Rients Ritskes – de keunst fan it meditearjen

Publisearre op 3 januari 2018

BART KINGMA –

Sakeman en boeddhist, dat is net in foar de hân lizzende kombinaasje. Miskien is dat ek wol wat him unyk makket. Rients Ritskes hat fan syn leafde syn missy en syn wurk makke: hy wol safolle mooglik minsken oan it meditearjen krije. Dat docht er mei syn bedriuw zen.nl. Mei súkses, want hieltyd mear minsken slagge de skonken gear en sitte in pear kear deis rjochtop op it kessentsje.

Rients is derfan oertsjûge dat meditearjen foar alle minsken goed wêze soe. Dêrom docht er alle war om it fenomeen út de hoeke fan de sweverichheid te krijen, en de praktyske kant en de direkte foardielen fan meditearjen te beklammen. Ek foar de rasjonele, drokbesette Westerske minske.

Mar is dat te ferienigjen, dat stribjen nei ferljochting mei in saaklike ynstelling? Giet it ien net ten koste fan it oar? En wat is eins de kearside fan it meditearjen? Levert de zen-minske net yn op spontane emoasjes lykas lilkens en freugde? Is meditearje net de compressor-limiter fan it bestean?

Rients Ritskes ken de fragen en de skepsis. Mar hy bliuwt fêsthâlden oan syn wurk. Want hy is oertsjûge fan syn missy. Omdat er sels it gelok ûnderfynt fan meditearjen. It hat him holpen om stil en grut fertriet te ferwurkjen, it helpt him om himsels yn balâns te krijen en te hâlden, it sil him helpe om âld en wiis te wurden.

It leafst bliuwt er meditearjen oant nei syn dea. Want dat is syn ideaal: meditearjend stjerre, sadat er foar altyd yn de meditaasje-hâlding sitten bliuwe kin. Om ek nei syn libben in foarbyld te wêzen foar elkenien dy’t siket nei balâns.

Fiel de Nacht mei Rients Ritskes. Woansdei 3 jannewaris op Omrop Fryslân Telefyzje, 17.15, 18.15, 19.15 oere ensafh.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels