Quickstep

Publisearre op 9 augustus 2016

  • KAREN BIES – 

Myn trettjinjierrige soan fertelde dat se by gimmestyk op skoalle dûnsles krigen. ‘Wat leuk!’ sei ik. Dat fûn hy ek. Mar de jonges hiene in famke freegje moatten. En hy wie al as tredde oan ’e beurt en hy woe net ien teloarstelle.

Ik tocht oan dy famkes. O, ik wist it. It idee dat je oerbliuwe soene. Want der wiene op dûnsles altyd mear famkes as jonges. Hoe faak ik net as ‘hear’ mei myn freondinnen dûnse haw. Mar dan die ik de fokstrot fansels krektoarsom, en dêrtroch koe ik my letter mar min troch in man ‘liede’ litte. By dûnsjen moatst méigean, sei ús mem altyd.

In toanieljûn yn ús doarpshûs, mei dûnsjen nei. Gerard Wiersma, alias Joets, song en spile op syn akkordeon en elkenien hopste op ‘Skûtsjesilen is myn nocht’. Ik wie fjirtjin en siet op ’e râne fan it poadium. Oardel meter fierder siet in jonge, krekt wat âlder as ik. Ien dy’t it altyd oan ’e stôk hie mei oaren. In ropper en razer. Mei it hert op it goede plak, mar dat seach ik doe net. As hy my mar net freget, tocht ik. Mar doe’t it skûtsjesilen foarby wie, en ek it feintsje fan Menaam, en wy dêr noch hyltyd sieten op oardel meter fan elkoar ôf, doe’t ‘Ik kom út Fryslân’ ynset waard, bûgde hy him oerside en frege my: ‘Hee Karen… sille wy tegearre?’

Ik skodholle. ‘Ik ha gjin nocht oan dûnsjen,’ sei ik. En ik seach de oare kant op.

O, de skamte. Dat hy my frege hie – ik, dy’t benaud wie om oer te bliuwen. En dat ik nee sein hie, want ik woe net mei him sjoen wurde op ’e dûnsflier. En ik fielde ek syn skamte. Hy hie it oandoard om in famke te freegjen en waard ôfwiisd. Pas doe’t hy de doar út rûn, dûnse ik wer mei myn freondinnen. Mar it waard net mear leuk dy jûns, en ik wit it no noch.

Ik frege oan myn soan: ‘En, hoe hast it oplost?’

Hy sei: ‘Nou, ik riep gewoon: “Wie wil er met mij dansen?”’ Twa famkes hiene daliks de hân opstutsen.

Dat hie er knap dien, fûn ik. ‘Watfoar dûns ha jim leard?’ frege ik.

‘Iets met een q,’ sei er. ‘De quickstep?’ ‘Ja.’

Mar hy woe it net foardwaan, mei syn mem.

Krekt goed.

 

Earder ferskynd yn ‘de Moanne’ 15 (2016), 3 (juny), side 4.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]