Skandalige earmoed en blyn aventoer

MARRE SLOOTS – 

It is 1947 as de fiskersfamylje Koudenburg, – heit, mem en de fjouwer soannen Binke, Jelle, Nutte en Edom – fanút Peazens-Moddergat ôfset nei it ûnbekinde Kanada. Heit, kjel makke troch kranteberjochten oer oprukkende Russen en de tanimmende ekonomyske malêze, hat in gouden takomst foar eagen as fisker oan de rike kusten fan Newfoundland. Wat folget is in ferhaal fol teloarstellings en needlottige foarfallen. It ferhaal fan in heit dy’t tsjin alle weagen yn farren bliuwt om syn gelyk te krijen, dy’t fjochtet tsjin de foaroardielen fan de thúsbliuwers: ‘Se sille it wol net rêde’, ‘Se sille wol wer werom komme’. In heit dy’t ek wit dat weromkommen gjin opsje mear is. It is ek it ferhaal fan in mem dy’t fan ûnwennigens weikwynt en allinnich noch treast fine kin yn har korrespondinsje mei Fryslân.

 

Durk van der Ploeg, wit mei syn suver poëtyske styl in treffend en earlik byld te sketsen fan de emigraasje yn de jierren nei de Twadde Wrâldoarloch.

 

It is in ferhaal dat tûzenen Friezen dy’t yn de jierren ’40, ’50 en ’60 emigrearren net ûnbekind foarkomme sil. Nei de oarloch wiene der fan oerheidswege subsydzjes beskiber foar emigranten, om de befolkingsdruk yn Nederlân tsjin te gean. Ek fan de (Griffermearde) tsjerken út waard emigraasje aktyf stimulearre. Fia ferskate emigraasjeburo’s binne fanút Fryslân tûzenen húshâldings ferhuze nei de Feriene Steaten, Kanada, Austraalje en Nij-Seelân. Hoewol’t foar guon emigranten it libben oan de oare kant fan de oseaan goed útpakte en de beloofde dreamen útkamen, wie it faak net in maklik trajekt. By oankomst wie der mar in bytsje regele. Dêr’t de hjoeddeiske emigrant syn reis omraak be-googelje kin en de finansjele middels hat om syn bestimming foarôf. eventueel meardere kearen, oan te dwaan, hie de emigrant fan de jierren ’50 dy mooglikheid net. Hy moast him oerjaan oan it lot, it folslein ûnbekinde temjitte. En folge der wol finansjeel súkses, giene dêr faak jierren fan earmoed oan foarôf.

Mearfâldich Rely Jorritsma-priiswinner Durk van der Ploeg, wit mei syn suver poëtyske styl in treffend en earlik byld te sketsen fan de emigraasje yn de jierren nei de Twadde Wrâldoarloch. Hy beskriuwt it gefoel fan fertwiveling en it altyd oanwêzige ‘Wat as …’, de fraach dy’t mannich emigrant net loslitte woe. De stiigjende wolfeart yn West-Europa en it útbliuwen fan it ‘reade gefaar’ setten emigranten oan it tinken: hiene se wol de goede beslissing naam? Mar weromgean, dat koe faak net mear. Ek de omskriuwing fan it rûge Kanadeeske lânskip is treffend. Mar Van der Ploeg, sels gjin wrâldreizgjer, moast Google Maps brûke om him in byld te foarmjen fan de berghellings, rotspartijen en bosken op Prince Edward Island en Newfoundland.

‘Oer Atlantyske djipten’ is in beskriuwing fan skandalige earmoed en blyn aventoer. It boek stiet symboal foar de tûzenen ferhalen fan it beloofde lân en hope op in goede takomst, mar ek de teloarstelling fan it hurde bestean oan de oare kant fan de oseaan dy’t dêr faak op folge, en ûnwennigens nei it Heitelân.

 

 

Oer Atlantyske djipten, Durk van der Ploeg. Friese Pers Boekerij, 2015. 264 siden, € 17,50.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.