fotografy: Harrie Muis

Sjueryrapport Douwe Tammingapriis

Sjueryrapport Douwe Tammingapriis foar debutanten 2014
Wy hawwe 14 boeken lêzen en op sjuerygearkomsten en fia email besprutsen. Wy binne Bart Temme, Karen Bies en Simon Oosting, en wy hawwe dit dien om te sjen hokker proazadebút út de jierren 2011 oant en mei 2013 de Douwe Tammingapriis winne moatte soe.

Wat ús opfoel is dat teminsten seis fan de ynstjoerde boeken útjûn wienen in eigen behear. De sjuery hat dizze boeken mei niget lêzen. Se beskriuwe persoanlike saken, dierbere oantinkens en moaie of sterke ferhalen út it eigen libben, faak ornearre foar de lytse rûnte fan famylje en freonen. Somtiden skreaun yn moai Frysk, mar somtiden ek wat minder moai. Dizze boeken binne earlik, sûnder literêre pretinsjes. Faaks libbe der dochs wol in stille hoop by de ynstjoerders dat harren boek opfalle soe by de sjuery fan de nije Douwe Tammingapriis foar debutanten. Ik moat de skriuwers teloarstelle: foar in nominaasje kamen dizze boeken net in oanmerking, mar as fenomeen foelen se yndie wol op: it boek as bewarplak fan it persoanlike. En wy wolle sels ien fan dizze boeken in earfolle fermelding jaan. Dat is it boek Snypsnaren fan Tynke Mulder. Sy hat ferhaaltsjes fan har pake en beppe bondele yn in prachtich foarmjûn boek mei gefoelige tekeningen makke troch harsels. In waarme hommaazje oan har pake en beppe.

Wy tinke dat de Fryske literatuer bliid wêze kin mei dizze nominaasjes. Trije moaie boeken, dy’t net missteane neist de boeken fan fêstige skriuwers.

Dat der seis fan de fjirtjin boeken yn eigen behear útjûn binne betsjut dat de, meast Fryske, útjouwers yn it tiidramt fan 2011 oant en mei 2013 acht debuten útjûn hawwe. Dat betsjut dat der acht nije skriuwers bykaam binne yn it Fryske literêre sirkwy and dat is in aardich oantal, al hie it bêst wat mear wêze mochten.

Sa as te ferwachtsjen wie binne in protte debuten ferhalebondels. Mar fiif fan de ynstjoerde boeken binne romans. Wat net by in debutantepriis past is de âldens fan de skriuwers. Yn de omskriuwing fan de Douwe Tammingapriis stiet dat de priis in ‘stimulans foar jonge skriuwers’ is. Wy tinke dat it wurdsje ‘jonge’ mar skrast wurde moat. Fan alle debutanten wie der mar ien jonger as 30 en foar sa fier wy it ynskatte kinne wienen der mar in pear jonger as 50. De gemiddelde leeftiid fan ús nominearren is hast 62 jier. Dat gjin priis foar jonge skriuwers, wol foar begjinnende skriuwers mei libbenserfaring. En faaks dat dy libbenserfaring de boeken hiel aardich makke om te lêzen. De plysjeroman Smelle spoaren fan Popke Popma, it rau skreaune jongefammenboek De twadde hûd fan Hilda Talsma en de rock en roll–roman De reüny fan Freddy Scheltema liezen we yn ien hoart út. As ferhaal koenen dizze boeken ús wol boeie. Mar, nei ús oardiel wiene djipgong en dêrmei it literêre karakter fan dizze boeken beheind. It boek Lúshâlding fan de ienige jonge skriuwer, Geart Tigchelaar, koenen we net goed in plak jaan: wie it in berneboek, in jeugdboek of dochs gewoan ornearre foar folwoeksenen? It bleau te licht om ús echt te reitsjen. Dat wie oars mei de nominearre boeken. It wie ús fuort dúdlik: dizze boeken binne literatuer en dat koenen we unanym sa beneame. Oer de nominearre boeken it folgende:

Klaas Rusticus skreau De brimstige ingel, in ferhalebondel. It binne ynkringende ferhalen mei in sterk autobiografysk karakter, mar boppe it persoanlike útstiigjend. De styl fan skriuwen is moai en suggestyf. Útbonke Frysk, sa neamde ien fan ús it. De ferhalen yn it earste en tredde part fan it boek hawwe as tema’s de ûnminsklikens fan de twadde wrâldoarloch dy’t yn Midden Europa net ophâlde in 1945 mar noch trochgie oant de lêste desennia fan de 20-ste ieu ta en, yn in frjemd kontrast dêrmei, yn it twadde part de jeugd fan de skriuwer yn Snits. Ien fan ús fûn de Midden Europaferhalen it moaist en in oar de ferhalen oer de bernetiid yn Snits, de sfear fan ‘De avonden’ fan Gerard Reve, it jok fan it leauwen. It boek is moai útjûn en de swart-wyt foto’s binne in oanfolling op de ferhalen.

Ale S. van Zandbergen debutearre mei de roman Littenser merke. It boek bestiet út twa nijsgjirrige ferhalen, dy’t om en om oan bar komme en op it ein yninoar oerrinne. Ien ferhaalline spilet yn de 19-de ieu en beskriuwt de twifels oer libben, leauwen en leafde fan in dûmny en syn frijtinkende en- fielende frou. It oare ferhaal spilet yn de 20-ste ieu en beskriuwt de ûntdekking fan de wrâld troch de tinzen en sterke dialogen mei syn freondinne fan in skoalgeande jongen. Yn it 19-de ieuwske ferhaal wurdt statich Frysk brûkt en yn it ferhaal út de 20ste ieu is it Frysk koarter en moderner. Ut en troch binne de dialogen wat te eksplisyt, wurdt it wolris wat langtrieddich en it magysk-realistyske byinoar kommen fan de twa ferhaallinen komt wol wat forsearre oer. It is hast wat te folle foar ien boek.

Sipke de Schiffart debutearre mei de ferhalenbondel Wat it is om bang te wêzen. It is in opfallend boek, mei ferhalen dy’t de lêzer fuortendaliks by de strôt gripe, fol drama en humor tagelyk. Ferhalen mei in foarm fan lichtens mar dy’t dêrfoaroer faak in hiele swarte ûndertoan hawwe. De styl fan skriuwen en de opbou fan de ferhalen binne moai. In orizjineel boek as it neist oare boeken set wurdt.  Dêr stiet foaroer dat de ferhalen yn it boek allegear deselde sfear oproppe en dat de einen fan de ferhalen somtiden wat te eksplisyt binne. De ferrassing giet der ôf. It soe eins it bêste wêze om de ferhalen mei tuskenskoften fan in pear dagen te lêzen. Wy tinke dat de Fryske literatuer bliid wêze kin mei dizze nominaasjes. Trije moaie boeken, dy’t net missteane neist de boeken fan fêstige skriuwers.

We fûnen Sipke de Schiffart’s boek goed, dat fan Klaas Rusticus bysûnder en ynkringend, mar by eintsjebeslút is it boek fan Ale S. van Zandbergen it boek om de djipste bûging foar te meitsjen. De taal is moai, de fiksje is it meast literêr. En dêrom giet de earste Douwe Tammingapriis foar proazadebutanten nei Ale S. van Zandbergen.

Karen Bies, Bart Temme en Simon Oosting (sjueryfoarsitter)

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.