Reina Rodina: ‘Ik wol minsken oerspiele mei prikels’

Publisearre op 21 juni 2011

De sjogger sjocht greiden, gebouwen, diken en marren mei faasje oan him foarby razen. Yn dizige ierdetinten, dan wer izige wetterkleuren. Bylden skimerje troch oare bylden hinne dy’t stiloan ferdwine. Klanken boazje oan en nimme ôf. Fan fierren sjonge frouljusstimmen Fryske wurden mei langhalige dûbelklanken. De stimmen draaie om inoar hinne yn wringende dissonanten om dan wer byinoar te kommen yn swietlûdige harmonijen. It binne stimmen as út in dream. It lûd fan sûzjende wyn, drippend wetter. De wei dy’t foarby sjit begjint te weagjen en giet oer yn wetter, giet oer yn waad, giet oer yn wiuwend reid. Dan wer bylden fan de kalme loft dêr’t wite wolken ûnfersteurber harren wei geane. nettsjinsteande it geflean dêrûnder, op ierde. Miskien sjocht it der sa út as dyn libben oan dy foarby raast yn dyn lêste oere. Dochs ropt it gjin fertriet op. Allinnich in faach gefoel fan mankelikens. ‘Fier’ fiert dy wei fan it deistich libben mei al syn hektyk en triviale praktyske wysjewasjes dy’t der no efkes net ta dogge. ‘Fier’ waait dyn kop skjin. In fideoklip om by dyn favoriten te setten en sa no en dan te belústerjen en te besjen as it yn dyn holle in drokte fan komsa is. Alteast, sa wurket it by my. By oaren wurket it wer oars. En dat is goed.

It nûmer ‘Fier’, mei de byhearrende fideoklip, is de earste single dy’t sjongeres en multy-ynstrumintalist Reina Rodina van der Meer (1987) útbrocht hat yn maart 2011. ‘Fier’ is ek ien fan de nûmers dy’t te ‘erfaren’ binne yn Reina’s muzykprojekt ‘Wetterkâld’. ‘Erfaren’, want Wetterkâld is mear as in konsert mei Frysktalige popmuzyk. It is in reis. Wa’t it oandoart kin him fan ’t simmer folslein ûnderdompelje litte yn de Wetterkâld-wrâld fan Reina Rodina van der Meer. Wetterkâld wie eins bedoeld as ôfstudearprojekt. Mar it is yntusken wat grutter wurden. ‘It ôfstudearjen komt der mar sa’n bytsje by,’ fertelt Reina, fjirdejiersstudint oan de Ljouwerter pop-akadeemje. ‘Ik sjoch Wetterkâld mear as in debút.’

Gjin muzyk út in boekje
Reina hat in grut part fan har jeugd trochbrocht yn Akkrum dêr’t se oan it wetter wenne;  de natoer is ien fan har grutste ynspiraasjeboarnen. Heit en mem makken ek altyd muzyk en thús stie in piano. ‘Us mem hie kleurde stickers op de toetsen plakt sa’t wy sjen koene wat foar toetsen by hokker noaten hearden. Op ’e popakadeemje haw ik wol in skoftsje pianoles hân, mar dat lei my net. Dat wie foaral muzyk spylje fan in oar. Ut in boekje. It sil wol earne goed foar wêze om de technyk te learen, mar foar my wurket it net. Dus dêr bin ik hiel gau mei ophâlden. Ik spylje piano op gehoar en gefoel.’  Njonken piano spilet Reina ek fioele. In skoft hat se yn it Frysk Jeugdorkest spile: ‘Us mem brocht my dan alle sneonen nei Ljouwert ta. Underwilens die sy dan de boadskippen. Se hawwe my fan hûs út dus wol alle romte jûn om mei de muzyk dwaande te wêzen.’ Njonken har eigen projekt spilet Reina ek yn de band Tickets Go Past, boppedat wie se aktyf as (eftergrûn)sjongeres yn ferskate formaasjes, en se wie ien fan de artysten by it projekt ‘Dylan yn it Frysk’, dêr’t se ‘Boots of Spanish Leather’ brocht as ‘Learen Spaanske Skuon’.

Alternative popmuzyk
Fan ’t simmer wurdt Wetterkâld foarearst fiif kear útfierd: yn Drachten, Burgum en Ljouwert. By jûntiid wurdt it publyk yn preamen nei de – geheime – lokaasje brocht. De fiif foarstellingen spylje harren bûten, yn ’e natoer, ôf. En wat bart der dan? Wetterkâld hat tal fan yngrediïnten: fideobylden, soundscapes,  mar ek live sang, fioele en piano, en dit alles yn in dekôr fan lân, loft en wetter. Reina: ‘Ik wol minsken oerspiele mei prikels.’ Wat Reina Rodina makket liket nearne op. Har muzyk is dreamerich, sfearysk. Lêstich yn termen te fangen. Reina: ‘Wetterkâld is wol bûten, mar it is gjin lokaasjeteater of iepenloftspul. Mar eins fyn ik it wol goed dat it net krekt dúdlik is wat ik presys doch. Ik hâld der net fan as myn muzyk fêstlein wurdt yn termen, as ik yn in hokje treaun wurd. Myn muzyk kin foar elkenien wer wat oars betsjutte. It is net foarkôge. Ik begryp ek wol dat it handich is ast nei bûten ta dúdlik meitsje kinst watst no krekt dochst, mar ik haw der wolris muoite mei om dat presys oan te jaan. It wurd popmuzyk dekt de lading ek net alhiel. Meastentiids besykje ik it wat mear út te lizzen troch de term ‘alternative popmuzyk’ te brûken. Dat fyn ik wol aardich klopjen, en dan fertel ik derby dat it in kombinaasje is fan elektroanika, synthesizers en natuerlike eleminten. Ik tink datst dan wol in goed byld krijst fan wat ik doch. Ek kin ik wol oanjaan wa’t my ynspirearje; dat binne bygelyks Björk, Tori amos en Yann Tiersen. Dizze lêste hat de muzyk komponearre by de Frânske film Le fabuleux destin d’Amélie Poulain. Dat sfearyske yn de muzyk, dat sprekt my hiel bot oan. Ik hie de foarstelling ek yn bygelyks Poppoadium Romein dwaan kind,  mar ik woe it wat ekstra’s mei-jaan. Ik woe dat minsken in reis meitsje.’ De titel ymplisearret it al; it is bûten dus it soe wetterkâld wêze kinne. De ynfloed fan it waar en de eleminten hearre by de foarstelling. Fierder wol Reina net tefolle kwyt oer de ynhâld. ‘Minsken moatte der blanko ynstappe en mar sjen wêr’t se útkomme.’


Gjin ferwachtingen
Sûnder ferwachtingen it aventoer oangean, dat is ek de útgongsposysje fan wêrút de muzyk makke wurdt. De muzyk dy’t Reina Rodina makket is net betocht, mar ûntstien. It binne gedachten, dreamen, sfearen en gefoelens, oersetten yn klanken en bylden. Reina: ‘Ik stribje eins nearne nei. Ik sjoch net tefolle foarút of werom. At ik konkreet dwaande bin om muzyk te komponearjen, dan haw ik gjin ferwachtingen. Stil wêze en sjen wat der komt. Dat wurket it bêste foar my. Ik gean gewoan efter de piano sitten en begjin wat te pielen. At ik dan in tal klanken haw dy’t ik moai fyn, dan komme der as fansels oe’s of a’s of oare lûden yn my op, en dêr besykje ik dan wer wurden fan te meitsjen. Sa ûntstiet it faak. Ik gean net sitten te brieden op teksten. Teksten fyn ik net sa belangryk. Ik lústerje eins nea nei teksten. It giet om de klanken en de sfearen dy’t dermei oerbrocht wurde kinne. It aparte is: efternei sjoch ik somtiden wêr’t it nûmer oer giet, dan tink ik: dát haw ik der dus mei bedoeld.’ De muzyk fan Reina Rodina stiet dêrmei op himsels, is folslein autentyk, orizjineel. Orizjineel yn de meast letterlike betsjutting fan it wurd. Sá út de boarne wei; streekrjocht út it hert.

Prakkesearder
‘Yn it momint wêze fyn ik wol belangryk, mar it is hiel dûbeld, want ik bin no krekt wól in prakkesearder,’ seit Reina. ‘It ôfwachtsjen en stilwêzen makket somtiden in gaos oan streamende ideeën los yn myn holle. De iene gedachte hellet de oare út en ik wol oeral mear fan witte. Alles útsykje. Hieltyd wer betink ik wat nijs en sa is it projekt geandewei grutter en grutter wurden. Dan is it saak om wer pas op de plaats te meitsjen en alles te ferwurkjen. Dêr moat ik mysels ta twinge. Ik bin perfeksjonistysk en ik wol mysels útdaagje. Dêr sit in gefaar yn; dat ik mysels tefolle oanhelje. Dat ik tefolle wol. Gelokkich haw ik minsken om my hinne dy’t dat wol sjogge en dy’t ik folslein fertrou.’ De minsken dêr’t Reina mei gearwurket yn Wetterkâld binne de meiwurkers fan GK-producties, Viesueel Geweld foar de klips en de fideobylden, Philip Curtis, de regisseur en Johannes Keekstra, har freon dy’t de PR docht. De producer is Phil Mills. ‘Phil Mills is ek dosint oan ’e popakadeemje. Tickets Go Past, dêr’t ik ek yn sit, is syn band. Mei Phil tegearre meitsje ik de soundscapes. Ik haw sels ek opname-apparatuer en as der wat yn my opkomt dan spylje ik dat faak yn op ’e piano en dat brûk ik dan faak om de sfear oan te jaan. Ik nim it fragmint dan mei nei Phil dy’t folle mear avansearre apparatuer hat. Tegearre sykje wy dan de lûden dy’t de sfear dy’t ik oerbringe wol, sa goed mooglik oanjouwe. Somtiden is it gewoan in kwestje fan alle gelûdsjes bydel gean. Om’t it lêstich kommunisearjen is oer sfearen, moatst inoar dêryn goed oanfiele.’

De langste dei, de koartste nacht
Stilte en gaos. Holle en hert. Stilstean en trochgean. Dy tsjinstelling stiet ek sintraal yn de foarstelling. De premjêre fan Wetterkâld is op 21 juny, yn Ljouwert. Op dizze dei stiet de sinne it heechst oan ’e loft. De beammen binne fol blêd, alles stiet yn folle bloei, dochs sil fan dizze datum ôf de tsjusterens hieltyd mear terrein winne. De winter, de tiid fan besinning, komt tichterby. It is gjin tafal dat de earste foarstelling op dizze datum plakfynt. Yn earste ynstânsje soe Wetterkâld úteinsette yn de nacht fan 4 op 5 maaie. Lykwols koe dit gjin trochgong fine fanwegen it briedseizoen. Reina: ‘Ik hie keazen foar dizze datum want ik fûn it moai om de stilte en de besinning fan 4 maaie en de feestlike gaos op befrijingsdei deryn te ferwurkjen. As bern wie ik altyd al bot ûnder de yndruk fan stilte ûnder de deadebetinking yn Akkrum. Dan heardest earst de klok slaan en yn de stilte heardest allinnich de dowen koeren. En dan dêrnei fierder gean, it feest fan 5 maaie. Ik woe dat sa’n omslach ek weromkomme soe yn de datum fan de premjêre. Dêrom is der keazen foar 21 juny. De oergong fan de langste dei nei de koartste nacht.’

Ranende muzyk-ynstruminten
It idee foar it konsept fan Wetterkâld, dêr’t de natoer sa’n wichtige rol yn spilet, is ûntstien yn Noarwegen. Reina: ‘Yn jannewaris ferline jier haw ik yn Noarwegen nei it Ice-Music Festival west. Ik wie derhinne as frijwilliger, om te sjen hoe’t it dêr om en ta gie en ta ynspiraasje. It is in bysûndere muzykfoarstelling dêr’t de muzykynstruminten fan iis makke binne. Dy ynstruminten wurde in wike yn it foar makke, en it makket net út oft it allegearre raant tidens de foarstelling, of dat it falsk klinkt. Dat heart der allegearre by. It wie in foarstelling dy’t foar in grut part bestie út ymprovisaasje mei de meast wûnderlike klanken. It wie middenyn de nacht, ûnder de earste folle moanne fan it jier en it wie iiskâld. It poadium wie in soarte fan iglo, boud fan echte snie. Ik hie fansels noch nea soks sjoen. Ik wie sá bot oerweldige troch de sfear en de muzyk; soks woe ik ek.’

Reina en Reina Rodina
Mei sa’n grut debútprojekt dat alles yn him hat is it ôfstudearjen gjin probleem mear, mar bysaak. Reina: ‘Ik hie it mysels makliker meitsje kind. Yn de oanrin nei de foarstellingen tink ik de iene kear: ‘pfff, wat haw ik mysels no allegearre oanhelle’, en de oare kear: ‘it wurdt moai, it komt goed’. En ik haw no in hiel soad leard troch dit projekt. Ik bin sekerder wurden. Ik wit no better wat ik wol en hokker kant ik út moat. Foarhinne fielde ik my wolris ûnwis op in poadium. Dat is feroare. Sa gewoan bin ik noch hieltyd Reina van der Meer, mar ik groei stadichoan hieltyd mear ta nei Reina Rodina, dy’t op in poadium stiet.’

Sjoch foar data en it bestellen fan kaarten foar Wetterkâld op: www.wetterkald.nl
Mear ynformaasje oer Reina Rodina: www.reinarodina.nl

Mirjam van Houten

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels