Sjong Gerrit, sjong!

Hoi Gerrit,

Nee sorry, ik koe der net by wêze, sneontejûn op it City Proms festival. Wurk moast eefkes foargean. Dus ik miste dyn optreden mei it Stendenkoar, wêrby’t jim it requiem ‘It komt, sa’t it giet’ opfierden, oer de teloargang fan it Fryske plattelân.

It spiet my echt dat ik net komme koe, nei ôfrin hie’k graach eefkes mei dy prate wollen. Want ik mis dy. Net yn it persoanlike, want sa close binne wy no ek wer net, mar yn it publike debat.

 

Doe’t wy ússels begjin dizze iuw noch foar de gek holden mei falske Simmer 2000-achtige romantyk oer ús prachtige lân, wiesto al oan it sjongen en skriuwen mei de warskôgjende finger omheech.

 

Do skeatest my yn ’t sin doe’t ik koartlyn troch de greide kuiere. Op myn route lei in pear bunder ‘ûnlân’, sa’t in boer soks neamt. It gears stie knibbelheech, bûterblommen en sulk joegen it lân de kleur en de rook dêr’t in minske sa gelokkich fan wurde kin. Utsein dy boer, dus. Foar myn noas spatten twa reeën oerein en dûnsen foar my út. En yn de loft wie it in oangean fan skriezen, strânljippen, ljurken, wylpen en ljippen.

Aldergelokst is dit hoekje oant no ta frijwarre bleaun fan in besite fan de foks. Dat is in útsûndering, begryp ik út alarmearjende lûden. Ik eage it fjild oer en betocht my mei myn lekeferstân dat wy de striid tsjin de predatoaren sa ommers ek noait winne kinne. Mei ús minsklike logika ha we betocht dat we it lân sa earlik mooglik ferdiele oer minsk en dier: dus fierwei it grutste part is foar ús yndustriële lânbouproduksje, en de lêste lytse hoekjes bewarje we foar de bisten. Sa’t de Amerikanen dat dien ha mei de Yndianen. Wurke goed, foar de Amerikanen.

Moai ôfbeakene, sichtbere reservaten. Ja duh, dan moatte je net raar sjen dat de foks en al syn roversmaten har dêr neat oan gelegen litte. It mankeart der noch mar oan dat der net in peal mei in grutte giel M boppe stiet. We hawwe it de rôfbisten noch noait sa maklik makke. Dus dan moatte we ek net seure dat sy ús briljante tekentafel-lânferdielingsfeestje fersteure.

Der moat dus wat oars betocht wurde. Dêr wurdt ek oan wurke. Troch fjildmannen, troch natuerorganisaasjes, troch Kening fan de Greide, troch Boerengildes en stúdzjeclubs. Prachtich, mar as it allegear yn dit tempo trochgiet sil it ús biodiversiteit krekt sa gean as de Yndianen – dan is it gewoan te let.

Gerrit, do seachst dat allang. Doe’t wy ússels begjin dizze iuw noch foar de gek holden mei falske Simmer 2000-achtige romantyk oer ús prachtige lân, wiesto al oan it sjongen en skriuwen mei de warskôgjende finger omheech. En dat dochst noch altyd. Dyn requiem fan sneon wie it meast resinte resultaat.

En toch mis ik dy, gek genôch. Of ferwachtsje ik tefolle? Dat komt miskien wol omdatsto de bêste skeakel bist tusken it ûnderwerp en it folk. Al dy oare clubs en organisaasjes binne drok mei har eigen minsken, brekke mar min troch dat sirkeltsje hinne. En sa’n requiem fan dy is moai, mar dat lûkt kultuerpublyk: och sa belutsen by de maatskippij en syn problematyk, mar noch noait op in trekker sitten.

Dus der moat gewoan wer songen wurde. Dy mankelike, romantyske ferskes fan dy, dy’t gewoane minsken reitsje yn de siel. Dêr’t je net foar nei in sympoasium of teater hoege, mar dy’t simpelwei troch de radio yn de keuken klinke. Want dêr moat dit ferhaal komme: yn de keukens, yn de wenkeamers, yn de trekkers en yn de stâl. De oplossing leit ommers by harren: de boeren en de doarpsminsken. Sý moatte úteinlik dizze lânskipsramp keare. Mei help fan bestjoerders en organisaasjes. Dy wolle wol, en neffens my de measte boeren en boargers ek wol.

Se moatte allinnich noch eefkes by elkoar komme. Fia de keunstner dy’t de taal fan it folk sprekt. Dy’t mei wurden en meldijen wat yn beweging set by de minsken.

Sjong Gerrit, sjong!

 

Bart Kingma

Comments
Ien reaksje oan “Sjong Gerrit, sjong!”
  1. Anke Bijlsma schreef:

    Gerrit seit; oandien, ik sil sjonge!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.