Rododendrongloria

Publisearre op 10 januari 2014

ARJAN HUT – 

Stania State op in tsjustere, waaierige desimberjûn. It stiet allegeduerigen op reinen. Yn Ljouwert spilet Cambuur in bekerwedstryd en wilens binne der yn de stêd rûnom aksjes foar Serious Request. It is de jûn dat it Glazen Huis op slot giet. It is ek de jûn dat sjonger, ferskeskriuwer en hurdrinner Sido Martens syn nije album ’Rododendrongloria’ presintearret.

Bliid is er, dat nettsjinsteande alle oare aktiviteiten in sealfol ‘folkys’ it paad nei Oenstsjerk wol fine koe. De seal sit sa fol dat de minsken op de foarste rige suver by Martens en syn band op skoat sitte. It hindert neat. Bûten rommelt it yn de loft, de barman set de cd-spiler út en de damp krûpt stadich op de finsters. It earste ferske hjit ‘Hard Vallen’.

In wike earder trof ik de tanige feteraan (ex-Fungus en Farmer’s Union) by de presintaasje fan de nije Novelle-cd yn de Bres. It album fan Novelle hjit ‘Zoveel Jaren Later’. Martens hat foar it duo Henny Wassenaar en Corien Steenstra altyd in soart fan mentor west. Hy spile dy jûn in pear lieten mei en lei en passant út wêrom’t er de lêste jierren sa folle nije muzyk produsearret. ‘Jullie (Novelle) hebben alle tijd, maar voor mij begint het te dringen. Als ik wat wil, moet het nu.’

De kwaliteit fan Martens nije wurk hat net te lijen ûnder de produktiviteit. Syn albums (faak yn kombinaasje mei in boekwurk) sjogge der foarst al tiptop út en de ynspiraasje floeit ryklik yn de lieten troch. In man mei in gitaar en in hert dat opsprekt, dat is de basis. Poëtyske rigels, spande snaren en weagjende ritmes, like yntimidearjend as meinimmend, in wide, tsjustere see.

Ja, de see lokket Martens oan, mar skrikt him like bot ôf. Dy paradoksale gefoelens leveren him al in soad ynspiraasje op, in nij ferske op dat tema hjit ’Zeezeer’. In moai, gefoeligenien dy’t lang hingjen bliuwt. Mar it moaiste ferske (foar it skoft) is ’Glorie’, mei syn prachtige akkoarden, in oade oan froulju – tink akoestyske Led Zeppelin mei in snjitter Nick Drake-eftige mankelikens. ’Dwingelandei’ makket like bot yndruk, mei metalen krêftakkoarden dêrt de snaren fan rikje.

Lielian Tan spilet drums, meastal mei sa’n kwastke, dat smyt in noflik jazzy sfearke op. Bassist Willo de Bildt sit der tige ûntspannen by, petsje op, blêdmuzyk foar de noas. Martens is wat prikkeliger, moat út en troch op in dropke sobje om de stimbannen te beswearen.

Daliks nei it skoft likte it efkes mis te gean, as krekt ûnder ien fan de gefoelichste ferskes (Sido solo, mei allinne gitaarbegelieding) in mobyltsje ôfgiet dy’t ek net mear út wol. It giet om in medyske oprop, docht bliken. Twa leafdesballaden (foar iene Bellinda, en foar iene Sandy) letter is de spanning moai wer fergetten.

In soad kollega artysten yn it publyk, lykas Novelle, it duo Dets Laif, en wol in stik as tweintich manlju – mei tsjok sulveren hier en in hippe bril – dy’t op Herman Erbé lykje. Sy genietsje fan de leafst fyftjin nije ferskes (it hiele album wurdt spile), dy’t optille fan prachtige Sido-istyske nijfoarmings lykas ’Krankzin’, ’Wankelmoed’, ’Traantoneel’ en wat al net mear foarby komt. De opfallendste tekst is dy fan de spannende muzikale arthouse-thriller Muilkorf, dêr’t de dichter de folky efkes lekker foarby draaft.

 

Rododendrongloria, fan Sido Martens, 15 euro, www.sidomartens.nl

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels