Roma optfitsca

Ferline jier april stapte skriuwer Pyt Jon Sikkema op de fyts nei Rome om te sjen hoe fier’t er komme soe. Om ’t er heal maaie werom wêze moast yn Nederlân, wie Avignon syn einstasjon. Dit jier sil er de twadde helte dwaan. Hy hâldt foar de Moanne in deiboek by.

Daylight come and me wanna go home

De weromreis yn 2011. Fleanen fyn ik in ûnfetsoenlike manear fan ferpleatsen: myljeu. It liket op folje mar yn. Mar oer de weromreis mei de trein (ek goed foar it ôfkikken) hie ik wat te optimistysk west.

Ik hearde yn 2011 ûnderweis op dy Griene Wei nei de Middellânske See fan oare fytsers wylde ferhalen, dy’t lykwols in pear kear befestige waarden troch wer oaren. De TGV nimt fytsen allinne mei, as derfoar risservearre is en se foar in part demontearre binne en yn in fytsdoaze dien. Dan noch moat men yn Parys útpakke, montearje, troch de stêd fytse nei in oar stasjon, demontearje, yn in nije doaze pakke en dan pas fierder. Oan Brussel ta wolle se jin risservearje, dan kin men by de graasje noch mei in regionale trein nei Antwerpen komme – en moat men de grins oer nei Roozendaal fytse! Hawar, inkeld al dy (de-)montaazje wie demotivearjend.

Dat ik haw yn Avignon de deis tefoaren fernommen, hoe’t men mei in trein mèì de fyts nei Straatsboarch komme koe. As ik yn Straatsboarch de Ryn oer kom, giet alles yn Dútsklân gewoan maklik, wie myn idee. Wer te optimistysk.

Dat: regiotreinen 8.13 Avignon-Lyon en Lyon-Straatsboarch. 17.45: Op it stasjon yn Straatsboarch ynstee fan de stêd yn, earst help frege fan de kompjûter. De iennichste trein nei Nederlân dy’t fytsen meinaam, wie ik tweintich menuten te let foar. En wat tocht de kompjûter fan Leer (East-Fryslân)? En rûtsjdydepûtsjdy: it aai fan Kolumbus.

Dat: as de bliksem pind (ik koe net drekst mei de pin betelje),18.20 in lokaal treintsje de Ryn oer. Oan ‘e oare kant op in yngewikkeld lyts stasjontsje with a little help from me frinds yn de iene regiotrein, doe in oaren (dûbelddekker) nei Karlsruhe en yn Karlsruhe de nachttrein nei Keappenhaven. Wol fytsplak, en ferplichte kûsjet. Kreas wekker makke om healwei fjouweren en krekt foar fjouweren der ôf mei al myn begaazje, o nee, o dochs ja, op it stasjon fan Hamboarch. Wat waarms iten, midden yn ‘e nacht, en doe in trein nei Bremen, en ien nei Oldenburg, en ien nei Leer. Yn Leer op it stajon foarrang krigen fan in groepke fankes by de kaartsje-automaat en hèhè, dêr wie in read Arrivatreintsje (ik ha grif efkes sjoen oft it de Tony Feitsma wie) (mar dy is der noch net tink), dat ik nei Grins en om 9.14 yn Hurdegaryp. Dêr’t Anne my op ‘e fyts ophelle.

25 oeren en 1 menút yn ‘e trein Avignon-Hurdegaryp. Ynklusyf oernachting. Fia Hamboarch.

(yn 2012: 43 oeren en 8 menuten yn ‘e trein Rome-Ljouwert. Sels oernachting regelje)

[Op ien fan de lêste dagen foar Rome, ik tink yn Vallerano, hie ik wer wakker rinne moatten. En kaam ik boppe, yn ’t sintrum, in skoalklas tsjin. Allegearre grize mûzen, mar in pear meter dêrefter in trijetal famkes: kleur en fleur, pears yn ‘e klean en pearse fleagen yn ’t hier, sjoch ús ris oars wêzen. Dat ik gniisde wat nei se – en op dat stuit rûsde it út de grize groep wei: “un pelegrino, un pelegrino….” De fankes stoppen en seagen my ris oan: in pylger? Beswit en leaflik? No nee…

En ik freegje my ôf: bin se bleaun by dat oardiel dat ik fan har gesichten lies? Of ha se noch tocht: tsja, sjoch dy ris oars wêzen…. ?]

Wat te slomjen yn ‘e rein, Freed 18 maaie 2012, Brixen im Thale – Oentsjerk; trein en auto-mei-fytsedrager.

Brixen – Wörgl – Innsbruck – Bodensee – Stuttgart – Mannheim – Köln – Duisburg – Münster – Ynskedee – Dimter – Swol – Ljouwert – Oentsjerk

De oare moarns doch ik it finster iepen en sjoch besnijde bergen yn ‘e sinne; sawat krekt sa’n ûnderfining as yn 1965, doe’t wy moarns yn ‘e trein wekker waarden en Switserlân der krekt sa útseach as  op de foto’s altiten. Kathrin is blykber te wurch, mar Sebastian moarnsyt mei my en troppet my fan alles ta foar ûnderweis, benammen goed drinke, hear! Wy nimme ôfskie; it paad nei de trein, juster in kertierke omheech, mei noch stikken te rinnen, is no yn oardel menút beslikke en ik helje maklik de trein fan 7.31 nei Wörgl troch in sinne- en snie-oergetten lânskip.

De juffer op it stasjon wol my eins gjin kaartsjes ferkeapje nei Münster, want ik haw net risservearre en elts kin wol wat roppe oer de tillefoanyske ÖBB-ynljochtings yn ‘e nacht. Mar ik krij se en stean op it stasjon in bytsje senuweftich te wêzen. Dan tref ik in kondukteur dy’t krekt mei sokke minsken omgean kin: earst wol dy fraach “ha jo risservearre?!”, mar dan dè oanpak. Dúdlik wêze: dy doar, alle seis tassen oanjaan, hup deryn, fyts dêre en net yn ‘e earsteklas kûpee sitten gean. En efkes letter de meidieling: jo fyts stiet dêr goed hear, oan Münster ta! Sysa.

Dat ik sit fan 8.18 oan 20.29 ta op itselde plakje yn deselde trein. Oan ‘e iene kant in hearlik rêstige dei: ik lês en haw gjin sa nijsgjirrige kûpeegenoaten dat ik in soad praat; oan ‘e oare kant ferfelend: ik ha de hiele dei pine ‘n ’t liif. Yn Frankryk wie folle mear ferskaat oan bôle as ik ferwachte hie, oan Wytsingbôle ta, foar noarderlingen lykas ik, mar yn Itaalje haw ik mar selden brune bôle besette kinnen, inkeld yn supermerken soms.

Wy ride troch de snie yn Eastenryk en komme by de Bodensee, dêr’t de trein twa kear op in kopstasjon de oare kant oer giet en de loft berint. Ik haw Anne oan ‘e triedleaze line en dy fynt Münster noch wol in ein fuort foar in frou dy’t efkes fiks oan ’t wurk wol. En yn ‘e rin fan ‘e dei reint it wat en fal ik yn ‘e sliep en mis de brêge oer de Ryn. It leit net oan it boek: ik lês en lês en brûk de oersetting hyltiten minder. Moai om oer dat lofts-literêre fermidden yn Itaalje te lêzen, spitich dat Natalia Ginzburg har eigen libben en emoasjes sa weisiferet hjirre. Ut. Nei wat iten en sa, it koffietheeënlímonadekarke hat ek waarme poeier, en wat beweging begjin ik yn it folgjende, sûnder oersetting. Dino Buzzati, Il deserto dei Tartari, it earste boek dat de dame yn it twaddehâns boekwinkeltsje betinke koe, doe’t it boek dat ik ha moast (miening fan Italjaanske learlinge twa jier lyn) der net yn pocket wie. As ik mar trochlês, kin ik it aardich folgje. En lês it mei plezier.

Oer de tillefoan komme suggestjes, mei fertrektiden en al. Dat goed fantefoaren gean ik nei it fytske ta yn de bagaazjewein en ûntdek dat it op ‘e grûn leit en dat it keatling der ôf is. No ja, tiid genôch. Ik bin net de iennichste dy’t sa lang yn dizze trein reizge hat: it kofjeteejonkje, dik tweintich, is fan ‘e moarn noch oeren earder begûn yn Salzburg. En moat moarn werom nei Innsbruck en dan noch fan hjir nei dêr en fan hot nei her. Fjouwer dagen tsjinst efterinoar, de earste 14 oeren, de twadde dik 12 oeren – “vier Horrortage”.

Münster. Kaartferkeap allinne fia automaten; dêr krij ik allinne mei help fan oare reizgers in fytskaartsje út: de loketminsken ferkeapje inkeld adfizen. En dan, neffens tillefoanyske ynstruksje: stoptrein nei Ynskedee, minne oerstap, gjin saldo op myn i.f.-kaart, aardige kondukteur dy’t my in kaart útskriuwt, Dimter: selde spoar, Swol: selde perron, Ljouwert: leuke frou op perron, read autootsje mei fytsedrager, Trynwâlden: in ein dy’t krekt foar de auto opfljocht en rekke wurdt. De ein fan de reis.

(hy is net op ‘e wei lizzen bleaun; mear is der net fan te sizzen)

Heal yn ‘e dauwe woaei, Tongersdei 17 maaie 2012, Roma – Brixen im Thale (A); kemping Rome -Termini: 11,47 km

De wekker giet om fjouwer oere; sa stil mooglik pak ik de tinte yn en de fytstassen op. De nachwachten litte my troch, wolle foar de foarm in hoekje fan myn betellingsbewiis sjen en winskje my goede reis. Nachtlik Rome yn, mar it lytse ljochtsje docht it net, dat ik moat de dinamo derby ha. Noch gjin ferkear, mar yn de lytse oere dy’t it my kostet om nei stazione Termini te kommen, wurdt it gewoan drok: hyltyd mear bussen, frachtferkear wie der al wat, mar nimt ta en op ’t lêst sels persoaneweinen. Ik ryd noch ferkeard, de plysje wiist my it paad wer, ik stean efkes stil by it Sint Pitersplein en de Ingeltsjeboarch en moat dan fan de Tiber ôf wer omheech, sigesaagjend om de strjitwurksumheden hinne, op nei it poarpren ljocht. En ik helje de trein fan 5.45 nei Ancona, dy’t foar de gelegenheid fan in oar spoar giet as oankundige wie…

Sysa, net fia Firenze: spitich om’t k no net mear by stikjes fytsrûte lânskom. Op ‘e kaart fan Itaalje besjoch ik wêr’t wy lâns komme en ik lês yn Natalia Ginzburgs Lessico famigliare, mei de oersetting Familielexicon derby. In Italjaansk boek dat fan frou Evenhuis west hat en ik op ‘e Nijebuorren koft ha om as oanrin foar myn Italjaanske wiken te tsjinjen – it grutste part moat ik noch. By de Adriatyske See lâns rydt de trein oer it strân.

De folgjende trein ek, it earste stik giet werom. En dan stapt ek in fytser yn dy’t niis út myn trein stapt wie. In Jan Janssen fyts? Prate jo Nederlânsk? En sa reizgje ik nei Bologna mei Wolfgang Look, in Nederlânskpratende Dútsker fan Kessel, dy’t in Fryske frou hat en twa bern: krekt as freonen fan ús in dochter dy’t har Dútsk fielt en in soan dy’t him Nederlânsk fielt. Hy is wol in echte pylger, hat menear pastoar mei oare kunde troffen yn Rome en de lêste dagen trochbrocht yn Assisi, dêr’t in songen tsjerketsjinst syn ôfskie fan de stêd west hat – en hooplik syn ôfskie fan spûkbylden út in legerferline yn Bosnië. Der is fan alles dat ús mienskiplike belangstelling hat, dat de lyts treddeloere binne samar om en dan helpe wy inoar mei wat praktyske dinkjes en hat hy noch oant moarnier foar’t syn fleantúch giet en ik oant 14.10 foar hast fiif oeren yn de trein nei Brenner.

Op in stuit komt der in nije kondukteur, in frommiske mei in pet op, en ropt wat oer fytsen, dat ik gean efkes hinne en krij op myn kop om’t ik de fyts sa delset haw as de foarige kondukteur sein hat: no kinne der twa oare fytsen net by. Mar dat kin oars, dat in skoft letter krij ik praat mei dy oare fytsers, as der in moai twatalich stasjonsboerd op ‘e foto set wurde moat. Yn Brenner geane wy der út, der leit folle mear snie as in wike lyn, sizze se, en geane wy meiinoar yn it treintsje nei Innsbruck, dat ek maklik fytsen meinimt. Dan lis ik út hoe’t ik fierder wol: mei dy&dy trein nei München – mar dat is krekt sa’n trein as al dy folboekte treinen dy’t ik net besprekke koe; kom mar mei ús mei en sliep by ús, dan sju wy moarn wol wer, noegje Sebastian Alkofer en Kathrin Stalder.

Dat nim ik graach oan, dat ik reizgje mei nei Wörgl, dêr’t wy op it stasjon sjogge dat der in trein nei Münster Westfalen rydt moarnier. Dat wy sju midden yn ‘e nacht noch (wol) wer en prate ôf, dat ik besykje sil om dy trein te heljen. Sebastian skillet noch mei de treinynformaasje en wy hâlde it derop, dat it mooglik is.

Ik sliep yn in DAV-hûs, in soarte natoerfreonehûs fan de Deutsche Alpen Verein, dêr’t Sebastian behearder fan is. Moarntemiddei komt der wer in groep, dat in inkeling as ik is plak foar. Dat is my tige nei ’t sin en dan rûgelje ik in bêd yn; de oaren binne ek wurch.

Bella ciao, bella ciao (mar no falsk), Woansdei 16 maaie 2012, Roma en Ostia Antica (iepenbier ferfier)

Yn prinsipe moat it ferstjoeren fan boeken en sa yn Frankryk en Itaalje selswurksumens wêze, mar de lju op it postkantoar binne altiten ree om te helpen. Ek hjoed wer, mar de dame siet wol te skodholjen, doe’t se my sa fier krigen hie dat ik in adres by de ôfstjoerder set hie: itselde as de ûntfanger (ik hie útlein dat ik wer it lân út gie…). En wêr’t no wol en net postsegels ferkoft wurde meie?

Itselde jildt foar de ferskillende loketten yn de stasjonshal: de ien mei net printsje en skriuwt op syn pyt jons kreas op wite efterkanten de ynformaasje op – en de oar mei net neitinke en folget letterlik de rûte dy’t op it wol útdraaide papierke stiet; en ferklearret my yn’e toan fan syn “buon viaggio” foar gek, dat ik mei in fyts op ‘e trein nei Nederlân wol. Mar syn ynformaasje kloppet net, dat dêr stin ik de hiele dei oer. Om dus ta de konklúzje te kommen dat er net neitocht hat en jûns in kaartsje te keapjen foar regionale treinen dy’t my mei de fyts moarn nei de Brenner pas ta bringe moatte. Dy konklúzje wurdt min ofte mear befestige troch it kaartferkeaploket en ik krij foar eltse trein in kaartsje plus ien foar de fyts – en ferjit de oare deis twa fan de trije kearen dat ik dat kompostearje moat. Dingen moatte ynslite tink.

Alex B en Herma hieden ’t ús al oanret, it reachstee fan Ostia hie ’t ús ôfret sûnder eigen ferfier, mar it blykte dochs maklik te wêzen: in besyk oan Ostia Antica, de havenstêd fan it âlde Rome, kilometers opgravingen mei faak noch muorren fan in pear meter  heech. Spitich dat ik dit mei A net trochset ha: mear as yn Rome sels haw ik hjir in yndruk krigen fan hoe’t it gewoane libben om en ta gie yn de earste ieuwen nei Kristus. Bûten de poarten wer in grutte nekropolis mei resten fan tomben en fersierings en dan in stêd. Foar it meastepart út sawat deselde tiid en blykber dêrnei wer ferlitten: Claudius, sawat 50 nK, hie al in nije haven oanlizze litten en de boel slike ek ticht.

Hjir en dêr wer insulae, flets foar gewoane arbeiders, mar no hiele stikken njonkeninoar, dat men kriget in yndruk fan hoe’t sokke buerten wieden. Fan de lúksere buerten oars ek wol: grutte fila’s om in hôf hinne, mei oanlisbanken foar de dinees. Timpels en in teater, dêr’t ik wat sit te iten en de iene nei de oare skoalklas de boel komt te besjen, útlis kriget of ôfskie nimt fan in dosint mei in act op in bekinde wize. Loadsen mei foarrieden losse stikken pylder, in hûs ûnderdak dêr’t men net yn kin, mar troch it gaas noch alderhanne muorreskilderingen sjocht. En wer stikjes hielal: yn ien eks-kafee, eks- sportskoalle en eks noch wat trije mozaykflierren oerinoar hinne (yn dy pear koarte ieuwen – as jim begripe wat ik bedoel).

Mar ek, wat Massimo in pear dagen lyn al sei: fan alles dat heal dien wurdt, dat stil stiet, dêr’t gjin jild mear foar is. Der is safolle te bewarjen, dat it net te bestuiverjen is yn in lân dêr’t Berlusconi in jiermennich de baas west hat (mar hy waard hyltiten wer keazen…) en dêr’t de krisis fansels net oan foarby giet.

Op it stasjon sit ik njonken in Ghanees mei susters yn Almere en Utert: de tredde kear al dat lju fan Nederlân dy pear stêden kinne, dêr’t ús jonges wenje. Nei de kaartsjekeaperij gean ik hurdhurd nei de kemping werom om noch by ljocht it measte yn te pakken: ik haw in plan dat ik oer de tillefoan mar net oan A fertel – it kin maklik mislearje. Mar ik praat efkes mei de resepsje en mei de nachtwacht en wol it wol aventoerje.

Mijn lief, mijn lief, o, waar gebleven…., Tiisdei 15 maaie 2012, Bracciano – ROMA: 50,57 km (Sint Pitersplein; 57,68 km kemping)

Bracciano – Anguillara Sabazia – Osteria Nuova – Boccea – Valle Santa – (bûtenwiken) – Roma.


“Mijn man weet dat wel.” En ja, nei de safolste kear freegjen komt der in Nederlanner dy’t fertelt dat al dy snielânskip-eftige pluzeboel fan de peppels is. It komt sa yn Nederlân ek foar, mar dêr falt it minder op; en ja, yn Súd-Frankryk is it earder fansels – wêrnei’t ik my de hiele dei ôffrege ha, hoe’t dat no logysk wêze kin.

Yn alle gefallen: op ‘e lêste dei is my wat dúdlik wurden dat my fan it begjin ôf (in bytsje) bezich hoden hat. En op ‘e lêste dei is my wat oerkommen dêr’t ik fan it begjin ôf (in bytsje) benaud foar west ha: ik bin fan ‘e wei drukt. Troch in grutte frachtwein mei oanhinger, mar dy syn skuld wie it net: fan ‘e oare kant kaam in reesVWeach, of sa, yn alle gefallen swart, en myn keurige sjefeur, dy’t ik mei de hân in komplimint jûn hie om’t er sa kreas efter my bleau yn ûnoersichtlike bochten, koe my op dit lang stik mei sa’n ûnferwachte tsjinracer net mear fetsoenlik ynhelje. Dat ik ha der foar keazen om mar efkes de berm yn, doe’t ik fernaam dat der in oanhingwein efteroan kaam. Fierders is it goed gien: neat stikken oan fyts of mysels. Ek gjin triljende skonken of sa, kreas dien jonkje.

Dat wie op in rêstich dykje foar it doarpke Boccea. Earst hie ik hearlik ûnder de beammen hast de heale mar omfytst (twa Snitsermarren c.a. grut, rûs ik) en wat koft yn in ûnmooglik lyts winkeltsje yn Anguillara, dêr’t likegoed in aparte juffer siet om by te betèljen (bìj te beteljen, tinkt men alle kearen: kin dat no út, al dy kassadames der by yn needrige nearinkjes?) en wie ik op in útfalswei rekke dy’t derút seach as de ynfalswegen fan Beograd – soe dit sa trochgean oant yn Rome? Nee, de kommersjele helahola, benammen twaddehâns auto’s hjirre, en dan faak yn it djurdere segmint, hood nei in pear kilometer wer op en Paul Benjaminse hie wre moaie ôfslachjes fûn foar it lêste ein.

No, dan hjit it al 23 km. foar it SPPlein Via Boccea en wurdt de boel geandewei mear befolke, yn de beboske krite noch mei oansjitske moaie dames langs de kant van de weg, tsjiidûm, mar ek mei bussen en frachtweinen en persoaneweinen en op in bepaald stuit rydt men suver ûngemurken net mear yn it grien mei yn ‘e fierte in hûs en in flet, mar yn de bebouwing op in seisbaans reesbaan. En dan noch goed op en del ek, want dat fan dy sân heuvels is foar de hjoeddeiske sitewaasje ek mar in simboalyske útdrukking. Mar ien kear yn ‘e fierte de kûpel fan de Sint Piter sjoen (mar men moat de harsens ek by oaren dingen ha, optfitsca a Roma) en dan nei in skoft de muorre fan it Vatikaan. Dêr 1000 m by lâns nei de doar fan de musea, 500 m nei it Fize Broadsjeplein en noch wer 400 m nei it SPPlein sels. Untyglike einen hege bakstiennen muorren om Vatikaanstêd hinne, dêr’t ik sa’n V om skriuw…

En dan mei men, sels as pelegrino ciclista, net iens it Plein opfytse: der ôf, bliksem, oars helje de Carabinieri dy der wol ôf. Tsja. Ik kaam lokkigernôch mear foar de klassiken, mar as echte pylger soe ik my wol wat teloarsteld field ha. No fielde it net sa besûnder mear: a. 10 à 15 km yn drok ferkear is net sa magysk, b. ik telde mear hoe lang de rigen foar de Musea west hieden, c. it Plein hie ik in deimennich lyn al west. Mar it fielde wol noflik, dat ik it no hielendal befytst hie. En ik wist al in pear dagen dat ik net oer dePiazza del Popolo ta de stêd yn fytse soe –faaks hie in folksplein my dochs mear dien.

Werom fytst oer de Via Aurelia (dyselde fan al dy dagen tusken Menton en Pisa) nei de susterkemping fan dy yn Firenze. Aardich en behelpsum en in spesjale digitale romte, mar sa fruchtber en kliemsk de grûn dêr wie, sa droech en stiennich wie er hjirre. De earste kear dat ik de pinnen net yn ‘e grûn krige en jûns de boel wer restorearje moast, om’t it bousel ynstoarte wie. No die de oare deis bliken, ik stie op in oar plak as se my oantsjut hieden – mar dát plak koe ik mei fyts en bagaazje net komme… fan in aardige Flamingfytser in stoel en de oare deis in tafel krigen.

En mei in I.F.-kaart foar trije dagen nei Stazione Termini om myn nachttrein nei München te bestellen – had je gedacht! Dy wie foar dagen foar en nei myn plende fuortreizgjen fol besprutsen foar fytsen. Dat, ik moast freegje nei oare mooglikheden en wat ik in putsje fan 15 sekonden tocht hie – nei in healoere wachtsjen mei in boek, waard in dreech (be)sykjen fan in kertier, en doe wie ik der noch net út.

De grutte boekwinkel dy’t ik yn ‘e holle hie, dêr en dêr, tolve dagen lyn noch sjoen, wie der net, net ien wist der fan, en oft er no efter dy tichte lûken siet, wist ik ek net. Dat ik wer nei de (grutte) boekwinkel op it stasjon, mar dat wie sa’nien dêr’t de boeken op útjouwer steane. Miskien hawwe alle echte boekwinkels dat wol yn Italië, hear, mar de twaddehânsken wieden oersichtliker, op alfabet fan skriuwersnamme. Hawar, mei de kompjûter kaam ik by útjouwerij Iperborea (ja fansels: noard) mei oersette Skandinavyske en Nederlânske literatuer. In Nooteboom en in Haasse útsocht foar Marco en Silvia. En mei in pizza al taglio (in hoegrutwojjo’mhapizza) nei de metro en de bus. Rome foel my efkes net ta.

Tillegram. Tiisdei 15 maaie 2012, 14:30: ROMA! St. Pitersplein

En no efkes fierstentedrok mei regelderij: de maklike nachttrein (ynformaasje op stasjon Termini tsien dagen lyn) is al nachtelang folboekt foar fytsen…

Hertlike groetnis,

pyt jon

p.s. de Stêd yn oer de Via Aurelia, dus net oer it Piazza del Popolo – hie ‘k oars leaver dien… Spitich foar wa’t dêr sieten te wachtsjen.

Sittin’ on the dock of the bay, wasting time (hest allang un afslag mist), Moandei 14 maaie 2012: Bomarzo – Bracciano, 68,65 km

(dêrfan it measte fytst: km.; dêrfan it measte rûn: oeren)

Bomarzo (koartere rûte) – Soriano nel Cimino – Vignanello – Vallerano – Carbognano – Caprarola – (Lago di Vico) – Ronciglione – Sutri – Trevignano – Bracciano (-min: dus al foàr it plak op in kemping)


Fannacht foar it op bêd gean ûntdutsen dat ik no sa ticht by Rome bin, dat it dien is mei it bonnefoaifytsen; dêr waard ik suver wat nerveus fan. En ik wurd ek rûger: hjoed al twa kear ferkeard fytst, de lêste kear sa stom, dat ik no de ferkearde kant fan de mar fan Bracciano omryd. Ik hie gjin nocht oan weromfytsen en it makket net in soad út.

De man fan it restorân fan justerjûn wiisde my in koarter paad; mar yn ‘e bergen bin ik sa slim myn oariïntaasje kwyt, dat ik oan de ein de ferkearde kant oer ried – fernaam it binnen hûndert meter, gelokkich. Oer in op it each flakke delling fan 23 km haw ik trije en in heal oere dien. En dat wylst der suver gjin útsjochpunten wieden, dat ik organisearre jierdeiskaarteskriuwen, adresseskriuwen, yn ‘e brievebus dwaan, iten en drinken, want dreech wie it wol. Mei elts doarp is wat: of it leit leech of it leit heech; yn alle gefallen sit der op syn minst ien net te befytsen helling per doarp yn de tocht – foar my, dus.

Ik kom ek oaren tsjin: Kanadezen dy’t trouwe yn Amsterdam en hjir gewoan plenne: safolle kilometer is safolle oeren, optfytske en mei begaazje. En mear as tritich jier jonger.

Der wie net folle te sjen: ik fytste troch in hazzenutegebiet en hie in soad blêd op eachhichte. Der steane in stikmennich nôteftige rassen hyltyd faker yn ‘e berm, wylst ik dat nea op it lân sjoch. In gesellich keppeltsje blossems skarrelt mei my de berch op, handoeken komme del fan de balkons, sels berch-op moat ik de jas oan: ik haw in kâlde wyn yn ‘e rêch.

En krekt foar de lêste rotonde fan Ronciglione klapt my wat op ‘e foarholle, rekket ûnder de helm en stekt fuort ta. It begjint ek daliks sear te dwaan, dat ik ryd nei it earste hûs en sykje de wurden op dy’t it sa gau kwyt bin: aceto, vespa, pungere. Jittik, ealjebij/hveps, en stekke. Efter it lûdsprekkerke wurdt it fuortdaliks oppikt en der komt in dame, neffens it buordsje Laura Tocchi, dy’t my rynsk fan jittikservetsjes foarsjocht. Hulde foar Laura (is yn Itaalje net ûngewoan)!

Ik ryd Sutri út, yndie gewoan leuk en wat suterich, en sjoch in nuvere soarte fan berch mei wat grottegatteboel deroan; mar pas by it buordsje heucht my de opmerking fan Paul B. Der is in amfiteater úthakke yn in dowestienrots. De binnenkant is yn rûge halen bewarre bleaun, en in bewurke bûtenkant hat der net west – of dy gatteboel moat wer ûnderdiel wêze fan in Etruskyske nekropolis. In deadestêd mei in ein fierderop allegearre úthakke grêven, dy’t no iepenlizze nei de wei ta. In soarte balkonkatakomben, mar noch wer âlder.

Sjoen it oantal oeren dat ik rûn ha, haw ik in respektabele ôfstân ôflein, fyn ik. En hjir is de earste kemping dêr’t NLsk ien fan de fjouwer standerttalen is. Der wurdt “gewoan” goeienavond en welterusten sein yn it restorân, troch de klanten. En ik sjoch der dochs al út as in NLske toerist – al jierren.


Ogni pensiero vola, Snein 13 maaie 2012: Lubriano – Bomarzo, 49,68 km

Lubriano – Bagnoregio – Grotte S. Stefano – Vitorchiano – Gramignana – Bomarzo


De sinne skynde, der is fan alles droech oppakt, mar sels myn gasthear foarsei minder waar, nei ’t er noch in set draafd hie en wy dêrnei noch wat praten. Diken en wetterstannen binne nijsgjirrige ûnderwerpen, fernim ik iderkear wer (lykas A yn Afrika sa faak hearde: hoe ís dat no,seizoenen?). Leuke fint, Massimo Burla.

Nei tolven waard it moai bewolke fytswaar en it gie hurder as ik tocht hie. In skoftlang west-east oer in berchkaam, njonken it spoar; spoar boppe op de berch, nea fan heard. Ien gemiene dûk nei in djiplizzend streamke en dus rûn nei boppe. Denn meine Gedanken zerreissen die Schranken, song ik, mar fierder as it kreas jongen fan de kûpletten dy’t ik koe, kamen der gjin gedachten. Wol wat observaasjes, no en dan. En in doarpke op in berch, dat troch Paul Benjaminse tige oanrikkemendearre waard. Dy hat der wat foar oer hân, tocht ik, mar doe kaam der in brêge nei lofts oer it ravyn, en no slút ik my by him oan. De moaie doarpkes bin hjir nochal griis en ik tink, dat Pieck hjir ek wolris fan dreamd hat, mar Vitorchiano is om te ûnthâlden.

Doe kaam it punt,dat ik oplette moast, want ik woe wat ôfsnije en nei in oare dwersrûte fan PB ta. Mar it stie gewoan oanjûn: Bomarzo. It lêste stik gie wer omheech en dan fyn ik it altiten sneu om wer nei ûnderen ta, om deselde rûte ek wer omheech te moatten. Dat wie yn it doarp wer sa, dat: goed freegje, mar neat oan te dwaan. It waard allinne mar slimmer. It doarp is hjir en dêr mar ien hûs breed, mei de rêch yn ‘e berch of mei de efterkant oer it ravyn hinne (ik praat oer deselde westkant fan de strjitte) en op in pleintsje dat him ynienen foardocht, nimt de kastlein jin mei troch de saak en seit: sju, dêrûnder yn de delling leit dy tún, en foar fytsen is it it gaadlikst en gean it poartsje dêr yn ’t hoekje yn, dat bin in pear treden omleech en dan is men der samar. Op ‘e weromreis dus dik tsien menuten rinnen, plus ien steechje swiere fyts omheech skuorren.

De tún fan Bomarzo is krekt sa’n persoanlik konsept as dat gipspaleis fan postrinder Hynder/Cheval yn Hauterives ferliden jier. In idee om in wrâldfilosofy ynbylden om te setten, allinnich in pear ieuwen earder – en mei wat mear kulturele pretinsje, tink ik. Ik wie benaud dat it krekt sa’noer-organisearre boel as yn Hauterives wurden wêze soe, mar dat falt ta. Hjir en dêr makket it noch gewoan de yndruk fan in oergroeid en suterich byldepark. Ik hie in gids koft (swier yn  de fytstas) en dat wie wol handich, want der moast ek wol wat útlis by. Ik wist fan Hella Haasses boek inkeld noch dat ik it twakear efterinoar lêzen hie en dat it my yntrigearre. Dat ik moast derhinne.

No, dat is it dan wol; ik moat it boek noch mar ris lêze. Myn soarte simbolyk net, net echt in fûnkje dat oersprong, mar mear in breed útwurke folly: wat aparts om wat aparts te meitsjen. Mear Romantyk as Renaissance, tinkt skoalmaster. De styl fan de bylden spruts my net oan en net ien fan de gedachten dy’t der efter sieten. Wol ien dy’t der op stie, op de lippe lei fan de minske-itersharses: eltse tins ferfljocht. Dat haw ik optfytske no ek.

Ha, in b&b (Buongiorno) dêr’t de mefrou (allegearre jonge b&b’sters hjirre) by it earste lûd oer de tillefoan ropt: arrivo! En dêr’t in ienpersoans keamer en dito priis is. En no reint it.

Doe seach ik wer om, Dom Dom, Dom Dom, Saterdei 12 maaie 2012: Fabro – Lubriano (plus),  51,14 km.

Fabro – Allerona Scalo – Orvieto Scalo – Orvieto – Canale – Lubriano


Ynstee fan mei te dielen, wat ik berimele of beoerset ha, fertel ik suver allinne hokker tapaslike wizen my no wer Ohrwürme ha. En yndie bin ik nettsjinsteande goede foarnimmens wer rekt safier as ferliden jier: dû silst wol jin dysels oanrûn weze – ja, as dat àl sa is, bestean ik út pompompom en lalala. Fierders is sûnt it begjin fan de ynspannings, sis mar sûnt Itaalje, de kop leech.

En ik tink faker oan thús as wol west hat. Mar likegoed: omheechrinnemoatten of net: út en troch moat ik efkes stilstean om te grommeljen of te jubeljen fan oandwaning: wat is ’t hjir wer ferrekte moai. Op eltse berchtop in doarp, op eltse heuveltop in hûs en it binne gjin foto’s…..!

Ek hjirre Ingelske huzekeapers: in echtpear hie hjir al achttjin jier in Goldoni-trekkerke, mar koe noch gjin Italjaansk. En sei dat ek twastimmich mei deselde iis-deren logika dêr’t my wat fan heucht út Ingelske romans oer “har” Ynje/India.

De asfaltwei wie by de agriturismo ophoden, dat fierder oer grúswegen, eins de hiele rûte nei it folgjende doarp-ûnder-it-TGViadukt, sa’n tsien kilometer. Ynklusyf jubeljen en yslike ôfdalings. It mantsje op it bankje yn it skaad by de coop wie 88 (letter haw ik efkes tocht dat er sintimeters bedoelde) en hie yn syn jonge jierren fan Napels nei Milaan rûn/rinne moatten: 30 km deis.

Troch de delling moat de TGV, de autostrada, it spoar, de gewoane wei en noch wat lânbou, dat soms giet dat oer hûndertfyftich meter breed. Moai te sjen út Orvieto wei, in dowestiennen stêd op in akropolis, te berikken mei in funicolare. Wol wer myn soarte stêd: gewoan in libjen-en-wenjenstêd, mei in pittoreske soarte suterigens, mar net te Anton Pieck. De Dom wie yndrukwekkend troch syn keale leechte: as ik it goed ynskatte, wie it in basilyk; ik hie fuortdaliks it gefoel, sa koe de basilyk fan Maxentius op it Forum Romanum der wolris útsjoen hawwe – ôfsjoen fan al dy skilderingen en ekstra kapellen. Troch strjitsjes slingere en sa noch wat hoekjes fan de stêd sjoen; moai om de hitens fan mid-oerdeis efkes te ûntrinnen.

Want de folgjende berch moast ik fansels wer op. In pear kear in lêste foto nommen, mar hyltyd wer boarre de Duomo troch de kym. De ferkearsfeiligens hie derûnder te lijen.

In fraach (18.05) nei in agriturismo (b&b) levere my in begelieder op, dy’t healweis net mear wist wêr’t it wie en doe hearde, dat de boel ticht wie. Folgjende begelieder, ein werom: de dame yn de kleanwinkel hie in broer mei in agroturismo. Net te berikken. Folgjende begelieder: wer Lubriano yn, nei de dame fan de bar. Dy ferwiisde nei in oare bar: b&b ticht. Twa suggesjes om te kampearen by it sportfjild mar oernommen. Mar by it sportfjild stie wer in buordsje fan de nulde net te finen b&b, dat, noch mar efkes trochfytst: ticht. De buorman woe my wol yn ‘e tún ha en joech der in fles drinkwetter, in apel en in banaan op ta (19.55). Mar it aardichste fan dy hiele aspetta, aspetta!-reewilligens wie om yn de kreaze kleansaak te sitten mei jins beswitte liif en in stik te lêzen yn in goed roomsk blêd fan de lêstafel – al wie it sneu dat ik dat better folgje koe as it praat fan al dy aktive skatten.

p.s. briefke mei it reachstee fan de oant no ta leukste pleats yn Itaalje (marco en silvia):

www.poderelefornaci.it .

Waarover spraken zij, die drie daar op dat Hek?, Freed 11 maaie 2012: Asciano – Fabro (plus), 93,90 km

Asciano – Rigomagno Stazione – Croce – Bettolle – Lago di Montepulciano – Lago di Chiusi – Chiusi Scalo – Fabro – Salci – Fabro plus: Agriturismo.


Hjoed begûnen de fûgeltsjes mei itselde, allinne klonk it yn myn iensumens wat pesteriger: woll’ jo thee, woll’ jo thee?

Op de alderearste dei fan myn fytsreis nei Rome, 18 april ferliden jier leau ‘k, bin ik by de Leien lâns fytst; hjoed fytste ik oer in grúswei, ien fan de pear fyts-fuotpaden dy’t ik no meimakke ha, by de mar fan Montepulciano lâns: sa’n 150 ha moerasgebiet, diel útmeitsjend fan de ekologyske struktuer tusken Arno en Tiber, fûgel- en plantedorado, en ferjûn fan dy wite pluzen dy’t ik al fiif wiken geregeld tsjinkom. Diskear wie it in soarte fan snielânskip, sa slim.

It giet net allinne om natoerbehear: dizze marren en de ferbinende en guon oare kanalen tsjinje en tsjinnen de wetterbehearsking. Ik hie yn de delling (noard-)east fan Sinalunga al wat dykjes sjoen en no oan it lange kanaal sels 18e-ieuske slûssystemen – hardhandig gerestaureerd. Ik kin noch meidiele: it wie fytsen tusken EHS en HSL. En IHS, want dit is Itaalje.

Paul Benjaminse hat wol gelyk, as er seit dat in fytspaad by in kanaal of rivier lâns in duffe bedoeling is, mar ik hie al juster foar dizze rûte keazen en net foar it moaiere mar oppendelligere alternatyf: ik hie efkes myn nocht fan al it geklim en gerin. In pear stikjes mar, hjoed, va bene. Mar fuort wer  dy fazant fan de lêste dagen, dy’t my it klimmen ta in dehaasendekrekel-tastân makket. Letter hjoed haw ik him lang om let in kear sjoen, mocht ek wol ris nei al dat senuwegekreak fan him.

Nei it lêste ferslach bin ik skille troch A, en foár dit ferslach alwer. Dat wurk, dat wurk! Fan ‘e moarn werom nei Asciano: dêr heugde my in coop en myn dei wie net ferjûn fan grutte doarpen. It lânskip wie wer wat normaler en net sa ferskuorrende leech. Spitich, dat myn plakferlieners net sokke praters wiene, dan hie ik dêr noch wol wat oer freegje wold. Hoewol’t ik ek benaud bin, dat myn Italjaansk net safier komt yn ferbân mei neokapitalistysk kolchoazesysteem ynstee fan lytse hoekjes mei in ôfwikseljend systeem (lykas PB suggerearre).

Wat wol hyltyd wer leuk is, is al it klaproazegedoch rûnom; dan sjong ik sûnt myn jonge jierren al fan korenbloempjes blauw, om dan te ûntdekken dat dat net it liet oer klaproazen wie. Sa fyts ik op ûnferhurde wegen mei twa spoaren ek leafst lofts: de ûnderfining hat leard, dat it dêr almeast igaler fytst (is hjoed wer befestige).

Ik hie hope op in moaie kemping oan de mar fan Chiusi (Silen?), mar fan de twa oankundige haw ik mar ien sjoen en dy foel yn de kategoary grienútsleine kerrevens en smoarge pishokjes. En doe’t der net ien swom en der ek hielendal gjin dûsj- of watfoar foarsjennings wieden, wie it beslút gau nommen: moai waar, noch in hiel stik dei oer en in flak trajekt foar de stjûne. Dat: de straf kaam by it sykjen fan sliepplak.

De i wie ticht, my waard op strjitte befestige dat kempings hjir noch net útfûn wieden, dat ik bin buordsjes folge nei in net te djoer útsjend (sjoen de simboaltsjes) b&b en boppe op in prachtige heuvel útkommen, nei’t ik op de foarlêste punt net mear fierder woe mei fyts en al en dus in km sûnder rûn haw. En werom, want se wieden wol biologysk, mar noch net iepen en net ree om har fergunning te ferspyljen foar in swittend âld fytser. Dat seiden se tige freonlik, suver Ingelsk. Dan mar de alternative rûte fan moarn op (net de steile, dus) (hjir leit it wer oars mei it alternatyf) en by ien fan de djoere b&b’s telâne kommen, yn in heal húske dat foar trije ornearre is. Justjes mear komfôr as juster.

Hokker kant men hjir ek oersjocht/… …/wy skreppe alle dagen/(omheech), Tongersdei 10 maaie 2012: Monteriggioni – Asciano (+): 46,77 km

Monteriggioni – Siena – Arbia – Asciano

Om seis oere wie der al ien oan it fuortgean; dat moat Flora west ha. Ik bin om healwei achten (dat is myn gewoane tiid) oan it waskjen gien en haw it yn de tsjerketún ophongen: droech nei in slach troch de buorren/tusken de muorren. De gesellige mantsjes fan juster wer tsjinkommen, en ek noch yn Siena, mar dêr koeden se my sûnder helm en fyts blykber net werom… Aardige rûte, noch efkes hjir en dêr in blik efterom.

Siena hie wol it autentike: net sa oppoetst as San Dzjym, net sa arrogant as Firenze. Lykwols gjin moaie stêd: mar in pear kear in iepen plein mei in wat freonlike útstrieling en de moaie gebouwen wiene ek net te tsjûk siedde. In wat sletten stêd, mei yn it sintrum wol de sjyke winkelboel en de hapkehelahola, mar net wat om lang te bliuwen.

De Dom wie mear fersierd as dy yn Firenze, mei fresko’s en bylden en ek in moai gehiel bleaun. En wer net it al te wylde fan fanditwat en fandatwat. In freonlike tsjerke, mei wer dy ferskillende kleuren yn flier en gevels, dy’t út relaasjes mei Arabië weikomme. Yn ‘e kripte wieden noch hiele stikken fresko’s mei prachtige kleuren en flierren mei glêzen trochkykjes nei noch wer âldere sfearen. Behalven de i wie der mear ticht, dat nei in slach troch de strjitten (makliker patroan as oars wol) bin ik fierder gien op Paul Benjaminse syn rûte.

Hy hie yn de ynlieding fan dizze kilometers, oer in soarte Kammweg troch de krite Le Crete, wat skreaun oer woaste en liddige stikken, dat by it omheech gean song ik al wat feansoldaterichs, mar it foel wol ta. Al wie it lânskip folle en folle kealer as oars yn Toscana, en seach ik ek foarbylden fan eroazje – tocht ik. En in muorre mei fûgelholtsjes en dêr blaugriene, koperbewjukke fûgels by, mar dy iiskoperwjukken ha ‘k net goed op ‘e foto. Ien sallemander koe gjin kant oer, mar rûn doe’t ik tichterbykaam rjochtomheech by de muorre op en stie dêr my triomfantlik oan te sjen fan in lytse meter. En tilde doe efkes syn beide foarpoatsjes op yn de trant fan: doch my dit mar ris nei. Mar de liepert seach wol, ik hie de hannen fol fyts. En jim tûkerts begripe ûnderwylst, dat ik hiele stikken rinne moatten haw. Mei út en troch de earste sekstjin kilometer mei Siena noch moaie weromsjochpunten dêr’t ik de bekinde útkypjende punten noch efkes bedikerje koe.

Ik fyts troch de doarpen en stêden, as it heal kin; soms mis ik dan de oansluting op PB syn rûte – syn kaartsjes bin krekt te summier om dêrfoar genôch hâldfêst te jaan. En yn Asciano wie de vvv ticht, en wieden gjin kempings, sei elkenien. Dat by it earste platte stikje grûn haw ik de omrinnende eigner mar ris frege: si, mar dan by syn âlden, efkes earder. Dy ek: si. Dat ik sit by  de spoaroergong, mei rare warskôgingsmûntsjes derop út de tiid dat it reade ljocht te djoer wie (is dat zo of denk je dat dat zo is?) dy’t it noch hyltyd dogge. It reade ljocht ek.

It wurdt te tsjuster, de miggen komme, dat ik bin net allinne. Voglio seare Pipo, Peer Gynt, roppe de fûgeltsjes hjir oanientriedwei. In ferstannigenien ropt: Voglio Peer Gynt, en in realistyskenien: Voglio ti – ik wol dij.

Gnôthi seauton, Woansdei 9 maaie 2012: San Gimignano – Monteriggioni, 30,36 km

San Gimignano – S. Lucia (kemping wer) – Pietrafitta – Colle di Val d’ Elsa – Monteriggioni


Der binne mear op paad om harsels kinnen te learen. Lykas A tsjin my sein hat, dat it goed foar my wie om ris wat sels rjochting te jaan oan wat ik die, ik wie wat ûnorganisearre, en dat ik dus mar moai allinne nei Rome fytse moast, hat Flora tsjin harsels sein, dat it goed foar har wie om sels yn kontakt te kommen mei minsken en dat se dus mar allinne nei Rome rinne moast. Se fynt harsels te timida.

Jawis, ik bin befoardere ta pylger, troch de vvv-juffer, dy’t my ûnder dak ha woe yn de pylger-herberge hjir yn Monteriggioni, om’t de kemping noch net iepen wie. En ik woe net wûsj troch dit doarpke hinne om noch tweintich kilometer nei Siena yn oardel oere…

Dat Flora hie harsels oerwûn troch my te freegjen oft ik ek pasta ite woe; ik ha myn plannen omsmiten om ja te sizzen en foar beide in jochertsje en in kiwi te ynvestearjen. Oer ús reizgjen praat, heard dat har baas har ferline jier net de hiele tocht fan Milano nei Roma rinne litte woe: 14 d. fakânsje is fjirtjin dagen fakânsje, en dat se dus no de twadde helte docht, etcetera etcetera. Twa noflike oerkes.

Monteriggioni is, sis ris wat, Ie of Tsjom mei in muorre deromhinne op in berchje. Yn de midsieuwen wichtich tusken Siena en Firenze yn, en no yn it opkommen troch it toerisme. Der wurdt yn San Gimignano wurke oan in skaalmodel fan M yn de midsieuwen, lykas der in San Gimignano 1300 bestiet. Wer geweldich leuk, mar mear yn de sfear fan it sintrum fan Frjentsjer as dat ûnbidige Rome út 306 op skaal. It aardige wie, dat ik in eigen gids tawiisd krige dy’t der ek echt wat fan ôf wist en dêr’t ik aardichheidsjes oer Griene Sliivs ek oan kwyt koe. Hjir wie ek ûndersyk foar dien, lykas yn Frjentsjer, mar dêrnei wie alles bakt yn terra cotta! Tige nei it sin, al wie it spitich, dat de histoaryske romte in pear puntsjes fan de stêd ôfsnijen nedich makke. Mar hjiromhinne wiene ek oare terracotta miniatueren: it libben op it lân, yn ‘e stêd ensafuorthinne, plus in pear fideo’s en soks. Ik bin blykber in makettefryk, mar dit wie wer krekt yn myn strjitsje.

De stêd San Gimignano wie fassinearjend troch de steechjes en strjitten en hoe’t dat oer en op en yninoar om rint. It is in moaie stêd wurden, mar tè: wat glêd, wat steryl, wat dea-restaurearre. Krekt as binne alle gebouwen nij. De winkels hawwe wer in heech heppyfjûkarakter. Dochs wie it in stêd dêr’t ik suver gjin ôfskie fan nimme koe, of oarsom? De rûte fan Paul Benjaminse brocht my oer in heuvel (hierspjeldbochten en al), dêr’t stees San Dzjym wer troch de kym brekt, hyltyd troch in oare kym, oant ik acht kilometer fan de kemping definityf gjin tuorren mear seach.

Moarns hie ik in organisatoaryske rite hân mei kleanwaskjen, keatlingsmarren etc. benammen dat earste moat faak, mar it iene merk gaudroech is gauwer droech as ito are. Alles wie droech doe’t ik út de stêd werom kaam. De kempingjonge hie my in alternative rûte wiisd: it waard de earste kear dat ik nei ûnderen ta rûn ûnderweis, mei in weiglysterjende fyts op in grúswei op in helling fan 20% of sa (dat wyt ik no: sa steil wie it op ‘e kemping sels…). En PB brocht my yn Colle del Val d’ Elsa, dêr’t ik it net litte koe en ryd it centro istorico yn. En dêr wie de sfear dy’t San Gim net hie: net oppoetst, gewoan in âld sintrum dêr’t minsken wennen, sels yn in ûndergrûnske strjitte har foardoar hiene, dêr’t in skoalle útgie en ik itselde paad werom moast (die ik net), om’t de boel op de akropolis dearûn, heech boppe de nije stêd. Ek dêrboppe waard gewoan libbe, suterich en kreas trochinoarhinne.

It bemuorre doarpke dêr’t  ik no bin, sit dertuskenyn. En hjir wurdt ek noch gewoan libbe en moat ik no nei it sliepsealtsje ta – dat ik foar my allinne ha.

(en alle buorlju ha wifi, allegearre kreas mei wachtwurd) (en dit ferbliuw hat wol in reachstee: www.monteriggioniviafrancigena.it)

Pyt de pylger


E lucevan le stelle II – ta-rû-dû-dû-rammm, tsjybedy da rûmpam, Tiisdei 8 maaie 2012: Greve in Chianti – San Gimignano, 58,77 km.

Greve in Chianti – Panzano – Castellina in Chianti – Poggibonsi – San Gimignano

De hiele dei dizze Ohrwurm hân: want Marco syn waarsfoarsizzing kaam út en ik hie de hiele dei in lokkich gefoel, as hie ik noflik by âlde freonen west.

Op it Etruskysk grêf yn Castellina in Chianti betocht, dat goede freonen wichtich wie en besletten om de ôfslach te nimmen nei San Gimigniano ta: adfys fan Frans en Marianne. Moarn sjoch ik, wat ik der fan fyn. De rûte wie yn alle gefallen prachtich: de wei gie dik tsien kilometer stadich omleech, dat ik koe skoftenlang fan it útsjoch genietsje sûnder dat ik de kop mear by de dyk hâlde moast. Mar de lêste kilometers oer de grutte wei gieden my te steil omheech, en dat yn ‘e spits…. Brrrr (en brrrûm).

Der wie in soad rinnen by, hjoed, en lang net altiten mei moaie ferlechje-útsjoggen. Sallemanders yn ‘e berm en ien kear by it delgean in grut fjild klaproazen, dat op eachhichte foarby ljochte. It aardichste rinnen wie in fyftjinde-ieuske omgong ûnderoan de bûtenkant fan Castellina, dêr’t in bûtykjegallerij fan makke wie. Moai. En opfleure troch in Nederlânsk Romefytser fan in pear jierren lyn, mei wat suggestjes, dy’t no in b&b&bf-arrânzjemint hie – bêd en brochje en bagaazjeferfier.

Fan ‘e moarn kaam de jonkjesynfaazje net: se hieden let west. Mar ik koe noch ôfskie fan se nimme, foar’t se nei trije ferskillende skoallen brocht waarden. It ôfskie fan Silvia haw ik mist, want Marco suggerearre dat ik mar ris by it melken sjen moast. Dêr wie Simone oan ‘e gong (dat is in mânsnamme) mei it himmeljen fan in fjouwergeits melkmesine en it flesjaan aan in wouterbokje. Hy tocht dat ik de nije “woofer” wie, en sette my oan it wurk. Letter haw ik noch by de caciaia west, de tsiismakkerij, dêr’t ynienen ynspeksje komme soe nei oanlieding fan in stik yn in Russysk glossy. En de ôfspraak mei de slachter wie net goed makke: no koe dy de slachtlammen allinne te let ha! By de kofje (ien lyts bakje net wegerje wollen, mar mear geitemolke dronken) die bliken, de echte “woofer” hie yn Zeuvenhoezen by De Like wurke op in geitebuorkerij.

De grutte iisbaan dêr’t ik fan ‘e moarn hyltyd it sicht op hie, blykte in dyk om in wetteropheingebiet foar de fiume Greve te wêzen – mar it hie sûnt de foarige oerstreaming earder te droech as te wiet west; soe de operaasje te goed wurkje? In waarm ôfskie fan Marco – dy’t efkes letter my ynhelle om wer in nij boadskip. Dat binne bylden dy’t – mei dy fan de jûn fan juster – my de hiele dei troch de kop sweven.

E lucevan le stelle, Moandei 7 maaie 2012: Firenze – Greve in Chianti, sawat 37 km.

Firenze – Impruneta – Il Ferrone – Greve in Chianti

De hiele nacht hat it reind; ik krige it wer kâld en ha wit meimeitsje mocht, dat om healwei seizen sawat de rein minder waard en ophood. Mar moarns wei der neat droech en doe krige ik in ûnferwachte fleach fan aksje en pakte alles yn, wiet of net: genôch plestikpûdsjes. Mar myn fyts waard weromkind as in Jan Janssen troch in Karel dy’t mei in Sytse ek it lêste stik nei Rome fytste. Doe’t ik efkes fernaam nei Sytse syn opmerking oer de Ekologyske HaadStruktuer yn Nij-West, Amsterdam, krigen wy in lang petear oer de EHS, dêr’t Sytse, yn de stêd dus, behearder fan wie. Moaie ferhalen oer hoe’t it yn sa’n sitewaasje striden is foar sa’n behearder! Ik hoopje dat de blekerderij no ek wat fan de baan is, want wy hieden it hjir dochs al better foarinoar as yn dat stêdlik gebiet mei omkriten, tocht ik. Mar Sytse kin dan no efkes fytse, hy giet troch mei de striid.

Der kaam wol wat sinne, mar it bleau moandeitemoarn: in stikmennich dingen wieden ticht; it measte spyt my dat fan it Dante-hûs. De Dom fûn ik wat kâld foar in Roomske tsjerke, mar de kripte dêrûnder wie wakkere nijsgjirrich, mei wer ferskillende tiidlagen deryn en noch hiele stikken midsieuske flier – en Romeinsk, mar dat wie gjin mozayk. In pear bylden fan skriuwers op de foto set en oan it begjin fan de middei oan de foet fan de earste klim (yn de stêd) noch mar wat iten. It waard moai waar, dat ik soe noch in slachje meitsje. Mar dat foel ôf; net dat de wei net moai wie of te drok, mar hy gie omheech….

Yn Impruneta wie de coop yn de Ho tsjy minstrjitte, fuort by de krusing mei de Paus Johannes XXIII-wei. Doe hie ik al út en troch rûn, mar dêrnei gie it ûnhuere omleech. By Il Ferrone tilde it fan de Boumateriale- en Terracotta-ûndernimmings (seit wat oer de grûn) en gie ik foar de earste kear oer de Fiume Greve, wat oanlieding joech foar Ohrwurmkes mei ferskillende teksten op de Gerardreveltjesdans. Wy folgen de rivier omheech, de fyts en ik, en dat gie wol aardich, mar doe’t ik nei healwei seizen begûn te freegjen nei kempings, krige ik hyltyd negative antwurden, útsein fan in plysjeman, dy’t my in park yn Greve oanrikkemedearre.

Mar ik woe leaver oars, dat doe’t der in grut stik tún/lyts stikje lân njonken my ferskynde, ik fan de wei ôf en ris freegje oan de wat âldere minsken dy’t dêr wieden/wennen. Mar de grûn wie harres net, en se leiden dúdlik út wêr’t ik faaks wol kâns hie. Mar ris besykje.

Dat ik draaide it hiem op fan in geitebuorkerij en waard alderhertlikst ûntfongen, mei in waarme handruk, Marco. En as ik mar net tusken de geiten kaam, mocht ik rûnom de wiete tinte opsette, dat dy noch wat droegje koe. En foar’t er stie, op in heech terraseftich stik, moarnier yn ‘e sinne, hope ik, wie dêr Pietro, de âldste fan njoggen, dy’t krekt as ik hiet. Pietro noege my út om mei te cenare, en doe’t er myn gesicht seach, herhelle er rêstich oft ik mei harren mangiare woe. Prachtich jonkje.

Ja graach fansels, dat ik haw ik hiele jûn ferkuorrende noflik sitten te praten mei de geitetsiismakker Marco, syn frou Silvia, hast psychoterapeute, en de soannen Pietro, Duccio en Filippo. Se fertelden oer har wurk en stúdzje. Marco hie dik tsien jier ljochtman yn in teater west, doe’t er wat folslein oars woe en in gesin woe, dat sadwaande. En it koe finansjeel sa, dat er net ryk, mar wol noflik libje koe. Se lutsen har neat oan fan wat ik neffens de regels ferkeard die oan tafel, mar fregen en fregen, nei dat wûnderlike lân dêr’t ik weikaam. De fytsfakânsjes troch Nederlân (jierren tachtich) kamen goed fan pas, want in hiele soad oer Nederlân en it wetter koe ik taljochtsje. Mar wie hieden it oer fan alles en ik stie pas healwei tolven ûnder in hast ljochte moanne midden yn Toscane op in heuvel lokkich en kâld te wêzen. Marco hie op ‘e stjerren wiisd en ik hie efkes dat rigeltsje út Tosca songen. En Marco sei, dat it moarn moai waar wêze soe. Dat wie ’t al.

Snein 29 april 2012: Roma: Sint Piter,Trastevere

(De ferslaggen 21 o/m 25 binne letter skreaun: wy wieden jûns te wurch om noch sokke dingen te dwaan. Mar ik ha wat oantekens makke en sil de foto’s besjen, faaks komt it noch goed. En de “radio-stilte” wie ek wol wat plend: wa set no op it net “ik bin der net”? Untskuldigings dus; hooplik kin de boel noch ynpast wurde.)

Hjoed kaam de rein dy’t foarsein wie, net. En it wie in wykein dat in soad Italjanen ekstra frij nommen hieden yn ferbân mei de frije earste maaie. Dat it wie drok: moarns by it iten en middeis by de fergeze Vatikaanske Musea. En ús metro ried net, dat lange busreizen om op dy Mussolinestrjitte nei it Pitersplein te kommen. Krekt oer tolven op it plein, en wa hong dêr ta it finster út? Hy die krekt de groetnis oan bepaalde groepen op it hiem. Dat ik haw de groetnissen dy’t ik fan hûs en ûnderweis meikrigen hie,letter mar yn in Vatikaanske brievebus dien, want ik koe him net beroppe, sa heech.

De rigen by de VMusea losten op: chiuso fanwegen de drokte. Dat wy ha de Sint Piter yn west: lang yn ‘e rige en doe troch in fisitaasjepoartsje, dat net op myn soarte midsieuske pylgers berekkene wie (no hie ik der sels ek net by stil stien): myn leppels en bôle-itersmes joegen gâns kabaal, om fan myn paperclips mar te swijen…. Moai grut, moai, soms, en dochs minder ymposant as in rûch blok lykas de Aya Sofia. Mar bepaalde dingen moat men (A) wer (pj) sjen. En doe wie de Friezetsjerke ek noch ticht.

By de babydraaidoar yn in kleasterhospitaal (foar te fûnlinglizzen) en de Ingeleboarch lâns, de PiazzaNavonabuert troch en nei de Tiber ta. Anne wist noch folle mear as ik oer Wolf/Lupo en syn libben dêre (mar wy sille beide Het motet voor de kardinaal wer lêze). Timpeltsjes, de Cloaca Maxima = it Romeinske haadrioel, de stikkene brêge = Ponte Rotto en wat moaie trasteveriaanske strjitsjes mei  in leuk restorân. Ha se ús dêr no wol of net besoademitere?

Lang wachte op in bus en op ’t lêst mar in ein rûn en oars earne ien oppakt, en noch in bus by de metrostasjons lâns en noch ús gewoane bus: mear as oardel oere. En fan al de ynspanning en it leven sûze my it rjochterear wer omraak. En dochs in moaie dei hân. Rome, dus.

(Firenze, 6-5-12)

Heeltied fedder, heeltied natter; hest allang un afslag mist, Snein 6 maaie 2012: Limite sull’Arno – Firenze/Florence, 46,52 km

Pinone-pas (421 m mar) – Carmignano – Comeana – Signa – Arno-fytspaad – Firenze.

Dit is gjin dei foar my: folslein ferreind en de i ticht. Allegearre praktyske dingen dêr’t ik net goed yn bin. En it fytsen yn ‘e rein is net sa ferfelend, as men mar net ûnderdak wêze moast oan ‘e ein fan ‘e dei. No, ik ha gokt op better waar moarn, en sil jûn yn ‘e sek noch wat stinne oer de bêste ynpakwize as it moarn mar oanhâldt. Ik stean op kemping Michelangelo, fuort by in útsjochpunt oer de stêd en bin hjir lekker bleaun om wat waarm te wurden: fjouwer tsizen mei sicht op ‘e kattedraal.

Fannacht rein hân; en kompjûterjendewei wachtsje op it droegjen fan fan alles helpt neat: dat wurdt wiet ynpakken. Dizze sin hie ik fan ‘e moarn skreaun, en doe bin ik mar oan ’t ynpakken gien. Dêrby krige ik krekt in bytsje droech waar. Nei it ôfrekkenjen waard ik werom kind as in folksdûnsjende Sikkema en prate mei Jan de Jong fan Akkrum noch in setsje troch oer de folksdûnserij en it ûnderwiis en beide hieden wy net sa’n hege pet op fan de ûnderwiisynspeksje. JdJ wie om de buerokraatsy yn ‘e fut gien en ik fyn dat de ynspeksje nedich ris ynspektearre wurde moat troch minsken dy’t ferstân fan ûnderwiis ha, om’t er mear bedjert as goed docht (miskien fynt JdJ dat ek wol).

En doe wie ik boppe en koe binnen de kilometer alles ynpakke en de hiele dei yn ‘e rein trochbringe. Dan betrou ik de boel (= mysels) net sa by it omleech sjezen, dat tuike tuike. Eins wie it kwa fytsen net sa’n beroerde dei, mar dan: wêr moat ik yn Firenze hinne? Moai by de Arno lâns de stêd yn en doe oer de Ponte Vecchio – allegearre bûter wat de ko skyt – nei it sintrum; dêr soe wol in i wêze. Mar dy wie ticht, en der wie (ek earder) gjin plattegrûn te bekinnen. Dat ik haw in pear bekinde dingen sjoen, op syk nei it stasjon, û.o. in byld fan Goldoni (it byld koe ik net, oars).

Op it stasjon gjin i, gjin hotelrisservearringsloket, mar wol in plattegrûneboer. It gidske neamde de tichtstebye kemping, mar dat blykte in hostel mei sliepsealen te wêzen, dat nei  in blik op ‘e loft mar nei de kemping frege. En aldergelokst wie dit in eksakte oanwizer en ried ik oer in prachtige slingerwei nei boppe ta troch djoere buerten en mocht kieze tusken it iene stikje fruchtbere grûn en it oare. Ek in stikje mei wat gers fûn, oars rint it sa yn.

It moaiste fan ‘e dei wie: ynhelle te wurden troch in elektryske trein mei foaroan in âlderwetske wite plom. De stroomôfnimmer fan ‘e lok sproeide de drippen fan de trie witwêre. En it op ien nei moaiste: wer de lucht fan basilikum by de earste reinbui! En letter, mar yn ‘e rein hie ik gjin nocht oan ploaitsjen of fotografearjen, dat wat it foar plant is dy’t sa keninklik rûkt?


De geit van dokter Sanders, is anders, is anders, Saterdei 5 maaie 2012: Lucca – Limite sull’ Arno (no ja, boppe op de berch Pinone, 434 m.): 66,70 km.

Lucca –Massa Macinaia – Orentano – Galleno – Massarella –Cerreto Guidi – Vinci – Vitolini – kemping


Nei 9 1/2 oere sliep wie ik wer aardich fit en hie hurd-hurd de tinte frijwat droech ynpakt foar’t de dikke bui kaam. It stikje bôle fan it hotel die no fertuten yn de skûtelwaskrûmte. Underweis noch ien dikke bui hân, dy’t ik ûnder in slachtersôfdakje ôfskûlje koe yn Galleno. Fierders wolken en sinne, net tefolle wyn, moaie fytsdei.

Lucca wie wer leuk: slinger slinger efkes by in pear aardige plakjes lâns en noch wat nijs sjoen. En diskear krekt op ‘e tiid om in binnestedsbuske te fotografearjen, sa’t ik se hjir al sjoen hie en sa’t der ek yn Rome rieden. Hjir meie se troch de fuotgongersstrjitsjes en tsjin de rjochting yn, mar se ha wol âldfrinzige stjonkdieselmoters. De iene Ohrwurm wie it menuet fan Boccherini, dy’t ik wer efkes opsocht haw efter syn cello, de oare dat wyske fan Paul Christiaan van Westering, dêr’t ik in tekst op meitsje soe oer it Neostratinisme; dat wyske kaam op, nei’t it in stik trije Italjaanske Peter N’s sjoen hie binnen ’t kertier.

Leuke wegen, soms in toltoer dwers yn it paad, smoute reedsjes, prachtige fiergesichten dy’t net op ‘e foto komme en stadichwei mear omheech, dat dy fiergesichten waarden hyltyd moaier. De lêste alve kilometer, nei Vinci, haw ik rinnende en fytsendewei oardel oere oer dien, mar no kin ik moarnier ek sjezendewei nei Firenze, stel ik my foar. Toscane, roppe de buordsjes, en: vie del chianti d.o.c.g. Montalbano. Ik bin op de chiantipaden, mar sels fergees priuwen slach ik ôf.

Vinci, berteplak fan Leonardo! It museum wie noch iepen (útsein it oerstreamde part) en dêr wieden sealen dy’t Anne ek efkes sjen moatten hie: mei útfinings op it mêd fan bouwen en weevjen. Mei oaren hat er hyskraneboel útfûn om de katedraal fan Firenze sûnder stegers te bouwen. Yn it kastiel gie de útstalling fierder en wie in seale wijd oan it sjen; foar in alfa as ik krekt te dreech om yn it Italjaansk te begripen. Mar doe’t der in fideo en in hiel ferhaal bestege waarden oan it point of view yn de Annunzione, de oankundiging oan Marije, krige ik op myn fersyk om útlis in eksimplaar fan de Ingelske taljochting-yn-ûntwerp. Wer sa’n fassinearjende oeilletromp. De dames wieden alderhertlikst, mar oan har boargerlike oerhearrigens wieden grinzen: gjin foto’s.

Dat: húswurk. Sykje sels mar in Annunziazione fan Leonardo da Vinci op ynternet; as der wat by is oer it perspektyf/point of view ha jim gelok; oars de ôfbylding printsje en der skean tsjinoan sjen fan de kant fan Marije ôf: dan sjocht it der in stik normaler út. Hy hie it bedoeld foar in plakje yn in hoekje, liket it.


Oh bella ciao, bella ciao, bella ciao ciao ciao, Freed 4 maaie 2012: [trein Roma – Pisa] Pisa – Lucca: 26,17 km

Fia itselde paad as njoggen dagen lyn de weromreis, Pisa, û.o. Pontasserchio en Ripafratta, Lucca. Moai waar.


Ik (dêr begjin ik mei) hie in minne dei hjoed: fan ‘e moarn smakke it iten my net, en de hiele dei hie ik gjin sin oan iten. Ik tink dat ik wol langer as in wike fytse moat, om de wurgens fan seis dagen Rome fan my ôf te rêsten. It nuvere wie, dat fytsen blykber in soarte fan natoerlike staat foar my is: sagau’t ik oppakt hie yn de b&b Borgo Largo 51 (tige koart mei Cecilia praat: se hie de bernsbern op ‘e noed, begriep ik) en op ’t fytske siet, gie it sis mar wer normaal. Mar iten? Bakje jochet en kiwi en banaan….

It oppakken, reoganisearjen fan de tassen dy’t men mei hân en yn Pisa litten hie, wie yndie it slimste – dêrom hie ik noch graach in nachtje noflik hân. En benammen hjoed: sa min as pudding en om my hinne yn ‘e trein allegearre mobiletillefoantsjeridels, wêrûnder wol fiif ferskillende fan myn eigen duffe ridel. Ik haw in skoft Broedersverheftutervrijheide, mar automatysk gie it oer yn de belridel bella ciao. Ûnderweis haw ik wol lêzen ek, hear, Italjaansk mei hyltyd minder help fan de oersetting, mar ek sliept doe’t de trein wat leger wie. Elba sjoen, diskear, en ôfskie nommen fan de see dy’t my wiken begelaat hie. Eins wol lekker fytst dus – berchjes komme der oan – en minder blubber op it fytspaad en folle minder snie op ‘e bergen yn ‘e fierte as ferline wike.

Anne sms’t dat it fleanfjild fan Rome folslein ûnoersichtlik wie en Amsterdam in wûnder fan organisaasje – en dat se op beide oardel oere nedich hân hie.

Knoffeljend oer it hielal, Moandei 30 april 2012: Roma

It Forum Romanum! Hjirfoar wie ik kommen: de klassiken. Fan begjin 1961 haw ik witen: dêr sil ik ek komme. Yn it hûs fan Beppe, dêr’t wy in healjier wenne ha, hongen fjouwer grutte 18e-ieuske akwareleftige skilderijen fan it Forum. En doe wist ik al, dêr sil ik hinne yn de fyfte klas. En sa wie ‘t.

It Forum Romanum fan 47 jier letter fielt as in soarte hielal: men sjocht it, lykas it nea west hat. Alderhanne resten fan ferskillende tiden en fan ferskillende soarten Romeinske beskaving rûgelje jin ûnder de fuotten troch: de keizertiid (“de” keizertiid?) fan Augustus en de ieu dêrnei, mar ek de tiid fan it begjin fan Rome, doe’t der troch in ierdbeving in grutte kleau ûnststie op it Forum en it rieplachte orakel ornearre: it bêste wat Rome te bieden hie, moast deryn; dat soe helpe. Dat Marcus Curtius die syn bêste striidpak oan, naam syn hynder en sprong yn folle wapenrêsting op ’t hynder de kleau yn – dy’t him sleat en in fiverke Lacus Curtius oerliet. Wat in arrogânsje, fûn A. Wat in geweldige dimmestraasje fan de wiere Romeinske deugd fan dapperens, fûn Livius, dy’t it hûnderten jierren letter werris optekene. En dan komt ek dêr de fertekening fan de opfetting fan de dei wer tusken, of fan it ideaal fan de dei, of fan it ideaal fan in skriuwer, dy’t sjocht hoe fier’t “de dei” ôfdwaald is dêrfan.

Eltse pylder, elts stikje flier dat wer ûnder in oar stikje weikipet, jout ús in glimpke fan wer in oare tiid, troch in tiid hinne dy’t wèr oars wie. En der is safolle âlds dat der noch net wie yn 1965. En der is safolle oars as yn myn ûnthâld…

Wy ha de Palatyn op west, dêr’t safolle huzen fan rike lju en letter fan keizers stieden dat de westerske wrâld der it wurd “paleis” oan oerhoden hat. Fan alles wie ticht, mar wy ha yn lytse groepkes yn it hûs fan Augustus mocht, mei muorreskilderingen, wat âlder as dy fan Pompeii. Oan de efterkant woeden wy delsjen (woe ik…) op it Circus Maximus; dêr koeden wy net boppe komme. Mar nei de kant fan it Colosseum wie wol wer útsjoch mooglik. En dêr stie in buordsje dat de gekke dingen dy’t wy hjir ûnder in ôfdakje seagen, nei alle gedachten de resten wieden fan in draaiende iterstafel, dy’t Nero hjir op in panoramysk plakje bouwe litten hat. Sawat 64 nei Kristus dus.

En dat is dan wer dyselde Nero dy’t by de brân fan Rome de kristenen de skuld joech. Yn minsken sit ek in hielal (atoom en kosmos beide? Sei Marsman it sa?).

En men moat bewûndering ha foar dy earste kristenen, dy’t de keizer net as in god ferearje woene, wylst men sels jin oan allerhanne regels hâldt dy’t de Roomske Tsjerke jin hjir stelt – om de geastlikheid  mar net út syn humeur te bringen.

* * *

Praktysk ferslach fan de dei:

Betiid der ôf, tochten wy; mar de moderne tiid en dat wurk, dat wurk. De metro ried gelokkich wer en brocht hiele treinfollen nei it stasjon Ottaviano-Vatikaansk Museum, dat nei it sjen fan de rigen ha wy der (wer) fan ôfsjen moatten, al is de boel ek moarn ticht: fia ynternet? In Flaamsk mantsje wiisde ús de goede bus en doe hawwe wy it ûnbidige nasjonaal monumint besjoen en foto’s nommen fan in stealtsje flets út it jier nul, in insula=eilân,  yn de selde berch. Nei boppe op it Kapitoal (dat sriuw ik mei opsetsin op syn Grinzers), útsjoch oer in pear hoeken Forum Romanum, stadich by nijútgroevene stikken keizerfora mei taljochting lâns en kaartsjes koft foar it FR.

It wie let wurden; by it Colosseum lâns en it Domus Aurea/Gouden Hûs. Dat lêste is grif oer in jiermennich mear fan te sjen – as de krisis net sa hurd taslacht, dat monumintensoarch noch minder kriget. Yn de buert Monti earst wat skarrele, û.o. in twaddehânsboekewinkel. En doe sawat njonken it metrostasjon iten. Hurdhurd fuort y.f.m. busoansluting, mar alles gie lekker yn ien kear.



Saterdei 28 april 2012: Roma

Plakjes fan omtinken: Piazza Navona en Hotel (earder: Pensione) Navona, Pantheon, Santa Maria sopra Minerva, San Ignazio, Piazza di Pietra, Spaanske treppen, San Andrea al Quirinale, Trevi-“woestijn”.

It hotel woe de eamele adfizen fan Herma wol efkes útdraaie en útlizze hoe’t wy jûn túskomme moasten, dat dêrnei nei de Stêd ta (ik ha noch net frege oft dit fan A wol mei in haadletter mei). Bus, metro en bus, wat slingerkuiere troch wat strjitsjes en doe in deike jeugdsintimint, dat om klokslach tolven begûn op de Piazza Navona.

It jeugdsintimint leit benammen yn Pensione (no: Hotel) Navona yn de Via dei Sediari, dêr’t wy mei de fyfte fan it Stedsgymnasium Ljouwert yn 1965 in wike benachte en waarm iten hawwe. In folslein ûnoersichtlike gribus fan gonkjes en keammerkes, dy’t ik fuort yn kaart bringe moast. Idioat fansels, mar yn de trein werom troch mannich klasgenoat kopiearre, ynklusyf de namme fan de tsjerke dêr’t de keamer fan Geale, Jaap, Willem en my op útseach mei syn lekke reinpiip. Dy tsjerke wie troch my opskreaun as San Pimilo (dat troch Jaap betocht wie), wat konsjentsjeus mei kopiearre waard. Ik ûntdek pas hjoed, dat it in protestantske tsjerke is.

Punt twa fan it jeugdsintimint is, dat dat rûne ding op dat pleintsje dêr’t alle restoradio’s Poupée de cire, poupée de son spilen, it Pantheon, it wer klearspile en bring my de triennen yn ‘e eagen, dit kear fersterke troch in machtige balke sinneljocht dy’t troch it gat yn ‘e koepel foel. Plus dat alderhanne details oan de fersiering my no mear opfoelen as doedestiids, doe’t it benammen dy “beton”-konstruksje wie dy’t my dwaande hood.

En punt trije wie de San Ignazio, dêr’t ik de namme fan fergetten wie, mar dêr’t Van Gessel (fan de Dominicusgids) syn beskriuwing my sa oanspruts, dat ik der sân útroptekens by sette: it ferrifel-perspektyf! Ik hie ûnthoden, dat ik op in stip stean gean moast en dat ik dan troch it tichte platte dak sa de himel yn sjen koe. En it barde wer! De stip wie stjer, der wieden mear as ien fan foar ferskillende ferrifelperspektiven en de koepel wie eins moaier as de himel, mar ik koe it suver net sjen troch de triennen yn myn eagen. It trompe-l’-oeuil fan de skilder Andrea Pozzo! It woe net op ‘e foto, dat ik bin lang omhingjen bleaun, om der in protte fan fêst te hâlden.

Oan de ein fan in dei rinnen noch in neigesetsje yn de foarm fan de lytse San Andrea-tsjerke fan Bernini, mei barokstfersierings en in echt koepeltsje, plus in deiljochtynfal boppe it skilderij fan de hillige. Troch slutingstiid, hjir foarsteld troch in dûnkere man, waarden wy út dat tsjerkje ferdreaun.

Dan binne Spaanske treppen en Trevi-fontein en net-ridende metro, dus bus, fierders rillegewoane dingen.


Senza fitsca, Freed 27 april 2012: Pisa – Roma (per trein)

Intercity by de kust lâns nei Roma Termini – o nee: Roma Ostiense, want (dat wie by it kaartsjekeapjen al oankundige) dizze trein ried diskear net fierder. In soad gedoch, want de “frjemde” reizgers hieden it better yn ‘e rekken as de reguliere.

Op Termini haw ik oardel oere omswalke. Doe wist ik noch net wêr’t ús hotel wie, mar hie ik in metroletter en in busnûmer en  de mûle om te freegjen, plus in plattegrûn dêr’t de strjitte fan it hotel net op stie – op net ien – en twa long-time iepenbierferfierkaarten. De bebuording yn Itaalje is: ien kear in rjochting oanjaan en dan sels mar útfine hoe’t men der komt, ek op stasjons en yn bussen. Mar ik hie my de kop al in kear nei bûten stutsen en fuort in gouden Kristus op in toer sjoen, dat myn sin koe net mear min.

It hotel wie in oere letter en fierder op in soarte yndustryterrein en nei in healoere sette ik wer ôf foar in rendez-vous mei in beminde frou op fleanfjild Fiumicino. Mei iepenbierferfierkaart en al swartreizge – en in kaam krige doe’t ik trapearre waard: kaam fanwegen myn gebrek oan Italjaansk lêzen, dat my goed dwers siet.

Mei Anne de earste de bêste gewoane trein werom nommen, dy’t ús op in soarte dea Sloterdijk-stasjon der út sette, dêr’t wy op it plein derfoar earst mar ôfsnijpizza hân ha, om’t op it einpunt neat wie. Yn it hotel suver fuort op bêd, dus ek gjin wifi-problemen.

De fyts stiet dus noch yn Pisa, de treinreis en de wachttiden dêrfoar en dêrnei wieden foar it wer bestudearjen fan reisgidsen en adfizen en in diel fan A har maaiefakânsje is foar tegearre yn Rome.

La dolce vita, Tongersdei 26 april 2012: Madonna dell’Acqua – PISA

Yn ‘e praktyk: deike Pisa plus 2x dik seis km akwadukt.


Moai waar, dat ynpakt en opstapt en de kaai fergetten yn te leverjen (skeelt wer 400 m.). Mar sa krige ik noch de meidieling dat der oan it begjin fan Pisa ek in i wie. Foar de i hie ‘k de jas alwer oan, hear: wyn. En by de i ha frou Irene Lariccia en ik tegearre útfûn wat it meast gaadlik wêze soe yn ferbân mei de reisplannen fan moarn. En nei wat les yn italjanology (en fryslânkunde) en in glorieuze yntocht yn in skitterjend Pisa troch in poarte by DE toer, kaam ik yn in âld stil hûs yn ien fan de drokste winkelstrjitten by in Cecilia, dy’t my de fyts wol in wike fergees útfanhûs ha woe. Keamer oan ‘e strjitte, jin in winkel mei filmnamme oer.

Ik hie adfizen fan frou Irene en fan skoansuster Herma: benammen de Campo Santo besjen. Dat nei in waarme meinimhap foar de meidielings oer de toerrestoraasje (ek yn Russysk, Sineesk en Japansk, net yn Nederlânsk) en efkes wat mear ynformaasje like my dat ek tige aardich – en noch haw ik der langer west as ik tocht. In grutte fjouwerkante kleasteromgong, sis mar, as alternatyf en opfolger fan in rommelich begraven om de grutte tsjerke hinne. Mei  oarsoarte sarken as by ús yn tsjerken, faak simpelder, mar ek mei bewurke Romeinske sarkofagen en komplete monuminten foar wa’t it betelje koe c.q. fertsjinne hie (sels Thorwaldsen hat deroan meiwurke). Mar ek wer foar it gewoane folk, dus. Lykas wol faker, in alternatyf foar de bemuoisuchtige tsjerke.

En dan noch fresco’s, fan de skilder dy’t wol yn de Decamerone foarkomt, neffens sizzen.  Wol bekinde motiven, mar ek Danteske en Boccacciareske útwurkings fan hel en realiteit. Ik seach in keppeltsje jongfolk yn de tún sitten op syn Decameronysk, wylst de dea (in âld wiif) der op ôf dûkte. Ik mei bliid wêze, dat ik Pisa helle ha.

Troch de stêd rûn by oare moaie plakjes lâns en fytst: sjen hoe’t it op it stasjon om en ta gie en de midsieuske akwadukteboel opsocht. Dat blykte fassinearjend. Yn wêzen ien lang akwadukt, dat foar de fonteinen yn de stêd wetter oanfierden; mar dêrmei ek de iepenbiere wetterfoarsjenning wie. Út ‘e tiid fan de Medici en sa. Ik soe dy stikjes efkes bylâns fytse, mar it hood net op: nei sa’n 6,3 km fersylde ik op parteklier hiem en koe de boel net fierder folgje. In pear kear in bôchje ynstoarte, bûten de stêd twa kear en twahûndert meter dertuskenút, mar fierder in bewûnderensweardige bakstien(!)konstruksje. Frijwillich 12 km omfytst, dus.

En foar de doar iten: op it iene terraske pizza, op it oare crèpe. En ik trappearje de leptop derop, dat er samar dingen ferschlimmbesseret: haw ik it yn goed Frysk typt, en dan makket it apparaat der wat oars fan, yn dy sin dat der in spaasje oars komt te stean, sadat alteast ien fan beide foute wurden in goed Nederlânsk wurd wurdt. Sadat is gjin goed Frysk, en Mûbarak ek net.


Tsjadûbtsjadûb, Tsjadûbtsjadûb, Tsjadûbtsjadûb, Wêwwêwwêwwêw. Woansdei 25 april 2012: Madonna dell’Acqua – Lucca en werom: 65.74 km; moai koartebroekewaar mei in soad sinne.

M. dell’A. – Vecchiano – Filettole – Ponte San Pietro – Lucca en werom allinnich oan de súdkant fan de Serchio.


Op ‘e weromreis oer in meast nij fytspaad by de Serchio lâns hie ik allinne mar Lucky Lucca (fan de lippen) yn ‘e holle. En it wie echt in slagge deike Lucca: de toerist úthongen ,op myn menier. De strjitsjes wieden krekt wat rûmer as yn Genova en ik hie allinne de stjoertas en ien yt- en ripperaasje-fytstaske mei. Dat ik haw ek kuiere en mei tassen en al op ‘e Guinigitoer stien, nei ’t ik wat omfytst en -rûn hie; dan hie ik wat bekinds om op te sykjen fan boppe.

Letterlik omfytst: de bûtensingels by de stedsmuorre lâns wieden 5,5 km lang (Ljouwert bygelyks haw ik noch nea  sa hifke). It wie krekt of rûn ik yn Het Verboden Rijk om in Sineeske stêd hinne, sûnder ein en hyltyd itselde. Allinne hie ik de stedsmuorre lofts, en hieden se dy yn myn ferbylding doe rjochts.

Underweis noch in sturtsje Bella Ciao heard, mar ear’t ik der by wie, wie de dimmestraasje tsjin de TAV (de Trein mei Grutte Faasje) alwer ynpakt. Wêrom sa’n soad Carabinieri? O, der wie noch in oare dimmestraasje mei Italjaanske en giele flaggen. Sawol yn F as yn I rint it tsjin de ferkiezings, mar der bin amper oanplakbiljetten dêr’t wat oars op stiet as in gesicht en in namme. Dat jildt foar alle gemeenten of provinsjes of wêr’t it om giet. Haw ik krekt te let west foar in stedspoarte mei vliegend vaandel en slaande trom? De loftse dimmestraasje ferrûn ynienen, de oare sûndere him ôf.

Twa kear yn ‘e stêd ek oare wizen yn ‘e holle: ien kear in menuet en ienkear in aria dêr’t ik de titel fan fergetten bin. Mar doe’t wy yn 1965 mei skoalle yn Rome op it skellinkje sieten, koeden wy ek sjen hoe’t de selsmoard fan de heldinne ôfrûn. Nei’t se oer de balustrade fan de Ingeleboarch stapt (Japi!) wie, fearre se noch efkes op it matras en waard der doe ûnelegant ôfholpen.

De foto fan it amfiteaterplein fan boppe is mislearre, muoit my. En de snie dy’t ik efteromsjend op ‘e bergen seach, komt op ‘e foto ek net oer. Mar wat hingjen bliuwt, is de útspraak fan de man dy’t skip sei ynstee fan tsjerke, doe’t er útseach oer al dy weagjende reade dakken. Lucca. En ik tocht oan Willem syn “Sinteklazedakken”.

Ik ha wat sitten te stinnen oer de planning fan de kommende dagen en sit no wer yn deselde b&b, dêr’t frou Sonia my mei tillefoanpetearkes yntusken holpen hat. Ik woe net it risiko rinne, dat myn droege tinte wer wiet waard. No hie dy hjoed droegje kind, mar dan hie ik net fuort kind. Dat, kommintaar út it heitelân dat ik it mar lúks woe, sa’n dagje sûnder bagaazje. It hat my net steurd.

Underwylst is de tekst oer Bûlgarije hast safier, dat der in twadde typte ferzje is; de lêste rigels sweven my ferline simmer yn Bûlgarije hyltyd alfoar de geast, hyltyd. Dat ik ha Nanne om in wize frege fan November fan Bloem, dat koe ik dat der eventueel efteroan sjonge, dan hieden se dochs wat moais, as ik te sjongen west hie. Dat sadwaande:

(lês fierder)

KILLE SIMMER

’t Is simmer en ’t is Bûlgarije

Sinneblomfjilden, aardich folk

Mar soms oer al dat moaie nije

Foar jins gefoel in kâlde wolk

Men sjocht in hiel soad swarte buordsjes

Mei namm’ en foto by de wei

Men heart ferhalen oer it jongfolk

En drankproblemen hjoeddedei

Apart: men went oan ezelweintsjes

As hearskjend byld yn it ferkear

Mar al dy moarm’ren monumintsjes

Dy reitsje iderkear wer mear

In ein oan alle losse eintsjes

Al dy beloften is men kwyt

Altyd jongfeinten, altyd tweintich

Altiten sterke drank, altyd

(mei ûntskuldigings oan J.C. Bloem) (en kompliminten foar Nanne Kalma)

pyt jon, f.2, 25-04-2012

(dy kompliminten, om’t it in wize is, dy’t ik net wer kwytreitsje kin, in Ohrwurm dus)


See, see, do wide see, Tiisdei 24 april 2012: Arcola – Madonna dell’ Acqua (by Pisa): 81,96 km; moarns en middeis dikke buien, ein fan ‘e middei wat sinne; hurde wyn soms krekt tsjin, soms krekt mei.

De kust bylâns: Sarzana, Carrara-haven en Viareggio, ûnder oaren.

Frou Piccola Oasi, dy’t juster de yndruk makke fan “wat hat b&bbuorman my no op it dakkstjoerd”, wie fan ‘e moarn in alderhertlikst, suver knuffelmemmich wyfke, dat antûzjast begûn te fertellen, doe’t se troch hie dat ik har ridlik folgje koe: sels út it noarden, hjir oan de kust in restorantsje hân en in pear jier lyn yn de âld apteek in b&b begûn. Sneu dat it sa reinde (de hiele nacht al), mar bêst dat ik noch wat wifi’e. Tige hertlike ôfskie, it wie krekt wer droech, en ik noch in slach op oer ûnder om it doarpke Arcola, hearlik suterich, pleisterich en griis, dat op himsels in berch foarme: hierspjeldbochten om der wer út te kommen.

Twa kear hjoed tefolle riden en itselde werom! De earste kear lei it oan my, mei de gedachte: optfitsca kom ik altiten by in ôfsluting lâns. Mar de brêge wie echt sloopt, fanwege stoarmskea fan ferline jier. En it iennichste boatsje dat wat foar my betsjutte kind hie, fear net, fanwege it waar. No, dat koe ik by de oare brêge sjen: de rivier brûsde derom wei. 12 kilometer tefolle ride moatten foar 12en. De twadde kear lei it wier oan de bebuording: yn Viareggio ried ik de ferkearde kant oer, tocht ik sels, en myn útlizzer wie it dermei iens. Dat ik kaam wer by itselde lâns werom – en it buordsje wiisde my echt ferkeard! Fûn ik. 3 km tefolle. Hjoed haw ik oars de 1000 km fan dizze reis mei de fyts helle.

Foar de rest de earste kilometers rûnom oare leaflike doarpkes op heuvels, en doe’t ik wer by de see kaam hege weagen, folrûne strânhúskelders (sic), dikke buien en de wyn sa op ‘e side, dat er de iene kear tsjin en de oare kear mei wie. De hiele dei parallel mei it strân fytst, efter de rigen strânhúskes of bars of wat der mar yn siet. Mar soms wie de see der tuskentroch kommen en hie wiet strân op it fytspaad flutte. Fytspaad dus! Earst oars net safolle strânhúskeboel, mar havengebiet Marina di Carrara. En ja, ynienen efter in grou stek: grutte blokken fan sa’twa kúb. Carraramoarmer, haw ik mar oannommen. En wite wûnen yn ’e bergen.

Iten yn sa’n restostrân en krekt in pear dikke buien mist, dy’t sa’n wetter tsjin de glêzen smieten dat it weagegewelt bûten efkes út ‘t sicht wie. Earste kear reinbroek oan. En de earste kear in sawat flakke dei, yn Itaalje. Ofsjoen fan it waar in makkie. Krekt foar Pisa ôfslein nei in agroturismo-pleats, mar doe’t dy gjin tinte op it hiem ha woe – stie ek net op it buordsje – wie ik ynienen sa ynein, dat ik bleau. De toer ha’k al efkes sjoen. Soe no Pisa optfitsca ek sa’n argewaasje opleverje? Lit ik foarsichtich mei myn idealen omgean…



 

De uren gaan zoals ze gingen / er is allengs geen onderscheid / meer, Moandei 22 april 2012: Trogoso – Arcola (by La Spezia): 72,80 km; moarns bewolke, middeis mear sinne, wyn hurd, allinnich as de seewyn frij spul hie: ik siet meast yn de lijte fan bergen


De dei wie net sa ferskuorrende dreech as ik ferwachte hie, mar moarns wie it wol swier, 14 km omheech, nei 615 meter: Passo di Bracco. Ik hie al in tekst útsocht om mei te pielen, mar dêr kaam neat fan. Sels ûnder it rinnen hie ik it sa “stoer” (Grinzers), dat ik allinne de grûntekst fan Bloem op Nanne Kalma syn wize song en oan myn eigen tekst op dy wize net takaam. Ik siet meast efter bergen oan de seekant, mar as der efkes in moai útsjoch wie, hie ik dêr gjin omtinken foar, want dan klapte dy wyn my wer efterút. En dan sieten Gerrie en letter Tetsje my ek hyltiten yn ‘e holle.

Krekt foar tolven boppe, en de folgjende 10 km duorren in dik kertier…. Ik moat derfoar soargje dat ik rjochtop fyts, want oars is it krekt as sil ik ûnderút gean: bagaazje net goed? Bannen net hurdernôch? Kwytn’t. Nei wat waarms yn in bar seach de wrâld der hiel oars út: sinneskyn en rûnom jong maitydsgrien (dêr boppe wie it allegearre nuddeltsjeboel).

Foar La Spezia kilometers tunnel en noch omleech ek. Alle ljochten op, alle klean ticht en oeral op taret; mar se wieden moai ferljochte en de sjefeurs wieden aardich. La Spezia brocht wer in soad Italjaansk oefenjen. Want doe’t ik oankommen seach, dat ik dat helje soe, besleat ik om in bêd en brochje te nimmen, om ek efkes opkes t laden en waskjes te dwaan. Ik fielde my sa smoarch nei al dy berchopklauwerij! Mar de informazione turistichi wieden min te finen en de lju koeden op ien nei min har stêd. En de i-man mocht net sus en net sa, en doe’t er it by útsûndering foar my besocht (tillefoanpetearke) krige er it lid op ‘e noas. Dat ik mei in slachje troch de stêd en in listje op paad, en freegje en freegje, en in aardich petear mei in Dútsk-Italjaanske dame hâlde en by in brillewinkel ferwiisd wurde, en by in b&b berchop yn in soarte fan heal midsieusk kastiel útkomme en trochstjoerd wurde nei in paleiske. Sysa. En yn dit prachtige, oppendellige Arcola nei in restorantsje yn in âld oaljemûne (op hynstekrêft).


Een peluwtje van mollig mos, Snein 22 april 2012: Bogliasco – Trigoso (by Sestri Levante): 47,07 km; hurde wyn en sinneskyn; dekust bylâns, benammen oer de Via Aurelia.

Moarns die bliken, it gekreak ûnder myn knibbels út en troch wieden langwerpige ikeltsjes; mar se ha mear isolearre as keale grûn.

Dit wie in reis fan op en del; dêr wie ik foar warskôge en dêr warskôget men my hyltyd wer foar: pas nei La Spezia kin ik wer foarút; earst is it op en del. Ik wie der al benaud foar, dat ik net fierder as Sestri Levante komme soe. En om’t ik sa’n war die ha om wer in wifi-ferbining te krijen yn ferbân mei Gerrie, wie de dei al in ein hinne. Ik bin bleaun op de lêste kemping foar de Basso-pas: ik woe net midden yn ‘e nacht dêr fytse, benammen net del.

Sestri Levante wie nei de Norge-fakânsjes fan heit en mem de earste krantefrije fakânsje foar harren: fan Flylân en sa waard heit wakker werombelle en –helle, as der wat wie op de Ljouwerter. Foar my dus in legindaryske namme, en ik ha wat hinne enwer fytst ek noch troch de stêd, yn memoriam.

No sit ik wat te typen by de skearstopkontakten. It is noch ljocht. Foar ynnoedsitters: gjin problemen, allinne wurdt my de rjochter tûme wat stiif, dat op feilige stikjes doch ik tûmegym.

p.s. de tunneltsjes sjonge ek net lekker, as der gjin ferkear is.

Tusken bui en brâning yn, Saterdei 21 april 2012: Albissole – Bogliasco (Genova-Est); 68,62 km; sinneskyn en hurde wyn – hyltyd mear tsjin. By de kust lâns.

Noch gjin Aldehous, mar genôch stiennen mannen, en ek in soad yn brûns; wêr’t Columbus krekt weikomt, wit ik net, mar ik kom him faak tsjin.

Ik hie ferwachte, dat ik jûn yn Genova oernachtsje soe, en ris goed de stêd besjen dy’t Ilja Leonard Pfeiffer en frou Prosta ‘nei har Romefytstocht útkeazen ha as wenplak. Mar it kaam oars. Net om’t Genova net in moaie stêd is: ik wie oerdondere troch de pracht en priel, en yntrigearre troch de âlde stêd mei syn steechjes. It akkordearre allinne net tusken Genova en de fyts-mei-bepakking. It wie sa smoarende drok, dat ik him net allinne stean litte doarst: ik hie hyltyd it idee, dat de fyts net allinne wie, as ik mar in pear stappen fuort die.

De palazzi sprutsen my oan, mei har bylden en  har trompe-l’oeuils. En yn de steechjes tusken seis-sân ferdjippings hege huzen hie ik wol mear omstrune wollen, mar mei de fyts rûn ik yn de leuke winkelsteechjes de oare minsken yn ‘e wei, en yn de iensume steechjes de aardige froulju yn ‘e earms. Klassike muzak yn de bekinde Via Garibaldi, in protte akkordeonspylders, dy’t meast gjin mjitte hâlde koeden – en ynienen ien dy’t in virtuoos wie: hy hie der wat elektroanyske foefkes by, mar sile klassyk en musette en komplete oargelstikken! Pearels foar de bargen, oan syn jildheiner te sjen.

Ik woe mar op ‘e tiid op ‘e kemping wêze, in bytsje wei út ‘e stêd, en efter in fytsende Marxfiguer oan kaam ik in hiel ein sûnder hobbels en bobbels en stoeperânen. Mar yn ‘e hurde wyn op op en del duorre it mear as twa kear sa lang as ik tocht hie. Ik woe by Nervi efkes sjen wêrom’t ILPf der in oantekening by makke hie, mar kaam oan de seekant nei by it âlde doarp, mar op in bûlewaarke boppe de see. Leuk, yn ‘e wyn en it sâlte wetter op. En de lêste pear hûndert meter duorren rinnendewei in healoere.

En doe’t Anne skille, dat Gerrie ferstoarn wie, dy’t wy ûnderweis nei Metz noch opsocht hieden en dy’t doe noch tige goed en hertlik wie, duorre it tillefoanpetear ek lang en moast ik wer by tsjuster de tinte opsette.

Freed 20 april 2012: Imperia – Albissola (by Savona):92.14 km; sinneskyn en wyn; by de kust lâns. Oh island in the rain

Nettsjinsteande de help fan menear Bengoli om my efkes yllegaal wifi’e te litten, slagget de ferbining net. Mar ‘t is moai waar, al krij ik de tinte net droech ynpakt.

Grutte jachten en sa’n lyts boatsje fan de finânsjele wacht dernjonken. Smelle paadsjes dy’t dearinne op in trep, sels in fytspaad efter de fangrail yn in tunnel set jin klem.

De paadwizers hjir kin ik net goed folgje: soms wurd ik (fyn ik) yn in rûntsje wiisd en it giet faak ferkeard. Mar foar ien kear bin ik tankber: ik fong yn Albenga in glimpke op fan in Zutphensk strjitsje en bedarre yn de âlde binnestêd dy’t Zutphensker as Zutphen wie, mei fan dy bôgen oer stegen en strjitten dy’t de stêd oereinhâlde. Alle kanten oer soartgelikense bylden; ik ha grif nuvere slingers makke.

De hong op in bepaald stuit in man boppe de wei te hammerjen, stikken út de rots te slaan. In soarte berchbeklimmersbaan hjirre. Ik ried de goede kant oer, mar de auto’s fan de oare kant stieden der al in bui lang, oan it asfalt derûnder te sjen.

Faak ryd ik oer de bûlewaar, ek yn it wynderige waar, mar soms komt men dan rjochtút yn sa’n Maastreechter straat(je) mei winkeltsjes en oarizjinele berneholtsjeboel, soms kilometers lang. En dan yn Alassio yn in droechbleaun dwersstrjitsje fan sa’n M.s. in grutte frou en lytse man, dy’t serieus sûnder mezyk oan it dûnsjen binne.

Tunnels jouwe in nuver lûdseffekt: de legere lûden klinke driigjender. Sa komt der gjin grutte frachtwein efter jin oan, mar in grutgroototoke (sorry Jarich en Harke). Sa’n autoke , yn pick-upfoarm, tsjinkommen mei in dame fan myn leeftyd efter it stjoer en in bijkehûntsje yn’e laadbak. Tinte yn it tsjuster opset nei lang wifibesykjen yn aardige lêste pizzeria op it strân. Op nivo 5a fan de kemping of sa.


Hurde wyn út see, alle beammen grien, Tongersdei 19 april 2012: Menton – Imperia; 56,79 km; begjin moai, buike nei de grins, dikke buien nei fiven. (sels de platanen begjinne)

No komme de dagen tusken it gerommel fan bui en brâning, dy’t suver net útinoar te hâlden binne, mei bûlewaars en drokke wegen, mei…. Ik hâld per dei in bytsje by wat opfalt, mar fierders jildt it folgjende foar mear as ien dei.

De moarns haw ik gesellich tiid fergriemd mei Nelleke Bakker en de man, dy’t hjir faak komme en in protte adfizen hieden en my in hert ûnder de riem stutsen wat de dregens fan it fytsen oangiet. Mar ik doarst har de bretale fraach net stelle dy’t ik foar Friezen yn petto hie, dat ik moast nei it postkantoar en ferstjoer dochs de oerstallige fytsboekjes en sa. In hiel geheister en doe noch in hiel gedoch om de ôfslach te finen fan PB’s lêste (kopiearre) etappe.

Itaalje ûntfong my mei in buike – en nei de drippen in hearlike basilikumlucht! Dat is my dizze dagen faker oerkommen: rein en basilikum tagelyk.

It noegjende buordsje kemping De Wijnstok brocht my by in kemping sûnder Nederlanners, al wiene de buordsjes altiten ek yn it NLsk, sûnder kantine, mar mei in aardige man út Bangla Desh, dy’t my neat oer de namme fertelle koe, mar dy’t wol noflik mei my de bui útsiet, al wie syn tiid om seis oere om. Hy wurke hjir mei papierren, mar hie it lang sa goed net as op Syprus, dêr’t er njoggen jier sûnder papierren wurke hie. En mear fertsjinne. Mar hy spuide raar guod oer Syprus as lân (en Switserlân, mar hy moast tajaan dat dat net yn’e EU lei): se hieden him letterlik yn’e boeiens slein en dêrnei op it fleantúch set. En kwa rasisme hied er it net bêst hân dêre, al hied er wol studearje kind. Yn syn lân hied er ek it Hindi leard njonken it Bengoli, en sels it Ingelsk fan de utsûgers (no fetsje ik it efkes gear). Dochs praten wy mar Ingelsk, want dat gie ús beide better ôf as it Italjaansk. Hy hat my jûns en moarns besocht te helpen mei de wifi, mar it slagge net. Tige hertlik ôfskie nommen.

Omheech moat ik in hiel inkelde kear rinne, no yn Itaalje, mar nei ûnderen is minder aardich, want de wegen binne wiet. Al haw ik noch net sokke dikke buien hân dat ik echt in skûlplak socht ha. En ik fyn it noch hyltyd noflik, faak tichte by de brâning lâns, en meast tanksij de termoklean wer gau droech. In prachtich kustpark fan de blommeriviera, mear as tweintich kilometer lang fan Sanremo oan San Lorenzo ta, oer in âld spoarbaan, kompleet mei tunnels en praatpeallen foar fytsers. It wurk dat oeral dien wurdt oan de toeristyske ynfrastruktuer. De trolleybusline fan Ventimiglie oant foarby Sanremo (mar ik ha der yn in healoere dat ik deroer fytste, mar ien trolleybus sjoen, tsjin tsientallen oare lynbussen). Net folle skippen op dy grutte see,  inkeldris in frachtskip of in tedeunby’tlânskip.

My dear lady Ann, Woansdei 18 april 2012: Cagnes-sur –mer – Menton; 57,02 km; moai, bewolkeen wer moai waar, hyltyd hurdere wyn út see

Cagnes-sur-mer –Villeneuve –  St-Laurent-du-Var – Nice – La Grande Corniche – Eze-le-col – La Turbie – Roquebrune – Cap Martin – Menton


De b&b fan in pear nachten lyn hiet Les Nuits Provençales, mar dy nachten falle wol wat ôf: glûpende kâld, oer it generaal. Ik bin bliid mei de lange thermo-ûnderbroek en it lange thermo-himd dat ik al yn ’t foar hjirfoar klearlein hie, mar dêr komt no it fleece-jekje oerhinne: earst gewoan deroerhinne lein, mar de grûn jout de lêste kearen sa kâld op (ik ha mar in tige tin isolaasjematsje), dat ik it fliiske gewoan oandoch. Dat ik sliep de lêste nachten yn de tinte wer better en ferjit de nuvere dreamen dy’t ik noch hyltyd ha (oer skoalle wer wat mear….).

De kemping wie op in drok punt: wegen, spoarwei en fleanfjild fan Nice wiene te hearren. It measte de klakson fan de treinen, dy’t hjir blykber standert tûtteren. En dan hyltyd dy aparte hege ynterval út ‘e midden fan Lady Jane fan de Stones, nei in pear deselde medijrigels ynienen. Geheide Ohrwurm oan Nice ta: dêr siet ik net mear yn ‘e buert fan in spoar. Pear kaarten skreaun, ûnder oaren oan Jacqueline.

De wei mei fytsstripe tusken spoar en see joech sicht op wite bergen (snie) en lytsere wite bergen (jild); dy fletgeberchten, dy’t ik al jierren yn ‘e kop ha as sintrum fan bepaalde macht, sûnt Les Géants fan le Clézio. Se besteane echt yn Villeneuve, en ik fyn se eins wol moai mei dy strakke bûgde linen om in jachthaven hinne. Hjoed en juster in soad fytsers: fanatike sporters, kakkineuze sporters, kontsjekikerssporters en in inkelde kear ris ien gewoan op ‘e fyts. Fytsfekânsjehâlders sjoch ik suver net. En ek de strânen hjoed moatte danich byholpen wurde – ik mis allinne de grutte buorden mei triomfantelike meidielings (c.q. oer sân- en stiennesuppleesje). Dy bin hjir oars wakker gewoan.

Op fakânsje soe ik hjir net graach wêze, mar ik sjoch my de eagen út en nim om it hoartsje deagewoane toeristefoto’s – letter op ‘e dei wurde dat ek etalaazjesyktefoto’s bingbang. In prachtich gebakjegebouke tusken alle flet- en hotelgewelt, in rychje lytse sylboatsjes fan sylskoalle Du Pain (tink) en rûnom prachtige útsichten, benammen néi Nice.

Paul Benjaminse warskôge tsjin it kiezen fan syn lêste stik rûte nei Menton ta; dat ik wie my derfan bewust dat ik faaks tsien kilometer omheech rinne moatte soe. Dat is geweldich tafallen: de earste trije kertier yn en nei Nice oer de Grande Corniche haw ik yndie rûn en dêrnei meiinoar ek in dik kertier, mar it wie tige de muoite wurdich, mei út en troch sniebergen lofts, en nei in oerke wer de see rjochts (dan blykt men op de boppeste fan trije trochgeande wegen te sitten, en as men letter wer wat leger fytst, is der ek noch in snelwei boppe jin, mei allegearre dykjes nei boppe foar de pompiers, dus de helpferlieners).  Op in bepaald stuit, yn La Turbie, moat men efkes fan de wei ôf nei in útsjochpunt en blykt men rjocht ûnder jin Monaco lizzen te sjen! En tusken jin en Mon. yn swimbadden mei út en troch in hûs yn ‘e tún.

In stikje tekst oer La Turbie en Monaco fan PB wie wat sinysk en ien aspekt yntrigearre my: in sabeare âlde hippy soe PB besocht ha ôf te setten  troch tolve (ynstee fan twa?) euro te freegjen op ‘e merk. De merk is moarn, dat ik ha de man net fûn, en der is ek net folle dat him frijsprekt, want yn it hiele doarp wie net ien dy’t ik oanspruts, Provençaalstalich. Mar ien twa trije yn it Provençaalsk klinkt as “ûn, dûj, trè”, koeden se my sizze. It kin dus wêze, wat my yn Fryslân ek faak oerkomt, dat PB gewoan tolve ferstien hat wylst der twa sein is: dûj-douze en twa-twaalf.

It Frânsk klinkt hjir oars skerper, minder blöd, minder nasaal as it offisjele: in soarte Frânsk foar begjinners, kwa útspraak dan. Mear Italjaansk al?

Iten yn Menton, want ik wist dat de kemping heech lei. Tweintich menuten rûn mei te swiere fyts. Mar doe’t ik de tinte opset hie, kaam der in Japansk frommeske, dat tweintich menuten har koffer ophuphuppe hie oer it paad dat allinne trepfoarm hie – en doe ûntduts, dat de jeugdherberge noch net iepen wie (en leaver itselde paad weromgie as de hierspjeldbochtewei dy’t ik har (no ja:) oanrikkemedearre).

Moarn is de fyts minder swier en dêrom moat dit ferslachje deselde jûns klear: ik haw Itaalje lizzen sjoen! Oan de ein fan de middei wie it minder skier. En de fytsboekjes en kaarten oer Frankryk stjoer ik oer de post nei hûs. En dan fyts ik hiel Ligurië lang op in kaart fan 1:200.000, oant ik, by Pisa om, wer Paul Benjaminse tsjinkom. It folgjende boekje fan PB: dûj!


Saus mei wjukken, Tiisdei 17 april 2012: St-Raphaël – Cagnes-sur-mer; 63,01 km; prachtich waar yn ‘e lijte, de wyn yn ‘e rêch noch frijwat kâld.

St-Raphaël – Miramar – Cannes – Juan-les-Pins – Antibes – Cagnes-sur-mer en alles dertuskenyn


Moarns oan it lette moarnsiten sa’n lyts fanke tsjin jin oer, dat alle letters brûkt om dy te ûntsiferjen, op de teepûdsjes, de resepten op de pakken ensafuorthinne. En men hat dan altiten noch it idee, dat it ûntyglike knap is fan sa’n bern om samar dat Frânsk te begripen: it ferskil tusken ail en aile.

[No ha’k wer wat ferkeard dien, en dan makket it apparaat sa’n suchtsjend lûd… ik haw al in pear kear sorry sein…]

Fan wa bistû ien: ús mem har suster is troud mei in Frânskman, hat fjouwer bern en de jongste, dy’t ek de ferhierderij regelet, is troud mei Marie-Hélène. En dêr in muoikesizzer fan hat my dus let en set justerjûne en fan ‘e moarn: Géraldine. Mei har soan Lilian, dy syn kammeraat Antoine, en har dochters Auriane, Maiwenn en Maiann (Bretonske nammen); dy jongste fan seis wie dus yn in oandwaanlike lêslearfase.

Wat wask dien en yn de hearlike sinne te droegjen hongen, wat skreaun op adfys fan Géraldine (dan wie ik wer by) en wat op ‘e piano hammere, oant me & Bobby McGee der wer útkamen. In fakânsjemiel mei de hiele famylje – mar dêr moat ik it gewoan oerjaan om alles begripe te wollen: sa rêd, sa rêd. En de treast dat se ek moderne wurden brûke, is my net genôch.

Om in oere of twa wer ôfset en it easten ynset: de rûte fan PB gie werom en omheech en ik woe no wolris in kear opsjitte. No, ik leau dat de Riviera net oan my bestege is. Noch tolve kilometer duorret de bebouwing, foar’t men lang om let ris in skoft by de see lâns rydt. It is allegearre propriété privée tusken jinsels en it wetter. En frachten résidences en appartemintegebouwen en hotels. It strân is mar in pear meter breed en it waait noch hurd út see wei. Allinne bern binne in bytsje yn it wetter. En rjocht tsjinoer it Carlton yn Cannes moat der yn sândyk opboud wurde om de stân-(dy flater ferbetterje ik net)-restorâns te beskermjen.

Ja, op in bepaald stuit wie der in moaie romme bocht, datik moast wol efkes in klysjeefoto nimme; en doe die bliken op ‘e kaart, ik hie Cannes yn ‘e fierte derop set. Hjir en dêr flottyljes jachten as oarlochsskippen, mar ek wol jachthaventsjes dêr’t de trochsneeboat út Warten tusken paste. Koart troch de bocht wie de rûte net: elke draai en baai nimt men maai, en op it lêst haw ik ek net de bochten ôfsnien.

De musea fan Herma har listje moatte letter mar ris (ek al): ik hie net sa’n sin om hingjen te bliuwen en net om de fyts earne mei bagaazje en al te parkearen. Dat ik fytste troch en doe’t ik wer mei goed de gong deryn in pankoekdiske foarby gie en der dochs wol sin oan krige (wat is “der” no wer, pyt jon), duorre it fansels noch tsien kilometer foar’t der wer ien kaam. Underwylst heech tiid foar wynjek en gewoane bril ynstee fan sinne-. Der wieden wer fytsstripen, tusken see en spoar by de wei lâns en gjin kâns om in kemping te finen, want der wieden gjin ôfslaggen, dat by it earste tunneltsje ûnder it spoar troch fan ‘e wei ôf en ja, oare kant it spoar in buordsje en in kemping sels.

Moarn wol ik wol de PB-rûte dwaan; it sil my nij dwaan oft ik yndie oeren rinne moatte sil, lykas ik ferwachtsje.

Frijdom is sa’n wurd mar foar in paspoart, tint’ en fyts, Moandei 16 april 2012: St-Maximin – St-Raphaël; 114,34 km.;  moarns prachtich, middeis bewolke, mar alle dikke buien bin oan my foarby gien.

St-Maximin – Bras – Le Val – Vins-sur-Caramy – Lac de Carcès – Abbaye du Thoronet – Le Thoronet – Vidauban – Taradeau – Les Arcs – La Motte – Le Muy – Roquebrune-sur-Argens – Fréjus – St-Raphaël


Samar ynienen in dei dy’t men der út knalt, net alhiel sûnder rinne te moatten, mar oer it generaal prachtich op ‘e selde hichte trochfytsen en fleurich om jin hinne sjen – hulde dus oan ús Paul Benjaminse. Moarns om acht oere op paad, de basilyk yn St-Maximin en fierder! In protte nijbouwiken, allegearre foar rike noarderlingen, ornearret PB. De wynbou dy’t de hiele dei de wichtichste soarte fan grûngebrûk wie, kaam noch mar in lyts bytsje yn ’t grien; fansels docht dat sear. Yn it noarden in pear kear koart sicht op besnijde bergen, de Haute Provence tink, en middeis benammen op skippen mei soere apels.

Dat, om’t der dochs in filosofy wêze moat op in fytstocht nei Rome, nim ik de filosofy fan de reinbui efkes op (net dy fan de reinbôge, dy is foldwaande behannele troch Carl Barks yn in Dagobert-setting; hoe hjit Dagobert sûnt dizze wike yn it Frysk? Aldgjirris of sa?). Al fytsend en om- en opsjend nei dy brijweinen mei aaklike reinslierten derûnder kaam ik de de gerêststellende filosofy: de east-westfytser hat neat te freezjen, want de Mistral komt út it noarden wei. De wolkens litte dus oan de noardkant fan de berch it wetter falle; de fytser kriget allinnich in pear dripkes dêrfan mei; en de bergen rjochts wurde wer wiet, mar dêr fytst de fytser net. Ziezo, klaar!

De Ohrwurm fan ‘e dei wie fan Janis Joplin, mar in oersetting yn fryske ferhâldings liket my net sa ynkringend te wurden. Dat ik gie wer oan ‘e gong mei Karin Boye. En doe’t ik healweis de dei net de abdij fan Le Thoronet yn woe, mar wol wat ite, haw ik de earste ferzje mar úttypt. Lizze litte en noch ris in pear kear oer neitinke. Ien wizigingsútstel is al ôfwiisd.

Karin Boye                                             (Ja visst gör det ont)

Fansels docht it sear

Fansels docht it sear as knoppen barste

Wêrom oars maityds skrutelwêzen?

Wêrom oars al ús hite langstme

Bûn en yn ’t bitterbleek beferzen?

Winter-oer wie om de knop in koarste

Wat is dat foar nijs, dat yntart en rêst hâldt?

Fansels docht it sear as knoppen barste

Sear foar wat waakst – en foar wat fêsthâldt

Fansels is it dreech, as drippen falle

Hingje dêr swier en benaud te triljen

Klamj’ har oan tûken, gliidzje, swolle

’t Gewicht wol se lykwols nei ûnd’ren helje

Dreech: bang, ûnwis en ferdield te wêzen

Dy djipt’en syn lûken en roppen en skreauwen!

Dreech: sa te plak – en dochs te beevjen

Dreech: drang ta fallen – en drang ta bliuwen

Dan, as it op ’t slimst is, neat mear help jout

Barst’ as yn ’n jubel knoppen iepen

Dan, as gjin benaudens it mear úthâldt,

Fall’ yn in skitt’ring dripp’n ‘e djipt’yn

F’jitte dat se bang foar ’t nije wieden

F’jitte dat se eangst foar ‘t reizgjen hieden

Kinn’ grutste feil’gens in tel lang fiele

Rêste yn ’t betrouwen dat skept de ierde

pyt jon, f1; 16 april 2012

Doe’t ik dit foar ’t earst lies en tocht dat ik der wat mei dwaan woe, tocht ik ek, dat it faaks wat foar PAT/Playing Apart Together wêze soe; mar de lêste sin definityf te feroarjen yn “Rêste yn it Lieuwe dat skept de Yde”, haw ik yntusken definityf ôfkard.

Twa aardige dingen ûnderbrutsen de dei: de midsieuske doarpskearn fan Les Arcs dy’t mei soarch wer opknapt wurdt (PB), wie frekte aardich om trochhinne te rinnen.sûnder fyts, want alle strjitsjes wieden trepkes. Der wurdt gewoan wenne, en der steane gewoan auto’s hjir en dêr hoewol’t dat ferbean is, dat it is net sa’n museumdoarp, mar oansprekkend yn syn neutraliteit. Winkels binne yn it nije sintrum, ûnder.

En ten suden fan Le Muy wie in dykje/reedsje by de autobaan lâns dêr’t tichteby eins gjin alternatyf foar wie – en lit dêr no krekt in brêge der sa folslein út lizze, dat sels in fyts der net mear oer koe! Ik seach myn doel fan ‘e dei al efter de kym ferdwinen, dat ik seach nei alternativen om en sju! At ik it fytske (mei de bagaazje) no oer de rotsen en streamkes skode/sleepte/tilde, dan koe it wer fierder fytse, al wisten de brêge-arbeiders net oft der mear ferrassings wieden. It slagge, mar op healweis waard ik stoppe troch in man yn in 4x4mobyl, dy’t my fertelde dat it fierderop allinne mar pire wie. Mar ik tocht wer oan myn deidoel, en frege my ôf wêr’t sa’n ûnbidigen auto dan wol lâns koe dêr’t ik it net koe – en fytste troch. Grut gelyk! It waard net slimmer kwa wei en de arbeiders fierderop makken efkes in trochgong (hapfol grûn yn krektgroeven sleuf) en ik hoechde net oer de bergen of grutte wegen. Ziezo, klaar.

Ja, dat doel! Yn ‘e rin fan ‘e dei hie ik betocht, dat ik miskien wol St-Raphaël helje koe: in magyske namme yn ús famylje. Papi et Mamie Giovaninetti, de âlden fan myn omke Alain, wennen dêr; it hûs is noch yn de famylje en wurdt brûkt as fakânsjeûnderkommen (pear hûnder meter fan de see) en wurdt sels wol ferhierd. Ik bin der mar gewoan hinne fytst, al hie ik noch net it antwurd fan myn neef op de fraach: hoe moat dat no…. En sju, dêr wie Géraldine, in nicht fan Marie-Hélène, dy’t wist dat ik komme koe en my nei de boppeferdjipping brocht, om’t ik mear famylje wie as sy, fûn se, en dêr’t ik jûns noch noflik mei praat ha, nei’t ik de bern net genôch boeie koe mei myn ferhaal oer fytsen en Fryslân en diken en mûnen.



And more, what ’s more than that, Snein 15 april 2012: Aix-en Provence – St-Maximin; 56,05 km; moarns sinne, middeis wolken, jûns rein

Aix – Le Tholonet – St-Antonin-sur-Bayon – Puyloubier – Pourrières – Pourcieux – Ollières – St-Maximin-la-Ste-Baume

Hast te let fan ‘e kemping ôf om myn waarboarch foar de kaai fan justerjûne werom te krijen, en de stêd yn. Aix-en-Provence; gewoan wat omswalke en wat fan de wichtige gebouwen sjoen: in tsjerke dêr’t noch op syn midsieusk de huzen tsjinoan boud wieden, de Tour de l’ Horloge dy’t nei rûn en (dêrom?) mar sloech foar’t er it sels tolve oere hie, âlde stikken stedmuorre, in soarte karnavalsoptocht, in soarte Slagerij Van Kampen, om’t it de stripdagen wieden en in akkordeon dy’t op syn hiel eigen manear in wize fan Sinatra ynterpretearre.

De kant oer fan de Montagne Ste-Victoire. Dêr hoechde ik net oerhinne, dat wist ik, mar hy waard al ymposanter en it waard in dei mei in protte hierspjeldbochterinnen, ja sels sa, dat ik de kop der goed by hâlde moast: snein, motorfytseclubdei! Gjin teksten mear yn ‘e holle om oer nei te tinken, inkeld de dreun fan dy deun.

It wie prachtich om om jin hinne te sjen, benammen as der gjin beamkes mear wieden (meast nuddeltsjebosken) en ik moat noch mar ris sjen wêrom’t se yn eltse bocht wat oer Cézanne hieden. Ien doarpke dat net sa bysûnder wie, mar dat ik just ûnthâld om’t it Puis-l’-oublier hjit.

Underwylst wol hyltyd mear dûnkere wolkens en út en troch in drip, en de foarsizzing fan min waar. De omweikes fan PB bin moai, want rêstich, mar doe’t ik yn St-Maximin wie,  wist ik al dat ik mar in b&b ha moast. Ik bedarre yn in mediaevaal feest: alles yn kostúm by hûnderten diskes dy’t dingen hieden dy’t ik optfitsca net meinimme koe; inkeld wat te slinen. De mefrou yn de i, ek yn kostúm, regele mei leafde fan alles foar my en ik gie noch efkes de kleastertún mei omgong yn. En dêrnei reinde it echt, woe net in restorân my iten jaan en bin ik fan need nei de Flunch op it yndústryterrein riden, dêr’t ik jierdeikaartsjeskreaun en iten ha en yn prachtich waar weromried om nei myn b&b op Chemin du Moulin 3052 (yn ferskate opsichten efkes heger as de Ouwe Dyk). En krekt doe’t ik omheech puffend my ôffrege wêr’t ik dit no foar dien hie, kaam wer in bui.

Alderaardichste mefrou, moai hûs, alle service, it oan tiid. Dat it slagge my sels om wat foto’s oer te stjoeren. (En it minne waar de oare moarns gie oer.)



Dreech: drang ta fuortgean, en drang ta bliuwen, Saterdei 15 april 2012: Mallemort – Aix-en-Provence, 62,43 km, moai waar, hurde kâlde mistral, Mallemort – Alleins – Salon-de-P – Pelissanne – Éguilles – Aix-en-P

Fannacht net goed sliept: glûpende kâld wer. Bliid dat ik it fliisjekje en de lange sportûnderbroek mei ha (ûnderfining ferline jier). Mar slimmer: aaklike dreamen en dêrnei wekker. Dat, mar de minst beroerde opskreaun (en úttypt,wylst de tillefoan opladen wurdt: A skille lang justerjûn):

DE BOEL (fwar de gelegenhyd yn steatestavering)

Yn ‘e mannicht’ ynienen draaid’ik my om

Stien’ wy letterlik liif oan liif

Ik sei: En jo tuten my no, kom

En w’ omearmen inoarren stiif

Wy wieden dêr beiden foar ’t goede doel

En wy lieten de boel de boel

Ik koe har net, mar ik hie har fûn

En wy wikselen tút om tút

De stoet dy beweegde wer en wy rûnn’

Liif oan liif, ik efterút

’t Joech yn hert en liif in hearlik gefoel

En wy lieten de boel de boel

En doe sei se fleurich: Dit is fijn

En ferdwûn en liet my de boel

En no, oan de kant fan ’t wer lege plein

Fal ik op, op in izeren stoel

En wy berikke grif net it goede doel

En myn poeier wurdt kâld, en is ek net cool

En jo diele mei my sûnder mis dit gefoel

Wêrom’t ik sa ferskuorrend gûl

Mallemort, pyt jon, f1, 14 april 2012

Dy hege donjon yn it doarp moast ik noch efkes hinne, yn ‘e stûfe Mistral op. Mar ik ynterpretearre in buordsje ferkeard en stie wer op in brêge oer dat EDF-kanaal. Dat ik frege de earste de bêste auto, fol allochtoane dames en ien allochtoan jonkje. De dames wisten net oft ik op ‘e goede rûte siet, mar it jonkje begûn te strieljen, dat ik frege troch, ek oan him en foar de foarm oan de dames, dy’t him folslein negearren, en it wie sa klear en helder wat syn gesicht sei, dat ik se freonlik, mei benammen jonkje-eachkontakt, betanke en die wat hy sein hie. It kaam goed, fansels.

Oft der no ien grut EDF-kanaal is of mear, der sit by Mallemort in elektrisiteitssintrale yn, en faaks wol mear. Thús mar ris opsykje oft EDF électricité de France betsjut en hoe’t it sit. It kanaal wie in grutte betonnen goatte, op ferskate plakken frij heech boppe it lân, dêr’t it wetter streamde as wyld. Dat docht it yn alderhanne goatsjes en sleatsjes ek, mar ik freegje my ôf, oft se it hjir goed teplak krije, want elk klaget oer de droechte.

Omheech nei Alleins, op slach fan tolven, en ik hearde muzyk. Efkes by e strjitmuzikanten harkje, tocht ik, mar it wiene in pear folkgroepen dy’t dêr wat oan it jammen wiene – foar de nuit du folk! Ik bin noch meigien nei in oar plakje en ha de hiele dei hinder hân fan it dilemma. Mar nei in healoere fûn ik it wol wat ientoanich wurden en acht oeren wachtsjen en in dei fergriemen…. Ik bin trochfytst.

Mar skoftenlang haw ik noch stind oer hoe’t ik in come-back meitsje kinnen hie yn de Provence op de scène ouverte. Lykwols gie de boel sa gemien omheech mei hierspjeldbochten en de mistral ynienen rjocht op ‘e snút, dat ik net werom gie om dat net nochris dwaan te hoegen. It fytsen moat gjin sport wurde. En ik hie ek tiid om te stinnen oer de kontrabassist dy’t in stadige wals meispile: E-ne twee-JE drie-JE. Ik koe it suver net neidwaan: wow!

In keal berchlânskip, it koe suver Noarwegen wêze, en omleech nei  Salon, de stêd fan Nostradamus. It slingerke brocht in pear leuke dingen, ûnder oaren in brulloft foar it Hôtel de Ville: fansels, it wie saterdei. In terraspraatsje yn Pelissanne en doe in rûte dy’t oankundige wie as saai. Mar dêr hie ik ommers wat foar? Dat krekt as yn eardere fakânsjes pakte ik in moai liet om dêr sjongsum Frysk fan te meitsjen. Karin Boye, diskear. De jas koe derby út: yn ‘e sinne, yn ‘e lijte, mar dochs wol foardiel fan ‘e wyn, troch de wyn(bou) hinne, sa’n fyftjin kilometer.

Yn Aix-en-Provence braaf de rûte fytst dy’t it boekje naam om by de i út te kommen. Dy wie noch iepen en der wie sels in aardige exposysje oer Aquae Sextiae mei striptekeningen: ankom jier sil der in Alix-strip oer Aquae Sextiae komme. Nei de kemping Arc-en-ciel ta, dêr’t de mefrou Nederlânsk mei my prate, dat se op ’t gehoar leard hie fan de kempinggasten, se koe ’t lêze noch skriuwe, sei se.


Le or, Freed 13 april 2012: Avignon – Mallemort; 62,34 km, sinne en bewolking, mistral (sei de krante juster)

Nij boekje: Onbegrensd fietsen in de Provence, Paul Benjaminse; Avignon, Morières, Jonquerettes, Le  (23,45 km), Vignières, Cavaillon, Mallemort.


Paul Benjaminse hat in prachtige rûte fûn om de stêd út te kommen! As ik dat ferlykje mei myn suterige zône-industrielle-wei fan ferline jier…., dan gie it wol efkes wat oer in berchje (foar de earste kear rûn dit jier yn Frankryk), mar fierders in lúkse. Fytspaden, parken en lytse dykjes.

De kompjûter oan ‘e digitale fles hân en ûndertusken yn myn earste Italjaanske boek begûn, mei oersetting yn it NL. It falt net ôf: foar mear as de helte hoech ik de oersetting net te brûken en miskien lear ik der ek fan hoe’t sinnen rinne en tiidwurden ferbûgd wurde. Mar dy fles fret tiid.

Op ’t pontsje wachten wy noch op in dravende reade menear – mar dêr kaam in komplete skoalle efterwei, út Hessen. Safolle, dat myn fyts net stean bliuwe koe en bicyclette waard. En besletten waard, dat it yn twa kear moast. Doe’t wy der ôf moasten, bleaunen trije jonkjes sitten oer te lizzen hoe’t it yn it Frânsk frege wurde moast, oft se nochris mei hinne en wer mochten. Ik bin benaud, dat myn laitsjen it foar har bedoarn hat; yn alle gefallen weefde kapteinske der gau mei ôf.

Fan de suggesjes fan it boekje wie benammen de Rue des Teinturiers de muoite wurdich: in stjitte njonken in rivierke efter in muorke, dat earder brûkt waard foar de kleanferverij. En om mesines yn beweging te bringen: trije, fjouwer mûnen deryn (en in boekediske dernjonken).

Der binne oars op it plattelân in soad fan dy stiennen of betonnen goatten. Sleatten, wetterôffier, soms mei krusende akwaduktjes deroerhinne – dy’t gauris oerrûnen. Juster ek al sjoen – en hjoed skriuw ik yn ‘e doetiid, fernim ik.

Berchop dus nei Le Thor. René en Marie-Antoinette wieden dus net thús, mar de dúmkes koe ik bêst efkes oanbringe. Fia de buorman, dy’t efter syn herassige ôffreding stean bleau, wol fjouwer kear sei comptez sur moi en my troch dat stek de hân joech op it lêst. Thee koe der net ôf. In eintsje fierder fytste ik oer Le Coulon; buordsje op ‘e foto set, mei in gebou yn ‘e fierte.

Ik krige in stikje mei fan de Luberon; mar dat berchje koe ik wer sûnder rinnen (myn krêftfoer chocolat chaud neam ik fierders nea). En de dame hjir op ‘e kemping is tige aardich en belangstellend, mar like pessimistysk oer de takomstfan de provençaalske taal as buorman yn Le Thor. En ik laad no de dinges foar de rest op, op ‘e knibbels by in wasktafel mei skearstopkontakt, al swaaiend nei de bewegingsmelder. Want as ik misslach op dit noch ûnbekinde toetseboerd, barre der nuvere dingen, fernim ik.

Njonken de kemping in sjyk restorân en rûnom op ‘e bergen ljochte wenten, castles (der sitte hjir sa’n soad Ingelsken, klage buorman), kleasters en kapellen. En it sintrum fan Mallemort.

Aux sombres murailles grises/ sjong dat liet fan âlde tiden. Tongersdei 12-4-12, Arles – Avignon, 54,48 km; sinneskyn, middeis bewolking, gjin hurde wyn; it measte yn koarte broek sûnder wynstopper

Arles, meunerie romaine & aqueduc, Paradou, Maussane, St Rémy, Maillane, Graveson, Rognonas, Avignon.


Noch werris besocht mei dy wifiboel en ja: help fan de Moanne en ynienen wurket it. Net mear nei ‘t Romeinske hôf ta.

Juster de hiele dei de Mont Ventoux oan ‘e kym hân, hjoed wer yn bebeamme lân, mar wol in Vieux Château yn ‘e fierte, dat: wer in Ohrwurm. Nei in skoftsje in paadsje fytst nei in meunerie romaine; dy blykte yn it ferlinge fan de akwaduktruïnes fan in pear dagen lyn te lizzen. En noch slimmer: allinne mar ruïne te wêzen. Mei twa Dútske stellen noflik praat; it is apart, dat ik de lêste dagen mear Dútsk as Frânsk praat ha: oansjitsker folk? Leuke 20e-ieuske akwaduktjes bylâns fytst en klassike/klysjee strjitsjeboel sjoen.

De Koblenzer kempingbuorlju fûnen Les Alpilles wol wat foar my en ik sels tocht, dat ik ek mar wat hichte oefenje moast; en der wie in antwurd fan Antoinette dat René en sy net thús wieden. Dat ik fielde my wat frijer en fytste mar dy berchjes oer. Moai en leuk (nonsjalant jongere minsken sûnder bepakking ynhelje), mei de ferrassing oan ‘e ein: in Romeinske stêd Glanum (koe wol Frysk wêze) dy’t pas yn 1921 wer ûntdutsen wie. Ik ha der net alhiel yn west, hoopje dat soks ûnderweis noch faker komt, mar wol de informaasjebuorden lêzen en de twa al bekinde bouwurken goed besjoen. Súd fan St-Rémy: ûnthâlde.

Yn Graveson kaam myn foarsizzing oer fytsfakânsjes út: ik stie op myn kaart te sjen en der kaam ien op my ta om my te helpen. In Nederlânske mefrou, dy’t der al jierren kaam en no trije jier wenne. Ik hie René nochris freegje wollen nei de pensionado’s yn Súd-Frankryk en fielde no myn kâns. Ja, dy kamen der in protte en der wieden yndie, dy’t har yn résidences nei wenjen setten mei residinsjele swimbadden en sa en in grut stek derom hinne. Mar der wieden mear dy’t gewoan tusken de oare, wurkjende Frânsken wennen (lykas dizze mefrou yn de nijbou oan de súdkant fan it doarp), mar sels de Parizeners bleaunen ymport en kamen der net tusken. Benammen lju út Parys dus: dy koeden fan de opbringst fan har lytse appartemintsje dêr hjir in rejaal hûs keapje. In tige aardige mefrou, dy’t my yn in dekôr fan restaurearre doarpssintrum it paad wiisde en dat nochris die, doe’t ik út oare fernijbou foar ’t ljocht kaam – wat net op myn rûte lei.

Yn Avignon wat omfytst op rûtes út de folderkes en genoaten fan it grutte tal twaddehâns boekwinkels – allinne fan it tal: ik wol net noch mear papier mei. By it Palais des Papes wie ek in hûs dat troch paus Paulus set wie en ik koe noch krekt it lêste fytstpontsje nei de kemping “Le pont” krije. Aksjefoto fan de froulike kaptein, mar net fan de opstapster.

De wifi docht it hjir net – wylst dat de lêste dagen it earste is wat ik freegje…. Ik kin mysels net werom, mar yt noch lekker.

Reiske oer de dykdykdyk. Woansdei 11 april 2012, Stes-Maries – Arles; 62,90 km. Sinneskyn mei wolkens, hurde wyn, droech.

Stes-Maries, digue, La Capelière, Villeneuve, Gageron, Gimeaux (rûntsje makke!), Arles.


Dat wie myn Ohrwurm hjoed. Ien hat my ferteld dat Ohrwurm it Dútske wurd is foar in wyske dat men net mear út ‘e holle wei krije kin. (Is tongersdei befestige)

[jins gewoanten feroarje: sit ik (to.) moarns noch wat te tipen – om de tinte fan binnen droegje te litten – en komme my dêr net dripkes ta de sawat skjinne loft út… saveje, ding út om batterij te sparjen, ding ta de tinte yn sette, en dan pas de sliepsek en de lekkensek, dy’t efkes te wierjen hingje, ta de tinte yn … nee, ’t is al wer oer en de sinne komt der wer troch]

De dames fan de kempingresepsje helpe my efkes mei dewifi; mar dy hat juster al wurke. Ik krij de tekst allinne net nei de abonnees ta. En oan de ein fan de dei docht de wifi op de oare kemping yn Arles it (ek) net. Ik ha my wol wat oanhelle mei dit gedoch. En sil ek koarter troch de bocht moatte.

It doarp noch wer yn om boadskipkes en de sterke tsjerke (“weerkerk”, seit it boekje). Net it gewoane paad lâns: ek efkes sjen hoe’t de minsken hjir wenje. Alle huzen yn deselde styl, mar it is yntusken in soarte stêd wurden. Soad hotels en sa, frijwat lúkse huzen, mar ek in soarte fan soasjale wenningbou: ferspringende rychjehúskes. De tsjerke is yndrukwekkend en tsjuster en wijd oan twa Marijes, dy’t it grêf leech fûn ha. In soad ex voto’s (tanktegels meast, mar ek foto’s fan stikkene auto’s dêr’t men it libben dochs rêden hat).  En ien fan myn boadskipkes wie om Camus syn boek te begraven: de boekhanneler sil sjen oft er der in goed plakje foar fine kin.

De wyn is west, ik kin sjongende de “digue” oer: dêr bin de romantyske flamingo’s, yn in waadgebiet mei in protte wetter en wat mear begroeiing. Prachtich te fytsen, hurde grintwei sis mar, ik ryd meast oer de tweintich, want fan ’e middei sil ik it noch yn ‘e wyn op ha. It  moaiste is in flecht fan fjouwer, suver mear read as rôze, dy’t my yn ‘e mjitte komt; gjin tiid foar fototastel, gewoan genietsje.

Juster fansels efkes it seewetter preon: goed sâlt. Mar de dammen yn dizze dyk binne brêgen mei skúfkes deryn; it sil dêrefter dus ek wol in sâlt myljeu wêze. En oft de see net by stoarm oer alles hinne fljocht, freegje ik my net iens ôf…

In pear Nederlânske froulju besocht te oertsjûgjen fan de deugden fan de Frânske automobilist en doe wieden wy wer ta it losse sân út en fleach ik wer fierder. Ut en troch stilstean, by de fjurtoer en sa, en úteinlik yndie yn ‘e wyn op, it noarden yn. Dêr wat mear lytsguod, trijeteannige strânknûtsjes en sa, en in stel Switserske fytsers dy’t it hjir sa moai plat fûnen. Lyts bytsje reklame makke. En op it lêste stik wer hiele kloften flamingo’s dy’t har noflik besjen lieten.

Nei tsien jier wer smietana iten; dat is it Poalsk foar (no ja wy woeden yoghurt ha, mar der wieden gjin healmingels bekers, útsein ien; dat is smietana, warskôge de mefrou, mar wy fregen allinne oft it lekker wie, ja, dat wie it; en twa dagen letter ieten wy in lekkere wafel en gie A te sjen wat it west hie, mar jim riede it al:) slachrjemme. Ik ha dus, krekt foar slutingstiid, wat te analfabetysk winkele en my ferliede litten troch it ierdbeike op ‘e ferpakking….

Yn Arles by it healrûne teater lâns nei it amfiteater west en ik koe der noch yn. Noch krekt op ‘e tiid: it wurdt, foar myn gefoel mei hurde hân, restaurearre. Mar it bliuwt geweldige nijsgjirrich om dêr yn om te doarmjen en boppe-oan op ‘e tribunes te sitten. Tillefonearjend sineesk fanke yn it read koe ik net moai op ‘e foto krije. Noch mar ris wat ôfbyldings opsykje fan hoe’t it yn de midsieuwen folboud west hat en in stêd op himsels wie.

Se ha yn Ryslân wol rivieren… Tiisdei 10 april 2012: Arles – Saintes-Maries-de-la-mer; 71,72 km. Bewolke, hurde sudewyn en reinbuien.

Arles, Gimeaux, St-Gilles, (wei west fan Petit Rhône), Sylvéréal, Pioch-Badet, Mas de Cacharel (westkant fan Étang de l’Impérial), Stes-Maries-de-la-Mer.

De fûgeltsjes wiene geunstich foar de akwadukten, mar nei’t ik yn St Gilles fan it pylgerpaad ôfwykte, berûn de loft, moast ik yn in hyltyten hurder wurdende wyn op en waard it net it makky dat ik my foarsteld hie.

En kryg’ de rimer ’t wer te pakken,

Dan fytste ‘r om yn de Camargue,

Wylst reiden reaunten yn ‘e rein

Fan stive wyn en ivich Hein.

(frij nei Geart van der Zwaag)

(mear hoege jim net te witen oer it riden yn ‘e wyn op).

It lange akwadukt yn it begjin fan Arles waard troch in komplete rotonde in pear kear trochsnien, mar rûn wol in kilometer troch – yn restaurearre foarm (ik nim alteast oan, dat de Romeinen de nûmering wol yn Romeinske sifers dien hiene).

Arles sjoch ik moarn wol, tink, en ik folgje braaf de rûte, mei it postkantoar gelokkich op myn paad, en kom efkes bûten de stêd in pylger tsjin, in Switser, dy’t my ’t ien en oar oan nuttige ynformaasje jout: apslút wol de dyk troch it natoergebiet fytse, dat wol bêst, en pylger wurde, dan kriget men fan alles fergees ûnderweis. Ik moat op ‘e foto, want ik bin syn earste kontakt op syn paad. En helje wat letter in twadde pylger yn, dêr’t ik pratendewei in hiel ein mei oprin. Defoarige wie dôf en koe net goed rinnende konversearje. Hy wyt, dat de deade palmen troch de te strange froast komme, en dat de wite fûgels op in ôfstân sulver-ielreagers binne.

Ik soe sward ha, dat se brede bekken hiene, mar letter binne der yndie mei skerpe snaffels. En in prachtige poarperielreager makket myn fûgeltsjedei wer goed: op in pear meter ôfstân. Want de koppen stieden op it wetter, de rein klapte der út, it keatling waaide my fan ‘e krenk, en de flamingo’s steurden har oan wrâld noch minske, lit stean oan myn gefoel foar romantyk.

Ik bin yn de Camargue, it lân fan de rys, roppe de buordsjes my ta en ja, rûnom wiete fjilden, mei út en troch Yndonesyske dykjes dertusken. Mar ek mei gewoane sleatsjes. Dat as der wer in dyk yn ’t sicht is, wyk ik ris fan de rûte ôf en ûntdek in pompstasjontsje, dat diskear wetter ynlit. En fan de dyk fan de Petit Rhône ôf lykje it tamelik gewoane polderkes. It antûzjasme fan de Switser en de Dútsker kin ik ek net sa diele: it is plat lykas by ús en út en troch frijwat Waadeftich. Mar ik bin dan ek nei de frekt kâlde nacht net wer waarm wurden.

Der wurdt ek wat oars boud as rys: Céréales du sud of sa, dy bouwe in grutte nije loads. En nôt tink. De frachtweinsjefeurs behannelje my as perslein: ik mei net al te hurde klappen krije, dat se hâlde omraak yn. De Frânske sjefeurs op de rûte fan dit boekje bin alderfoarkommendst; dat haw ik ek ferline jier al fêststeld. Dan haw ik it efkes net oer de sjefeurs yn stêden – mar yn stêden bin iksels ek oars. Yn stêden bin ik in hege fyts mei in arrogant rjochtop fytsende âldkeardel; dat holp yn Kaliningrad, dat wurdt no yn alle stêden tapast.

Moai op ‘e tiid by Saintes-Maries-de-la-mer en fuort nei de kemping ta. Mar ynstee fan in soad oan ferslachjouwing te dwaan, sit ik te wrakseljen mei de wifideraasje en it ferstjoeren fan it ien en oar (fan de earste dei dus). Let te iten yn it doarp en in draaiende wyn: yn in noard-súdstrjitte haw ik it beide kearen yn é wyn op, hinne- èn weromreis. Stiet my de tinte dochs noch op é wyn…


Les muets, 9 april 2012: (Metz -) Avignon – Arles, Pont de Crau. 43,21 km fytst

Avignon, Rognonas, Graveson, Maillane, St-Étienne-du-Grès, Fontvieille, aqueduc romain, Pont de Crau (Arles).

De hiele nacht hat it reind en no is it tweintich foar seizen en noch tsjuster, mar droech yn Metz. Anne is suterich en snotterich, dat  dy krûpt der noch efkes yn, foar’t se nei hûs werom rydt. Ik moat dwers troch de wiete binnenstêd nei it stasjon ta, mar der is gjin strjitte dy’r rjocht rint. Dat as ik by ’t spoar bin, moat ik noch in hiel ein nei rjochts. De TGV stiet klear en ik wyt wêr’t ik wêze moat mei de fyts. Mar it is wol in frekt lyts plakje foar in fyts mei heech frame en âldfrinzich grut seal. En foar seis fytstassen plus noch twa tassen trûp foar de earste dagen is der ek al net in soad plak. Dat ik sleep noch wat mei nei myn plak yn de kûpee en haw tweintich minuten brûkt om mysels mei fyts en al de trein yn te krijen. It plakje is ek al net rom, dat ik beslút om noch net oan dizze ferslaggeboel te begjinnen en lekker myn Frânske boek te lêzen om der wer wat yn te kommen.

Alhiel ûnder de elektrike boel út kom ik net: A wol perfoarst in sms’ke mei fertrekberjocht. It is oars wol in knibbelkompjûtertrein, dizze! Dat betsjut gelokkich ek, dat der suver net in wurd sein wurdt.

As ik nei Nancy wer ris nei bûten sjoch sûnder bril, sjoch ik in snielânskip – dat by neier besjen in lânskip fol bloeiende beammen yn it iere deiljocht is. It reint oanienwei. Letter binne it buien. Pas in hiel ein nei Lyon, dêr’t ik oerstap, by Péage deRoussillon, brekt de sinne troch. En dan komt ek ynienen it grien yn ‘e wrâld! Dat, Avignon is in griene sinneskynstêd mei elk yn it koart.  Krekt foar Orange haw ik Camus’ferhalebondel  L’ exil et le Royaume útkrigen (ek yn dizze kûpee wie it folk stom) en wurd troch deselde helpfeardige jonge de trein wer útholpen.

Ik wol der earst yn komme, dy fytserij: dat foldie my ferline jier wol, earst kilometers yn ‘e skonken foar’t de hichten kamen. Dat ik freegje by dei en hear dat  de campings al iepen binne en yt wat, om’t ik yn de trein net by myn djoere tassen wei doarst.

En dan meitsje ik dus earst De griene wei nei de Middellânske See dien: dat fûn ik in prachtige rûte ferline jier, eastlik fan alle grutte stêden om nei it suden, troch hyltyd itselde segmint fan de kaart hinne, dus kreas noard-súd, oer rêstige asfaltdykjes, mei ferwizings nei allegearre nijsgjirrichs en ûntskuldigings foar inkeldris droks. De rûte efkes dien meitsjen is dus ek in soarte earbewiis oan it noflike boekje.

Fan Avignon nei it suden, troch earst “gewoan” flak lân, oer Maillane, dat it boekje mear Van Gogh fynt as Arles, en Fontvieille, dêr’t it in lyts bytsje peaskemerke is en dêr’t ik by de mobile pankoekbakker in fleske wetter derby nim. In pear kilometer dêrfoar ûntdiek ik, dat ik gjin wetter hie en woe mar efkes wat freegje – mar der kamen in sjitbaan, in sportfiskersfiver en in wynboer, en dêr klopje ik net samar oan. Nei Fontvieille komt in krusing tusken dúngebiet en rotskleau, gesellich mei in soad bernelûd en dêrnei de Romeinen! Ha! Wêr fytst men op ’t lêst foar? Ik slach graach efkes ô foar in akwadukt-rest – al sik ik moarnier al de folgjende sjen. As de fûgels geunstich binne.

Pyt Jon Sikkema

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.