Pubers as ynspiraasje

MARRIT DE SCHIFFART – 

Earne op de souder fan de monumintale wenning yn de Ljouwerter Transvaalstrjitte lizze twa âlde skriften dêr’t har earste ferhaal yn stiet. Caja Cazemier (53) skreau it doe’t se tsien jier wie. No steane der omtrint fjirtich boeken op har namme. Yn septimber ferskynt de nijste: Foarstelling, it aksjeboek fan de Moanne fan it Fryske boek. It is foar it earst dat it boek skreaun wurdt troch in skriuwer dy’t it Frysk (noch) net machtich is.

De passy foar skriuwen siet der dus al betiid yn? ‘Ja, dat kloppet. Skriuwen hat altyd in rol spile yn myn libben. Dochs ha ik net myn hiele libben fulltime skriuwster west. Ik bin grut wurden yn Grins en studearre dêr nei de middelbere skoalle Nederlânske taal- en letterkunde. Dêrnei stie ik jierren foar de klasse, as dosinte Nederlânsk yn it fuortset ûnderwiis. Lykwols, yn de fakânsjes skreau ik. Dat gong automatysk, ik fûn it gewoan prachtich om te dwaan.’ Doe’t Cazemier yn 1988 swanger wie fan har âldste soan, lei se de hân oan har earste echte boek. Portret van Sanne kaam út yn 1992 by Van Holkema & Warendorf.

Sûnt dy tiid is se geweldich produktyf. De earste tsien jier skreau se ien boek yn it jier, mar sûnt 2002 ferskine der alle jierren twa oant fjouwer jongereinboeken, sawol fiksje as non-fiksje. Ynspiraasje hellet se út har doelgroep: pubers. ‘Ik bin fan natuere ynteresearre yn jongerein tusken de alve en sechstjin jier. Skoalle, âlders, freonskippen, iensumens, ferealens, seksualiteit… ik ha gewoan wat mei dy puberûnderwerpen. Tidens myn stúdzje folge ik al byfakken yn adolesinsjepsychology. En myn skripsje gong oer literatuer foar famkes yn de puberteit. Ik tink dat dêr ek de basis leit fan myn skriuwerskip, dy pubers triggerje my gewoan.’

Jongereintaal
Cazemier har grutste komplimint is dat pubers somtiden sizze dat se harsels werkenne yn har ferhalen. De feeling mei de doelgroep twingt se ôf troch in protte te observearjen, tydskriften te lêzen en kontakt mei har lêzers te hâlden op Facebook. Ek har trije soannen (24, 22 en 19) hâlde har skerp: ‘Ik freegje myn soannen wolris nei bepaalde wurden, sy witte mear fan jongereintaal ôf as ik. It gefaar by jongereinboeken is al gau dat jo te hip wêze wolle. As it taalgebrûk nep oerkomt op jongeren, heakje se al gau ôf. Gelokkich beoardielje resinten myn boeken hast altyd as populêr, mar net té.’ As krityk krijt Cazemier wolris dat har boeken net literêr genôch binne. Dêr hat se eins gjin boadskip oan. ‘It is myn doel net om literêre boeken te skriuwen. It giet my om it ferhaal, it perspektyf. Dat stiet foarop. Ik hoopje dat de jongeren wat oan myn boeken hat, der treast yn fynt. Dat se witte dat se net de ienichste binne mei problemen en troch myn boeken leare hoe’t se mei dy problemen omgean kinne.’

Aksjeboek
Yn novimber 2012 benadere Tresoar de Ljouwerter skriuwster mei de fraach oft har boek it aksjeboek wêze mocht. En dus ferskynt har nijste Nederlânske boek Echt Spel tagelyk ek yn it Frysk. Tresoar woe perfoarst net in oersetting útbringe fan in besteand boek fan Cazemier. As Fryske bern it boek dan al yn it Nederlânsk lêzen hawwe, ûntbrekt de driuw om it nochris te lêzen.

Hoewol’t Cazemier dwaande is mei in kursus Frysk en har al ferrassend goed rêde kin yn de taal (it ynterview moast perfoarst yn it Frysk fan de skriuwster), wie Frysk skriuwe in brêge te fier. En dus waard it ferhaal oerset troch Ans Wallinga – dosinte Frysk op it Drachtster Lyseum. In gearwurking dy’t Cazemier goed befallen is. ‘Ans mailde my alle kearen it resultaat as se wer in haadstik ôf hie. Dat lies ik dan tegearre mei myn partner Bertus – dy’t fan hûs út wol Frysktalich is. Ek Janny Bottema (It Fryske Berneboek) en Lysbert Bonnema (Tresoar) liezen mei. Ik ha de Nederlânske ferzje sels noch in pear kear oanpast nei oanlieding fan de Fryske ferzje. It boek begjint bygelyks mei in sitaat fan haadpersonaazje Roos dy’t op in poadium stiet en seit: ‘Het leven gaat beginnen.’ Ans makke dêr ‘It libben begjint’ fan. Dat bekt fansels folle lekkerder. En dus ha’k dat ek yn de Nederlânske ferzje oanpast.’

Alle brêgeklassers fan Fryslân krije it boek fergees. Der ferskynt ek in lesbrief dy’t dosinten Frysk yn de klasse by it boek brûke kinne. Cazemier en Wallinga jouwe boppedat fjirtich gastlessen oer it boek op Fryske skoallen.      

Van jonge mensen de dingen die nog komen
Lykas heart yn in boek fan Cazemier, giet Foarstelling oer in puberprobleem. Roos har heit en mem sille skiede en Joppe syn mem is dea. Beide pubers moetsje mekoar op de jeugdteaterskoalle as se repetearje foar ‘De foarstelling fan dyn libben’. It stik en de wurklikheid reitsje inoar. Cazemier die foar it ferhaal ynspiraasje op by de foarstelling ‘Van jonge mensen de dingen die nog komen’, in stik fan jeugdteaterskoalle ’n Meeuw. ‘Ik ha dat stik twa kear sjoen, it wie sá moai! Ik tocht fuort: dêr wol ik wat mei dwaan. Doe’t Tresoar by my kaam wie ik dus al oan it skriuwen.

Fiif fan Cazemier har boeken binne oerset yn it Dútsk, mar dat der no ek ien yn it Frysk oersetten is, fynt se eins folle moaier. ‘Doe’t ik noch dosinte wie foel my op dat Frysktalige bern op de middelbere skoalle somtiden Frisismen yn harren Nederlânsk brûke. Dat fûn ik hiel frjemd. No’t ik in partner ha dy’t Frysktalich is, begryp ik better hoe’t twatalichheid wurket. Ik wit no ek dat it positive effekten hat op de kognitive ûntwikkeling fan bern. Ik fyn it bysûnder dat myn boek dêrby in rol spylje kin.’

 

It aksjeboek Foarstelling ferskynt op 13 septimber en kin oant 13 oktober oanskaft wurde foar € 4,95. Dêrnei kostet it boek € 14,95. Op snein 29 septimber reizgje jo op fertoan fan it aksjeboek fergees mei de bussen en treinen fan Arriva, NS en Qbuzz yn Fryslân.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.