Foto: Linus Harms
fotografy: Linus Harms

Alex Riemersma: in pedagogyske optimist

ATE GRIJPSTRA –

Hoe stiet it der op ’t heden foar mei it Frysk yn it ûnderwiis? Om in antwurd op dizze fraach te finen hat de Moanne in tal petearen plend mei minsken út it ûnderwiisfjild. Wy sette dy lytse rige artikels útein mei in ynterview mei dr. Alex Riemersma.

Alex Riemersma (Frjentsjer, 1953) hat fan 1978 ôf ferbûn west as dosint Nederlânsk en Frysk oan ferskate Pedagogyske Akademys, oan de Frije Universiteit Amsterdam en oan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert. By it lêstneamde ynstitút wurket er sûnt 1984 en hâldt er him benammen dwaande mei didaktyk en jeugdliteratuer; somtiden ek mei taalkunde.  Yn 1994 promovearre Riemersma oan de Katolike Universiteit Brabân, tegearre mei Sikko de Jong (doedestiids ynspekteur basisûnderwiis), op de dissertaasje ‘De beheersing van het Fries en het Nederlands aan het einde van de basisschool’. Fan 1986 oant 2007 wie er yn dieltiid beliedsmeiwurker by de provinsje Fryslân, benammen foar it Berie foar it Frysk en it Konsultatyf Orgaan foar it Europeesk Hânfest foar Regionale en Minderheidstalen. Sûnt 2007 is er tegearre mei Cor van der Meer ferantwurdlik foar it kennissintrum Mercator, dat ûnderdiel is fan de Fryske Akademy.

Op de fraach wêr’t Mercator him no krekt mei dwaande hâldt, antwurdet Riemersma: ‘It is in kennissintrum dat ûnderdiel is fan it Europeeske Mercator Network fan Ekspertise-sintra foar Meartaligens. Dat is in netwurk fan wittenskiplike ynstellings op it mêd fan minderheidstalen en ûnderwiis, media, wetjouwing en sosjale wittenskippen. Yn ’e mande mei ûndersyks- en dokumintaasjesintra yn Wales, Kataloanië, Hongarije en Sweden hâlde wy ús dwaande mei meartaligens en taallearen yn it algemien. It Mercator Research Centre yn Ljouwert bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa. Sa’n netwurk smyt netwurk yn it foarste plak op dat der systematysk neitocht wurdt oer meartalich ûnderwiis en oare aspekten fan meartaligens. It is net sa dat wy sels modellen fan ûnderwiis ûntwikkelje, mar wy sammelje, ferwurkje en ferspriede ynformaasje. Der wurdt sjoen nei kearndoelen, metoaden, learmiddels en toetsing.’

En wat betsjut dat allegear konkreet foar de ûnderwiispraktyk?
‘Wat de foarskoalske perioade oangiet, is Mercator lûker fan it Europeeske projekt Multilingual Early Language Transmission (MELT). Der wurdt in toolkit foar pjutteliedsters en opliedings  makke yn acht talen en teffens komt der foarljochtingsmateriaal foar âlden. De partners yn dit projekt binne Bretanje, Wales en Sweedsktalich Finlân.
Foar it basis- en it fuortset ûnderwiis hat de seksje Frysk fan de Vereniging van Leraren in Levende Talen yn gearwurking mei de Stichting Leerplan Ontwikkeling it Europeesk Referinsje Kader  foar de Fryske taal konkreet útwurke, yn can do-statements foar learlingen fan ferskillende leeftiden. Fierders ha wy ynbring yn it Europeeske Network of Schools en yn it Fryske Netwurk fan Trijetalige Basisskoallen.
Wat it heger ûnderwiis oanbelanget, is Mercator partner yn it Europeeske Netwurk fan Universiteiten mei in Learstoel foar Meartaligens (EUNoM). Dit jier, op 18 en 19 novimber, organisearret Mercator in seminar mei 60 oant 80 saakkundigen oer ûndersyk en universitêr ûnderwiis op it mêd fan meartaligens. Dêrneist jouwe wy stipe oan de Pabo’s by de opset fan de trijetalige stream, dy’t yn 2010 fan start giet.
Mercator set him dus yn foar de fersterking fan de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis, sadat de meartaligens fan de learlingen èn fan de learomjouwing yn it Europeesk perspektyf fanselssprekkender wurdt.’

Hoe kin dat berikt wurde?
‘Troch it Frysk sichtber te meitsjen yn skoallen, troch de Fryske taal konkreet te brûken en troch te befêstigjen dat talen lykweardich binne. De skoalle moat in taalkarakter útstrielje. It taalbelied moat yn it skoalbarren sterker yntegrearre wurde en benammen de ferplichte Fryske les moat net wat in fan bûten ôf opleine saak bliuwe , mar as folslein yntegrearre gegeven  in natuerlik plak krije op skoallen. Dat jildt trouwens foar alle talen; ek talen fan allochtoanen soenen in sichtber plak krije moatte, ek al komme se net fuortendaliks op de lessetabel. Skoallen soenen de frije romte yn it kurrikulum brûke kinne foar it útwreidzjen fan harren taaloanbod.
Om noch in praktykfoarbyld te neamen: okkerdeis wie ik op in skoalle dêr’t in Taaldoarp organisearre waard, wêrby’t learlingen yn ferskate real life sitewaasjes mei native speakers prate moasten en dêr ek in sifer foar krigen. Dat waard dien foar it Ingelsk, it Dútsk en it Frânsk, mar èk foar it Frysk. Troch sa’n inisjatyf beklammet sa’n skoalle de lykweardigens fan it Frysk oan oare talen.’

Mercator is ek belutsen by de Trijetalige Basisskoalle?
‘De Trijetalige Basisskoalle is in idee fan Jehannes Ytsma (1957-2005) fan de Fryske Akademy en it is yn de praktyk útwurke troch it Taalsintrum Frysk fan it GCO (no Cedin). It konsept is no algemien erkend, ek Europeesk wurdearre, en wurdt yn it provinsjaal belied as paradehynderke nei foaren skood. De fuortgong is wittenskiplik ûndersocht troch de Fryske Akademy en resultaten binne yndied posityf . It is de bedoeling dat 50 skoallen yn 2012 trijetalich binne, dat is 10% fan alle basisskoallen yn Fryslân. It konsept fan de trijetalige skoalle is dè grutte kâns foar Frysk as lykweardich fak èn fiertaal yn it basis- en fuortset ûnderwiis.’

En wêrom is dat dan dè grutte kâns foar it Frysk?

‘Omdat elkenien op ’t heden it belang fan it Ingelsk ynsjocht en it Frysk op dy positive taalhâlding meisurfe kin. It konsept hâldt yn dat de twataligens dy’t der al ìs yn Fryslân (Frysk en Nederlânsk) brûkt wurdt as in soarte fan tsjil om ta trijetaligens te kommen.
Sa as sein is de taalhâlding dêrby wichtich. Fan âlds wurdt it learen fan talen besjoen mei in ‘òf-òf-idee’. Of Nederlânsk, òf Frysk. Minsken tochten—en guon tinke dat noch altyd—dat it learen fan de iene taal te’n koste giet fan de oare taal. It blykt lykwols dat de taallearder wend is om tusken de talen te switchen en gebrûk te meitsjen fan besteande talekennis om in nije taal derby te learen; translingualism neame wy dat.
Yn de trijetalige skoalle wurdt it ‘òf-òf-idee’ ferfongen troch it ‘èn-èn-konsept’. Learlingen wienen al wend om it Frysk en it Nederlânsk ôf te wikseljen en dêr komt no it Ingelsk by. Mei in systematyske oanpak en goede didaktyk kin dat ek skoan ta goede taalresultaten liede.
Wat op it stuit noch frustrearjend foar de trijetalige learlingen is, is de oansluting op it fuortset ûnderwiis. Dêr is de ynstream fan basisskoallen sà differinsjearre, dat der yn de praktyk wer op in basaal nivo ynset wurdt. De earstfolgjende stap sil dan ek de oansluting by it Trijetalich Fuortset Underwiis wurde. Dat freget nammers ek ekstra ynspanning fan de learaarsopliedings.
De útdaging foar it trijetalich ûnderwiis sit him dus yn de trochgeande learline, mar ek yn it útbouwen fan de besteande skoallen foar ‘tweetalig onderwijs’ (mei Frysk allinnich as fak) ta skoallen foar meartalich ûnderwiis mei Frysk (en ek graach Dútsk, eventueel Frânsk en Spaansk) yntegrearre yn it ûnderwiis. Dy útdaging freget in Europeesk perspektyf – Frysk is net oars as Baskysk, Bretonsk, Katalaansk, Welsk.’

Mar der binne dochs ek wol ferskillen tusken dy minderheidstalen oan te wizen, benammen wat de sosjale kontekst oanbelanget?

‘Jawis. Ut Europeesk perspektyf wei besjoen is de posysje fan it Frysk net sterk: Baskysk en Welsk en Katalaansk binne sûnder mear folle sterker, mei tank oan de desintralisearre bestjoersstruktuer fan Spanje en it Feriene Keninkryk èn regionale oerheden mei in sterk taalbelied. Oan de oare kant: Bretonsk, Oksitaansk (Frankryk), Friûlysk (Italië) en Sorbysk (Dútslân), mar ek Kasjûbysk (Poalen) binne swakker; dat hat hieltyd te krijen mei sintralistyske bestjoerstendinzen en tradysjes (Frankryk) en taalwil (Italië). Yn 1980 waard by ús it Frysk as fak foar alle learlingen yn it basisûnderwiis ferplichte. Sterk punt fan de ynfiering fan dy ferplichting is de fersterking fan de hâlding dat it Frysk en de Fryske kultuer fan ús allegearre is – net allinnich fan de Frysk-as-memmetaalpraters.
In sterk punt is ek de formele lykweardigens yn de kearndoelen. Mar de feitlike posysje yn it skoalbarren is marzjinaal. Dêr is dan ek frijwat krityk op fan de kant fan de Ried fan Europa. De feitlike tiid dy’t der op it stuit oan it fak Frysk bestege wurdt yn it basisûnderwiis (likernôch in oere yn de wike) is ûnbegryplik foar it bûtenlân. Wy ha wol foarskreaune kearndoelen, mar gjin tiidtabellen. Neffens de Ried fan Europa soe seis oeren yn de wike minimaal needsaaklik wêze, sa’t dat bygelyks yn in Baskysk ûnderwiismodel it gefal is.
In oare swakte fan it Frysk is it aspekt fan de taalwil: it taalbewustwêzen fan de measte taalbrûkers (learlingen, âlden, learkrêften, direksjes) is rjochte op it mûnling taalgebrûk yn de ynformele sfear en net sasear op formeel taalgebrûk yn de domeinen fan kultuer en iepenbier libben, media en ekonomysk libben. It mei dan sa wêze dat it Frysk de community language is, dat wol sizze de ‘gewoane’ taal fan de measte Friezen, mar de slach nei it brûken as kultuertaal en it skriftlike taalgebrûk wurdt faak net makke, omdat dêrfan it ekonomyske belang net bewust ûnderfûn wurdt. Dat neam ik de dialekt-hâlding tsjinoer it Frysk. Yn de praktyk is it sa dat it Frysk allinnich mûnling as memmetaal funksjonearret; yn it ûnderwiis foar lês- en benammen skriuwfeardigens funksjonearret it as in Moderne Frjemde Taal.’

Mar as minsken it ekonomysk belang net sjogge , soenen je dan net úthâlde kinne dat der yn Fryslân sprake is fan in oplizzerich taalbelied?
‘Nee, yn de praktyk is jùst it tsjinoerstelde it gefal. Der wurdt hieltyd socht om in konsensus; der wurdt net gau wat fan minsken ferge. En omdat it belied net eksplisyt genôch is, is it net helder foar skoallen en learlingen en jout dat harren dus de gelegenheid om har fan de ferplichting ta it Frysk ôf te meitsjen.’

Is it net sa dat de ferplichting jùst in dúdlik teken is fan it feit dat de taal faai stiet? Minsken sitte blykber net te wachtsjen op al dat Fryske gedoch…
‘Ja, sa kinst der yndie tsjinoan sjen. Ik bin as dosint Frysk wolris mei dat stânpunt konfrontearre. Mar myn antwurd is dan: wat soe der mei de Nederlânske taal barre as it net in ferplichte skoalfak wie? Dêr komt by dat it Frysk, krekt as it Nederlânsk, fanâlds hiem is yn in in beskaat territoarium mei in beskate bestjoerlike kracht. It is goed te begripen, dat it iepenbier bestjoer fan in bepaald gebiet taal- en kultuerbelied fiert om de ienheid fan it gebiet te bestindigjen.’

Gearfetsjend: hoe stiet it der nei jo miening op ’t heden foar mei it fak Frysk yn it ûnderwiis?

‘Ik bin in pedagogyske optimist, dat by my is it glês altyd healfol! Ik sjoch de posysje en de ynhâld fan it Frysk yn it ûnderwiis yn in lang histoarysk perspektyf en ek yn in Europeesk perspektyf fan minderheidstalen. De kwalitatyf wichtichste ûntjouwings binne fuortkommen út eigen Frysk inisjatyf en dan neam ik as foarbyld de dwerse Wike Zylstra (1946) en de proefskoallen (1950), dy’t mei ûnder ynfloed fan Kneppelfreed (1951) laten ta de ynfiering fan twatalich basisûnderwiis yn de ûnderbou (1955) en úteinlik ta de ferplichting yn it basisûnderwiis (1980) en yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis (1993).
Der bliuwt fansels noch in soad te winskjen oer. Nederlân hat, as braafste jonkje fan de klasse,  it Hânfest foar Regionale en Minderheidstalen wol ûndertekene en ratifisearre, mar dat is yn de praktyk noch te folle in papieren tiger bleaun. Wat ymplemintaasje, systematyske oanpak en bestjoerswil oangiet, is in lân as Dútslân bygelyks fierder as dat wy binne. Us ryksoerheid opteart foar in ynskewielbelied  wat it Frysk oanbelanget en wol allinnich mar it belied dat der al is hanthavenje en kodifisearje. De ryksoerheid wol net meiwurkje oan in programma om it Frysk út te bouwen ta in lykweardige posysje mei it Nederlânsk.
Yn de skoalsitewaasje soe ik graach sjen dat der in evenwichtich útwurke belied komt foar it brûken fan it Ingelsk en it Frysk by de oare fakken. Der is noch te folle in systeemskieding. Foar de langere termyn (sis mar yn in perioade fan tweintich jier, want soks kostet tiid) moatte wy tawurkje op folle mear yntegrearre taal- en fakûnderwiis. Konkreet moat der op skoallen mear oan learning by doing in immersion dien wurde. De learling ûnderdompelje yn de taal, dus. Dan sprekt it ek foar himsels dat yn it leslokaal de doeltaal de fiertaal wêze moat.
Dêrneist hat it altyd myn foarkar west dat de dosint Frysk ek in oar fakgebiet behearsket en fersoarget, dat hy of sy foar dy fakgebieten ek it adekwate foech hat en troch neiskoalling bybliuwt.
As lêste stean ik posityf tsjinoer de ûntwikkelings op it mêd fan ICT, omdat troch ICT-tapassing de learling selsstanniger wurkje kin yn eigen tempo. ICT skept tagelyk de mooglikheid om lear- en wurkkontakten te hawwen mei learlingen op oare plakken op de wrâld, benammen yn it fuortset ûnderwiis. Fansels is yn it tinken fan de measte minsken ICT anneks mei it Ingelsk as fiertaal, mar wrâldwiid is dat al helte minder it gefal as tsien jier ferlyn en boppedat is it de útdaging om wrâldwiid de goede kontakten te sykjen; mei ynternet kin men yn alle talen wol kommunisearje. Dêr is it konsept fan Edufrysk ek hiel geskikt foar. Der is noch ien grut foardiel fan ICT-tapassing foar it Frysk: op in fanselssprekkende wize wurdt Frysk brûkt as skriftlike taal.’

Comments
Ien reaksje oan “Alex Riemersma: in pedagogyske optimist”

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.