Pieter Stellingwerf

ANTINE ZIJLSTRA – 

‘De minske is minder as in mol’
Dat seit Keimpe Jakkeles – alias de duvel – yn ‘Heksershol’, de nije foarstelling fan Sult neidat er by de poat naam is troch syn maat Gosse Knop. Sjoerd Bottema bewurke it folksferhaal fan Joast Hiddes Halbertsma foar toaniel. De foarstelling spilet op de heasolder fan in buorkerij by Molkwar, it plak dêr ’t it ferhaal spilet. Pieter Stellingwerf, artistyk lieder en ditkear ek akteur by Sult, it Súdwesthoeke Lokaasje Teater, fertelt der oer.

‘Wy woene al langer wat mei it Faust-motyf dwaan, mei de minske dy ‘t altyd mar mear wol; mear besit, mear kennis, mear macht en dy ’t him ferliede lit dêr oan ta te jaan. Doe ’t Sjoerd Bottema by ús kaam mei in toanielbewurking fan ‘It heksershol’ foel dat dan ek fuort op syn plak. Just ek omt it ferhaal út ‘e omjouwing fan Molkwar komt, út ‘e Súdwesthoeke, wat ús spylgebiet is. Joast Hiddes Halbertsma wurke wol yn in húske yn it Riisterbosk, dêr skreau er en djippe er ek ferhalen op. It oarspronklike ferhaal is hiel lang, it spilet him foar in part ek op Amelân ôf. Sjoerd Bottema hat yn syn bewurking it ferhaal yn Molkwar sintraal setten, it dêr ek op taspitst.’

‘It ferhaal draait om Gosse Knop, in earme sjarlatan dy ’t himsels ferhiert foar brulloften en partijen as imitator fan bistelûden. Gosse wol graach mear yn it libben, hy wol boer wurde en is ferlyfd is op de dochter fan in boerewiddo, dy ’t wennet op in pleats sûnder bisten, ark en reau. Hy moetet Keimpe Jakkeles, de duvel, dy ’t him wol helpe wol. Yn earste ynstânsje oan jild, letter ek oan ark en reau foar de buorkerij. Sa kin er de pleats toch krije en de dochter derby. Mar dan bedonderet Gosse de duvel en ferliest er bytsje by bytsje alles dat him dierber is. De fraach is lykwols wa ’t dêr ferantwurdlik foar is: Is dat de duvel? Is it God? Of hat Gosse Knop sels skuld oan de misêre dy ’t him oerkomt? Dat is de sintrale fraach fan it stik.’

‘Heksershol wurdt in fertelfoarstelling foar elkenien fan 12 jier ôf. In bytsje as it eartiidse ‘Winterjûnenocht, mar dan mei alle moderne teatrale middelen fan ús tiid: mei poppen,  hânkamera ’s en byldskermen en in technikus dy ’t lûden makket. De fiif akteurs fertelle net allinne, se spylje ek. Mar om ’t der soms groulike saken gebeure – der wurdt bygelyks in lyk opgroeven – ha we derfoar keazen om guon sênes mei help fan poppen te fisualisearjen. Dêrmei wolle wy de ferbyldingskrêft fan it publyk prikkelje en foarkomme dat it skokkend wurdt. It giet net om tradisjoniel poppespul, alle guod op de solder kin in ‘pop’ wurde, wy boartsje ek mei it idee dat de geast fan Gosse Knop noch oanwêzich is. Dêrneist sitte der lieten yn, moderne bewurkingen fan lieten út it Frysk Lietboek, dy ’t wichtige mominten yn it libben fan Gosse Knop illustrearje. Se wurde song troch in lyts koar, dat ek de stimmen dy ’t Knop heart, fertolkje.’

‘Heksershol wurdt makke troch in lytse kearn fan Sult, om ’t yn 2011 in grut spektakel op steapel stiet by Starum, dat dan 950 jier bestiet. Erik Hoekstra bewurket ‘Aldgilles’ fan Douwe Kalma dêrfoar. Wat Sult dêrnei docht, witte we noch net. It is saak dat der ferjonging komt, we wolle graach nije input. Takom’ jier sille we twa lytse projekten dwaan mei jonge regisseurs. It is lykwols dreech om jonge minsken te finen dy ‘t grutskalige projekten oandoare. Dêr komt noch by dat we minsken noadich ha dy ’t sterk binne yn spel èn yn foarm, wat toch in soarte fan hannelsmerk is fan Sult.’

‘Lokaasjeteater is net sa nij mear as it yn ‘e begjinjierren fan Sult wie, dat fernimst. Dêr komt by dat we ússels prikkeljen bliuwe wolle, altyd wer wat oars dwaan wolle. Dat falt net altyd like goed by it publyk. Al is elk jier itselde dwaan ek net de oplossing, dat sjochst ek om dy hinne. Jonge minsken de kâns jaan om foarstellingen te meitsjen, om te groeien en te besjen oft se in takomst sjogge yn it Fryske lokaasjeteater – by Sult of by in nij ynisjatyf – ,  dêr komt it neffens my op oan.’

 

Tekstfragmint: It stjerbêd fan widdo Wypk Tjommes
Dit tekstfragmint komt út it earste bedriuw fan ‘Heksershol’, de toanielbewurking fan Sjoerd Bottema. De widdo Wypk Tjommes stjert. De erfgenamten ferwachten in nust jild mar ha neat fûn. Der leit fertinking op de tsjinstfaam, Sjoukje Abes. Gosse Knop en syn maten Graanstra en Keimpe Jakkeles bringe har in besite om út te finen wêr’t de gouden aaien fan Wypk Tjommes bleaun binne. Gosse wit Sjoukje derta oer te heljen om op te skriuwen wêr’t muoike Wypk har kapitaal ferburgen hat.

 

Keamer yn it hûs fan Wypk Tjommes, Wypk leit as in deade op har stjerbêd. Keimpe Jakkeles, Graanstra en Gosse Knop steane ‘bûten de sêne’ en lêze om beurten foar wat Sjoukje skreaun hat.

Keimpe Jakkeles: Us frou, earm minske, is noch fan kjeld en honger mids al har jild omkommen. Hja wie sa benaud dat hja de ein net helje soe, dat der gjin turfke ôf koe om har in bytsje te waarmjen. Soms fandele se in mannich koalsblêden fan de rûchskerne, dêr’t se thús op omkôge.

Graanstra: Doe’t hja sa ferswakke dat hja bêdlegerich waard, hie se altiten it each op it ladekastke, dêr’t har weardepapieren yn leine, steatsobligaasjes, want om har jild by partikulieren út te setten, dat fertroude hja net.

Gosse Knop: Hja wie oan it lêste ta by har ferstân, mar it rûn al dagen tsjin ’e ein.

(it bewegingsleaze gesicht op it kessen fan it stjerbêd skuort ynienen de mûle iepen)

Wypk Tjommes: Sjoukje!

Sjoukje: Wat is der, frou?

Wypk Tjommes: Sjoukje, ik leau dat myn oere hast ferrûn is.

Sjoukje: Wolle jo in slokje wetter?

Wypk Tjommes: Ik haw dy noch wat te sizzen.

Sjoukje: Wat is dat, frou?

Wypk Tjommes: Do hast my lêsten frege om fjouwerhûndert gûne om de heit fan dyn feint te rêden, dy’t oars de doarwarder oan hûs kriget, en dan noch twahûndert gûne foar dyn feint om in hannel yn skieppefellen te begjinnen. Ik koe dat net dwaan, mar no haw ik jild. Ik sil dy dy seishûndert gûne lykwols net liene, mar jaan, op ien kondysje: datst my in eed swarst datst dwaan silst wat ik dy sis en datst dêr mei nimmen op de wrâld oer prate silst.

Keimpe Jakkeles: Doe’t ik dy eed dien hie, joech hja my de kaai fan it ladekastke om in sek gûnen te krijen, dy’t ik ûnder myn sneinske klean yn ’e kleankiste treau.

Graanstra: Doe liet hja my de tromp mei al har steatsobligaasjes krije.

Wypk Tjommes: Sjoukje! Sjoukje!

Sjoukje: Ja, frou?

Wypk Tjommes:  (it tromke mei de steatsobligaasjes hâldt hja stiif fêst) Dêr, Sjouk! Pas dêr op! Dêr sit de aap yn! Dêr moat gjinien fan myn erven mei syn kloeren oankomme. Lis dy ûnder myn holle as ik yn de deakiste lis.

Gosse Knop: Doe liet se my út in ferburgen hoekje fan it ladekastke noch in lyts seemlearen pûdtsje mei 25 goudene dukaten krije.

Wypk Tjommes: Jou my kâld wetter.

(de tsjinstfaam jout Wypk Tjommes in komkefol wetter; mei lytse swolchjes begjint Wypk Tjommes de goudstikken troch har strôte te wringen. Soms moat se kokhalzje, as har in goudstik yn de kiel stykjen bliuwt. It ljocht giet stadich út, yn it tsjuster hearre we Wypk Tjommes noch in skoftke kroanen en kokhalzjen en dan wurdt it stil. Dêrnei gloeie de ljochten stadichwei wer op)

Wypk Tjommes: Godtank! Dat is burgen, Sjouk. Dêr sille myn neven har de fingers net giel oan telle.

Keimpe Jakkeles:  Al dat slokwurk hie har sa ôfboale, dat hja al gau nei de siken begûn te gapjen. Der kaam in ôfgryslik grutte flearmûs mei swarte wjukken tsjin de finsterruten oan flodderjen; it boarst fan de frou begûn te ratteljen, en mei in tweintich tellen wie hja wei.

Graanstra: Sa is it gongen en net oars. Dat swar ik, Sjoukje Abes, by God ús Leaven Hear.

Gosse Knop: Trije dagen nei har dea ha wy de boerinne begroeven. Dat hja yn frede rêste mei.

Sjoukje har winsk, dat de boerinne yn frede rêste mei, komt ynearsten net folle fan terjochte. It omskot fan muoike Wypk wurdt opgroeven en iepensnien. Nei de fynst fan de gouden dukaten pisje de erfgenamten fan klearebare wille oer de kiste. Nei ôfrin fan it feestje wurdt de kiste op in dongwein laden, tegearre mei in húsketontsje dat noadich lege wurde moat. Muoike belânet ûndersteboppen yn it grêf. It húsketontsje wurdt yn sân hasten oer har leechkipere. Trije fersûpte katten, opbaggere út de jarresleat, wurde ek yn it grêf smiten en dan is it lêste wurd oan de deagraver: “‘Soarte by soarte,’ sei Jouke, ‘en tsjoenster by tsjoenster. Mei better selskip koe Wypkmuoi nea ûnder de kluten komme.’ Hy naam de lodde, pompte de kluten op de kiste, stampte it grêf ticht, en genacht wie it mei de âld faam.”

 

Joast Hiddes Halbertsma skreau It heksershol yn 1852. It is te finen yn de Rimen en Teltsjes, yn de ôfdieling Leed en wille fan de flotgerzen. Yn 1963 ferskynde in Nederlânske oersetting fan Theun de Vries by De Wereldbibliotheek. As harkboek is it te bestellen fia ynternet by Audiofrysk. Mear ynformaasje is te finen op www.theatergroepsult.nl.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 8 (2009) 7 (septimber) s. 30-33.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.