Sammele wurk Tjitte Piebenga troch de eagen fan in oare Peinzer skriuwer (2)

JOSSE DE HAAN – 

Neo-romantyske swerver Gossaert
Hylke Tromp hat in analyse jûn fan it proaza fan Tjitte Piebenga yn it sammele wurk ûnder de titel Tusken miskenning en ûnbegryp. Yn tsjinstelling ta Tromp fyn ik dat de produksje fan Piebenga lyts bleaun is – ien roman, ien lytse novelle en 14 publisearre ferhalen yn ien bondel. Net bondele binne 9 ferhalen. Yn totaal beslacht it wurk in 415 siden ferheljend proaza. Tromp ferdigenet dizze lytse produksje troch te wizen op de hege literêre easken dy’t Piebenga oan himsels stelde.

Tromp besiket oan te jaan en te bewizen dat Tjitte Piebenga wichtiger foar de Fryske letteren west hat as wat yn de offisjele kommentaren beskreaun is. Hy freget him ôf wêrom’t de kritisy dat net sjoen hawwe en hysels wol.

Piebenga hat neffens Tromp sels de klam lein op it autobiografyske elemint yn syn wurk – ‘foarm jaan oan emoasjes dy’t oan it libben syn betsjutting jouwe’, seit Tromp. Foar de literatuer (wittenskip) makket soks yn prinsipe neat út. Foarm jaan oan emoasjes dy’t it libben sin jouwe kin op heel wat wizen. Sels skriuwe oer in sinleas libben kin dat libben betsjutting jaan en ek literatuer opleverje. Tromp skeakelet autobiografysk en ‘útgean fan eigen ûnderfining’ gelyk. Dat is simpel, want eigen ûnderfining hoecht net te resultearjen yn in biografysk ferhaal. Elke skriuwer giet út fan eigen ûnderfining as minske yn de wrâld. Hoe soe soks oars moatte?

Piebenga seit dat er skriuwt oer saken dy’t er sels emosjoneel meimakke hat, omdat dan de wierheid boppe wetter komt. Hy seit dit nei oanlieding fan Retoer Juster – Tromp brûkt dit foarbyld as bewiis – en dat is no krekt in stoarje dy’t er net meimakke hat, omdat er bgl. net yn it ferset sitten hat. Dat wol net sizze dat dizze novelle net oertsjûgjend is, mar it foarbyld fan Tromp is dêrmei kwats wurden. In goeie skriuwer kin de emoasjes fan it ferset beskriuwe sûnder dat er it meimakke hat (oer de eangst bygelyks).

Tromp besiket dêrnei oan de hân fan it gedicht De moeder fan Geerten Gossaert, dat ‘Omke Douwe’ oan it jonkje yn it ferhaal op syn alfde/tolfde joech te lêzen, te beskriuwen hoe’t Piebenga wurke, want Piebenga ‘skreau net foar ymbesilen’ sa’t er sels faak sei.

Spitigernôch foar Tromp leau ik neat fan syn útlis, dat ‘al de ûnwissens fan it jonkje troch dit fers fuortnommen waard, om’t it him de hope joech dat mem thús alle dagen op him wachte’. Tromp seit: ‘Tjitte Piebenga brûkte syn persoanlike ûnderfinings om in literêre wierheid stal te jaan’. Mei in fers fan Geerten Gossaert dat it jonkje krijt te lêzen! Dizze neo-romantyske swerverspoëzy mei kristlik-religjieuze ynslach soe troch it jonkje al oanfield wêze: ‘Dy man wit in protte’, sei it jonkje. Tromp soe hjir oanjaan kinne wat it ferskil is tusken in gewoane wierheid en in literêre wierheid.

Dat ‘Omke Douwe’ it jonkje fan alve/tolve in gedicht fan Gossaert jout te lêzen – en net it meast simpele – is al absurd, mar dat dêrút ek noch konkludearre wurde moat hoe’t Piebenga literêre wierheden stal jout is helendal net te begripen. Ditselde gedicht is my ris in kear foarlein op in tentamen Nederlânsk-MO (mar net om literêre wierheden op it spoar te kommen).

Om jo op jo tolfde te identifisearjen mei de hy yn it fers De moeder (letter beskreaun troch de folwoeksen skriuwer Piebenga) is mei dit fers yn feite net mooglik. It giet hjir net om it ûnderskie fan de ‘ik’ (jonkje fan tolve) en de skriuwer, it giet hjir om de gedachten fan in jonkje fan tolve en dy fan in folwoeksene.

Tromp soe ûnderskie meitsje moatte tusken de skriuwer en de (alleswittende) ferteller yn it ferhaal. It autobiografyske fan Tjitte Piebenga is hjir fan gjin belang foar de lêzer, en boppedat yn dit gefal diskutabel. Op syn heechst kin it hjir gean om autofiksje, dat in pear graden ferskeelt fan gewoane fiksje, dat letter troch de folwoeksen skriuwer ‘hinein interpretiert’ is.

Yn myn essay oer it wurk fan Piter Boersma (Eksistinsjeel proaza fan Piter Boersma, yn Kidelstiennen heine en slaan – 2007), haw ik de term autofiksje yntrodusearre en tapast op guon literêre wurken fan Boersma. It hat derfan dat Tromp noch nea heard hat fan dy literêre omskriuwing. Sterker, Tromp fiert in nij literêr begryp yn: ‘de emosjonele betsjutting is autobiografysk, omdat de haadpersoan yn it boek en de skriuwer oantangele sitte mei in net ferwurke ferline’.

Yn de literêre wrâld hyt soks autofiksje, en as streaming kin it rekkene wurde ta de ‘nouveau roman’. Skaaimerken binne:

  1. It isolemint fan de yndividu;
  2. De fijannige bûtenwrâld dy’t net tagonklik is;
  3. De teksten besteane faak út ego-dokuminten.

Deiboeken, brieven en rekonstruksjes fan persoanlike barrens binne normaal yn de ‘nouveau roman’. Ek it autobiografyske spilet faak in rol. Autofiksje is hjir de bêste omskriuwing. Oft de tekst in emosjonele betsjutting hat foar de lêzer sil de lêzer sels wol útmeitsje. De emoasjes fan de skriuwer – autobiografysk of net – hawwe lêzer en literatuer gjin boadskip oan. Tromp fiert in net-brûkbere literêr begryp yn.

Yn syn stik oer de roman It lyk wurdt oantaast giet de amateurpsycholooch Tromp fierder mei syn bûtenliterêre opmerkings ynstee fan oer de literêre aspekten fan de roman te skriuwen. Hy giet ôf op in radio-útstjoering en op orale ferhalen fan de skriuwer fan de roman. Skriuwers kinne better har boeken foar harsels sprekke litte, en analysearders moatte sels lêze. De skriuwer fertelt oan radioynterviewster Gryt van Duinen dat ik yn Arum in hele tiid hân haw dat ik sa ferrekte depressyf waard.

Tromp skriuwt dat soks te krijen hie mei de oantinkens oan syn jeugd, dy’t bot beynfloede wiene troch de rol dy’t syn heit yn de oarloch oannaam hie. Beide aspekten – de depresje en de rol fan de heit yn de oarloch – komme yn de roman net nei foaren. Tromp wol it strikt literêre aspekt ophingje oan de ‘foute’ heit, wylst it net yn it boek aktueel wurdt, net iens yndirekt. De depresjes kinne te krijen hawwe mei it minne houlik dêr’t de roman foaral oer giet. Mar streekrjocht sjogge jo gjin depresjes yn de roman.

As Tromp ferbaasd is dat it wurk fan Piebenga ûnderwurdearre is dan soe dat miskyn te krijen hawwe kinne mei it iensidich besjen fan de literêre ynhâld dêr’t foaral de skriuwer sels oer praten hat. It liket in bytsje op Willem Abma dy’t in eigen besprek fan ien fan syn bundels fersen skreau doe’t er it net iens wie mei in besprekker (trotwaer). Nochris, de lêzer fan in roman hat gjin boadskip oan de opynje fan de skriuwer oer syn eigen roman.

 

Noch mear ‘hinein interpretieren’
Tromp skriuwt: ‘de roman It lyk wurdt oantaast lit sjen hoe’t in libben oan gruzels lizze kin; dat wol sizze dat ien net mear wit hoe’t er tsjin syn bestean oansjen moat’. Neffens my en de measte kritisy giet de roman oer in mislearre houlik. Foaral de dialogen tusken de man en de frou jouwe hierskerp oan wat der te rêden is: dit binne perfekte dialogen dy’t net ûnder dogge foar guon yn Who is afraid of Virginia Woolf (oersetten yn it Frysk troch Piebenga).

De roman hat klasse, de roman is yn de Fryske literatuer in wichtich literêr barren fan ein sechtiger jierren. De problematyk dy’t de skriuwer nei foaren bringt hat mei dy tiid te krijen, dêr’t froulju net mear automatysk manlju folgen yn har ideeën en winsken. De man hat romantyske ferwachtings fan in houlik, de frou sjocht it wat realistysker. De twa minsken passe net by inoar.

Alle oare saken dy’t Tromp ‘hinein ynterpretiert’ binne ûnbelangryk. De lêzer hat as lêzer allinne mei dat fallite houlik te krijen yn de roman. De lêzer kin him/har identifisearje mei de man en de frou; by heel wat gefjochten foar in skieding lizze libbens fan de eks-partners even yn gruzels. Soms ek noch in skoft dêrnei.

It skriuwen oer dizze saken begûn benammen yn dy sechtiger jierren, sels en foaral yn autofiksje. Bûtenliterêre oarsaken yn ien of beide partners dy’t net op it aljemint komme yn de roman – ek net yndirekt – hat de lêzer neat mei te krijen.

Foar myn eigen roman Sliepe yn spinreach (1975) hat de oanlieding de selsmoard west fan in leave freondinne in pear jier dêrfoar. De roman giet net oer dy selsmoard – ik haw yn petearen oer de roman dat aspekt nea neamd. Tromp bringt dêrtsjinoer eleminten yn It lyk wurdt oantaast dy’t mei dat boek neat te krijen hawwe.

Hylke Tromp is yn syn analyse fan It lyk wurdt oantaast by oare kritisy op syk nei de term autobiografysk – ‘se rinne yn de fâle fan it autobiografyske, se identifisearje de skriuwer mei de haadpersoan, se beoardielje de roman as autobiografysk’, en dat is der neffens Tromp fier by troch. Hy ferjit foar it gemak dat Piebenga sels fakernôch ferkundige dat er autobiografysk skreau. Wat soks dan ek mar ynhâlde.

Dat sykjen nei autobiografyske eleminten hat mei literatuer sa’t Tromp seit neat te krijen. Ik ûnderskriuw dat folslein! Allinne, Tromp wol hawwe dat oare bûtenliterêre eleminten as autobiografyske in rol spylje, en dan fersile je yn deselde patsitewaasje – wat is noch autobiografysk en wat net, en wat moatte je as lêzer mei eleminten, dy’t der net yn stean mar bûtenliterêr in rol spylje?

Tromp stelt dat gjin resinsint de kearn fan de roman It lyk wurdt oantaast sjoen hat – Anne Wadman, Marten Sikkema, Jo Smit, Ko Pop en Trinus Riemersma om mar in pear te neamen. Tromp leit út:

‘De wierheid fan It lyk wurdt oantaast wurdt foarme yn de holle fan de lêzer’. En noch eat dat gjin mins seach: ‘Piebenga stelt dat eltse frou by eintsjebeslút wat hat fan in hoer’ – as opdracht foar yn it boek.

Dat ferwiist neffens Tromp nei in útspraak fan Strindberg – Yn elke frou sitte twa Maria’s, in Maria Magdalena en in Maria, de Mem fan God. Dêr giet it yn dit ferhaal dochs om?’

De wierheid dy’t yn myn holle foarme wurdt hat mei dy fan Tromp neat te krijen – ik ken de problemen fan in poermin houlik, faaks leit it dêr oan.

Ik wit net wêr’t Piebenga de namme Strindberg falle lit, mar net yn de roman sels. De niisneamde kritisy ha letteren studearre, mar nimmen hie in assosjaasje mei Strindberg. Yn 1968 ferskynde yn in oersetting fan Rita Törnqvist fan Strindberg yn it Nederlânsk Huwelijksverhalen, itselde jier dat fan Piebenga It lyk wurdt oantaast ferskynde.

Strindberg hat it essay It ynferieure fan de frou skeaun, dêr’t hy syn problemen mei froulju beskriuwt. Ek binne der brieven ferskynd dy’t hy oan in pear fan syn froulju stjoerde, oersetten yn it Nederlânsk foar de searje Privé-domein yn 1990.

It is mooglik dat Tjitte Piebenga de skriuwer Strindberg nijsgjirrich fûn, benammen troch syn toanielstikken, en troch de ferhalen oer syn houliken. It kin wêze dat er beynfloede is troch Strindberg, mar dat hie Tromp dan mei foarbylden oanjaan moatten yn syn essay. Yn de roman fan Piebenga sjoch ik dat net. It boek giet net oer de Maria’s fan Tromp, ek net yndirekt of yn de foarm fan metafoaren.

De pear yn it Hollânsk stelde brieven oan Astrid (dy’t der wat by hingje), sa’t ek Strindberg brieven skreau oan froulju, moatte oanjaan neffens Tromp dat de kearn fan it boek giet oer de minske as in riedsel foar himsels en de oaren. Mei dit mânske wrâldklisjee wol Tromp bewize hoe grut dizze skriuwer en dizze roman binne. Ek hjir hawwe de besprekkers dat net sjoen. Ek Trinus Riemersma net. Dy sjocht oare saken:

‘Yn dizze roman sjogge je ik- en hy-fertellers, en noch in oare ‘ik’ dy’t in boek skriuwt. Yn de literatuerkrityk bliuwt it skriuwproses as sadanich bûten de diskusje’, seit Riemersma. ‘De ‘ik’ is de skriuwende skriuwer dy’t sûverein alle kanten út kin yn syn eigen boek – yn feite in ik-auteursboek, en him ferienselviget mei de ik-persoan. Hy kin him ek foardwaan as personale en neutrale ferteller’. Yn feite seit er dat it autofiksje is wat hjir yn dizze roman skreaun wurdt.

Yn in brief oan Riemersma yn myn boek Frozen moonlight yn myn hannen (2013) haw ik beskreaun wat dy autofiksje ynhâldt. Jerzy Kosinsky hat yn 1965 mei The Painted Bird/De Ferve Fûgel autofiksje skreaun, ek it neologisme betocht foar ditsoarte literatuer. Piebenga en Kosinsky wiene fan deselde leeftiid, en Piebenga sil faaks it wrâldberoemde boek lêzen hawwe.

De ‘ikken’ fan de skriuwers binne net subjektive ikken dy’t mieningen yn it boek ferkundigje, se hoege net lykop te rinnen mei dy fan de skriuwer.

Mei Riemersma fyn ik de dialogen yn It lyk wurdt oantaast – 9 kear – sterk skreaun en goed ferdield oer en opboud yn it boek – se jouwe treflik wer hoe’t de sfear is. Yn dizze dialogen wurdt hast mear ferteld as yn de oare dielen.

De 9 leafdesfersen oangeande de frou stekke der meager by ôf, sa’t ûnderskate besprekkers oanjouwe. Riemersma pleatst dizze roman tusken de rige fernijingen: quatrebras, fersen miedema, leafdedea, de smearlappen, en Fabryk.

 

Novelle ‘Retoer juster’ – fenomenaal literêr wurk
Guon teoretisy wolle de fiksje fêstkeppelje oan de persoan fan de skriuwer – in lykskeakeljen fan de fiksje fan it ferhaal en it eigen libben. De moderne skriuwer hat dêr gjin boadskip oan – dizze autofiksje neffens de oanpak fan Kosinsky is nij, en Piebenga hat dat yn Fryslân mei stal jûn. De fraach autobiografysk of net is net oan de oarder – sa’t Piebenga sels miende, en dêr’t Tromp him yn neifolget – want de lêzer is der net mei dwaande. Yn in biografy kin letter eventueel nei foaren komme oft de skriuwer it eigen libben brûkt hat yn syn fiksje, c.q. de autofiksje.

De saneamde trauma’s út de jeugd fan de skriuwer Piebenga – dêr’t Tromp de klam op leit – spylje yn de roman It lyk wurdt oantaast gjin rol. Gjin Maria’s, gjin Grykske goaden, gjin heiten, neat fan dat alles. Likemin yn de novelle Retoer Juster. In havolearaar fan 49 jier is de haadpersoan. Hy is berne yn 1920, en hat tusken syn 20e oant syn 25e yn it ferset sitten. Troch him is in Ingelsk/Amearikaanske piloat yn hannen fan de fijân fallen, en letter binne twa lju fusillearre, neidat de ik mei oaren in distribúsjekantoar oerfoel en guon dêrnei pakt waarden troch de Dútsers.

It skuldgefoel spilet nei 25 jier noch sa no en dan op. Mar der spylje noch wat oare saken. Foardat er mei fakânsje giet nei Spanje wol er hjir ynienen mei lykbreidzje. De iene skuld is net de oare docht bliken. De peseta’s wurde wer ynlevere. Earst skjin skip, dan fakânsje.

Hoewol’t Tromp ek hjir besiket alle trauma’s fan de skriuwer op it kleed te bringen is de novelle Retoer Juster in skitterjend foarbyld fan wat Tjitte Piebenga as skriuwer koe.

Yn romans fan Piter Boersma wurdt heel wat ôfdûnse, yn dizze novelle spilet in reade twoseater sportwein mei iepen dak in essinsjele rol. It is in Alva Romeo Veloce – in speedy car dy’t as alle Romeo’s ferliede en feroverje wolle.

Dit is de auto fan de dandy, fan de showman, dêr’t snelheid, graasje, estetisisme, en puer geniet fan skientme foar master opslane. De ik-persoan is fassinearre troch de auto, sa’t ea James Dean troch syn sportwein yn syn films begeistere wie.

De nammeleaze haadpersoan hy is fereale op syn Alva Romeo, fereale op de snelheid, op it racen op de râne fan libben en dea. De auto, de sigaret, de snelheid en it smoken krije hjir magyske betsjuttings. Doe’t ik dizze novelle lêzen hie seach ik Tjitte Piebenga foar my yn sa’n auto op it Sweinzer dykje fan oardel kilometer fan Peins nei de strjitwei (Sweins) jeien, yn gedachten en yn bylden, en ik sei by mysels –

Hjir rydt de James Dean fan Peins. Prachtich.

… Hy seach fan sân heech op syn auto del; de sigaret bongele op syn ûnderste lippe; it portier mei in smak efter him yn it slot smitend; tearde himsels yn it sittinkje fan de alva; begûn de motor te âljen; liet er de alva foarút springe; slippend de dyk opdraaide; dêr’t de toereteller stadich omheech klom; de snelheidsmeter krekt op de hûndert en sechtich hâlde; remme fûl, mei knipperjende remljochten en it piipjen fan bannen;

loek mei de razende útlaten wer op; hy smookte, de peukjes foelen sûzjend op it kroas yn de grêft; de earm los oer de sitting nêst him; syn rjochterhân hinge slop op it stjoer, in sigaret rikjend tusken de fingers; hy skode de fersnelling stadich nei ien, kalm loek er op, wylst er in lêste, lange haal oan it peukje die; hy stapte út de auto sûnder it portier op slot te draaien;

hy spuite oer de bochtige dykjes; de wizers fan de toereteller foelen triljend as er skeakele; de útlaten knetteren en gûnzen as er wer op skeakele; syn fuotten boarten mei de pedalen; de motorkap kaam ynienen omheech as er gas joech of foel del as er remme; hy helle de dyk yn; wyskes dy’t út de lûdsprekker skeaten; de doarpkes kantelen oer de sydstilen fan it foarrút en ferdwûnen oer de rânen fan it spegeltsje;

de wyn sloech âljend oer it foarrút hinne en twirre koel troch de cockpit; hy remme ynienen en swaaide de alva romeo in daam yn; hy draaide it kaike om, de motor gisele in pear slaggen nei; hy hise himsels oan de bopperâne fan it foarrút omheech en stoep oer de foarste bankjes hinne; mei de skonken op it smelle eftersittinkje liet er him op de bagaazjeromte sakje; stadich stiek er in sigaret oan;

hy stiek de safolste sigaret op; stadich swaaide er syn skonken oer de râne fan de alva; hy parkearde de alva romeo veloce yn in daam; hy stiek in sigaret oan; hy loek de kop fan de alva omheech; mei lytse gebearten die er it portier op slot; legros beseach it dashboard en it swiere lear; syn eagen giene oer de meters en it hout;

ik kin my sa’n wein permitearje; eagen oer de lúkse fan de cockpit; hy loek it portier mei in fûle slach ticht; de bannen fan de alva songen oer it grize asfalt; fier foar de reade motorkap út dûnsen ljochte plakken; hy seach yn it spegeltsje dat ûnder de kop yn it timpere ljocht noch fûl skittere; hy taaste boppe foar syn holle nei it hânsel dat de kap losflipte; mei in lichte klik sprong it portier iepen; hy helle it linnendakje efteroer en klikte it yn de pinnen dy’t it efter de sittinkjes festhâlden …

 

Boartsjend mei stjoer, pook, gas- en rempedalen


… Oan de bermkant hinge er mei syn efterein tsjin it rjochterportier oan; hy helle in sigaret út in sydbûse; hy smiet it jaske efter de sittinkjes op de boaiem fan de alva; hy rûn om de alva hinne; hy stapte laitsjend yn en sloech it portier mei in klap ticht; hy starte oerdwealsk de motor en smiet de wein fluch yn de earste fersnelling; de efterbannen skuorden de sjedden út de berm; de bochten kamen rûch op him ta, hy wie se treast, syn hannen los op it stjoer, syn fuotten fluch op de koppeling, de pook klikjend fan fiif nei fjouwer en werom;

hy flitste hast op twa tsjillen troch de bocht; hy stapte rimpen op de alva ta; doe’t it portier achter him tichtsloech begûn de motor te âljen; hy stapte om de auto hinne, it ljocht sloech fûl yn it foarrút; hy stiek de dyk oer nei de reade alva; hy ried stadich it strjitsje yn, sette de alva ticht nêst de hage; it ferknûkele jaske fiske er efter de sittings wei, nêst de auto die er it oan; mei in klap loek er it dak út de pinnen en klikte it fêst, dêrnei draaide er de ruten fan beide portieren omheech;

hy smiet de alva romeo veloce yn de heechste fersnelling …

 

Dan mei haadstik 14 begjint de ynlieding nei de lêste haadstikken – in goeie 20 siden – dêr’t de frou Joke – in âlde leafde út de besettingstiid doe’t de hy flechte wie foar de Dútsers en net werom doarde nei syn baas yn it ferset – in haadrol spilet.

De Alva Romeo wurdt dan yn trije siden beskreaun, en fljocht as ‘in fleanende atlas mei in raket tusken de skonken, in spoar fan ljocht achterlittend, mei jankende motor, lûd klaksonearjend ynheljend, dêr’t de auto’s lytser wurde yn it spegeltsje, de noas pal op it loftertrottoir, doe’t er it gas oan de planke ta yntrape, skreauwend foarút’.

Freud is hjir net noadich. Hy is op wei nei in âlde leafde fan 25 jier ferlyn – dit is genietsjen fan styl en metafoaren:

 

… de alva kreake yn de fearren, de noas dûkte nei ûnderen; hy smiet him yn de twadde; hy liet de alva wer foarút stowe; de motor hâlde op fan grommeljen; hy sette de alva yn de berm, draaide it kaike om en loek de hânrem oan; hy taaste yn it boarstbûske, mar liet de sigaretten gewurde;

hy draaide him yn it sittinkje nei de tún fan Joke ta, wylst er de sinnebril op syn foarholle drukte; hy stiek in sigaret op en stapte út; hy rûn om de auto hinne, gie op it reade achterein sitten, mei it gesicht nei de tún ta; mei de sigaret noch tusken de fingers treau er de sinnebril wer foar de eagen;

by de alva lei er de hân op it portier en liet it mei in klik fan de kruk iepenslaan; hy starte de motor, dy’t lûd grommeljend oansloech; hy seach noch efkes fluch fansiden, foar’t er de koppeling komme liet; doe gjalpe de alva romeo veloce foarút; de útlaten knetteren en de wizer fan de toereteller stie fier yn it read, doe’t er de autowei opgisele; hy lake; ik helje mysels wat langer wat mear yn, aanst rin ik tsjin mysels oan; ik libje noch lang en gelokkich, boargerlik ideaal ferjamme, mar wat wol men oars? …

Yn Retoer Juster spilet de alva romeo veloce yn sân fan de 20 haadstikken in essinsjele rol. Tjitte Piebenga hat hjir yn de beskriuwing fan de alva romeo in foarbyld jûn fan hoe’t je yn ‘e besnijing komme kinne fan sa’n auto. Hy hellet alles út de kast om de graasje, de skientme, de pracht, de snelheid en de linen fan de auto te beskriuwen.

De hy-persoan frijt mei syn beauty. It is de tarieding foar de haadstikken 17, 18 en 19 dêr’t er yn in flash back en yn de wurklikheid fan it boek 24 oeren letter mei deselde frou frijt. De hy hat gjin frou en giet yn syn gedachten werom nei de frou dy’t er op de ein fan de oarloch kennen leard hat – in ûnderdûkster. Hy hat har doe samar sitte litten, mar it wie wol in hele djippe leafde – fan beide kanten. Lize yn syn 4havo liket op har.

Dizze novelle is skreaun as in filmskript, dêr’t de alva in haadrol hat, as metafoar foar in leafste en it libben. In Françoise Sagan hat sawat itselde dien yn in pear koarte romans. Sijsels en har haadpersoanen wiene ferslaafd oan flugge auto’s. Oft Piebenga sels gek wie fan speedy auto’s is my net bekend, mar hy skriuwt yn dizze novelle prachtich en mei kennis fan saken oer de alva. Siden en siden achter elkoar.

Tromp seit: ‘De emosjonele betsjutting fan it ferhaal is autobiografysk, wylst de feiten fiktyf binne’. Dat flokt, want it is yn himsels tsjinstridich. As skriuwer kinne jo emoasjes hawwe by wat je fertelle, mar dat hoecht net autobiografysk te wezen. De waarme emoasjes oangeande de alva romeo werken ik as lêzer, omdat ik fan sierlike flugge sportauto’s hâld, en omdat it masterlik ferteld is. De metafoar fan de auto is yn dit ferhaal dúdlik. Ik sjoch de trauma’s fan Piebenga dêr’t Tromp nei ferwiist net yn dit ferhaal. Ik hie it sels skriuwe kinnen. Oaren hawwe likernôch sa oer in auto skreaun.

Tromp: ‘Sawol de haadpersoan as de skriuwer sitte oantangele mei in netferwurke ferline’. Lêzers hawwe ornaris gjin boadskip oan net ferwurke ferlines fan skriuwers, en om hjir skriuwer en haadpersoan as ien en deselde te omskriuwen is absurd – de haadpersoan is fan 1920, Piebenga is fan 1935, de haadpersoan hat yn it ferset sitten, Piebenga wie op de ein fan de oarloch 10.

Ik fyn sa’n stelling fan Tromp in ûnderwurdearring fan de kapasiteiten fan de auteur. De hy sit mei fragen oangeande 25 jier ferlyn. Ik fyn dit heel sterk beskreaun. It is in skript dat sa brûkt wurde kin foar in film – de alva as ferfangster foar de jonge Joke en foar de âldere Joke, dy’t letter Lize hjit.

Dat it oarspronklik ferhaal eindiget mei de dea fan de sjofeur fan de alva , meidat er op in ûnferljochte molkwein fljocht, parallel oan de dea fan de leafde foar en mei Joke, hie yn de film net misstien. Opsetsin of tafallich is fan gjin belang.

Yn har earste roman Bonjour Tristesse (1954) hat Françoise Sagan dy oplossing folge – Anne (42), de freondinne fan de heit (42) fan de haadpersoan Cécile (17), ferliest op in nacht yn in skerpe bocht de macht oer it stjoer en rydt in ravyn yn fan 50 meter djip. Se hie merkbiten dat Cécile har heit wer omsloech mei in âlde leafde (Elsa, 27). Suicide?

Ein 1e printinge Retoer Juster:

… lang libje de libbenen, godferdomme lize, ik kom, set it berenburchje mar klear of it pilske, op myn njoggenenfjirtichste bin ik jong wurden. Net ien hearde de klap, dêr’t er mei op de ûnforljochte molkwein fleach.

Peins/Ljouwert, 18-6-’69.

Nije wike it lêste diel fan de bydrage ‘Sammele wurk Tjitte Piebenga troch de eagen fan in oare Peinzer skriuwer’ troch Josse de Haan. Klik hjir foar diel ien.

Nettsjinsteande in skriftlik goedfinen hawwe de Erven Piebenga de tastimming ynlutsen nei it lêzen fan ientredde part fan it essay, sadat dit artikel net mear folslein oanjaan kin hoe’t Peins in wichtige rol spile yn syn wurk. (JDH)

Comments
Ien reaksje oan “Sammele wurk Tjitte Piebenga troch de eagen fan in oare Peinzer skriuwer (2)”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.