fotografy: Remco de Vries

‘Skeppe Arjan, skeppe… wy sinke!’

REMCO DE VRIES – 

It kontrast kin suver net grutter wêze wannear’t ik Arjan Hut fan syn wente tsjinoer de Cambuurfjilden ophelje: de stêd Ljouwert fan stien en asfalt en de Burgumer Mar, dêr’t in lulke wyn weach nei weach de reiden ynstjoert oan legerwâl. En fan dy legerwâl by Jistrum moatte wy sjen tsjin de westewyn yn oan de oare kant fan de mar te kommen; net fier fan Eastermar. Want dêr lizze de marboeien. De 71-jierrige Jitse Krol hat as snoekbearsfisker de boat noch yn it wetter en wol ús wol meinimme. Dizze fjild- en wetterman ken de mar goed; hiel goed.

It earste wat opfalt is dat sa fier at je sjen kinne de râne fan de mar dominearre wurdt troch reid. En net in bytsje ek. ‘Eartiids wie dat noch folle mear’, wit Krol te fertellen. Mei de tiid tinne it reid dochs wat út. Mar de stienstoart dy’t benammen yn de Súdwesthoeke in mar op syn plak hâlde moat, is hjir net te sjen. Krol kiest der foar om reedlik ticht ûnder de wâl te bliuwen, wylst de stompe kop fan de boat it wetter omheechsmyt, mei it ekstra gewicht fan de dichter. Hut hat in fiskersparaplu krigen om droech en waarm te bliuwen. It direkte sicht op ’e kop binne wy sa wol kwyt. En dat hat konsekwinsjes…

Wy binne hast al tsjinoer de elektrisiteitssintrale, at wy ynienen opskrille wurde troch it karakteristike gejank fan in twataktbûtenboardmotor mei te min wetter om ’e skroef. Ik ha it earst net troch, mar Jitse Krol wol. ‘Skeppe Arjan, skeppe! Wy sinke’, ropt hy nei foaren. En oan syn stim is te hearren dat it perfoarst gjin grapke is. Achter de paraplu fan Hut is de kop fan de boat sa fol wetter slein dat de achterkant omheechkomt en Krol noch mar kwalik de boat rjochting de lijte fan in eilân stjoere kin. Arjan wachtet dêr net op en skept amers fol wetter de mar yn. It duorret wol eefkes foardat wy wer fertroud op ’en paad kinne.

De ûnderste marboei leit noch net genôch yn ’e lijte, dus skowe wy de boat foarsichtich tsjin it reid oan. Krol: ‘Wy lizze hjir no oan de Súdwâl. De mar is yn de lingte fan noard nei súd it langst; in kilometer of fjouwer. En wy lizze hjir sawat oan de yngong fan it âlde farwetter dat eartiids nei de Tike ta gong. Doetiids wiene de Leien noch net groeven en lei hjir de saneamde Tikefeart.’ Neffens Krol is Hut seker net de earste dy’t de mar yn in gedicht besiket te fangen. Mar it kin wolris better wêze at hy dêr neat mei docht. Miskien wol hy dêr ek krekt net mei belêste wurde. Wat hy yn elts gefal witte moat, is dat de mar as ienichste yn Fryslân ûntstien is út in pingo út de iistiid. En fansels hat de mar in oantal frjemde eleminten. ‘In hiele frjemden is fansels dy “postsegel” dy’t wy hjir krigen ha; de sintrale dêr’t ik noait sa bliid mei west ha. Dy oerhearsket echt it lânskip.’

Arjan Hut is hikke en tein yn it Surhústerfean. In wettersporter is Hut net. Dizze wetterrike moarn ferrint dan ek oars as tocht. ‘Ik hie my taret op wat hiel rêstichs en dat is it seker net! It is eins in bombardemint fan yndrukken, watst allegearre fielst en wat oer dyn holle hinne spat. En dan ynienen moatst yn aksje komme, want oars rint it mis. Nee, dat hie ik net ferwachte. Ik tocht dat it krekt sa wêze soe as in ritsje mei de bus, dêr’t je in bytsje by yn sliep hobbelje. Dat is dus hielendal net sa.’ It aventoer fan dizze tocht oer de Burgumer Mar soe it makliker meitsje kinne om wat te skriuwen. Mar dat hoecht neffens Hut sa net te wêzen. ‘Ik tink dat it probleem mear is dat je fierstente folle mooglikheden hawwe. It drege is om ien ding te kiezen en je dêrop te konsintrearjen. Ik meitsje ek mar gjin oantekenings. Je hoege dan net mear te kiezen út wat je fergetten binne en dat skeelt wer.’ Dat hy de tocht oerlibbe hat helpt fansels ek.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 1 (2015), 9 (jannewaris) s. 40

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.