Piter Boersma rint himsels nei

HARMEN WIND –

1. Titel

Ritueel. Wat ropt de titel fan de nijste bondel fan Piter Boersma op? Neist fêstleine en foarskreaune aktiviteiten om (hichtepunten yn) it libben te oarderjen, sin te jaan en behearskber te hâlden, betsjut it: it fêste patroan fan ien syn dwaan en litten. Der sit dus in spanning yn tusken it boppe-persoanlike (de kultureel-religieuze foarskriften) en it persoanlike (de deistige gewoantefoarming). De oerienkomst is dat beide deropút binne om ús grip op ’e wurklikheid te jaan en ús hanneljen in sinfol ramt.

2. Persepsje

Daliks as er de bondel ynstapt is, wurdt de lêzer al meinaam en ynspûn yn in ‘deagewoan’ libben mei alles wat derby heart: de kat fersoargje, de tafel opromje, fan bêd ôf moatte, de tún dwaan, waskje, skeare, noashierkes knippe, pineholle ha, frije, selsferwiten fiele… folle net genôch. Neam it mar ‘reality-poetry’. Lykwols, it wol winliken mear wêze as ordinêre kaaisgatnijsgjirrigens.

Us selsbewustwêzen (dat him uteret yn taal) stiet tusken ús en de wurklikheid yn. ‘Het scherm der reflectie’ neamt Oek de Jong dat earne. Wy ferantwurdzje ús ûnderfinen. Soene wy dat net dwaan, dan libben wy faaks yntinser, mar wy wisten it net. Dat is it probleem dêr’t Boersma mei wrakselet yn Ritueel.

It hat ek te krijen mei wêr’t Hegel op wiist: wy sjogge net wat wy sjogge, wy sjogge ús byld fan wat wy sjogge. Tusken ús en de dingen stiet ús persepsje.

Piter Boersma bringt it libben werom ta it simpelste: de sintúchlike gewaarwurding, mar it is sýn wurklikheid en dus is er hieltyd dwaande om dy te ûnder wurden te bringen, te beskriuwen, te ynterpretearjen, te beswarren… en komt er der hieltyd wer fier fan ôf te stean. It resultaat is in oanienskeakeling fan ferslachjouwing, redenaasjes, opsommings, litanyen en (bewust) gejeuzel. ‘Sjoch wat ik doch.’ Dochs is net de ‘reality’ sels, mar it belibjen dêrfan it wichtichste. Soest it in bewustwêzensdeiboek neame kinne.

 

3. Yndividu

Mar it resultaat is mear as dat: alle gedichten binne ik-gedichten. Se jouwe in byld fan it isolemint fan ’e ik-figuer. Hy falt folslein op himsels werom. Ek yn de ferhâlding ta de frou fan wa’t er hâldt. It grutste part is leafdesfersen. Sûnder syn hûsgenoate (‘myn frou’ neamt er har hieltyd) soe er gjin poat mear ha om op te stean. Hy skriuwt: ‘de basis fan ús relaasje / is it lichem de seks ja’ en ‘as / wy klear binne skop ik dy wer fuort’, mar ek: ‘it / moat datsto it ek fielst dat ik fan dy / hâld dat witsto wol do fan my’. It ferrifeljende sit hieltyd yn it stuit fan bewustwêzen. De lêzer moat tinke: is dat sa of moat de ‘ik’ dat op dat stuit tinke…

Ek syn frou is bûtensteander. Hy kin har gewaarwurde, fielt har faak hiel deunby, tinkt him yn dat se yn elkoar opgeane, mar hy bliuwt allinnich. Ferstân (redenaasje) en gefoel (sensaasje) botse meielkoar. Uteinlik bliuwt er yndividu: ûndielber, iensum.

 

op ’e bank

ik gean op ’e bank sitten om mysels

te finen begjin mei oan mysels te

tinken myn liif en lea te fielen ik

begjin mysels te ûndergean ik fiel

dat ik libje mar tink dat ik dea bin

4. Struktuer

Piter Boersma is in dichter dy’t sûnt Under it twangjok (1988) in soad omtinken hat foar de foarm. Dat is mear as in foarkar foar technyk. It symbolisearret it himsels yn ’e stringen hâlden, syn driften en emoasjes behearskje mei de rede. Mar dan wol sa dat de ynderlike libbenskrêften fielber en sichtber bliuwe. Yn Bûten (2003) die er it mei sonnetten. De bining sit dêr sterk yn de foarm sels.

Yn dizze bondel besiket er dat ek wer. It ritueel is in leie. Dêr hearre lieding en stjoer by. Mar hjir stiet net elk gedicht op himsels, krektoarsom: elk gedicht ûntlient syn funksje oan it gehiel. De regelmaat, oarder, sit yn de opbou. Wy sjogge dat yn it oprinnend rigeltal fan de gedichten – no ja, gedichten… de teksten steane meastentiids net op harsels, mar rinne gewoan yn elkoar oer – lêstekens ûntbrekke. It is fral de blêdspegel dy’t oanjout dat it poëzy is. By wize fan titels stean der wat kearnwurden boppe. It earste gedicht hat fiif rigels, it twadde seis ensfh. oant it sechtjinde: tweintich rigels, wêrby’t de rigellingte dan ek nochris yn alle fersen útwreide wurdt. It effekt is dúdlik: in stap foar stap opboude klimaks, oant it net mear yn ’e hân te hâlden is en de dichter op ’e nij ynbine moat: noch twa kear begjint er mei fiif en einiget er mei tweintich, mar de lêste kear al oars: dan komt der struktuer binnen it gedicht sels en wurde ek de rigels regele. Twa trijerigeltsjes beslute de bondel: ‘ik 1’ en ‘ik 2’. Sjoch, seit de dichter: dit bliuwt der fan my oer. In nearzich ikje dat him dûst en oanklaait.

Oer de struktuer is dus goed neitocht. Wêr’t it om giet is oft dat úttinend en ynbinend ramt wúrket. En dat docht it foar my net echt. It bliuwt in manierke. De lange gedichten ferlieze oan yntinsiteit, wurde prozaysk. Refleksjeferslach ferfangt it belibjen. It wurdt wurdebrij.

 

5. Herhelling

In wichtich stylmiddel yn rituele teksten is de herhelling. Nim no it twadde gedichtsje:

 

alle dagen

 

ik romje de tafel

ôf ik lis it kleed der

oer ik set de stuollen

rjocht ik doch in stap te-

bek ik sjoch wat ik sa

moai fyn alle dagen

 

Yn seis rigels seis kear ‘ik’ mei in selde sinskonstruksje. Yn it folgjende gedicht fiif kear ‘dea’, in pear fierder sân kear ‘no’, noch twa fierder yn trettjin rigels ienentritich (!) kear ‘fan my’, ensfh. Faak funksjoneel, mar – krekt om’t it sa faak foarkomt – ek faak in keunstke. Mar ‘ik’ is it meast foarkommende wurdsje yn dizze bondel. Gjin fers kin der sûnder.

 

6. Deistich

Foar in ritueel is de ‘repetitio’ in betingst. Lykwols, en dat is myn haadkrityk op dizze bondel, it gehiel bliuwt my tefolle stykjen yn de bybetsjutting fan ritueel: it fêste patroan fan immens deistige dwaan en litten. Fansels, dêr sit dy herhelling ek yn bebakt, mar dan sûnder beswarring, sinjouwing of behearsking. Heechút foar de struktuer. It giet sa’t it giet.

Allinne yn in tal koartere en foarmfêstere fersen, benammen de eroatyske, lykas ‘it lichem de seks’ (34), ‘omgong’ (39) en ‘yn inoar’ (40), wurdt it gedicht boppe it ferslach úttild en krijt it taalgebrûk yn al syn ienfâld de hast magyske krêft dy’t wy fan dizze dichter kenne:

 

ik moat dy de moaiste fine

ja ik moat dyn klean dyn skuon dyn

hier hiel moai fine ja ik mei

dy net grou fine nee ik moat

fereale op dy wêze ja

ik moat dy fûl begeare ja

ik moat dy oanreitsje wolle

ja ik moat dy tútsje wolle

ja (…)

ensfh.

 

Tolve kear ‘ja’, tsien kear ‘ik moat’. In herhelling dy’t wurket. Mar sokke fersen komme my te min foar yn Ritueel. Dat Boersma de lêzer ynsjoch jout yn syn yntime bestean (of leaver: dat fan syn lyryske ik), benammen it gewoane, beheinde en nearzige dêrfan en hoe’t er dêrmei ompielt, mei ik nijsgjirrich fine en faak werkenber, mar dat is bysaak. As eksperimint mei it ynteressant wêze en ek alhiel fan dizze tiid, mar wat ik tefolle mis is ferdjipping. It benearjende isolemint troch it persoanlik bewustwêzen, it gefjocht om kontakt, it sykjen om sin – it wurdt wei yn de wurdefloed fan ferslachjouwing. Ik sjoch tefolle ‘reality’ en fiel te min ‘soul’. Miskien mis ik wol de omslach nei poëzy, sa’t Under it twangjok en It swurd út ’e stien dy al mear as tolve jier lyn wiermakken.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 5 (2006), 4 (maaie), s. 43-44.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.