Romantyk?

Publisearre op 27 oktober 2016

WILLEM WINTERS – 

Ik kaam eartiids yn Utert yn in antikwariaat dat foar my it summum wie. In lyts winkeltsje mei yn ‘e midden in grutte tafel mei steapels boeken. Ek yn de oare romten yn dat hûs hiene de boeken de oerhân krigen. Yn in hoekje oan in buro mei noch mear steapels, siet in âlde man mei in geweldige prúk griis-wyt hier, de antikêr.

Op wat gerûs fan omslaande blêdsiden nei wie it hjir stil. Ik wit noch dat ik hjir ea it boek ‘De Hel’ fan Henri Barbusse kocht. Dat is no sa’n 50 jier ferlyn.

 

De digitalisearring faget de lêste restjes romantyk yn de ôffierput. Nea mear sneupe.

 

Fannemiddei wiene wy tsjûge fan alwer de ein fan in antikwariaat, Atsee yn Dokkum. In heal miloen boeken yn in ûnbidige romte op it yndustryterrein Betterwird. Dat is al net mear sa romantysk, mar no, no’t de lêste wiken de helte ferkocht is, reitsje guon planken leech, lizze de boeken yn wanoarder troch inoar.

In âldere dame komt binnen en freget wêrt de Ingelske boeken steane. De antikêr wiest ûndúdlik de grutte hal yn.

‘Wat in stomme fraach,’ seit se.

In pear jonge famkes freechje wat oft der mei de boeken dy’t oerbliuwe bart.

‘Yn de konténer.’

‘Allegear?’

‘Allegear!’

‘Net nei de Omrin?’

‘Nee, net ien kin sa’n lawine ferwurkje.’

Bûten stean grutte rustbakken driigjend te wachtsjen. Al dy boeken ôffiert nei de it fjoer, de hel.

Wy keapje in tweintich frij, de man winsket ús in soad lêsplesier. De digitalisearring faget de lêste restjes romantyk yn de ôffierput. Nea mear sneupe.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels