Reiner Kunze 80 Achtzig

BENNIE HUISMAN – 

Job Degenaar besoarge begjin 2014 by útjouwerij Liverse in lytse blomlêzing út it wurk fan dizze Dútse dichter, berne yn 1933 yn it Ertzgebirge as soan fan in Bergarbeiter. Yn ‘e jierren nei de oarloch it befoarrjochte ferrin foar in jonge ‘mei in fin mear’: studearje oan de universiteit yn Leipzig, dêr ek wurkje kinne en de ûntjouwing as skriuwer. Dy’t al gau yn konflikt rekket mei de Eastdútske kommunistyske machthawwers, omt er gjin blêd foar de mûle nimt.

As yn 1976 yn West-Dútslân syn krityske ferhalen- en gedichtenbondel Die wunderbaren Jahre útkomt, wurdt er út ‘e Eastdútse skriuwersbûn set en komt it ta in ûnfreiwillige Ausbürgerung. Mar ek yn it frije Westen bliuwt er dwers en kritysk. Tsjin de politisarring fan it Westdútske skriuwersbûn en – resintlik – tsjin de nije Rechtschreibung (stavering). In oare kant fan syn skriuwerskip is dy fan oersetter fan benammen Tsjechyske literatuur.

Foar dizze bondel hat dichter en gearstaller Job Degenaar lykwols keazen foar de dichter pur-sang, dy’t troch alle politike strideraasje hinne in tige eigen lûd hearre lit. Koarte, ‘wize’ gedichten mei in lichte ynslach, byldryk en bespegeljend. Lykas it folgjende fers mei dy ferassende interferinsje tusken ‘bûten’ en ‘binnen’:

 

Schrijftafel aan het raam, en het sneeuwt

Vogels kijken langer of alles veilig is
als ze voedsel oppikken

En opnieuw blijf ik
roerloos zitten

Uw kritiek dat ik tijd verspil
wijs ik af

Om me heen hoopt zich stilte op,
grond voor het gedicht

In het voorjaar zullen we
verzen hebben en vogels

 

 

Yn dizze moai útjûne bondel net inkeld oersettings yn it Nederlâns fan Job Degenaar, mar ek yn it Ingels, fan Annmarie Sauer.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.