Sammele wurk Tjitte Piebenga troch de eagen fan in oare Peinzer skriuwer (3)

JOSSE DE HAAN – 

Tusken libben en dea – Op libben en dea
Tromp sjocht profetyske sinjalen yn in autokresj nei in boekebaljûn yn oktober 1969, dêr’t in auteur T.P. op de moarntiid dêrnei in auto oan barrrels riidt yn L. De novelle Retoer Juster wie yn 1969 ferskynd.

De heit fan de skriuwer, Haring Piebenga, fleach ris yn de fyftiger jierren yn syn auto as in gek troch Peins – by de skoalle lâns, oer de brêge, troch de buorren, by de smid lâns, by Fogel om ‘e hoeke, lâns de kroech – en rekke op ’t lêst by Dillymop de plysje yn ‘e feart. Op ‘e midden fan de dei, en gjin drank yn ’t spul. Ferklearring H.P. oan Dillymop: ‘ik trape as in gek op de rem, mar neffens my is dy yn in gaspedaal feroare’.

Yn 1995 nei in boekoanbieding yn Peins (!) – ljochtmoanneboekje KU op njoggen septimber (Fyts mei wynflessen)– haw ik de nachts itselde meimakke yn L. as de auteur T.P., mar dat boekje gong net oer flugge alva’s, it hie earder te krijen mei BB. Mei oare wurden, Fryske boeken binne gefaarlik, en benammen Peinzer skriuwers, as se achter it stjoer krûpe.

Françoise Sagan hat prachtich oer de ‘snelheid’ skreaun yn har boek Avec mon meilleur souvenir, 1984 Gallimard – Privé-rige AP, 1985:

‘De snelheid fan jankende bannen ferwaaie it fertriet fan de leafde dy’t net beantwurde wurdt, dat minder wurdt by 200 km de oere. Wa’t nea it gefoel hân hat dat syn bestean sinleas wie sûnder de ‘oare’ en tagelyk net syn foet plante hat op in gaspedaal, wa’t nea de oantrekkingskrêft ûnderfûn hat fan de neite fan de dea yn in speedy auto, dy hat nea fan snelheid hâlden, dy hat nea fan it libben hâlden, of oars faaks wol nea fan immen hâlden – dat deadelik genot’.

Sagan ride yn in MG of in Aston Martin. Op 14 april 1957 ride se har Aston Martin mei 150 km de oere total loss – se helle it by dea fuort. Sagan wie fan itselde jier as Piebenga (1935).

Piebenga beskriuwt it boartsjen mei de Alva Romeo op in magistrale wize, sa’t dêrnei it boartsjen troch ús Romeo mei it frommeske Joke yn de flash backs en yn de realiteit fan 24 jier letter yn it boek heel tear beskreaun is. De ik-persoan ferskaft klearrichheid oer syn ferdwinen in fearns ieu ferlyn. Jo fiele yn de beskriuwing de langst fan doe en dy fan it no. Mar it is te let – Joke hat bern en in man. De ik nimt ôfskie nei de ultime frijpartij, en rint nei it substitút Alva Romeo. Dy spuitet fuort mei 160 en giselet de siedden út de berm- op nei Lize!

Ik werken dizze fassinaasje foar sa’n twoseater – op myn 19e haw ik ris mei in Ljouwerter frommeske dy’t sa’n MG hie in wykein nei Amsterdam west – neitinzen oan de smelle richel tusken libben en dea op de Ofslútdyk kin ik sa oproppe. Mei myn DS (Déesse) haw ik midden 80-er jierren dy ûnderfining nochris hân – doe ride ik sels. It silen oer de diken, it widzjen tusken de wite streken, it razendfluch oprôljen fan de wite middenstripen, en it boartsjen mei stjoer, gas- en rempedalen. It is genot, it is ekstaze, dêr’t gjin oar genotmiddel tsjinop kin – noch krekt gjin orgasme.

 

De rook fan mesjester
Ien achtste part fan it proaza fan Tjitte Piebenga hat te krijen mei de oarloch en de gefolgen – in goeie fyftich siden fan de fjouwer hûndert en fyftjin dy’t publisearre binne. Fan de 23 ferhalen – bondele en netbondele – giet in tritich persint oer de ‘oarloch’.

Tromp leit yn syn essay de klam op de ‘oarlochsferhalen’, op it autobiografyske en op de trauma’s fan de skriuwer. Foar my springe de ferhalen oer sadistyske spultsjes, it gnidzjen fan famkes en jonges en it geweld der út. Dy saken haw ik as doarpsjonge yn Peins meimakke, it doarp dêr’t ek Piebenga as puber opgroeid is – en oer skreaun hat. Hjir in pear sels meimakke foarbylden:

 

Nijjiersdei ’48 kaam in kloft jonges en famkes fan trettjin oant sechtjin/santjin yn de buorren op my ta mei in doaze. Ik wie hast sân. Se hiene in nijjierskadootsje foar myn pake dy’t slim siik op bêd lei. Hy koe net mear prate troch keelkanker. Myn muoike en har man en twa bern wennen by de âldman yn.

Ik naam de doaze yn myn hannen en brocht dy nei it hûs fan myn pake en dy. Syn dochter die de doas iepen, en doe fleach der in ka de keamer yn, by de ruten omheech, gerdinen skansearjend en mâl jankend. Fan ús heit krige ik letter in pak op ‘e bealch doe’t se it him fertelden. De âldman hie it wol bestjerre kinnen.

Oer wat der mei kikkerts op in skoalplein barde haw ik wolris skeaun. Oane P. waard fêstbûn mei in ein touw en yn in droege sleat smiten. Doe miigden in stik of wat opslûpen jonges oer him hinne. Hy wie sleau, gong nei de blo yn Frjentsjer en stie dêrtroch wat bûten it doarpslibben.

Simmers barde it gauris dat oan de bynstôk fan in heawein in broekje bongele mei in kaartsje – broekje fan Sjouk, fan Suk, fan Afke, fan Dut, fan Martsje, fan Foly, fan Anny en noch wol mear fammen út it doarp. Se wiene achterbleaun yn it hege gers nei frijpartijen yn de maitiid, óf de ûngetiders hiene it foar in part betocht út nocht oan ûnnocht.

Op snein waarden út en troch de jonge griffo’s út S. en K. te grazen nommen as se nei de sneinsskoalle gongen de middeis. Ien kear waard famke R. fan in jier of fyftjin/sechtjin fan har fyts plukt en achter de bakker troch trije jonges ‘behannele’. Dêrnei waard se nei it fine tsjerkje stjoerd mei de wurden: ‘ast wat fertelst pakke we dy aansens wer.’

 

Wreed, sadistysk, gnidzjend en foaral gewelddadich en rûch. It komt allegearre werom yn de ferhalen fan Piebenga. It tilt op fan bloedlippen en bloedbekken. Ik like wol oft de jonges dy’t de earste helte fan de tritiger jierren berne wiene troch de oarloch alle noarmen brúskearden, wyld wurden wiene. De fammen diene der net foar ûnder, mar wiene net dwaande mei wrede spultsjes. Se hiene wol sjoen hoe’t guon folwoeksen froulju maklik mei Dútse soldaten omgongen, of yn ’t algemien gjin remmen mear hiene en de skonken spraten.

 

Beskaving fan goeden en ferkearden
Dit hie mei ‘foute’ heiten neat te krijen. As opgroeiende puber yn Peins fanôf 1948 hat Tjitte Piebenga in rol spile yn it doarp. It sil sa wêze dat er guon facts letter yn syn fiction brûkt hat en ta autofiksje makke. Iksels haw soks – goed fiif jier jonger dat ik wie – op myn eigen wize yn myn wurk dien. Berne yn ’41 hear ik by in oare generaasje.

Foar Tromp hearre de ‘oarlochsferhalen’ ta de kearn fan it proaza fan Piebenga. Hy ynterpretearret fanút dat point of view. Sels it titelferhaal De rook fan mesjester wurdt in ûnderdiel fan de teory fan Tromp: ‘wêr leit de krekte grins tusken skuld en ûnskuld?’

It jonkje akseptearret shag fan de pedofyl, neidat er him brûke litten hat. ‘Deselde tematyk’, neffens Tromp, ‘spilet yn it ferhaal Kooks, dêr’t it jonkje sels straft’: hy knypt Reina sadistysk yn de kut. Soks hat neffens my neat te krijen mei skuldich of ûnskuldich. Dit is gewoan sadistysk gnidzjen, sa’t it yn mear ferhalen nei foaren komt.

It ferhaal oer de pedofyl hat ek neat mei de oarlochstematyk fan Tjitte Piebenga (optyk Tromp) te krijen – de haadpersoan Herman yn it ferhaal operearre yn al de doarpen om P. hinne.

Yn myn eigen roman Piksjitten op Snyp stiet in haadstik mei de titel De rook fan de kul moat ôfstjerre, dat oer sa’n selde Herman giet – yn myn roman hyt er De Jap. Ien fan dy Hermannen emigrearre nei Argentynje – oars hiene se him fersopen yn ‘e feart – de oare bleau libjen, omdat er mei jild, shag en oare saken struide. Is it slachtoffer fan in pedofyl skuldich? It hinget der mar fanôf hoe’t jo teory en opfetting klinke. Neffens guon lju binne froulju sels skuldich as se reept wurde, en foar lytse jonkjes jildt dat neffens Tromp dus ek.

Oer it ferhaal Flaggen beweart Tromp dat it jonkje fan 10 jier ‘sjen litte wol dat it net in bewiis fan beskaving wie yn de oarloch oan de goede kant stien te hawwen’. Ik stel fêst dat in jonkje fan tsien sokke abstrakte tinzen oer beskaving noch net hawwe kin, en fierder moat hjir dan dochs frege wurde oft de goeien en de fouten like ûnbeskaafd wiene, of dat de beskaving oan de ‘foute’ kant ferkearde – mei oare wurden, mei hokker kriptyske tekst ha we hjir te krijen?

In nijsgjirrich ferhaal is dat oer Hanneke – neffens Tromp oer wierheid en foaroardielen. Neffens my is it in ferhaal oer jonges dy’t frij wreed mei elkoar omgeane – Pier skopt Pyt krekt sa lang foar syn bek en yn de mage oant him it bloed út de mûle rint. Sadisme en wreedheid slane foar master op. It bloed rint troch de buorren yn de ferhalen fan Piebenga – sa’t Hemingway oer it bloed fan de bollen en de ‘helden’ yn de strjitten fan Pamplona skreaun hat (dat bloed yn dy strjitten sjogge je oant hjoed de dei ta).

It kontrast tusken de ynwite Hanneke dy’t foar it rút leit yn it foarein fan in buorkerij, en dea gean sil, en de achterbakse gnizerige Pyt mei syn reade bloedbek en de wrede Pier is sterk beskreaun. De ik-persoan is hantlanger sa’t faker bart yn de ferhalen. Dizze Pyt is troch Piebenga op in magistrale wize sketst, hy komt yn mear ferhalen foar, in gnizer dy’t it altyd op de swakste fersjoen hat.

Hjir noch in anekdoate om dizze autofiksje wat boddy te jaan:

yn Peins lei in pear jier Cecilia foar it finster yn it foarein fan in kop-hals-romp buorkerij. De húsdokter D.O. kaam elke wike del. It wie it iennige hûs dêr’t er syn hoed ôfnaam – in grutte boer fan wa’t it famke dea gean soe.

 

Literêre karaktermoard troch Riemersma?
In ferhaal dat der neffens my fier útstekt is De mantel fan de leafde, dat op in Mulo spilet – yn de net bondele ferhalen. It hat wol in Relypriis wûn yn 1972. Dit is ien fan de geefste leafdesferhalen oer in jonge fan in jier of fyftjin. Piebenga wit yn dit ferhaal heel subtyl oan te jaan hoe’t in learaar ten koste fan in jonge him sels populêr meitsje wol, troch dy jonge foar skut te setten. It famke is solidêr mei de fereale jonge.

Tromp dy’t helendal ferbline is troch it trauma fan de nsb-heit, sels sa fier giet, dat – ‘de unskuld fan it bern dat maltrettearre wurdt yn in wrâld dêr’t de leafde bûn is oan ferkearden, en de goeden like ferkeard binne as de fijan’, it tema is dat alle ferhalen ferbynt. Tromp hie Lolle Nauta better lêze moatten (cq. sitearje) yn syn ynlieding op it harkspul fan Piebenga. Nauta seit: yn in ferkearde wrâld is er de goede minske, en hy moat dus ûnnoazel wêze, omdat men allinne as ûnnoazele goed wêze kin. Der sit ferskil tusken de ûnskuld fan in bern en de spile of echte ûnnoazelheid fan in folwoeksene. It ferskil tusken ien dy’t in Joad ferrette en ien dy’t in joad ûnderdûke liet is foar my it evidinte ferskil tusken goed en ferkeard – hoe ûnnoazel dy goede dan ek wêze mei.

It opgroeien as puber sa’t Piebenga dat beskreaun hat yn it ferhaal is tige werkenber. Op sa’n selde Mulo dêr’t Piebenga oer skriuwt haw ik identike gefallen meimakke en sjoen. Ek letter doe’t ik sels lesjoech op in middelbere skoalle barde it wol dat foaral muoilike bern pakt waarden yn har gefoelens – leafde, fertriet, wille (bgl. Karin Bloemen, Cees Geel).

Tromp wol hawwe dat Trinus Riemersma in literêre karaktermoard op Tjitte Piebenga pleegd hat. Riemersma wol net leauwe dat de problematyk fan in jonkje – de haadpersoan yn de ferhalen – te krijen hat mei it oarlochsferline fan de heit fan dat jonkje. Yn myn optyk giet dy stelling fan Tromp fierste fier, want yn mar tritich persint fan de ferhalen giet it oer de hâlding yn en nei de oarloch. Riemersma hie dy oare ferhalen wat better lêze moatten en analysearje. Meidat elk him iderkear wer op dy oarloch blyn sjocht wurde de literêre juwieltsjes oer bygelyks in fereale puber oer de holle sjoen.

Tromp soe wolle dat Piebenga as proazaskriuwer wat mear wurdearring krijt. Ik ûnderskriuw dat, mar ek hy trapet wer yn dy fâle fan ‘it jonkje mei in ferkearde heit’. Ek hy is tefolle ôfgongen op de orale ferhalen fan en oer de skriuwer ynstee fan alles ris goed en sûnder foaroardielen te lêzen.

Ik leau bêst dat Piebenga lêst hân hat fan de opfettings fan syn heit, mar der wie folle mear. Hy hie noch twa mânske heiten om tsjin te fjochtsjen op it literêr kulturele mêd – Douwe Tamminga en Jan Piebenga. Dat gefjocht hat er nei de publikaasje fan De rook fan mesjester oerjûn – hoewol’t er noch wol heel wat publikaasjeplannen neamt yn syn lêste boek.

Ik fyn dat spitich, der hie folle mear yn sitten. Hy hat it net oandoard en skriuw yn autofiction oer de folwoeksen en ripe Tjitte Piebenga yn in roman, oer it opgroeien bygelyks yn in wrâld mei trije literêre ‘heiten’. Hy keas foar de skerpe, soms sels sadistyske besprekken fan proaza en poëzy yn kranten en tiidskriften. Mei Anne Wadman as foarbyld – mar dy hie Nederlânsk studearre – besocht er dy benei te kommen. Dat is him net slagge. Wadman wie subtiler (sjoch slachtsjen Holtrop).

It lyk wurdt oantaast, Retoer Juster, de harkspullen, guon koarte ferhalen en it kritysk proaza (dat spitigernôch net opnommen is) foarmje eigensinnige, mar heel weardefolle bydragen oan de Fryske literatuer.

 

Poëzy – Sonnetten van de smalle waan

Net sammele bondel fersen Tjitte Piebenga

Hans Andreus publisearre begjin ‘57 de bondel De sonnetten van de kleine waanzin. Tjitte Piebenga siet op de Herfoarme Kweekskoalle Mariënburg yn Ljouwert, en joech mei Mariënburg yn juny ’57 yn in oplage fan 250 eksimplaren de bondel sonnetten van de smalle waan út. As aparte útjefte fan de skoalkrante Rondom Mariënburg.

Tsien eksimplaren wiene foar de skriuwer. Piebenga hie de bondel sels ynbûn en yllustrearre. Tine Bethlehem, Frysk dichteresse, krige nûmer 3, sinjearre troch de dichter. Se siet yn Ljouwert yn de

Foarmingsklas (Húshâldskoalle), en trof Piebenga yn it ytkafee It fêste doel op ‘e Nijstêd. Bethlehem publisearre yn De Tsjerne, mar foar de Fryske Spegel fan de poëzy hie se gjin kwaliteit – neffens de ‘consultant Frisian literature’.

 

Earste fers yn sonnetten van de smalle waan:
zoveelvanmij

 

It bondeltsje bestiet út fiif sonnetten, en begjint mei in opdracht:

Geef acht op de stilte. Zij verraadt de eenzaamheid van de mensen. U allen haat de stilte, omdat ge angstig zijt uzelve de eenzaamheid te bekennen. Want ge zijt goede staatsburgers en goede leden van uw huisgezin.(VrijnaarAlbertHelman).

Yn 5 sonnetten wurdt de iensumheid ‘mei de dea omlutsen’ – it lêste fers is yllustrearre mei in krús. It fyfde sonnet eindiget mei:

 

‘toch heb ik tijd aan u verdaan

omdat u trachtte daar te lopen

waar ik allang niet meer kon staan’

It personifiëarjen fan de iensumheid yn dizze sonnetten, it skriuwen yn it Nederlânsk, it publisearjen yn 250-fâld foar in kweekskoallepublyk, it goed tapassen fan de technyk fan de sonnetfoarm, en de ynfloed fan Hans Andreus seit wat oer de jonge dichter (hy wie 21) Tjitte Piebenga.

It is ek nijsgjirrich hoe’t dizze lytse bondel opmakke is mei teksten út de wrâld fan medisinen. De literatuerlist bestiet út 16 titels fan boeken dy’t oer it bestriden fan pine geane. Yn dat opsicht heart dat folslein by de fersen, dêr’t de pine fan de iensumheid bestriden en begroeven wurdt.

Yn Tjitte Piebenga syn neilittenskip moat dizze bondel oanwêzich west hawwe. Ik begryp eins net wêrom’t dizze iere fersen negearre binne. It tema iensumheid dat doe al oanwêzich wie, komt yn it lettere wurk gauris werom, bygelyks yn de roman It lyk wurdt oantaast, yn guon ferhalen, en ek yn Retoer Juster.

Fierder kin en wol ik oer de poëzy yn it sammele wurk net in soad sizze – it essay fan Abe de Vries oer Piebenga’s poëzy is te smel en net echt djipgravend om op te reagearjen en kommentaar te jaan. Oft Piebenga echt tusken de tradysje fan de âlde garde en it eksperimint fan quatrebras yn stie sa’t De Vries ha wol set ik in fraachteken by.

Piebenga hat yn it begjin fan quatrebras meiwurke oan dat blêd. Doe’t se op in stuit in pear fersen wegeren – sa’t letter ek by De Tsjerne barde – ferbruts er de kontakten. Piebenga bewearde dat de Fryske poëzy út himsels fernije moatte soe, sûnder help fan de Hollânske eksperimintelen – c.q. quatrebras, en de tiidskriften dêre.

Yn it geheel fan de poëzyfernijing hat in man as Paul Rodenko mei syn essays baanbrekkend west. Ooiefaarkes as Tussen de regels, Nieuwe griffels schone leien, Met twee maten, en de blomlêzing plus ynlieding fan en op it wurk fan Gerrit Achterberg, Voorbij de laatste stad, hawwe heel wichtich west. Rodenko wie as gjin ien tige op de hichte mei de avantgardistyske poëzy yn Europa, benammen de Frânske. Tjitte Piebenga hie Rodenko net heech.

Hoe’t Piebenga hjir in eigen rûte fûn hat, en oft er yndied sa’n eigen rjochting ûntwikkelje koe, soe besjoen wurde moatte. It liket hast ûnmooglik dat je as dichter yn dy tiid sunder de essays fan Rodenko koene. Sels Riemersma – gjin poëzy-ekspêr – erkende de wearde fan Rodenko op it gebiet fan de moderne poëzy.

Op 16 febrewaris 1968, in dei nei de presintaasje fan de roman It lyk wurdt oantaast yn Passepartout te Ljouwert, begûn Operaesje Fers mei gedichten op de telefoan fanút Hjerbeam. De earste trije jier hat Piebenga gjin fersen levere, hy wie net sa entûsjast, net oertsjûge fan de demokratisearring sa’t de Telepoëzy propagearre. Letter hat er in tolftal gedichten foarlêzen. Bygelyks oer Audrey dat yn it sammele wurk stiet, sa’t fierder opnommen binne It paad, Jazz Club, Lette simmer op Koehoal, Ofskie, mar net Tusken Peins en Skingen, Sangen fan de dea, De wei nei de hel, Jentsje sei. Dat is spitich, want se hearre en passe folslein by syn oeuvre.

Fan de fersprate fersen hie in part wol skrast wurde kinnen – de imitaasje fan Paul van Ostaijen is swak, de balladen, de saneamde Frânsktalige, de-gek-oan-stekkerij oangeande Durk van der Ploeg binne minder as swak. Foar de net earder publisearre fersen jildt itselde.

Ynstee fan dizze diskutabele fersen hie it harkspul De flam en de jiske opnommen wurde moatten. Dit autofiksjonele spul fan dialogen dêr’t it geweld yn/mei taal in grutte rol spilet slút naadleas oan by de dialogen yn de roman It lyk wurdt oantaast. Ek by guon haadstikken yn Retoer Juster.

Fierder mis ik yn dit sammele wurk it kritysk proaza út Asyl. Ek dy stikken passe by it skeppend proaza – kwa styl en ynhâld. Faaks hat der ek noch kritysk wurk yn Prym stien, mar dat blêd haw ik nea lêzen. Opnommen by it proaza út Asyl hie moatten: Tsjerne Farwol, West Side Story, De salonfähigkeit fan De Tsjerne, Oan it uterste twiichje, In stream fan Lucht, Omsjen yn blidens, Eelkje of weromsjen yn lulkens, Lok en kreativiteit, Lytse bydrage ta de panyk om it Fryske toaniel, Mislearre spekulaasje, Tydskriften, Kritikus, Made in Holland.

 

kollaazje josse

Kollaazje Josse de Haan

 

Nijsgjirrich apart lyts oeuvre fan nivo
Mei it harkspul en it kritysk proaza soe noch mear de klam lein hawwe op it proaza dat neat te krijen hat mei oarloch en trauma’s. Wat de besprekken yn wykblêden en kranten oanbelanget hie in representative kar makke wurde kinnen, foaral oangeande de essayistyske stikken.

Troch mear wurk op te nimmen, hie oantoand wurde kinnen dat Hemingway, Updike, Fitzgerald, Capote, Claus, Wadman (kritysk proaza) en oaren ynfloed hân hawwe op Piebenga. Dêroer wurdt no neat sein – behalven troch Lolle Nauta yn ferbân mei it harkspul.

Tjitte Piebenga hat in lyts, mar apart en nijsgjirrich oeuvre neilitten. Neffens my is er tefolle – ek troch syn eigen ferklearrings – keppele oan ien aspekt: de ‘foute’ heit. Fan syn totale wurk giet op syn heechst in tsien persint oer dat ûnderwerp. Ynstee fan autobiografysk neam ik in part fan syn wurk autofiksje sa’t Jerzy Kosinsky dat neologisme yn 1965 yntrodusearre hat mei De Ferve Fûgel.

 

debuorrenpeins

De Buorren, Skoalbrêge en begjin Sweinzerdyk nei de strjitwei (Sweins)

 

Maijos Baita, Hendaye (France) – simmer 2014.

 

 

Dit is it lêste diel fan de bydrage ‘Sammele wurk Tjitte Piebenga troch de eagen fan in oare Peinzer skriuwer’ troch Josse de Haan. Klik hjir foar diel ien en hjir foar diel twa.

Nettsjinsteande in skriftlik goedfinen hawwe de Erven Piebenga de tastimming ynlutsen nei it lêzen fan ientredde part fan it essay, sadat dit artikel net mear folslein oanjaan kin hoe’t Peins in wichtige rol spile yn syn wurk. (JDH)

Comments
Ien reaksje oan “Sammele wurk Tjitte Piebenga troch de eagen fan in oare Peinzer skriuwer (3)”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.