fotografy: Linus Harms

Sipke Hoekstra, komponist

ZANDER LAMME – 

Al sûnt syn njoggende komponearret de yn Ljouwert berne Sipke Hoekstra (1974) klassike muzyk. It duorret lykwols lang foar’t de muzyk selsfersekere út syn pinne komt. Pas yn syn tritiger jierren krijt Hoekstra fertrouwen yn syn eigen kreaasjes. It blykt in sukses te wêzen. De wurken wurde hieltyd faker útfierd.

Grutsk en breed glimkjend giet Hoekstra stean. Saniis hat it Frysk Jeugd Orkest foar it earst syn ‘Saga, soundtrack to the life of a forgotten hero’ spile op it Nasjonale Konkoers foar Jeugdsymfonyorkesten yn it Akoesticum yn Ede. It orkest falt mei de útfiering fan it stik yn ’e prizen.

Miskien is de útfiering, yn 2015, foar Hoekstra wol in trochbraak as komponist. Noch krekt even foar syn fjirtichste libbensjier. ‘Lange tiid ha ik mei it komponearjen beskieden en tebekhâldend west, ûnwis oft it wol goed wie. Yn de tiid fan it ta stân kommen en de repetysjes fan Saga bin ik ek foar it earst begûn om my nei bûten ta as komponist te presintearjen, in soarte “coming out”. De mispleatste beskiedenheid foarby, om samar te sizzen.’

De earste kennismakking mei de muzyk is te tankjen oan pake Sipke Veenstra, dy’t ûnder mear koaren en bands yn Fryslân dirigearre. ‘Myn âlders hawwe noait wat serieus spile. Dy hawwe wat mei de muzyk fan de sechstiger jierren, de Beatles, de Stones, Creedence Clearwater Revival en sa. Us pake wie der betiid by om my entûsjast te meitsjen. By him hearde ik ek altyd klassike muzyk. Hy hat in skoftsje besocht om my les te jaan op ’e blokfluit. Op in bepaald momint hat er dat opjûn, der siet neffens him gjin greintsje muzikaliteit yn.’

De blokfluit blykt gjin goede mjitstêf te wêzen, want as Hoekstra op syn achtste yn oanrekking komt mei de fioele, makket er dêrmei al gau furoare. De fioele is ien fan de ynstruminten dêr’t út keazen wurde kin by in projekt op ’e basisskoalle yn Opsterlân, dêr’t Hoekstra dan wennet. ‘Sa’n ynstrumint mochten je dan in pear wiken útprobearje en dan koenen je dêrnei wer in oaren probearje. Ik bleau by de fioele.’

Al twa jier nei de earste streken lit fioeledosint Josien Le Coultre Hoekstra op syn tsiende foarspylje foar de direkteur fan it konservatoarium yn Grins. ‘Dy kaam by my thús en fluite in rideltsje dat ik neispylje en ôfmeitsje moast. Dat gong bêst leuk.’ Leuk genôch yn alle gefallen, want Hoekstra wurdt oannommen foar de pree-foaroplieding. ‘As ik nei binnen rûn, hearde ik de studinten wol sizzen: se wurde hjir ek hieltyd jonger.’

It is ek op dy oplieding dat Hoekstra foar it earst syn komposysjes, dy’t er sûnt syn njoggende skreau, oan de muzykwrâld sjen lit. ‘Myn muzykdosint hat dêr doe wol even nei sjoen, mar ik ha gjin ferfolch oanjûn.’

In pear jier letter is it dan dochs foarsichtich safier. Hoekstra krijt in plak yn it Frysk Jeugd Orkest en wurdt op syn fyftjinde troch de yn 2012 ferstoarne Gerard van der Weerd frege om de orkestklasse fan it orkest te dirigearjen. De orkestklasse is op dat stuit de skeakel tusken it allinnich spyljen en it ‘grutte’ orkest. ‘It wie in moai medium foar my om stikken te skriuwen foar de orkestklasse. Ik skreau bygelyks in stik yn ’e styl fan de jonge Mozart, Baby Wolfgang. Dêr hienen wy de measte wille mei. Soms kom ik ien tsjin dy’t dat noch wit.’

Ek foar it Grinzer studinte-orkest G.S.M.G. Bragi skriuwt er muzyk, in Rondo Konsertante foar klarinet en orkest. Hy dirigearret it stik sels. ‘Ik bin nei myn middelbere skoalle begûn mei in stúdzje skiednis yn Grins en kaam doe yn dat orkest telâne.’ In takomst as fioelist hat Hoekstra him dan al út ’e holle set. ‘Ik haw earst tocht: ik wurd fioelist. Mar ik kaam derachter dat ik wol goed wie, mar net goed genôch foar de top. Ik woe gjin dosint wurde en hie boppedat mear passys, sa as skiednis.’ Passy of net, de stúdzje skiednis waard gjin sukses. ‘It ûntbriek my oan dissipline om genôch punten te heljen, dus bin ik derôf knikkere.’

Hoekstra ferhuzet nei Utrecht, dêr’t er mei in stúdzje muzykwittenskippen begjint. Dy stúdzje wit er wol ôf te meitsjen. Dêrnei nimt er priveelessen kontrapunt by musikolooch en komponist Gert Oost. De kar om him te ferdjipjen yn dy teory, dy’t te krijen hat mei it gearklinke litten fan melodyen, moast Hoekstra mear fertrouwen jaan yn syn eigen muzyk. ‘En it wie ek nijsgjirrichheid: wat makket muzyk ta muzyk? Ast snappe wolst hoe’t goede muzyk makke wurdt, moatst dy dochs echt ferdjipje yn ’e grammatika fan de muzyk.’

Nei de lessen kontrapunt die Hoekstra yn 2010 talittingseksamen foar komposysje oan it Konservatoarium fan Utrecht. Fansels komt dan de fraach wat Hoekstra dêr einliks noch leare woe. ‘Wat ik fûn dat myn wurk miste, wie dat it foldwaande aktueel wie. Ik imitearre in soad stilen, mar ik frege my ôf: bin ik wol kreatyf genôch? Caroline Ansink [syn dosint] hat my út myn hillige húske witten te heljen troch de goede fragen te stellen en opdrachten te jaan dy’t bûten myn komfortsône leinen.’

Sa wurdt Hoekstra him stadichoan hieltyd mear bewust fan de technyk achter it komponearjen. De lêste tiid skriuwt er foaral yn opdracht. ‘Ik haw gjin echte foarkar foar it skriuwen yn opdracht of it meitsjen fan eigen wurk, al soe ik no wol wat mear tiid hawwe wolle foar eigen wurken. Dan makkest mear ûntwikkeling troch.’

Wat dregens oanbelanget fynt er dat it wurkjen yn opdracht net folle ferskilt fan it meitsjen fan eigen wurk. ‘By in goed kadere opdracht kinst itselde probleem hawwe as wannear’t it net kadere is. Je witte wat je net dwaan moatte, mar net wat je wol dwaan moatte.’

Syn stikken skriuwt er op ’e kompjûter. Noat foar noat klikt er it stik mei de mûs ynelkoar. ‘Myn holle is faak folle fierder as myn hân. Soms wit ik al hoe’t it diel ôfrint, mar dan moat ik de mûsklikken noch meitsje. Ik tink dat je oer hûndert jier in bluetooth-ferbining hawwe tusken holle en kompjûter, dan ha je dat probleem net mear. No rekkest noch wolris dingen kwyt, omdatst der net fluch genôch by bist.’

‘Mar dit is de manier as ik ynspiraasje haw. Ast dat net hast, moatst op in oare manier komponearje. Dan nimst bygelyks in motyfke of brûkst wat fanút dyn kennis, dingen oer it kontrapunt. Soms kom ik der dan de oare deis achter: dat is knudde. As ik op dy manier oan ’e slach moat is it hiel teoretysk, mar komponearjen is ek net allinnich mar kreativiteit. It is foar in grut part ek ambacht. Ast de kneepkes behearskest kinst dêr ek op weromgripe by ynspirasjonele drûchte.’ It definitive mastersoardiel folget soms pas wiken letter. ‘It moat, nei’t ik it komponearre ha, rypje yn myn holle. Soms belústerje ik it mei sin hiel lang net en dan moat it in tiid letter ek noch goed wêze.’

Oer wat syn oant no ta bêste wurken binne, moat Hoekstra eefkes neitinke. ‘It stik dat ik foar it Colori Ensemble skreaun ha, dêr sit in soad ûntwikkeling fan my yn. In freon fan my fynt dat hiel goed.’ Dat ensemble – fan sussen en broer Rianne, Wilma en Arjan Jongsma en pianisten Hessel bij de Leij en Frans Douwe Slot – spilet it wurk fan Hoekstra kommend seizoen. Sels is Hoekstra behoarlik ynnommen mei in ‘ambachtlike symfony’ dy’t er 15 jier lyn skreau. ‘Mar dy is noch noait útfierd.’

Hoewol’t Hoekstra hieltyd faker as skriuwer fan muzykstikken oan ’e bak kin, sit in takomst as fulltime komponist der net yn. Hy wurket, as er net komponearret, as marketeer en tekstskriuwer yn it ‘kulturele fjild’. Allinnich mar komponearje is neffens him net mooglik. ‘Dat kin yn Nederlân net. Ek de grutste nammen krije dat net foarelkoar. Je moatte dêrneist bygelyks wol lesjaan of workshops jaan. Mar ik wol op ’en doer wol in oare balâns sjen te finen yn myn libben, om mear oan it komponearjen ta te kommen.’

Ek Fryslân lokket noch, seit Hoekstra, dy’t him nei syn stúdzje yn Bilthoven fêstige hat. ‘Myn frou en ik komme dêr allebeide wei. Wy misse it wide lânskip en it wetter.’

 

Earder publiseard yn de Moanne, 15 (2016), 5 (septimber), s. 24-27

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.