De romte en tiid fan Nynke Rixt Jukema

KAREN BIES – 

Har ûntwerp foar in natuermuseum op Skylge hat ferline jier hiel Europa trochreizige foar de ynternasjonale tentoanstelling Archiprix. Troch ryksboumaster foar de ynfrastruktuer Jan Brouwer is se frege om in takomstplan te meitsjen foar de Ofslútdyk. Arsjitekte Nynke Rixt Jukema (1979) is in oanstoarmjend talint yn Nederlân. Se hat koartlyn har eigen buro iepene yn Ljouwert. ‘Arsjitektuer is in frustrearjend fak, dat witst ast der oan begjinst. Kinst Nederlân noait hielendal moai meitsje.’

Nynke Rixt Jukema is in boeredochter, opgroeid op Swarte Haan.

‘Ik hâld fan kealheid, lege flaktes. Op Swarte Haan hast butendyks lân. It is fassinearjend om dêr om dy hinne te sjen. De skiednis fan de minsken dy’t oan wurk set waarden foar lânoanwinning. It is der keal, flak en romtelik. Alle lân wurdt begrinze troch diken en de see.  Us pleats stie krekt op sa’n punt tusken twa diken yn. Kinst wol tsien kilometer fier sjen, wurdst net oflaat troch gebouwen. De iennichste bebouwing binne in pear grutte buorkerijen. Dy fûn ik froeger al prachtich. It liken wol krokodillen dy’t ut it wetter kamen, der dreamde ik oer as bern.

Ferline jier haw ik in reis makke mei de Transsiberië Ekspres. Mongoalie is sa’n moai lân. It is hast fyftich kear sa grut as Nederlân. Yndrukwekkend dy flaktes, en grien, in teletubbielanskip yn it grut. Minsken wenje yn in ger, sa’n wite tinte. Fierder is der niks, gjin diken, gjin wetterlieding, gjin stroom. It lân hat jierrenlang ticht west, oerhearske troch Sina en Ruslân. Tsien, fyftjin jier lyn koest der as toerist net hinne, no is it iepen. Mar dan giet it hiel rap mei de westerske ynfloed. Earder libben de minsken yn de natuer en waard alles wat se brûkten fertard. Sjochst no ôffalheapen yn it lanskip. It giet bergafwaarts, en dat sjochst omdatst de westerse sitewaasje kinst. Mar de minsken dêr binne har der net fan bewust. Ik prate mei de minsken mei help fan plaatsjeboeken, en fierder mei hannen en fuotten. De minsken wiene puer, sa ynnimmend, en se ûntholden alles wat ik sei. Yn Nederlân wurdt safolle kommuniseard, it is faak moaiwaarprate. De Mongoalen dy’t ik trof wiene oprjocht ynteressearre. It gefoel dat se my joegen, it fertrouwen datst krijst. Se passe op dy, jouwe iten en drinken, jouwe dy eins alles, wylst se sels neat ha. Dy belutsenheid byinoar. Ik fielde my thús dêr. En dan weromkomme yn Nederlân, dêr’t elk foar himsels fjochtet.’

Ik wol maatskiplik belutsen wêze, problemen sinjaleare, der wat mei dwaan.

Swarte Haan is foar Nynke Rixt har echte thús. Se is de fjirde en jongste dochter fan heit en mem. ‘Heit wie ierappelboer. Mei sân jier holp ik al mei yn de sortearderij. Rotte ierappels en kluten derútsykje. De hiele famylje stie oan de rinnende bân. Nei in jier of tsien hie ik it híelendal hân, ik wie 16 en gong nei de eilannen te wurkjen. Fan maaie oant augustus libbe ik yn in tintsje op Skylge. Ik mocht net safolle thús, mar se wisten ek wol: as ik wat yn de kop hie koene sy my net tsjinhâlde. Ja, thús bin ik ek wol wat in apartenien. Altyd mei myn wurk dwaande. Se fine dat ik fierstefolle feestfier, de hort op bin, net op mysels pas. Ik bin noch net ien fan ‘huisje-boompje-beestje’, ik wol no gewoan lekker oan it wurk. Myn trije sussen binne allegear netsjes troud en ha bern. Us heit hie nei fjouwer dochters de hope op in soan opjûn, mar der bin no acht pakesizzers, en allegear jonges!

Myn âlders ha de pleats noch. It is noch altyd machtich moai om thús te kommen. Ik fersoargje myn hynder, gean in hiel ein mei de hûn te kuierjen, oars is er hielendal oerstjoer. Ien of twa kear yn de wike kom ik op Swarte Haan. Ik wenje yn Ljouwert, ha in flat yn de wyk Nijlân. Dat fyn ik echt fijn wenjen, tusken de minsken. Alderen, ‘tienermoeders’, bûtenlanners, in pear gesinnen. In moaie trochsneed fan de maatskippij. It is in bewuste keuze om sa te wenjen: anonym, en dochs tusken de minsken. Ik mei hiel graach observearje. Tsjinoer myn hûs stiet in brievebus. De hiele dei rinne der minsken hinne. Ik sjoch dernei, sjoch oan har hâlding wat se op de bus dwaan sille: in kaartsje, miskien wol in sollisitaasjebrief. Ik fyn it leuk om dêr wat oer te dreamen.’

‘As bern woe ik strieljagerpiloat wurde. Lekker fleane. Mar ik kin net goed tsjin autoriteit, dus dat waard niks. Dat ik arsjitekt wurden bin is eins hiel logysk. Ik wie as bern altyd mei lego dwaande, boude huzen nei dy’t ik earne sjoen hie. En ik timmere hinnehokken. Dat waarden hiele aparte bouwurken. Ik woe wol witte wêr’t dat gefoel om te kreëarjen weikaam. Ommers myn hiele famylje bestie út boeren. Doe haw ik ûndersyk dien, en ik kaam der achter dat myn oerpake ek arsjitekt wie. Doarpsarsjitekt yn de Hommerts. Hy makke funksjonele gebouwen, in gemaal bygelyks. Of hy besocht boerestâlen sûner te krijen, omdat der doe in protte TBC foarkaam. In maatskiplik belutsen man.’

Nynke Rixt hat boukunde studearre oan de HTS. ‘Dêr wiene wy dwaande mei hiele konkrete dingen, bygelyks it wetterticht meitsjen fan in dak. Wol belangryk, mar der wie net folle romte foar eksperimint of esthetyk. Dêrnei melde ik my oan foar de akademy foar boukeunst yn Grins. Ik sil noait ferjitte wat dy man by it earste gesprek tsjin my sei: ‘Ik weet niet of je wel zo geschikt bent voor architect, maar de kunstacademie zit hiernaast, dus je kunt zo overwippen.’ Nei ien jier Grins bin ik nei de TU yn Delft gien. Dêr hiest folle mear mooglikheden. Ik wie dwaande mei film, fotografy, oanferwante saken, om út te finen hokker kant ik út woe. It ûndersyk dat ik die, wie eins in syktocht nei mysels, myn identiteit. Ik bin in arsjitekt dy’t hiel bot mei tiid dwaande is. Myn ôfstudearprojekt is dêr in goed foarbyld fan. In nij natuermuseum op Skylge, mei eleminten fan tydlikheid en ivichheid.’

Nynke Rixt lit de makette sjen, dy’t yn in glêzen bak op har kantoar stiet. It is in bouwurk fan beton en hout, dat as it wiere ut de dunen omheech komt. Skerpe hoeken en punten, mar wol yn ien line, en oan alle kanten iepen. ‘Op West lizze in pear bunkers ut de twadde wrâldoarloch yn de dunen. Ik wol yn dy bunkers wetter opslaan foar in see-akwarium, en dy bunkers meiinoar ferbine, sadat der in konstante wikseling fan it wetter is. Dy line tusken de bunkers foarmet de basis fan it gebou. De tentoanstellingen, tydlike saken, symboal foar de feroarlikheid fan de minsken, komme yn it houten part. De natuer is in konstante, de ivichheid, dy sjochst fanút it beton, troch it glês. It museum hat kontakt mei de omjouwing, dat is belangryk. In moaier plak as Skylge is der net, dus ik woe der in hiel ekstravert gebou fan meitsje, ien mei de natuer.’

Mar it wurdt helaas net boud. De earste reaksje fan de ûntwikkelder wie: ‘Heb je het financieel wel onderbouwd?’ No nee dus. Programma’s foar in nij gebou wurde faak makke troch beliedsmeiwurkers, dy’t redenearje fanút in budzjet. Dan krijt ek de kommersje yn sa’n museum in grut plak. Ik ha as arsjitekt as útgongspunt de minsken en de natuer. It gebou mei der wêze, it is moai yn syn foarm. No binne se op Skylge dwaande mei in natuermuseum yn kombinaasje mei in kueroard. Finansjeel oantreklik. Mar in arsjitektoanyske fisy sit der net achter. In kueroard hat in introvert, anonym karakter. In museum moat ekstravert wêze fyn ik.’

It ûntwerp waard yn 2005 wol nomineard foar de Archiprix, in tentoanstelling fan de bêste ôfstudearprojekten fan arsjitektuer- en boukundeopliedingen.

It belangrykste útgongspunt fan myn arsjitektwêzen is de bân mei de natuer.

Nynke Rixt Jukema hat in heale baan as arsjitekte by wolstânsorganisaasje Hûs en Hiem. Dêrnjonken begeliedt se studinten boukunde fan de HTS by harren staazje of ôfstudearjen. Sa no en dan jout se in kolleezje of workshop.

‘Foar in pear jier werom wurke ik by Sacon arsjitekten, en siet ik de hiele dei húskes te tekenjen foar Vinexwiken yn Arnhem, Doetinchem, Nijmegen. Mar ik seach noait de minsken dy’t yn dy huzen kamen te wenjen. Ik prate allinnich mar mei projektûntwikkelers en makelders. En dan mocht ik 12 húskes yn in hiele grutte wenwyk ûntwerpe. Ik fûn myn húskes wol leuk, mar as ik dan letter seach wat der omhinne kaam, en yn wat foar omjouwing, dan tocht ik: dat minsken hjir wenje moatte, dat wol ik se net oandwaan! Dat wurk wie net sa’t ik arsjitektuer sjoch. Ik wol maatskiplik belutsen wêze, problemen sinjaleare, der wat mei dwaan. Klimaatferoaring, no ja, dat is in hiel grut probleem, mar ek lytsere, sosjale problemen.

It moaie fan it wurk by Hûs en Hiem is it kontakt mei minsken. Ik rop ek altyd: ‘Kom mar lâns mei jim plan.’ Ik sit dan klear op it gemeentehûs. Op dit stuit binne ‘myn’ gebieten Dantumadiel, Harns en Skylge. Alles wat dêr boud wurdt moat ik toetse oan de wolstânskritearia fan de gemeente. In foarbyld: heechglânsdakpannen, dêr wol Dantumadiel graach ôf. Dy glimmende pannen bin in reaksje op de betonnen dakpannen ut de jierren ‘90, de tiid fan de earste útwreidingswiken en kataloguswenningen. Dy betonnen dakpannen wurde hiel gau feal. Minsken dy’t no it jild derfoar ha wolle heechglansdakpannen. In statussymboal: ‘Sjoch ris, wat glimt dat moai, ik ha jild.’ Yn Dantumadiel stikt it fan dy dingen, dat falt ôfgryslik op. Graach noegje ik de minsken út en besykje harren te fertellen dat matglazuerde pannen folle moaier binne, like djoer, mar dat se mear respekt toane foar de omjouwing.

As minsken by my oan tafel sitte praat ik mei in soad respekt oer it bouplan. Want ik wit dat se al jierren dreame fan dizze ferbouwing, en ek al in protte wurk hân ha om it út te tekenjen. Njoggentich persint fan de minsken dy’t wat bouwe wolle, hiert gjin arsjitekt yn, dus dat betsjut dat se it measte sels betocht en tekene ha. Fertel se dan mar ris dat dy nije keuken neat wurdt, omdat it in lillike pûst oan de foarkant oan it hûs wurde sil. En dat jo fan in karakteristyk wâldhúske leaver gjin boerderette meitsje moatte. De ellinde mei dy bestimmingsplannen is ek dat it allegear sa lang duorret, soms wol moannen, foardat de minsken ris by my komme. Dan binne se al aardich frustreard. Mar ik ha noch gjin rúzje han.

De minsken yn de wâlden fyn ik aardich. Se komme trouwes wol faak op ‘nagesprek’. Dan wolle se noch ien kear fertelle dat se it der net mei iens binne: ‘Maar wíj vinden het prachtig!’

Ik besykje dan út te lizzen wêrom’t bepaalde regels der binne. En sa ek arsjitektuer tagonkelik te meitsjen.’

Nynke Rixt is foar harsels begûn as frij arsjitekte. Koartlyn hat se in buro iepene, tegearre mei grafysk untwerper Sjoukje Terpstra en ynterieurfoarmjouwer Sibe Jan Kramer. Trije kreative tinkers mei ambysje, op ien etaazje oan de Iewal yn Ljouwert. Troch har fêste baan by Hûs en Hiem is Nynke Rixt yn de gelegenheid om allinnich mar wurk oan te nimmen dat se leuk fynt. Tegearre mei noch twa arsjitekten is se frege troch ryksboumaster Jan Brouwer om nei te tinken oer de takomst fan de Ofslútdyk. Op 1 july wurde de plannen bekend makke.

‘Ik ha alle frijheid krigen. De Rijksbouwmeester hat my frege, doe’t er myn ûntwerp op Skylge foar it natuermuseum sjoen hie. It is de bedoeling om in plan te meitsjen, in fisy op de dyk te jaan, de dyk as unyk momint yn Nederlân. Utersten sjen litte, dat dogge wy. Dat levert stof en diskusje op foar nij belied. It is belangryk dat der belied makke wurdt. Sadat organisaasjes as Hûs en Hiem dêr bouplannen oan toetse kinne. As wy no in oanfraach krije soene fan 25 wenten op dy dyk, dan kinne wy dat net tsjinhâlde omdat der gjin belied is.’

‘It belangrykste útgongspunt fan myn arsjitektwêzen is de bân mei de natuer. In gebou moat yn syn omjouwing passe. As in gebou net past, of net reagearret op wat der njonken stiet, fyn ik it net ynteressant. Dan is it mear in byldhouwurk, datst yn’e tún delsette kinst. In goed gebou kinst net earne oars delsette. En dochs bart dat in soad. Guon arsjitekten sitte te tekenjen en ha net iens op de lokaasje west! Hoe kin dat? Dy arsjitekten wurkje fanút it programma: dit gebou moat der komme, hoe en wêr dan ek.’

Ek yn in stêd moat in gebou reageare op syn kontekst. ‘Nim it nije provinsjehûs fan Sjoerd Soeters. Earst soene der twa wynturbines op it dak komme, dat mocht net, no wurde it twa útkyktuorren. De iene is dus in obstakel foar dy oare syn utsicht! Sokke dingen kin ik my dea oan ergerje. Ik moat trouwens net folle ha fan dy tradisjonele fisy fan Sjoerd Soeters. Ja, it is wer in reaksje op it modernisme en op de Vinexwiken. Alles moat der wer autentyk útsjen.  Sechstich persint fan de minsken dy’t in nij hus bouwe litte, wolle roeden yn’e ruten ha. Wêrom? Omdat dat sa gesellich is. Mar dan wol twa glêsflakken, want dat is makliker mei skjinmeitsjen. Hast wolris by ien west mei roeden yn de ruten? Sjochst amper wat fan it moaie lanlike útsicht. En in pear jier letter moat der wer in grutte serre fan 30 kante meter komme, omdat se graach nei bûten sjen wolle. Mar yn dy serre sitte se noait, want dat is net smûk. Dan tink ik, hoe gek binne wy hjir yn Nederlân. We tinke mar tydlik, we bouwe net foar lange tiid. Der moat mear neitocht wurde oer wat jo wolle mei sa’n hûs, hoe’t it past by de rest. Dêrom ha’k ek sa’n hekel oan dy kataloguswenningen. Dy kinne noait reageare mei har omjouwing, dy rútsjes sitte wêr’t se sitte, en desgewenst mei roeden.’

‘Yn de argiven fan Hûs en Hiem kinst sjen dat der froeger, foar de oarloch, mear rekken holden waard mei de omjouwing. We wiene doe folle strenger. Der barre no in protte ferkearde dingen. Ik bin mei in pleats dwaande, dy minsken wolle yn de skuorre wenje. Ik wol graach ien grutte yngreep meitsje om deiljocht yn de romte te krijen en de skuorre fierder yntakt litte. Dat mei net, omdat de goathichte dan te heech wurdt. Mar meist wol 15 dakkapellen meitsje en sa it hiele dak ferniele! Dan tinkst dochs, gean wy wol de goeie kant op. Dy regeltsjes binne net troch arsjitekten skreaun, mar troch amtners. Ja, ast mei arsjitektuer begjinst, bist mei in frustrearjend fak dwaande. Krijst noait de kâns om Nederlân echt moai te meitsjen. Ik bin nei Fryslân werom gien foar de bân mei lanskip en romte. Mar ek hjir komst in protte lillikheid tsjin.’

‘Ik wit ek wer wêrom’t ik strieljagerpiloat wurde woe. Frij fleane, net fan A nei B. Ut’e loft wei kinst oer alles hinne sjen. Op de dyk wurdst ôflaat troch rare huzen of gekke dakkapellen. Dêrboppe hoechst dy nearne oan te ergerjen.’

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.