fotografy: Suske en Wiske, 'De Gramme Huurling', Willy Vandersteen, 1967

Rocka Sockorna

KAREN BIES – 

Yn it Suske & Wiske album ‘De Gramme Huurling’ út 1967 gean ús Flaamske helden nei Afrika om de stam fan de blauwe Blippies te ‘beskaven’. Vandersteen syn grappen soene no net mear meie: Blippies binne lui, smoarch, se siede westerlingen yn in pot of yn in moderne hegedrukpanne. En se binne dom. ‘Zeg, maar jij hebt een zwarte en een bruine schoen aan!’ seit Wiske. Blippie: ‘Eigenaardig he? Snap er niets van… Heb thuis nog zo’n paar!’

Ast hjoeddedei twa ferskillende sokken oan hast, dan bist júst tûk en kreatyf. Of do makkest in statement. Op ‘Wereld Downsyndroom Dag’ litst sjen dat elkenien oars wêze mei. ‘Rocka Sockorna’ hjit dizze dei yn Sweden. Rock de sokken as Pippi Langkous.

Twa ferskillende sokken oan hawwe betsjut dus: empaty. BN’ers dogge it op Alzheimerdei. Foto’s op Twitter fan minsken mei Pippi-fuotten. Sy meitsje ek in statement, nammentlik dat dy kleurde sokken symboal stean foar de betizing, dêr’t Alzheimerpasjinten alle dagen mei te krijen hawwe.

Ik sjoch ûnder myn buro. Links: swart-achtich griis. Rjochts: blau-achtich swart. Twa ferskillende sokken, dat wol. Mar it is gjin in statement, allinnich miskien in symboal foar myn betizing, omdat de measte BN’ers my net bekend foarkomme.

 

‘Hjir, twa fuotbalsokken maat 31. Doe hopen wy noch datsto proffuotballer wurde soest!’

 

Hiel soms spylje wy thús sokke-memory, lykas op dizze reinige middei yn de hjerstfakânsje. Ik leegje de laden fan alle gesinsleden op ‘e keukentafel. Allegear losse sokken, want, seit opromgoeroe Marie Kondo: ast sokken strak yn in boltsje yn elkoar troppest, fiele se har kontinu spand. En stresste sokken, dêr wurdsto sels ek stresst fan. Nei it lêzen fan dizze flauwekul haw ik dat boek fan Kondo gau fuortdien, mar it eamelt noch wol nei.

Yn in metershege bulte sykje wy sok-by-sok. De measten binne ferwosken swart-blau-grizich, dat is maklik, dy passe altyd by elkoar. Sokke-memory wurdt pas leuk ast twa sokken weromfynst, dy’t écht by elkoar hearre troch in dúdlik motyfke of kleurde strepen. It is boppedat in famyljespul dat weemoedich makket: ‘Dy geitewollen hat beppe foar jim breide, nee dy meie net fuort!’ Of: ‘Hjir, twa fuotbalsokken maat 31. Doe hopen wy noch datsto proffuotballer wurde soest!’

De middei einicht mei laden fol kreaze sokkebaltsjes. En mei – troch ûnbekende oarsaak – in steapeltsje iensume sokke-widdo’s. Mar dy kinne noch goed fan pas komme, lês ik op ynternet. Om telefoanopladers yn te bewarjen. As stofdoek, om planten ôf te stofjen. Kinst sokjes om de poatsjes fan meubels dwaan, sadat de flier net skurf wurdt. Leuk mei de bern: knutselje der in sokkepop fan! Of folje in sok mei rys en doch him yn de magnetron, dan hast in waarmtekessen! Dyn hier kinst krolje mei âlde sokken! Hoe’t dat moat, haw ik net mear lêzen. It wie genôch.

Sokke-memory bringt myn libben tydlik op oarder. Twa by twa de sokken, foar sa lang as it duorret. Gjin gaos moarns by it iepenlûken fan it laad, gjin twifel. In pear sokken oanlûke, dy links, dy rjochts. Gedachteleas, o nee net hielendal: ik tink dan even dat der hjoed goed foar my soarge wurdt, sadat ik my mei belangriker saken dwaande hâlde kin as de kleur fan myn sokken. Myn moaiste binne twa sportsokken, dêr’t de fabrikant al oan my tocht hat, doe’t er se makke: ien sok mei in L, de oare mei in R der op. Ik gean oerein en set fol fertrouwen in stap foarút, de dei yn.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.