In privileezje as stipe fan de Fryske frijheid

Publisearre op 27 augustus 2018

OEBELE VRIES – 

Koarte lêzing by de ynwijing fan de replika fan it frijheidsprivileezje fan 1417 yn it Provinsjehûs, 28 sept. 2017

It is altiten goed om te begjinnen mei wat bekends. Dêrom woe ik úteinsette mei in tekst dy’t de measten fan jimme grif kenne, de tekst nammentlik fan it Frysk folksliet. Dêr stiet in passaazje yn dy’t gauris bekritisearre wurdt: Wy sjonge it bêste lân fan d’ierde. Iksels kin my dy krityk skoan yntinke. Want wêrom soe Fryslân in better lân wêze as alle oare lannen? Dy pretinsje wurdt yn de tekst fan it folksliet ek net wiermakke. Dy wurdt ommers allinnich mar ûnderboud mei de bewearing dat it Fryske lân fol ear’ en rom wêze soe. En oer dy eare wurdt dan allinnich noch sein dat dy âld is. De sintrale fraach is dus: wêr slane dy âlde eare en dy rom dan op?

Op dy fraach kin aldergeloks bêst wol in dúdlik antwurd jûn wurde: dy âlde eare en dy rom, dy slane op it feit dat de Friezen yn âlde tiden in earfolle, ja sels romrofte reputaasje hienen. Watfoar reputaasje wie dat dan wol? En dan lit ik no de keallen út it hok: it giet derom dat se ienris as it meast frijheidsleavjende folk op ierde sjoen waarden, dat Frysk en frij ienris as feitlike synonimen beskôge waarden, dat – om it wat eigentiidsker te sizzen – Fryslân ienris sjoen waard as in soarte fan gidslân fan de frijheid.

Dy suver wat ferbjusterjende frijheidsreputaasje giet werom op ’e midsiuwske Fryske frijheid. Dy frijheid hat him yn ús Fryslân ûntwikkele om 1250 hinne en yn it no Dútske Eastfryslân sels al oardel iuw earder. Dêrby moatte wy goed betinke dat it om in midsiuwske foarm fan frijheid giet. Dy hie twa aspekten: frijheid fan feodale ûnderdrukking en frijheid fan hearskippij troch lânshearen. Dat twadde aspekt fan de frijheid is yn ús Fryslân ferlern gien yn 1498 troch de machtsoername fan de Dútske hartoch Albrecht fan Saksen, in frjemde lânshear dus, en yn it gefal fan Eastfryslân ek wer al wat earder en wol troch de ferheffing ta greve fan in pleatslike potintaat, Ulrik Cirksena, dus net in frjemde, mar in Fryske lânshear.

Wol is it sa dat dy frijheid, yn wat moderner foarm, weromkommen is, net yn Eastfryslân, mar yn ús Fryslân. Dat wie yn de Tachtichjierrige Oarloch, doe’t Fryslân en ek noch seis oare Nederlânske provinsjes de lânshear oan kant skoden om dêrnei as frije, mar wol yn in uny feriene republiken fierder te gean. Likegoed is ek oan dy frijheid in ein kommen, en wol yn 1798. Diskear kaam dat net troch it yngripen fan in bûtenlânske lânshear of pleatslike potintaat, mar troch de ynfiering fan de Nederlânske ienheidssteat. Dy hie doe trouwens noch wol de foarm fan in republyk. Doe – en dat is it grutte ferskil mei 1498 – begûn fansels nét in tiid fan ûnfrijheid: de Fryske frijheid waard doe, om sa te sizzen, oplost yn de Nederlânske frijheid.

1798, dat wie 31 jier fóár it ta stân kommen fan it gedicht “De âlde Friezen” fan Eeltsje Halbertsma. Fan dat gedicht is it Frysk folksliet in letter bewurke fersy. Bewurke noch wol troch in liberaal lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân, Jacobus van Loon. No is it sa dat dokter Eeltsje yn syn gedicht wól eksplisyt nei de frijheid ferwiist. Spitigernôch is yn dy bewurking en dus yn ús folksliet it begryp ‘frijheid’ op gjin inkelde wize werom te finen. En dêr begryp ik neat fan, want krekt liberalen binne dochs sa sljocht op frijheid?

Mar miskien is dy misser wol yllustratyf foar it feit dat yn ús Fryslân it oantinken oan dy eardere Fryske frijheid en ek it besef fan dy iuwenlange frijheidsreputaasje hast hielendal ferlern gien binne. Ien fan de lêste Westerlauwerske Friezen dy’t har dêr noch wól troch ynspirearje litten ha, wie Piter Jelles Troelstra, en dat wie net iens in liberaal.

No binne it de Eastfriezen dy’t mei de Fryske frijheid eare besykje yn te lizzen. In jiermennich lyn binne yn Eastfryslân sels buorden oan de Autobahn oanbrocht mei it opskrift: Ostfriesland – Friesische Freiheit.

No is it wol sa dat de Eastfriezen op hár territoarium it Fryske frijheidssymboal by útstek besitte: de Opstalsbeamheuvel, it plak dêr’t de midsiuwske frije Friezen ienris har mienskiplike gearkomsten hâlden. Al yn 1833 is dêr in monumint oprjochte – lit ús trouwens bliid wêze dat dat net yn 1933 wie. Net troch partikulieren, mar troch de Eastfryske Steaten of, sa’t dêr doe sein waard, Landstände of Landschaft. De no noch besteande Ostfriesische Landschaft is dêrfan de rjochtsopfolger.

Sa’n symboal ha wy net. It monumint op it Reaklif, oprjochte yn 1951, draacht wol de patetyske frijheidsleus Leaver dea as slaef, mar dat is earder in slachmonumint  as in frijheidsmonumint. It is ek net oprjochte troch de Steaten, mar troch partikulieren. Wy moatte, as wy ek yn ús Fryslân in oansprekkend frijheidssymboal sykje, dus nei wat oars omsjen. En dat is der!

It is gjin heuvel of klif, mar in dokumint en wol it orizjinele Fryske frijheidsprivileezje út 1417. In privileezje dêr’t de frijheid fan alle frije Friezen fan Sudersee oant Wezer troch de heechste ynstânsje fan it Hillige Roomske Ryk, Roomsk-kening Sigismund, offisjeel yn erkend wurdt en ek stipe wurdt. In privileezje dat no krekt 600 jier lyn útfurdige is. In privileezje dat nei 1498 iuwenlang ûnder wetter west hat, al wie de tekst wol bekend út ôfskriften. In privileezje wêrfan’t it orizjineel nét ferlern gien is, mar dat hast 500 jier feilich opburgen lein hat yn it argyf fan de hartoggen fan Gelre yn Arnhem.

Yn 1986 waard it bestean derfan buorkundich makke. Tolve jier letter droech de doetiidske ryksargivaris yn Gelderlân, de hear Keverling Buisman, it offisjeel oer oan de Fryske kommissaris fan de keninginne, Loek Hermans, en dy joech it wer troch oan it Ryksargyf yn Fryslân. No is it ien fan de topstikken fan Tresoar.

De Steaten fan Fryslân ha, sa witte wy sûnt in pear jier, har oarsprong yn de tiid fan de Fryske frijheid. Wat leit dan mear yn ’e reden as dat yn it hûs fan de Steaten, it Provinsjehûs, in replika fan dat privileezje oanbrocht wurdt? It docht my deugd dat Tresoar it inisjatyf dêrta nommen hat en dat de provinsje dêr graach mei ynstimme woe. Sa wurdt dy earfolle ferbining tusken Fryslân en frijheid ek yn ús Fryslân wer sichtber makke.

Ik begûn mei it Frysk folksliet. Lit my dan no beslute mei in liet út 1619, it Nieuw liedeke tot lof van Frieslandfan de net út Fryslân ôfkomstige dichter Jan Janszoon Starter. Dêr wurdt de frijheid wól mei namme yn neamd. Ik sitearje: O Friesland, wilt beschutten uw vrijheid tot de dood. En dan folget noch dizze rigel, dy’t hjoed in aktuele klank krijt: Laat niemand u ontnutten uw privilegiën groot. Oftewol: Lit net ien jo jo grutte privileezjes ôfpakke. Ik soe sizze: dêr hâlde wy it op!

 

 

Earder publiseard yn de Moanne, 17 (2018), 2 (maart)

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels