“Read weiten hoannen, blues en reinbôgen by presintaasje Koarde fan ‘e tiid”

ARJAN HUT – 

Freonen, famylje en leafhawwers fan blues, hinnen en Fryske poëzy tôgje snein troch waar en wyn nei it smûke doarpshûs fan Wjelsryp. Efkes kipet de sinne troch de wolken. Sa spant der in dûbele reinbôge oer it doarp op it stuit Beart Oosterhaven syn nije bondel ‘Koarde fan ‘e tiid’ presintearret.

De dichter en hobbyboer hat in programma fan presys fjirtich minuten komponearre. Hy fertelt dêrby oer de bondel en draacht in soad gedichten dêr út foar, ôfwiksele mei muzyk fan syn dochter Maaike en gitarist Nathaniël van Veenen. De blues stiet sintraal. De nammen fan Robert Johnson en Son House falle as Oosterhaven de leginde achter Crossroads út de doeken docht en yn syn teksten it bluesgefoel oerhevelet nei Fryslân. Sa sitte wy in in seal fol wite Friezen noflik te harkjen nei âlde, swarte aktivistemuzyk.

Net allinne blues, ek klassike rock kriget syn gerak yn ‘Koarde fan ‘e tiid’. Van Veenen set in medley fan Deep Purple-riffs yn en yn syn fers makket de dichter in ferwizing nei oargelgiselder John Lord, oftewol Jehannes de Hear. It is ien fan de luchtigere mominten yn it programma. “Myn poëzy hat wat in serieus karakter,” fynt Oosterhaven sels, “der sit net folle humor yn.”

Hy hat in grut hert foar sawol muzyk as taal. Miskyn noch wol it meast foar muzyk. Mar syn grutste sukses is it boek Fryske hinnen. “Dy waard ferkocht yn it boekwinkeltsje dat de Fryske Akademy earder hie. It boek fersille oer de hiele wrâld, oant Meksiko ta. Soms kamen der minsken it it bûtenlân om it hinneboek. Dan stiene der samar Poalen yn it winkeltsje, dy’t net in mûlfol Ingelsk koene. Iderien yn rep en roer. Dy woene mear witte fan Fryske hinnen!”

It earste eksimplaar fan de bondel is foar Marius de Boer. “Marius kaam by my om te praten oer it album Magysk Teater fan syn band reboelje. Dat wie yn novimber 2001. Ik ha dêr in artikel oer skreaun foar Frysk & Frij.” Beide mannen koene it goed mei-inoar fine en Oosterhaven waard by einsluten tekstbegelieder fan Reboelje en letter fan Mariusz & de Muzikanten. De Boer hûzet yn in wenning fan trije meter breed oan de Lytse Skavernek yn Ljouwert. Oosterhaven: “Spesjaal foar dy is it in hiele tinne bondel wurden.”

Utjouwer Piter Boersma meldt fierder dat ‘Koarde fan de tiid’ de earste Hispel-útjefte is fan syn nije wenplak út: bye bye Wiuwert, hello Loenen aan de Vecht!

Der binne njonken Marius de Boer mear muzikanten oanwêzich, lykas Nanne en Ankie, en ek de nestor fan de Frysktalige popmuzyk Roel Slofstra sit noflik oan ien fan de taffeltsjes mei kofje en slachreammesûskes. De gedichten dy’t foardroegen klinke, hingje ek groatfol ferwizings nei muzyk, fan Yvonne Keeley oant Saint-Saëns, dy’t beide opspylje yn de tekst By de dea fan Fedde Bos.

 

as ik wurden hie

soe ik in liet foar him sjonge

lykas Yvonne Keeley

en Scott Fitgerald diene

okkerjûns yn Single

            Luck

 

Ek hinnen komme yn de bondel werom. In hin mei kleurslach dy’t yn Fryslân seldsum is, in lytse readweiten hoanne, dêr giet it oer yn Willie Dixon syn Litlle Red Rooster. De Fryske wjergader dêrfan stiet yn it ôfslutende skift Kaai nei de Haadwei, mei oersettings fan lietteksten. Net allinne blues, mar ek wurk fan Leonard Cohen, net tafallich in dichter dy’t bekend waard as sjonger fan syn eigen gedichten, dêr’t trouwens in soad chicks yn foarkomme.

 

Koarde fan ‘e tiid, Beart Oosterhaven, Utjouwerij Hispel, €12,00

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.