Poëtyske ankerplakken: Piter Boersma

Yn opdracht fan de Marrekrite lansearree de Moanne ferline jier it projekt ‘De Marboei’. In poëtysk ankerplak op it Fryske wetter. Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz, Jaap Krol, Elske Kampen, Arjan Hut, Erik Lindner, Joost Oomen, Saskia Stehouwer, Syds Wiersma, Lida Dijkstra en Dien L. de Boer skreaunen earder al in gedicht foar dit projekt.

Sûnt ferline jier ek poëtyske ankerplakken op it lân. Yn dizze fideo fan Remco de Vries in petear mei dichter Piter Boersma dy’t yn Earnewâld ynspiraasje opdie. “Ik kom hjir al fan myn sechde ôf oan. En ik moat sizze, skriuwe oer in ûnbekend gebiet is faak noch makliker as oer Earnewâld, dêr’t ik al salang kom. Hjir kin ik safolle details en hjir lizze safolle oantinkens, dat je der soms wolris in omkomme as je mei in gedicht dwaande binne. De Alde Feanen, dat is eins myn paradys.” Lês it gedicht dat er oer Earnewâld skreau no yn de Moanne nûmer 2.

Comments
Ien reaksje oan “Poëtyske ankerplakken: Piter Boersma”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.