Sammele wurk Tjitte Piebenga troch de eagen fan in oare Peinzer skriuwer (1)

Publisearre op 2 september 2014

JOSSE DE HAAN – 

Yn 2011 hat útjouwerij Bornmeer it sammele wurk (poëzy en proaza) fan Tjitte Piebenga útjûn. Yn in moaie kassette binne de twa dielen mei ynliedings fan Abe de Vries, Joke Corporaal en Hylke Tromp ferskynd. Yn de opnommen bylagen steane: 1). List fan fersen; 2.) Fersen alfabetysk op titel of begjinrigel; 3). Fotokatern mei famyljefoto’s; 4). Bibliografy en 5). Register op persoansnammen.

Joke Corporaal fertelt oer it libben en it wurk fan Piebenga, Abe de Vries skriuwt in essay oer de poëzy fan de skriuwer, en Hylke Tromp besiket in beskriuwing fan it neffens him wichtichste tema yn it proaza fan syn sweager te jaan – it ferhûddûke jonkje.

 

DOARPSGENOAT

myn kattepûl is stikken en it begjint to

reinen. de rútsjes sjogge swart ûnder it

tek wei. gerryt keart it kret om, de kij

balte al.

en hiel fier efteroan giet master om

salaris.

(tj.p. peins, ’71)

 

 

Ik haw nea oer it wurk fan Tjitte Piebenga noch oer syn persoan skreaun, ek net reagearre op de ‘behannelingen’ fan myn persoan troch Piebenga yn Prym of op oare plakken – ik koe him te goed. Yn Peins hiene wy jierren hast buorlju west.

Syn mem learde my op de legere skoalle it lêzen en it skriuwen, syn heit korrigearre myn earste roman Forneukte Stêd, 1972 – ‘do bist in Peinzer, en as it wat is doch ik it’, sei er, doe’t ik him frege. Op syn suster Anke haw ik jierren fereale west. Yn myn roman Piksjitten op Snyp hat myn ferteller it opnommen foar in man dy’t troch it grau opjeid wurdt (wat soms mei ‘foute’ minsken yn en nei ’45 barde).

Doe’t Tjitte Piebenga yn Peins kaam wie ik seis of sân, hy tolve of trettjin. Ik bin yn Peins berne en haw dêre 21 jier wenne, Piebenga in 30 jier mei inoar. Doe’t er nei Arum gong as skoalmaster yn 1959 wie ik achttjin en haw him dêre wol opsocht – ik fûn syn gedichten nijsgjirrich. Ek it tiidskrift Asyl, dat er mei Bauke de Jong opsette en yn Arum makke, spruts my oan. We hawwe dêroer yn it skoalhûs yn Arum diskusjes hân.

Meidat hy in fiif en in heal jier âlder wie, hie ik as jonge mei him gjin yntinsyf kontakt yn Peins, út en troch rekke er ris op ‘e tekst oer Hemingway, Claus en guon toanielskriuwers dy’t er goed fûn. My heucht in kear doe’t er appelbeamkes oan ús heit ferkocht. Ek oer Pound en Eliot, de favoriten fan syn heit, hie er it gauris. Hy kaam út in famylje mei boeken en kultuer.

Alles wat er (faak heftich) nei foaren brocht fûn ik doe ynteressant. Dat er simmers ferbûn wie oan in autoskooter wie foar my helendal it toppunt. Hawar, Tjitte Piebenga hat foar my in pear jier ynspiraasjeboarne west – as persoan en as skriuwer.

Doe’t ik wat âlder wie en op de kweek kaam, krige ik mear kontakt mei de famylje. Mei de jongere broer Edzard hie ik in Royal Enfield, dy’t faker stilstie as ride, fan de âldste suster Grite kocht ik foar de earste learkring (klas 1 en 2) fan de Rykskweek yn Ljouwert har boeken – sij wie trije jier âlder – Anke, de twadde suster gong wol mei nei feesten fan de kweek, en fan Haring Piebenga, de heit fan Tjitte, haw ik boeken te lien krigen.

Mei oare wurden, ik koe it libben fan Tjitte Piebenga frij goed. Syn wurk wie Peins, Peins en nochris Peins. In soad wat de haadpersoanen yn syn ferhalen belibben en úthellen hie Peins as achtergrûn. Autobiografysk? Autofiksje? Anekdoatysk faaks? Ik moast doe yn it begjin noch in hâlding fine oangeande dy ferhalen dy’t my sa ticht op ‘e hûd sieten. Ik moast ek mear kennis fan literatuer hawwe om antwurden te finen, om eventueel reaksjes op papier te setten. Dy antwurden haw ik no. It sil nimmen nij dwaan, dat ik it mei de trije ynlieders op it wurk fan Tjitte Piebenga net helendal iens bin – soms helendal net.

 

Peins – Keatse, aaisykje en reedride
Ast opgroeidest yn Peins dan moast as jonge op syn minst keatse, aaisykje en reedride kinne. Tjitte Piebenga wie gjin keatser, gjin aaisiker en op it iis ek net ien fan de fluchsten. Mei oare wurden, as jo gjin weiten hin wêze woene, dan moasten jo útblinke yn oare saken as keatsen, aaisykjen en reedriden om in plak yn it doarp ûnder de opgroeiende jonges yn te nimmen. Dy oare saken komme foar in part ‘letterlik’ en metafoarysk yn de ferhalen fan Piebenga werom.

Tjitte Piebenga hearde by de groep jonges dy’t fiif oant acht jier âlder wie as ik. Se koene ús dy’t jonger wiene net brûke as se ris wat úthelje woene.

Dochs kin ik heel wat ferhalen fan Piebenga dy’t spylje yn in lyts doarpke ien op ien lêze – ik werken de persoanen, de nammen dy’t brûkt wurde. Meidat soks net yn diskusje stiet – myn assosjaasjes binne foar elk fan myn generaasje út Peins falide – kin ik de ferhalen ek as ferhalen lêze, kin ik se as literatuer beskôgje, omdat ik as persoan net letterlik meidoch, der bûten stean.

It binne de nammen fan bern en folwoeksenen yn de ferhalen dy’t foar my mear betsjutting hawwe as allinne yn de stoarjes. Alles kloppet yn de ferhalen fan Piebenga, want ek ik haw bygelyks op de ‘Hoantsjepôle’ boarte, of op de Peinzer feart riden, en op de opfeart fan Peins nei Wallinga by ljochtmoanne – in frijplak foar spantsjes. Mar dat hâldt net yn dat myn ûnderfinings lykop rinne mei de literêre ynhâld fan de ferhalen fan Piebenga. De echte ‘Dut’ wie twa jier jonger as ik, de echte ‘Suk’ wie fiif jier âlder. De echte ‘Anneke’ dy’t op it omslach fan de twadde printinge fan It lyk wurdt oantaast stiet, wie seis jier âlder. Yn de ferhalen fan Piebenga spylje fammen mei dy nammen in literêre rol.

Yn dit ferbân is de ynlieding oer it libben en it wurk fan Tjitte Piebenga troch Joke Corporaal tipelsinnich en klisjeemjittich, opynje-befêstigjend. De skriuwer soe yn selskip gauris beweard hawwe dat er de soan fan de ‘ferkearde’ Piebenga wie (de goeie wie dan de broer fan syn heit, Jan Piebenga, haadredakteur fan de LC). Corporaal seit dat Tjitte Piebenga hyltyd konfrontearre waard mei de ‘foute’ kar fan syn heit yn de twadde wrâldkriich. Oant en mei de Rykskweekskoalle waard er as ‘lânferrieder’ en as ‘nsb-er’ narre.

Ik kin dizze feiten wat Peins oanbelanget net befêstigje – ik haw nea merkbiten dat de skriuwer en syn famylje troch de ‘foute’ kar fan de heit yn Peins skoudere waarden. Wat de Rykskweekskoalle oanbelanget kin Reinder van der Leest dy’t dêre twa klassen heger siet as Tjitte Piebenga him net heuge dat dy pakt waard troch de hâlding fan syn heit yn de oarloch. Reinder siet mei Tjitte ien of twa jier yn de skoalkrante ‘Monocle’ fanôf augustus ’53. Se hawwe dat blêd oprjochte. Meindert Bylsma en ik hawwe letter ek yn dy skoalkrante skreaun.

 

KULTUREEL KAPITAAL

it is sa’n spultsje sa’t beppe sei:

der steane hûndert mar der lizze wol

tûzend.

as it reint drippe de iperen beammen

sa lang nei.

oer de buorren waeit de rook fan grouwe

earte mei spek.

(tj.p. peins, ’71)

 

Tjitte Piebenga ferwiksele nei in pear jier de Rykskweek foar de Herfoarme kweekskoalle ‘Mariënburg’ yn Ljouwert. Syn âldste broer en âldste suster bleauwen op de Rykskweekskoalle yn Ljouwert. It sil in oare reden as pesterij west hawwe dat Piebenga de Ryks ferliet. Yn 1957 begûn ik op dyselde Rykskweek.

‘Yn 1959’, skriuwt Corporaal, ‘waard Piebenga it op ien nei jongste skoalhaad fan Nederlân (hy wie 24), de jongste wie syn broer yn Bears’. Neffens my moatte je gjin myten kreëarje noch yn stân hâlde: jo koene pas haad fan in legere skoalle wurde as jo 25 wiene, ûnder 25 wiene jo waarnimmend haad. Iksels hie ek frijstelling fan tsjinst lykas Piebenga, meidat ik op in ienmansskoalle wurke, en waard op myn 21e waarnimmend haad yn Hjerbeam. De jongste? Mei oare wurden, we ha neat oan geswets, biografyske beskriuwers moatte neirinne oft feiten klopje. Mear saken oangeande it libben fan Piebenga hat Corporaal net goed tsjekt.

Se skriuwt ek dat Piebenga yn 1966 ûntslach naam as haad fan de iepenbiere legere skoalle fan Arum, omdat er psychology studearje woe yn Grins. Mar ast lykas Piebenga gjin HBS of Gymnasium hiest koest net oan de universiteit studearje. Letter wie de universitêre stúdzje ûnderwiiskunde (mei de haadakte) mooglik, wat bygelyks Tinus Santema dien hat. Boppedat spile de skieding tusken Piebenga en syn frou yn 1966 in wichige rol, dy’t der mei foar soarge dat er it ûnderwiis farwol sei.

Dat syn âldelju de stúdzje net bekostigje koene, en dat er troch syn ‘foute’ heit gjin beurs krije koe is dus allegearre diskutabel. Syn heit en mem wiene by steat en betelje foar de sân bern de basisstúdzjes – Mulo en kweekskoalle (al of net mei beurzen), en dat wie al folle mear as wat it gros fan de Peinzers studearje koe. Iksels koe mei in beurs dêre studearje, mar moast yn de earste learkring fan twa jier op de 14 fakken gemiddeld in 7 hawwe om de beurs te hâlden.

Opgroeie yn it gesin dêr’t Tjitte Piebenga de âldste wie betsjutte foar in part opgroeie yn in befoarrjochte sitewaasje fergelike mei it meastepart fan it doarp. It kultureel kapitaal wie grut, en ek it netwurk mocht besjen lije. Tjitte Piebenga hie der al heel jong profyt fan.

De beskriuwing dy’t Corporaal jout oangeande it besteande ‘Byld’ fan Piebenga is ek wer krekt net presys it byld dat de wierheid en de feiten dekt. Yn syn omke, de bekinde dichter en literatuerman Douwe Tamminga, hie er in wichtige stiper en helper. Piebenga hearde net by de fernijende quatrebras-groep, sa’t ek in Durk van der Ploeg dêr net by hearde. Beide dichters skreauden yn de tradisjonele De Tsjerne, dêr’t Tamminga in grutte rol spile. Piebenga hat in pear kear oan quatrebras meiwurke. Ik haw nea begrepen wêrom’t hy dy fernijers letter ferspijde. Sij ommers brochten de Fryske poëzy yn kontakt mei de eksperiminten dy’t oeral yn Europa op gong kamen. Hessel Miedema, Jelle de Jong en Marten Brouwer besochten nije wegen te gean sûnder dat se har útleveren oan guon would be-groepen fan Hollân. Ik haw my wol ôffrege oft Piebenga echt ôfskied fan de tradisjonele Fryske poëzy nommen hat.

Tjitte Piebenga hat toanielspile en toaniel oersetten. Ik haw dêr temin sicht op om der wat bestekliks oer te sizzen. Hawwe dy oersettings ynfloed hân op syn primêre literêre proazawurken, op syn dialogen bygelyks, meidat er ek wurk fan Edward Albee oersetten hat?

 

Literêre berteleppel yn ‘e mûle
It polemyske blêd Asyl (1963-1966) fan Bauke de Jong en Tjitte Piebenga hat wichtich west troch it opromjen fan konservatyf-konfesjonele krêften lykas in E.B.Folkertsma en it blêd De Tsjerne. Piebenga hat yn Asyl nijsgjirrige stikken skreaun. It is heel apart dat dy polemyske proazastikken net opnommen binne yn dit sammele wurk – se hiene in goed byld jaan kinnen fan de kwaliteit fan it blêd én fan de polemist Piebenga.

Corporaal skriuwt dat de ferhalen fan Piebenga skreaun binne fan út it perspektyf fan in bern fan in ‘foute’ heit. Dat is fier besiden de realiteit – it binne mar in tal ferhalen dy’t mei dit aspekt te krijen hawwe. Ik tink dat dit it misferstân west hat, en dat dêrtroch gjin mins oandacht bestege oan syn oare wurk.

De tema’s en de motiven fan de ferhalen jouwe in grut ferskaat. Syn debútroman, syn novelle en heel wat ferhalen hawwe mei oare saken te krijen as ‘foute’ heiten en/of slachtoffer fan sa’n heit.

Yn har skets oer Piebenga en syn wurk skriuwt Corporaal dat er al jong ynteressearre wie yn literatuer. Syn pakes skreauden en syn heit en omkes hearden by de kearn fan de Fryske literatuer. Dat kloppet folslein – hy libbe yn kultuer.

Ofsjoen fan in ‘foute’ heit is Tjitte Piebenga berne yn in kultuerfermidden dêr’t literatuer in grutte rol spile. By syn berte bestie it netwurk al. Al heel jong koe er debutearje troch al dy kontakten yn de literêre wrâld – Jan Piebenga (haadredakteur LC), Douwe Tamminga (wichtich dichter en lieder fan it literêre tiidskrift De Tsjerne), Fedde Schurer (haadredakteur Friese Koerier), Freark Bergstra, Anne Wadman, Lolle Nauta, Jo Smit, Freark Dam en Geart Jonkman. In gouden sitewaasje foar in begjinnend skriuwer (?).

Syn heit spile as oersetter fan Pound en Eliot in oare rol. Dochs is it byld ûntstien – nettsjinsteande dizze gouden berteleppel – dat er der literêr troch in ‘foute’ heit ûndertroch gongen is. Dat fûn er alteast sels. Ik set dêr fraachtekens by.

De wichtige striid yn de fyftiger en sechtiger jierren op it literêre mêd hat yn Tjitte Piebenga net in meistanner fûn, hy hat nea echt ôfskie nommen fan de fêstige oarder dêr’t syn heit, omkes, freonen/skriuwers by hearden. Hy bleau lang yn De Tsjerne publisearjen doe’t de nije generaasje foar quatrebras keas. Hy stuts lykas Jappy Noordmans Jozum Walstra en Paul Panhuyzen fan De Blauwe Hand yn Harns en de Keunstakademy Vredeman de Vries te Ljouwert yn syn blêd de gek oan, wylst dy mannen de nije literatuer en keunst yntrodusearren yn Fryslân. In soarte fan avantgarde wiene yn dit bûtengewest.

Hy neamde de lju fan de WKF (Wurkgroep Kultuer Fryslân) gekoanstekkerich demokratisearders. Piebenga hat nea foar de Koperative Utjouwerij keazen, nea foar trotwaer, nea foar Operaesje Fers. Hy bleau de konservative kant it neist.

 

SLACHTOFFER?

tsjalling giet fan hûs nei hûs. hy

laket net en hy gûlt net.

âlde maeike hat fannacht de holle

dellein. de familie is diep bedroefd.

sneon is de bigraffenis.

(tj.p. peins, ’71)

 

Tjitte Piebenga hat yn syn eigen blêd Asyl in pear skerpe polemyske stikken tsjin De Tsjerne skreaun. Mar doe wie it hast al ôfrûn mei dat blêd – quatrebras wie al jierren as literêr eksperiminteel tiidskrift dwaande, oare tiidskriften kamen (trotwaer, sonde, alternatyf, awyt, hjir).

Corporaal neamt as nijsgjirrich punt dat in tredde part fan it losse wurk út kritiken bestiet (120 yn de LC, 70 yn Het Vrije Volk), foaral essays en polemyske stikken. ‘Piebenga mocht graach stikelje’, skriuwt Corporaal. Ik doar wol fierder te gean en tink dat er ek nocht hie oan it ‘de gek oan stekken’, en soms hast in sadistyske wille sjen liet om immen ûnderút te heljen yn syn kritiken.

Durk van der Ploeg is der in foarbyld fan, en net sa’t Corporaal mient, omdat er in rivaal wêze soe. Dat hie mei oare saken te krijen. Under oare mei Van der Ploegs redakteurskip fan De Tsjerne. Foaral Benny Holtrop kin der fan meiprate, want dy doarde it oan en skriuw ek oer in ‘foute’ heit yn in roman en yn in bondel gedichten. Spitigernôch foar Holtrop wie dat terrein eksklusyf ornearre foar Tjitte Harings Piebenga (fûn er sels).

Dat sadisme sjochst ek yn guon ferhalen werom, en út en troch yn de dialogen fan syn iennige roman It lyk wurdt oantaast. Ek yn de dialogen fan it harkspul dat Piebenga skreau. Corporaal is it mei Piebenga iens dat de basis fan syn tiidskrift Prym (1970) de rankune wie. Piebenga sei dat it literêre klimaat him te nuet wie, der hong tefolle de sfear fan freonen ûnder inoar. It kranksinnige lykwols wie dat er sels by de nomen klatoera hearde, net de kar foar it nije die, mar him oansleat by de lju fan it nije Skriuwersboun (Jo Smit c.s.). Yn in brief oan Flippus Breuker yn it lêste nûmer fan Prym skriuwt er: ‘Do moatst witte, ik hearde der yndie net by, en noch net’. Hy beskôge himsels as slachtoffer.

 

Foarbyld krityk fan Piebenga

Schermafbeelding 2014-09-02 om 10.08.20

 

Schermafbeelding 2014-09-02 om 10.08.50

 

 

 

Posysje neffens Corporaal
Corporaal skriuwt ek noch dat ‘de tematyk fan de ferhalebondel De rook fan mesjester giet oer in inerlik konflikt fan in bern dat ferspijd wurdt troch de bûtenwrâld, mar noch net begrypt wat heit ferkeard dien hat’. Der net by hearre – dat hie Piebenga yn syn hert mitsele. Ek dêr set ik fraachtekens by.

De bondel ferhalen De rook fan mesjester hat 14 ferhalen, mei inoar 85 siden. De net bondele ferhalen telle in 65 siden, alles mei inoar 23 ferhalen op 150 siden. Yn 9 ferhalen komt de problematyk fan de ‘foute’ heit nei foaren, as bern en soms folwoeksenen de ik der op oansprekke. Ut en troch lokket dy dat sels ek út. It inerlik konflikt fan it ferspijde bern yn al de ferhalen is oerdreaun, meidat de measte ferhalen oare tema’s hawwe.

Yn 9 ferhalen wurdt de ‘ik’ útskolden – ‘nsb-er’ en ‘lânferrieder’ binne de skelwurden. Fan de 150 siden geane in 50 siden oer dat aspekt – dat is in 30 prosint. Rekkene oer it totale proaza fan 415 siden is dat in 12,5 prosint. Folle mear siden geane oer famkes- en jongesseks, oer it gnidzjen fan famkes en jonges, yn feite oer de wreedheden en it sadisme op in doarp krekt nei de oarloch en noch wat jierren dêrnei.

Yn har ynlieding op it sammele wurk sitearret Corporaal Hylke Tromp dy’t beweart dat de ‘kritisy troch it autobiografyske karakter fan it proaza fan Piebenga faak gjin each hiene foar de literêre wearde fan syn wurk’.

Dan stelt Corporaal dat Tjitte Piebenga as kritikus skerp wie en op ‘e nij lykas Anne Wadman in heech nivo easke: ‘it leafst joech Piebenga rivalen lykas Josse de Haan en Durk van der Ploeg in grutte behanneling. Dêrtroch waard syn eigen wurk soms negearre of negatyf beskreaun. Yn de nijste Fryske literatuerskiednis wurdt bygelyks De rook fan mesjester al net mear neamd’. Se ferwiist dan nei Prym-19 en it petear mei Piebenga yn in Alternatyf-nûmer út 1973.

Hjir wurde dus allegearre losse gjalpen lansearre dy’t it wurk fan Piebenga net tichterby bringe. It is yndied in skandaal dat de ferhalebondel De rook fan mesjester yn it s.n. Wolkenboek negearre is. Mar dat hat neat te krijen mei de skerpe kritikus Piebenga, mei it autobiografyske aspekt fan syn wurk of mei de problematyk fan de ‘foute’ Nederlanner. Dat hele Wolkenboek is ien oanfluiting, foaral wat it moderne proaza oanbelanget – der mist tefolle, en dat moderne proaza is normatyf beskreaun en net beskriuwend sa’t wenst is mei sokke oersichten fan literatuer.

Doe’t myn earste roman ferskynde (Forneukte Stêd, ’72) wie Tjitte Piebenga wat ferheljend proaza oanbelanget al útskreaun. Hy skreau út en troch noch in ferhaal foar de Rely-rally. Wat dat oanbelanget koe ik gjin rivaal wêze. Corporaal skriuwt nonsens, of it soe wêze moatte dat Tjitte de hel yn hie dat der noch in skriuwer út Peins kaam.

Ik stipe wol De Blauwe Hand yn Harns (1964 e.f.), publisearre yn quatrebras, wie lid fan de WKF (Wurkgroep Kultuer Fryslân), agearre tsjin it Skriuwersbûn – allegearre saken dêr’t Piebenga folslein oars oer tocht, want hy stipe de status kwo yn kultuerlân.

Yn augustus 1971 ferfear ik nei Noard-Hollân. Ik haw Prym-19 (hoewol’t ik him frege haw in eks. te stjoeren) nea lêzen. Meidat ik doe syn wurk ien-op-ien lies (in soad ferhalen hiene har ûnder myn eagen ôfspile), én syn negative hâlding tsjinoer my dy’t ik net begreep, haw ik oer syn wurk nea skreaun, útsein oer de tsien miny teksten (48 rigels.) yn de yn eigen behear útjûne bondel peins. Yn myn bondel Bonifasius en it ûnderbroekje fan god (1971) haw ik yn it kolofon opnommen – neffens it piebenga-syndikaat (tjitte harings en skriuwersbûn).

Tjitte Piebenga en ik akkordearren net. Ik haw it nochris twa kear besocht doe’t ik al jierren yn it westen wenne. Ien kear doe’t ik yn Peins myn âldelju opsocht en even in praatsje makke mei him en Hanna yn de Peinzer pastory dêr’t se yn ’75 kommen wiene. Myn ferhaal oer syn heit dy’t myn earste roman korrigearre hie, dy’t my folle earder wol boeken liende, en oan wa’t ik gjin minne neitinzen hie, woe er neat fan witte.

Dochs hie er De rook fan mesjester mei ferhalen oer de ‘foute’ heit en de skellerij op de buorren ek oan syn heit opdroegen. Foar de bûtenwrâld moast blykber dat negative byld oer syn heit bestean bliuwe. Ik haw nea rivaal west, mar ik wist wol in soad fan him en syn famylje. As Peinzer, as freon fan ien fan syn bruorren, as freon fan syn twadde suster Anke.

tjitteNaamloos

Foto: Henk van der Veer

 

BELACHLIK MEITSJEN

sleauwe suk. juster hat se wer mei

sjouke nei de hoantsjepôle west.

se hie in rôse broekje oan.

(tj.p. peins, ’71)

 

Durk van der Ploeg hat er as kritikus gauris ôfmakke – sawol de poëzy as it proaza. Durk wie redakteur fan De Tsjerne – mar omke Douwe Tamminga doarst er net belachlik te meitsjen lykas Van der Ploeg. Itselde barde mei Margryt Poortstra en bygelyks Benny Holtrop. De lêste hie it lef en skriuw yn In appel foar ûnderweis en yn in bondel poëzy oer deselde problematyk as Piebenga – ‘foute’ heiten en de konsekwinsjes foar de bern.

Holtrop waard delmeand. Hoe doarst dy idioat soks te skriuwen – allinne Piebenga sels hie it monopoalje op dat ûnderwerp. Beide, Corporaal en Tromp, skriuwe oer dit ûnderwerp as hie Piebenga it oktroairjocht. Mar neffens my is Piebenga syn wurk op oare grûnen as dy oarlochsproblematyk ynteressant. 87,5 prosint fan it proaza giet oer oare saken.

Corporaal beweart dat Piebenga him ôfsidich hâlde. Ik tink dat dit net kloppet – yn syn fûle en soms ôfbrekkende kritiken (út rankune sa’t er sels tajoech) yn ûnderskate blêden (jierren Vrije Volk en 6 jier LC!) wie er in ûnderdiel fan it systeem, sterker, hat er der foar soarge dat guon skriuwers nei syn sadistyske tirade swijden.

My is hast itselde oerkommen, mar dan troch syn sweager H. Tromp, dy’t in goeie learling bliek te wêzen, deselde Tromp dy’t no yn de ynlieding op it sammele wurk in essay fan in 40 siden oer it proaza fan Piebenga skriuwt. Spitigernôch wer mei de klam op de ‘foute’ heit. Om noch in yndruk te jaan fan de wurkwize fan Piebenga hjir in stikje fan syn sweager en epigoan, dat op identike wize bedoeld is.

Ein maart ’93 hie Tromp in Omrop Fryslân-útstjoering op in snein út Hjerbeam, it doarp dêr’t ik 9 jier mei nocht haad fan de skoalle west hie. Ik koe Tromp net, ik wie krekt wer in jier yn Fryslân nei in 20 jier Schagen en Amsterdam. Tromp soe oer myn boeken prate. Ik wist dat er Nederlânsk studearre hie – en ik tocht: ‘dat kin ynteressant wurde’.

Wat sketst myn ferbazing, dat er my iepenlik de gek oan stekt en belachlik makket – it giet net oer de boeken, it giet oer mysels. Myn foto op it boek, myn kuif, de sitaten op de achterflap dy’t ik sels wol betocht hawwe sil. Hy sjocht de foto fan in profeet. Hy hat de boeken net lêzen sa’t er seit, mar hy fynt myn wurk moralistysk (de boeken geane oer de leafde fan in learares en in learling, en oer in man dy’t mei twa froulju libbet). Yn 1998 komt dit allegearre yn it boekje Spikersmeikoppen – de earste publikaasje fan Tromp. Hy hie it goed ôfsjoen fan sweager Tjitte Piebenga.

Ik haw dy oanfal nea begrepen – net oer boeken prate, mar oer de skriuwer sels en beskuldigje fan moralisme dat nearne te finen is. Fine trúkjes, seine wy eartiids. Hawar, in ‘rivaal’ fan de sweager wie ôfmakke. Tocht Tromp dat er op dy wize yn de ‘clan’ opnommen wurde soe?

Doe’t ik de Gysbert Japicxpriis krige yn 2007 haw ik neat heard fan de âld-Peinzers Tjitte Piebenga en Hanna Ludwig, noch fan Tromp en syn Peinzer freondinne. Rivalen? Nee, de realiteit yn it Fryske letterenlân – en fan Peins.

 

Nije wike diel twa fan de bydrage ‘Sammele wurk Tjitte Piebenga troch de eagen fan in oare Peinzer skriuwer’ troch Josse de Haan.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels