Prate yn de leechte fan in nije wrâld

ARJAN HUT

De bondel ‘Hingje net alle klean op deselde kapstôk’ ferskynt rûchwei in jier neidat Tsead Bruinja beneamd is ta Dongeradichter. Ien fan de gedichten, it lange ‘foarlopich lân’, wurdt in pear kear yn de wike fan it OBE-paviljoen ôf op de Aldehou projektearre. De twatalige útjefte (Fry/NL) is opmakke as in hantlieding, ynklusyf it budzjetpapier dêr’t de fersen op printe binne.

 

Wat opfalt, seker ast de Aldehou-projeksje sjoen hast, binne de hazzen dy’t yn meardere fersen opdûke. Se wurde sketten, mar wolle net stjerre.

 

Foargonger Binnenwereld Buitenwijk stiet fol mei assosjative poëtyske kollaazjes, spontaan en kreatyf fan karakter. Lykwols, nei de ein ta ferlieze de fersen oan spanning en gearhing, as binne it ‘b-kantsjes’ dy’t as boanus taheakke binne. Kapstôk giet dan wer in hiel ein strakker fan start, mei in rige fersen dy’t ûnder de titel ‘yn de kjeld in freon fine’ wol as aparte fersen presintearre wurde, mar wêrfan’t de earste fjouwer suver ien trochgeande tekst foarmje.

It wurd op himsels wurdt in plak om te wenjen, it klinkt as in echo fan Slauerhoff. Mar wennet men yn jins eigen wurd of yn de wurden fan in oar? Wurd en wûne ha yn de earste gedichten in ferlykbere funksje. Minsken diele in taal, men wennet yn inoars wurden en wûnen. Net allinne wurdt yn de kjeld in freon fûn, mar ek ‘yn it soer in sibbe’. Oft Tsead dat by it skriuwen ek yn de holle hie, wit ik net. Op it stuit dat ‘fan de grûn ôfskie’ nommen wurdt (it ferhaal fan de fleanende ketter Simon wurdt oanhelle) rjochtet de dichter de instruksjetaal oan himsels en klaut in nije wûne iepen.

de ienfâld fermannichfâldigje / it publyk net ûnderskatte / en mei de klû begjinne (s. 14)

De lêste twa teksten yn it skift binne ‘Dongeradichten’, ien oer pater Titus Brandsma yn it konsintraasjekamp en Wikseltonge, dêr’t it grutste gelyk en it âldste gelyk tsjinmekoar oer setten wurde, om te einigjen mei in oarlochsliet oer ien dy’t de striid oerlibbet. Brandsma stoar yn de oarloch, hy wie ien dy’t minsken holp, ferbûn en warskôge tsjin maatskiplike opstokelerij. Is wikseltonge in fariaasje op wikseltosk? Kin men wurden weromnimme, de molketong ûntgroeie?

Konkreter wurdt Bruinja gauris net. Ek net yn ‘foarlopich lân’, in tekstkomposyje fan meardere siden dêr’t er nei eigen sizzen besocht hat taal dy’t bylden opropt te mijen, en yn hannelings te skriuwen. Krekt as oar wurk fan Bruinja krijt it gedicht dêrmei wat profetysk, lykas de kwatrinen fan Nostradamus. Men kin der in soad yn lêze. It fers feroaret mei de lêzer mei en makket sa syn libbene ambysje wier. De tekst en de projeksje binne makke yn oparbeidzjen mei Jules van Hulst (bylden) en Herman van Veen (muzyk). It totaalpakket fan de projeksje op de Aldehou (omjouwing en seizoen spylje dan ek nochris mei) is ferfrjemdzjend en betsjoenend. As ‘keale’ tekst op budzjetpapier bliuwt ‘foarlopich lân’ ek oerein, al driget hjir en dêr in oerstreaming. Troch de taal ienfâldich, de strofen koart en de opbou iepen te hâlden, jout de dichter hâldfêst.

Wat opfalt, seker ast de Aldehou-projeksje sjoen hast, binne de hazzen dy’t yn meardere fersen opdûke. Se wurde sketten, mar wolle net stjerre. Op side 24 seit it ‘ik raas werom / dat ik yn myn fel sit / as ik net strûpt bin‘, in typysk (Wâld-)frysk antwurd op de fraach ‘wêr bist?’, dat ek wer past by de hazze.

Ut en troch ropt Bruinja de geast fan oare Fryske keunstners-om-utens op. By it lêzen fan ’te faak mien ik’ hear ik de stim fan Arnold de Boer (Zea), it hie sa in ferske op syn plaat ‘Moarn bin ik dea’ wêze kinnen. Twa kear in skeanprinte strofe fungearret op it each as refrein, dêr’t de dichter op in foar him typearjende wize it tema twatalichheid oansnijt.

elk krijt syn taal / en de macht dêroer / ik krige twa / ik krige de nacht deroer (s. 22)

Yn ‘ik hearde mar net’ wurdt in relaasje sketst op in wize dy’t tinken docht oan de ultrakoarte ferhalen fan Nyk de Vries, dy’t krekt as de Boer en Bruinja ek nei Amsterdam tôge. In wintermearke mei fjoer, iis en stjerren. Der sit in dúdlike ferhaalline yn, it hat in tûke útsmiter, wat it ta ien fan de meast tagonklike en pakkende gedichten út Kapstôk makket. Ek de roadmovie-yn-de-foarm-fan-in-gedicht ‘beamstronk’ ropt by my de toan fan De Vries op.

De Fryske gedichten steane hieltyd oan de linkerside en oan de oare kant de Nederlânsktalige wjergaders. It is opfallend noflik om se ek sa troch te lêzen. It werlêzen yn in oare taal helpt om gryp te krijen op it wurk. De klû bliuwt likegoed faak in iepen terrein, of in iepen wûne om yn de terminology fan de bondel te bliuwen. It werlêzen fielt yn wêzen as draait men dêr in ferbân omhinne.

Krekt hiel ferheljend opskreaun is de myte ‘sy kaam foar in houlik’, dat it hiele lêste skift beslacht. In frou en in bern mei read hier spiele oan. In geastlik beheinde jonge wennet mei syn heit allinne. In Amsterdammer is de drokte fan de stêd ûntflechte (eins it tsjinoerstelde fan de dichter sels!) en wennet oan de waadkust. Mar geandewei begjinne de rigels te botsen en te klotsen. Wetter en lân sille trouwe, de minsken ferdwine, in ramp en in nij begjin tagelyk.

as it jonkje / neaken yn it skaad / gjin kuolte fine kin / hy langet nei de kjeld / fan in winterske see (s. 104)

Yn de bondel steane in pear kapstokken dêr’t men de gedichten oan hingje kin. Dongeradiel is dêr ien fan, de wikselwurking see en lân in oare. It meitsjen fan in liet komt meardere kearen werom, krekt as de hazze; sa kin ek de wikselwurking tusken kultuer en natoer in kapstôk wêze. En as der sprake is fan in relaasje, dan is der sprake fan in missen. De heit wurdt ferlitten, of de mem is der net mear, of it bern komt net, komt wol, past net. Yn it skift Swannedrifter smyt men de jas yn feite gewoan yn in hoekje fan de keamer. In tikflater kin in fers opsmite en de dichter wurdt no letterlik út syn fel strûpt troch in strjitrôver, tsjin de muorre fan Sake Sakelik.

Wat moat men as lêzer mei al dy kapstokken? Wat dat oanbelanget is de titel grif de belangrykste ynstruksje fan dizze hantlieding/bondel. Mar wêrom is it ‘klean’ ynstee fan ‘jassen’? It titelgedicht dat op side 32 stiet, biedt wat dat oanbelanget ek gjin hapkleare klû. In heit rint mei in stjonkend ruft troch de gong. Mem en bern sjonge yn de kelder. De wrâld is leech. Heit leget in buks op in hazze. Der is net ien dy’t him heard. Mar hy praat dochs.

 

 

Tsead Bruinja, Hingje net alle klean op deselde kapstôk / Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok, 108 siden, Afûk, 2018. Priis €18,50.

 

Comments
Ien reaksje oan “Prate yn de leechte fan in nije wrâld”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.