Provinsjehûs Fryslân

Ein 2004 joegen Deputearre Steaten de opdracht foar it nije provinsjehûs oan it Amsterdamske Soeters Van Eldonk architecten: ‘DS miene dat it arsjitekteburo him oertsjûgjend ûnderskieden hat troch op alle kritearia goed en lykwichtich te skoaren. It kolleezje wurdearret dêrby benammen de soarchfâldige stêdeboukundige ynpassing en de goede miks fan weromhâldende en útdaagjende arsjitektuer.’

Fiif jier nei de earste sloopwurksumheden ferhuzen de provinsjeamtners fan harren tydlike festiging oan de Snitsertrekwei werom nei it fan oarsprong 16e-ieuske gebou oan de Twibaksmerk. Koartlyn waard it ‘fernijboude’ provinsjehûs offisjeel oplevere. De Moanne frege trije Fryske arsjitekteburo’s in reaksje te jaan op it renovearre ryksmonumint.


Marten Atsma, arsjitekt: Folle moaier as ik tocht hie
It like my in ôfgryslik drege opdracht, it nije provinsjehûs te ûntwerpen. De provinsje gong mei Soeters yn see en dêrtroch wist ik hokker rjochting se út woenen. Gjin fernijende arsjitektuer, mar passend. Yn de pear plaatsjes dy’t ik sjoen hie, hie ik net folle fidúsje. Ik fûn it te behâldend, foarsisber, te folle herhelling en in te hege toer. Mar wat is it moai wurden en it past yn de omkriten. Ik fyn it moai en dat seit genôch.

De toer past yn it gehiel en makket it sels spannend. Hy docht my tinken oan de koepel fan de Friesland Bank, beskieden en dochs opfallend yn it stedslânskip.De koepel fan de Friesland Bank is fansels in technysk keunststikje en dat is de toer fan it pro-vinsjehûs net.

De nije bebouwing slút goed oan by de achttjinde-ieuske geboudielen en de njoggentjinde-ieuske steatehal. Sterker noch, de besteande bebouwing komt better ta syn rjocht. It binnenhof draacht dêr ta by. De twa binnenhoven jouwe in goed sicht en ynsjoch yn de gebouwen deromhinne. Krekt yn it grutste binnenhof komt de toer spannend en ymposant oer. De sekuer detaillearre finsterpartijen, dy’t ticht by elkoar sitte, jouwe in moai effekt, hast grafysk, en fan my mei de ferljochting nachts oanbliuwe. Mar dat is fansels net duorsum en dêr binne de skoarstieneftige lantearnen foar. Wat my oanbelanget hie de skoarstieneftige foarm net hoegd, it jout it effekt fan in ferhege stins yn ‘e loft.

De moderne glêzen gevels yn de binnenhoven soargje der foar dat se net swier oerkomme. De ta-heakke parsetribune, beklaaid mei hout en sink, hat in goed effekt op it binnenhof. It is in geboutsje op himsels, plezierich makke en aardich om te besjen. As je om it provinsjehûs hinne rinne, falt it op dat de gebouwen harren prima yn de omkriten foegje. Der is goed neitocht oer de detaillearring fan de finsterpartijen en de lekdrompels. Op in hjoed-deiske wize, mei in protte herhelling en dochs net ferfelend oanwêzich. Se lykje my ek noch funk-sjoneel.

Ik bin bliid mei de kommersjele romten yn de Oasterstrjitte. Dêrútwei slingerje de gevels yn it sicht. Fia de moai foarme hekwurken kinst it provinsjehûs en syn toer sjen. No ha de binnenterreinen yn de binnenstêd fan Ljouwert altyd myn ynteresse hân. Just yn de bin-nenstêd fan Ljouwert binne prachtige terreinen, mar dy binne faak min ynrjochte. Parkeare is nettsjinsteande de parkeargaraazjes noch altyd wichtich.

Ik fyn it spitich dat de gevels oan de Twibaksmerk net sa útnoegjend binne. Do kinst net echt yn de yntreeromte sjen. It hie wat my oanbelanget iepener en moderner kind en dus minder strang. De gevel rjochts fan de yntreegevel fyn ik wat minder goed detaillearre. De tredde rige ruten fan ûnderen komt wat kâld en wenningeftich op my oer. Se helje it nivo omleech. We prate mar oer ien gevel, mar ja, hy sit lykwols wol njonken de yntreegevel.

Spitigernôch ha ik de ynrjochting, it ynterieur noch net besjoen. Wol mocht ik binnen sjen yn in fiergeand stadium fan de bou. It kaam funksjoneel op my oer. Oan ‘e hân fan foto’s komt it ynterieur plezierich oer. Hiel moai fyn ik it sicht fan binnenút op de beide hofkes, hast as yn in mearke! It liket my ta dat men mei in goed gefoel yn dit kompleks wurkje kin. De amtners ha gjin fêst wurkplak. Dat kin lestich wêze, mar it jout wol kânsen op ferskate útsichten.

It is dúdlik dat der dochs wol budzjet wie om te bouwen. Ast it provinsjehûs ferlikest mei de kom-mersjele wand oan it Saailân (fan itselde buro), is der in grut ferskil op it mêd fan ûntwerp en detaillearring. Miskien ek wol logysk. De kommersjele wand oan it Saailân hie foar my net komme hoegd. It provinsjehûs wol. Ik fyn de lokaasje fan it provinsjehûs de meast geskikte. De arsjitekt hat syn drege opdracht goed útfierd.


Rein Hofstra, arsjitekt: Neimakke âld & oerstallich
Om te begjinnen hie dat hiele ferrekte gebou der noait komme moatten. It soe boud wurde foar 40 miljoen euro – it waard 80. It wie fanwege de krapte oan romte – no stiet in grut diel leech. Mar it moast en it soe. Foar de pommeranten wie ‘de vaart der volkeren’ der mei anneks; foar de amtners wie it de Arbo-wet. Dy sei dat de besteande romten te plat wiene. En jammer maar helaas, dan begjinne jo te brekken. Neat oan te dwaan. Fuort dermei. Slope dy hap. Aldus geschiedde. En sa waard der wer ris in Frysk tresoar (dat fan duorsumens) offere op it altaar fan prestiizje. Mar giet it úteinlik net altyd sa?

It gebou sels is yn mannich opsicht in fenomeen. Yn it foarste plak fanwege de hichte en de situaasje. Ljouwert hat in beskerme binnenstêd, in ryksmonumint. Dêrfandinne is der in tige útwurke bestimmingsplan, dat oanjout hoe’t der op plakken boud wurde mei. En tochten jo dat dêr op dat plak oan ’e Turfmerk dy hichte oanjûn wie? Nee, fansels. Mar we witte allegearre hoe’t it giet. Heech bouwe yn ’e beskerme binnenstêd fan Ljouwert wurdt net langer bepaald troch demokratysk fêststelde bestimmingsplannen. Bouwe yn dy binnenstêd wurdt bepaald troch Provinsje, troch Friesland Bank, troch Achmea. Krekt: troch macht en jild en de kombinaasje dêrfan. Wa’t it noch net wist, wit it no. Bergje jo yllúzjes op, ferbrân de bestimmingsplannen; it hat allegear gjin doel.

Underwilens riist dy nije toer ûnbidich boppe de bebouwing fan Turfmerk en Foarstreek út. As in koekoeksnêst; it oare ferdringend en delhâldend. In ‘hoogteaccent’ op in plak dêr ’t soks nea betocht wie. Stêdebou per ynsidint. Je wenne der wol oan hear; hingjen went úteinlik ek. It ienige is, je geane der dea oan. No falt dat mei dit gebou wol ta – foar de minsken dan. De stêd – dy giet wol nei gychem. Nochris: Sa at Bonnema en Achmea de hichte dikteard hawwe, sa’t it nije Frysk Museum letterlik alles yn it skaad set, sa as de Friesland Bank it plak en de hichte opeaske hat. Sa as de Provinsje no sels Ljouwert opsadelet mei in trochbrekking fan eigen regels.

En it folk? It folk leit him der by del – wat kin it oars? It lit him graach ferliede ta meidwaan, mei tûzenen. Ta it sjongen fan slûge healfryske teksten, mar wat soe ’t skele kinne; je binne derby, jo dogge mei en de keninginne wie der ek. Ynpakt, strik derom, klear. Sa mei men straks wer opdrave by de feestlike ynwijing fan it nije Saailân. De helte lytser, mei in leechsteande winkelslurf (of in leechrinnende Foarstreek) mei in spiksplinternij Frysk Museum dat hielendal klem sit en syn grutte oerkraagjende dak wanhopich oer de oare gebouwen stekt. Mar it folk sil jûchhei sizze. En fansels – se hawwe gelyk. In feest is in feest.

En it gebou, it Provinsjehûs sels dan? De arsjitekt, Sjoerd Soeters, is in baas yn it betinken fan nije foarmen dy’t der âldsk útsjogge. Yntusken net mear út soarte; ek yn Fryslân binne der neifolgers. De arsjitektejonges fan “Twa” út Burdaard kinne der ek wat mei en bestimpelje lju dy’t net bûge as ‘verstokte modernist’ (sa’t my oerkaam) want bûgjen is it. Jo frutselje wat mei histoaryske foarmen en komme al dwaande yn ’e smaak fan publyk en bestjoer. Want sa leit it der hjoed-de-dei hinne: it is âld as it moat âld lykje. Neitinke oer nije foarmen, nije konstruksjes, op basis fan hjoeddeiske technyk: It liket net langer te meien. It is noch krekt net ferbean, mar somtiden liket it dêr in ferdomd soad op. Sa stie der ek rêstich en sûnder kommentaar yn ’e Ljouwerter Krante dat “pleitbezorgers van moderne architectuur” eins “fascistisch” wiene. Soe ik, as modern tinkende arsjitekt, hast bewaking noadich hawwe? (is de arsjitektuer-oarloch útbrutsen?)

En dy arsjitektuer dan?? Sjoch, it resept foar soks is yn wêzen ienfâldich. Jo nimme in âlde histoaryske foarm; leafst klassyk. Jo piele der mei om, jo knede en ferfoarmje wat. Want der moat min ofte mear in ôfwiking fan ‘ferfrjemding’ oan sitte. En dan blaze jo it op. Sa’t Claes Oldenburg foarhinne mei troffels die: 10 x sa grut of sa. En oan ’e ein – net ferjitte – struie jo noch mei wat nije nuveraardige fersiering, want sjoch, jo binne wis wol fan dizze tiid.

No sa. Klear. Lekker ite!


Bauke Tuinstra, TWA architecten: Beeldrijm
Het is een schier onmogelijke opgave. Hoe kun je een grootschalig kantoorgebouw, wat het nieuwe Provinsjehûs eigenlijk is, inpassen in de oude binnenstad van Leeuwarden?

Lang is het architectonisch antwoord hierop ‘contrast’ geweest. Is de belending opgetrokken uit baksteen, dan krijgt de nieuwe toevoeging een glazen gevel. Is de bestaande gevel verticaal geleed? Dan wordt de nieuwe horizontaal! Kap? Plat! Wit? Zwart! Als deze manier van reageren op de omgeving keer op keer wordt toegepast verdwijnt eenheid en samenhang. En als de straatwand geen geheel is, maar een optelling van losse gebouwen, wordt er geen goede binnenstedelijke openbare ruimte gevormd.

Niet contrast is dus hier het antwoord, maar samenhang. Dat wil niet zeggen dat de omgeving gekopieerd moet  worden, een gebouw is tenslotte ook een uitdrukking van de tijd waarin het gebouwd is. Wel kunnen omliggende gebouwen en de lokale bouwstijl gebruikt worden ter inspiratie en aangetroffen kenmerken ingezet om de nieuwbouw te hechten aan de plek. Zo ontstaat er eenheid met de omgeving en wordt openbare ruimte gevormd.

Maar er speelt hier meer. De schaal en omvang van het programma van eisen past niet zonder meer op de plek van het bestaande Provinsjehûs. Bovendien, de functie van het gebouw, het huis van ons bestuur en de drager van onze Friese identiteit, vraagt om meer dan een vakkundige inpassing in zijn omgeving. Er is met reden gekozen voor deze complexe locatie in de binnenstad van onze hoofdstad en niet voor een nieuw Provinsjehûs op een anoniem bedrijventerrein aan de snelweg. Het is dus toch meer dan een kantoorgebouw.

De referentie naar typisch Friese gebouwtypes, zoals de stins, is ingezet om het gebouw niet alleen fysiek te wortelen op de plek, maar ook overdrachtelijk in de Friese cultuur. Een nieuwe openbare route biedt, op een van de twee binnenplaatsen, zicht op de prachtige Statenzaal en zo indirect ook op het provinciale politieke bedrijf. Ook dat hoort bij onze tijd.

In de straat gaat het nieuwe complex, door het opdelen van het gebouw en het toepassen van verschillende kleuren, materialen en details, bijna ongemerkt op in zijn omgeving. Tot in detail. Zo is het kozijn met de ruime dieptesprong een slimme vertaling van het negentiende-eeuwse boven- en onderraam, nu ook ingezet om lichttoetreding tot diep in het gebouw en zonwering in een enkel element op te lossen. Dit vakmanschap is de architect Soeters van Eldonk architecten uit Amsterdam wel toevertrouwd, hoewel het hier toch wel beter uitpakt dan op andere plekken.

Want juist in het silhouet van de stad toont zich de bijzondere kwaliteit van het ontwerp. Stoer en zelfverzekerd steekt het kantoorblok boven de stad uit. Door de vormgeving van de kap is het ondanks de hoogte geen toren, maar een gebouw. Een gebouw zoals zovele in de stad. Alleen, dit gebouw toont zich door zijn afmetingen en positie op verrassende plekken in de stad. En bijna altijd is er op de voorgrond een ander gebouw, met eenzelfde kap. Zoals woorden die rijmen bijna vanzelfsprekend een paar vormen, zo is beeldrijm hier ingezet om het gebouw, ondanks de nieuwheid en de omvang, toch verbonden te laten zijn met de Leeuwarder binnenstad.

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.