Sjoerd (sjocht Sjoukje oan) Sjoukje?

Publisearre op 11 december 2014

ELSKE SCHOTANUS – 

Ofrûne jier maart, yn it doarpshûs fan syn wenplak Húns, spile, twa jûnen achter elkoar, Elmar Kuiper syn tragikomeedzje De lytse kannibaal. En letter noch in kear yn LOFT yn Boksum. Lytse lokaasjes en dêrmei is it tal minsken dat de foarstelling besocht hat beheind. (Foar in ympresje fan de útfiering yn Húns, sjoch hjir.) Lykas earder De fûgels fan Fantasia (2010) is ek dizze tekst as boekje útkaam. Diskear net by Utjouwerij Bornmeer, dy’t gjin brea yn it op ’e nij in toanieltekst útjaan sjoen ha sil, mar, mei finansjele stipe fan de provinsje en twa fûnsen, by Elikser. It giet om yn al syn ienfâld moai troch Gert Jan Slagter foarmjûne útjefte, foarsjoen fan fotomateriaal en video-stills yn swart-wyt.

Oars as yn it âlde mirakelspul jout Elmar Kuiper rezjy-oanwizings. Dan bist as lêzer de frijheid kwyt om dy yn te byldzjen wat der bart.

Der is in ynliedend haadstik mei de koarte ynhâld en ynformaasje oer it dekor en it lûd. ‘We hearre it lûd fan in reinsbui yn ’e sênes dy’t yn it hjoed spylje. (…)’ Yn de ynlieding wurdt ek it tema fan de tragikomeedzje oer de mislearre hurdfytser Sjoerd Lautenbach ferklearre:

‘De personaazjes sitte fêst yn de mal fan it bestean. (…) It stik is eins in spegel foar de moderne mins, dy’t mei gloede syn roltsjes yn it maatskiplike libben spilet, mar hieltyd fierder fan himsels ôf komt te stean. (…) Hy libbet yn ’e holle en net yn it hert, hy stelt te min fragen en follet it antwurd te hastich yn. Hy leit ûnder syn eigen gedachten.’

Oars as yn de seal, dêr’t it tema op te meitsjen falt út wat de personaazjes sa al sizze en dogge, wurdt it yn it boekje allegear foarkôge en net allinne foarkôge, mar ek oplein. Der sit nei de besikers of de lêzers, nee, nei sawat elkenien ta, wat lytsachtsjends yn de útlis. Nim de útdrukking ‘syn roltsjes’. Wat binne dy ‘roltsjes’? Heit, mem, soan, dochter, partner, learaar of learling, postbesoarger, kassajuffrou, wat dan ek, mar is it wol sa dat dêr by definysje wat mis mei is? Dat syn ‘rollen’ by definysje ynhâlde dat de moderne minske te fier fan himsels ôf komt te stean? Dat der wier te min fragen steld wurde? Dat er leit ûnder syn gedachten? Wa bepaalt dat?

Mei in formulearring as ‘de moderne mins’ wurdt alles en elkenien oer ien kaam kjimd en rekket alle nuansearring wei yn fanút ’e hichte wei brochte algemienheden en platitudes.

Toanielteksten binne der om op de planken brocht te wurden, net om te lêzen en sels lês ik dy ek net graach. Troch de foarm krijt in papieren dialooch algau wat stjitterichs dat it yn sprutsen foarm net hat:

 

Sjoerd  (ljocht lofts oan) Wêr silst hinne?

Anastasia – Ik keapje in presintsje foar Jehannes en Sjoukje.

Sjoerd  Komst sa werom?

Anastasia  (rint nei de doar ta) Ja hear! Oant sa. (Sjoerd stapt op ’e rollerbank en begjint te fytsen)

 

Al sûnt de midsieuwen wurde toanielstikken op papier útbrocht, it mirakelspul Die waerachtige ende een seer wonderlijcke historie van Mariken van Nieumeghen bygelyks, eartiids miskien wol faker as hjoeddedei. Printsje litte ommers wie de iennich mooglike foarm fan fersprieding. Stikken waarden ek wol bewurke, sa kaam der fan Mariken van Nieumeghen, in lytse hûndert jier nei’t de âldst bekende druk ferskynde, yn 1608 in ferprotestantisearre ferzje. Sokke teksten lies ik op de middelbare skoalle noch, ferplichte, soms yn syn gehiel, meast fragminten, dêrnei ha ik it litten.

Oars as yn it âlde mirakelspul, dêr’t de spilers frij litten wurde yn harren gebearten, jout Elmar Kuiper rezjy-oanwizings. Soms binne dy net oan te ûntkommen, oare kearen binne dy oerstallich, mar altiten bist as lêzer de frijheid kwyt om dy yn te byldzjen wat der bart, hoe’t in tekst útsprutsen wurdt.

 

Sjoerd 14  (knikt) Efter de ljipkes oan… ‘(wiist) Sjoch, dêr rint er.’

 

Mariken, hûnderten jierren ferlyn, hie al dat holleknikken en hantsjewizen net nedich, teminste net op paier, op de planken wist sy sels wol hoe en wannear de hân op te stekken:

 

Die oom – Groet mi v moeye, mijn suster, ende vaert wel. Coopt al dat ons ghebrect, bi mate ende bi gewichtte.

Mariken – Iek sal, heer oom. Adieu.

Die oom – Adieu Mariken nichte (…)

 

Hoe’t it publyk ek genoaten hat fan De lytse kannibaal en hoe fraai it boekje ek wurden is, de needsaak om mei in papieren útjefte te kommen, sjoch ik net. De midsieuwen binnen foargoed foarby en de moderne minsk, regisseur fan syn eigen libben, soe earder op it ynternet om in toanieltekst sykje as dy yn boekfoarm ta him te nimmen. Of dy, leaver noch, net lêze, mar sjen, yn doarsphûs of kroech, yn in tsjerkje dat net mear foar de earetsjinst brûkt wurdt of in festivaltinte op bygelyks it Oerol, want, sa seit it kolofon: “It stiet oare toanielselskippen frij om it stik ek te spyljen.”

 

Elmar Kuiper, De lytse kannibaal – Tragikommedzje yn twa bedriuwen, 48 pagina’s, Elikser B.V. 2014

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]