Pier en Pieter Pander, twa realisten yn ien klap

MINNE VELSTRA –  

Yn it Pier Pander Museum yn Ljouwert is oant 27 september in útstalling te sjen fan skilder Pieter Pander.

Foar dejingen dy’t noch nea yn it Pier Pander Museum yn ‘e Ljouwerter Prinsetún west ha en net bekend binne mei syn wurk, earst in koarte ynlieding. Byldhouwer Pier Pander (1864 – 1919) wie soan fan in earme Fryske skipper dy’t by guon rikelju sa bot opfoel troch syn houtsnijwurken, dat hja him yn de gelegenheid stelden om te studearen yn Amsterdam. Syn talint, sa die blikken, wie sa grut dat er al op 21-jierrige leeftyd de prestisjeuze ‘Prix de Rome’ foar byldhouwkeunst wûn, wêrnei’t er furoare makke yn Itaalje.

Yn Nederlân is Pier Pander benammen bekend fan it portret dat er fan keninginne Wilhelmina makke foar de ‘Nederlandse Munt’. Nei syn ferstjerren yn 1919 liet Pander al syn, meast marmeren bylden, nei oan de gemeente Ljouwert, ûnder de betingst dat der in museum foar ynrjochte wurde moast. Dat museum stiet no op twa plakken yn de Ljouwerter Prinsetún. Yn 1924 waard op it westlikste bolwurk in timpeltsje boud foar fiif fan syn moaiste bylden. En fiifentritich jier nei syn dea yn 1954 waard dêrnei it Pier Pander museum iepene mei syn folsleine kolleksje. It earste museum yn Nederlân dat oan ien keunstner wijd is.

 

It is krekt it grutte ferskil tusken Pier en Pieter dat dizze eksposysje noch nijsgjirrger makket.

 

Skilder Pieter Pander syn pake wie in folle neef fan de heit fan Pier. Pieter Pander (1962) is lykas Pier ek in realistysk keunster. Lykwols, it wurk fan de beide Panders is net te fergelykjen. Net allinnich om’t de ien byldhouwer wie en de oar skilderet, mar mear noch omdat de útgongspunten fan it wurk totaal ferskille. Wêr’t Pier de neidruk op de universele klassike skientme fan de minske leit, is it unike fan it individu ien fan de meast yn it each springende skaaimerken fan it wurk fan Pieter. Pieter fielt him dêrom op it mêd fan de keunst ek net besibbe oan Pier. Hy hat wurdearring foar it technyske aspekt, mar fynt it dêrtroch faak ek ôfstânlik en ’te moai’. Jo hoege mar nei it wurk fan Pieter te sjen om te begripen wat er dêrmei bedoeld. Dochs is it krekt it grutte ferskil tusken Pier en Pieter, dat dizze eksposysje noch nijsgjirrger makket.

De skilder Pieter Pander stiet bekend as ien fan de wichtichste eksponenten fan it saneamde ‘noardlik realisme’. Nei’t hy in jier oan de Akademie Vredeman de Vries yn Ljouwert lessen folge, stapte Pander oer nei Minerva yn Grins, om’t dêr mear mei de waarnimming wurke waard. Syn foarneamste learmaster wie Matthijs Röling, dy’t earder fan Amsterdam nei it noarden kaam wie om’t der yn it Amsterdam gjin romte mear wie foar realisme.

De jierren tachtich fan de foarige iuw stienen nammers bekend om it ekspiriminteel ekspresionisme. Figuratyf of abstrakt, elkenien wie keunstner neffens dizze streaming en benammen de persoanlike ekspressy telde mei. Tsjin de geast fan dy tiid foarme Pieter Pander himsels as realistysk skilder. Benammen syn portretten foelen op. Troch syn skynber losse toets liket it betiden as binne se op in neimiddei makke. Dochs leit der ûnder elk skilderij in opbou dy’t fanút in basale opset groeid is. “Wat maklik liket, is meastentiids it langst ûnderweis”, seit hy dêr sels oer. Nijsgjirrich om te witten, is dat minsken gauris skrikke as hja foar it earst harren portret sjogge. Neffens Pieter om’t it ynterpretaasjes binne en de sublimaasje fan lang observearjen. It is nea in momintopname. Syn ûnderwerp moat skynber earst troch syn hert foardat it oan it doek tabetroud wurde kin.

Der hingje achttjin wurken van Pieter Pander yn de efterste, beheinde romte fan it Pier Pander museum. Mar kinst der wol trije kear bydel en alle kearen wer nije details ûntdekke. Bygelyks yn de resint skildere amers mei ferve en in sopke sjochst pas nei goed sjen dat de blauwe haadkleur aksintuearre wurdt troch een tal readbrune spetters op de stoel dêr’t de amer op stiet. Sa set hy syn kleuren ûnder spanning, liket it. Ek it plak fan felle aksinten op de sobere grize ûndergrûn, lykas de giele bal fan de hûn of it reade knipperljocht by in spoaroergong, meitsje de komposysjes útdaagjend. En mei it gebrûk fan ferskate blauwen, lit hy de uterste behearsking fan it medium sjen.

Yn it midden fan de romte stiet in fitrine mei dêryn in pear sketsen fan Pieter. Ast dêr as lêste nei sjochst en op de weromreis nei de útgong ek de tekeningen fan âldomke Pier noch efkes yn dy opnimst, kinst de twa Panders dochs noch mei elkoar ferbine. Want tekenje kin se beide as de bêste!

 

De eksposysje is te sjen oantemei 27 septimber op sneon- en sneintemiddei fan 13.00 oant 17.00 oere. Sjoch ek ris op www.pieterpander.nl en www.pierpander.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.