Sikko de Jong oer de takomst fan it Frysk

WYBRICH BAKKER

It Frysk is ferplichte op de basisskoalle, mar eltse skoalle docht syn eigen sin by de ynfolling fan it fak. In oerke Frysk yn de wike jout net folle as de bern meastentiids Nederlânsk prate. It omdraaien fan de tiidwurden, ‘ik bin bleaun sitten’, is yntusken modern Frysk, liket it wol. Sikko de Jong hat jierrenlang ûnderwiisynspekteur west, mei Frysk yn syn portefulje. Hy is foar foarljochting oan alders oer twatalich grutbringen en hy pleitet foar ‘de trijetalige skoalle’. Wybrich Bakker, studinte oan de NHL, ynterviewde Sikko de Jong foar de Moanne.

Der gongen praatsjes dat it Frysk net folweardich meitelde as fak yn it basisûnderwiis. Om krekt te witten hoe’t de saken derfoar stiene, waard dêr ûndersyk nei dien troch ûnderwiisynspekteurs yn Fryslân. De resultaten liigden der net om. Se joegen in dúdlik sinjaal ôf: de Fryske taal yn it ûnderwiis hie ferlet fan in yngeande oanpak. Wilens binne wy inkelde jierren fierder en smyt dy yngeande oanpak syn fruchten ôf. Yntusken krigen âlden dêr’t de bern fan nei skoalle moasten in rêchsekje oanbean mei suggestjes foar in twatalich grutbringen, en binne projekten foar trijetalich basisûnderwiis yn folle gong.

It is tiisdeitemiddei as ik by Sikko de Jong oanskilje. Hy is âld-ynspekteur fan ûnderwiis yn Fryslân en ik bin benijd nei syn miening oer it Frysk hjoed-de-dei. Syn frou docht iepen en soarget foar in bakje tee, wylst Sikko him al nestelet yn syn stoel. De reek fan syn sigaar krinkelet omheech, wylst er my mei omtinken opnimt. Hy begjint te fertellen oer it Frysk, in kultuererfgoed, dat in taal is om te koesterjen. ‘Ik haw it bêste fuotsje foarset om de Fryske taal wer op de kaart te setten.’ Als iennige ynspekteur mei Frysk yn ’e portefúlje fielde er him ferantwurdlik om it probleem oan te pakken. Earst troch wiidweidich ûndersyk te dwaan, letter troch in stratezjy út te dokterjen.

It  basisûnderwiis yn it Frysk hat jierrenlang striemin west. Op skoallen waard meastentiids mar in oerke bestege oan de taal. De dosint makke him der maklik fan ôf troch in pear kopytsjes om te parten, allinnich mar foar de foarm. Echt les yn Fryske grammatika of wurdskat waard net jûn. Ut ûndersyk docht bliken dat 35% fan de skoallen Frysk jout om’t it wetlik ferplichte is, en 30% omdat hja wolle dat learlingen yn in twatalige sitewaasje funksjonearje kinne.

Hokker gefolgen fan dit ûnderwiis sinjalearje josels?

Sikko sjocht ferûntweardige en ropt: ‘Ik wurd alle dagen konfrontearre mei de werklikheid! Sawol bern as âlden litte har tige beynfloedzje troch de Nederlânske taal. En dan krije jo rare konstruksjes. Benammen it omdraaien fan tiidwurden  hear ik geregeld. Yn ‘geef Frysk’ seist dus net “Ik bin bleaun sitten”, mar “Ik bin sitten bleaun”. Meastentiids witte âlden fan dy bern it ferskil net iens, dêrom binne se net by steat en korrizjearje har bern. It giet benammen om it bewust wurden. Sa gau’t minsken it ûnderskied meitsje kinne tusken grammatikaal goed en fout  kinne se harsels ferbetterje. As se teminsten foar ferbettering “yn” binne.’

Hokker opdracht is hjir weilein foar de oerheid?

‘De oerheid kin âlden fan krekt berne bern attint meitsje op de mooglikheid fan in twatalich grutbringen. De Provinsjale Steaten hawwe dêr in moai inisjatyf foar ûntwikkele. Troch yn de takomst in unyk rêchsekje út te dielen oan jonge âlden wurde hja yn alle gefallen oanpoend ta neitinken oer taal en grutbringen, want soms steane heiten en memmen der net iens by stil dat jo in bern ek yn twa talen grutbringe kinne. Doel fan dat rêchsekje is krekt om âlden in bewuste kar meitsje te litten yn de taalopfieding fan har bern.’ Sikko wurdt entûsjast as er fertelt wat der yn it rêchpûdsje komme moat. ‘Under mear Frysktalige foarlêsboekjes, dvd’s en koartingsbonnen foar kursussen oer opfieding. In oanfolling op dat rêchsekje is it wolkomstpakket foar nije ynwenners yn Fryslân, foar har sit yn it rêchsekje ynformaasje oer de Fryske taal en kultuer. Sa fiele hja har gauwer thús yn dizze provinsje.’

 ‘Talekennis no fergruttet de kâns op in goede baan letter’

Wurdt der genôch yn taal- en kultuerbehâld ynvestearre troch de oerheid?

‘Dat rêchsekje is in moai inisjatyf, mar in nije foarm fan ûnderwiis smyt mear fruchten op. It projekt fan de “trijetalige skoalle” is in grut sukses. It waard opset troch de Fryske Akademy. Sân skoallen begûnen acht jier lyn mei dat projekt. Der wurdt lesjûn yn trije talen: it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. De resultaten binne tige posityf. Les krije yn trije talen is krekt in ferriking foar bern. It nivo fan it Nederlânsk is gelyk oan it lanlik nivo, wylst it nivo fan it Frysk en it Ingelsk krekt heger leit.’

Ik freegje my ôf oft trije talen tagelyk net betiizjend binne foar bern. Sikko leit mei rêstige bewegingen út  dat dat hielendal net hoecht. Mits jo fansels konsekwint binne yn it ûnderwiis.Jo moatte gjin trije talen yn ien sin brûke. Dan is it foar bern net mear te folgjen. Jo moatte de talen goed skiede. Op woansdei wurdt der bygelyks allinnich Frysk praat, op tongersdei allinnich Nederlânsk. De learlingen wurde ek stimulearre om ûnderinoar yn de  taal dêr’t it sa’n dei om draait te praten. Sa reitsje se de bangens kwynt om har yn in frjemde taal te uterjen.’

Meartalichheid is dus net betiizjend foar bern, mits jo it goed bringe. Mar fjirtich jier lyn is der ek in meartalich projekt opset, dat wie gjin sukses. Wêrom hat dit projekt wol kâns fan slagjen?

‘Doe gong it om meartalich ûnderwiis mei allinnich Nederlânske en Frysk yn it pakket. It Ingelsk wie doe noch hielendal net oan ’e oarder. De resultaten fan dat projekt wiene ek goed, allinnich wie der te min animo foar. Yn it hjoeddeistige projekt is de kombinaasje mei it Ingelsk sa unyk. De Ingelske taal wurdt yn dizze maatskippij alle dagen brûkt, en dat sil yn de takomst trochgroeie. Alden fine it dêrom fan belang dat harren bern taalkundich goed ûnderlein binne. Dat fergruttet de kâns op in goede baan yn de arbeidsmerk.’

Sikko lûkt in optimistysk gesicht as ik him freegje nei syn ideaalbyld fan de Fryske taal yn de takomst. ‘It soe prachtich wêze as mear skoallen har oansleaten by “De trijetalige skoalle”. En omdat de útslaggen sa posityf binne, ferwachtsje ik dat dat projekt stimulearre wurdt. Middelbere skoallen moatte ek leare yn te spyljen op dy trend. Mar oft dy dream werklikheid wurdt… dat moatte wy noch ôfwachtsje!’

 

Earder publiseard yn de Moanne, 6 (2007), 2 (maart), s. 15-16.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.