), side 6-9.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.