Persoanlike oantinkens by fjirtich jier Tryater

TRYNTSJE VAN DER ZEE-DE BOER –

 

De seal is lekker fol.

Ik ha in plakje oan ‘e sydkant. Treft net; ‘k ha wat lêst fan ‘e nekke.

It ljocht dôvet, de seal falt stil.

Muzyk. Toanielljocht komt stadich yn. It begjint.

Foar de safolste kear fiel ik my as in bern op sinteklaasjûn.

Goed twa oeren letter. De seal ûntlaadt him yn applaus. Ik klap entûsjast mei.

Underweis nei hûs realisearje ik my ynienen dat myn pine yn ‘e nekke oer is…

De magy fan it teater?

 

Fjirtich jier Tryater. En ik wie der by. Al dy jierren. Al dy produksjes – mei útsûndering fan dy op Oerol – yn dy fjirtich jier ha ik sjoen. Sterker, ik ha ek dyselden sjoen dy’t letter as foarskiednis fan Tryater te boek steld binne.

Ik ha se net teld, mar it moatte wol sa’n hûnderttweintich titels wêze. In grut tal dêrfan ha ‘k sels faker as ien kear sjoen, guon wol oant fiif kear ta. Dêrneist ha ‘k fan sechstich it repetysjeproses mear of minder yntinsyf meimakke. Myn libben hat dus wol foar in grut part yn it teken stien fan toaniel. Want mei Tryater hold it net op. Ek it amateurtoaniel yn ‘e provinsje en it Nederlânsktalich beropstoaniel hie en hat myn ynteresse.

De bewûndering waard noch grutter doe’t ik gelegenheid krige om achter de skermen te sjen en dy minsken ‘út it ferhaal’ yn it écht te sjen: hiele gewoane minsken, dy’t samar yn en út in rol stapten…

Myn bemuoienis mei Tryater wie nochal ûngelyk. Earst wie ik in nijsgjirrige bûtensteander, letter stie ik der mei de noas boppe-op, neist myn oare helte Pyt van der Zee, dy’t oan ‘e widze stien hie fan it jonge selskip en dêr letter fiif jier lieding oan jaan mocht, en ik waard séls meiwurker. En dat bin ik noch, mar dan as freelancer. Dat lêste hâldt yn, dat ik sawat alle seizoenen in stik foar Tryater oerset en dat ik geregeld korreksjewurk en oersettingen fersoargje fan publisiteits- en oar ynformaasjemateriaal. Plus dat ik al dy tiid fansels publyk wie en noch bin.

It begûn by my gewoan út nijsgjirrigens. Opgroeid yn in Frysksinnige húshâlding mei belangstelling foar literatuer en kultuer. Net dat toaniel dêr per definysje by hearde, mar as it Frysk wie kaam it wol yn ‘e beneaming. En dat wie oan my wol bestege. As puber seach ik foar it earst ‘écht’ toaniel: de Biltfriezen, mei (moralistyske) stikken fan Thys Polstra oer de skoalstriid en sa. Ik wie djip ûnder de yndruk; al soe ik der no nei alle gedachten hiel oars oer tinke. Mar doe! Ik wist amper wat toaniel wie. Ik hold o sa fan lêzen, mar no kaam in ferhaal ta libben. En dy kostúms! De bewûndering waard noch grutter doe’t ik gelegenheid krige om achter de skermen te sjen en dy minsken ‘út it ferhaal’ yn it écht te sjen: hiele gewoane minsken, dy’t samar yn en út in rol stapten… It sil dúdlik wêze: de kym fan myn lettere passy wie lein. Dat, doe’t der letter by ús op it doarp in toanielploech oprjochte waard, koe dy op myn ynbring rekkenje.

 

Wrâldrepertoire

De ûnderfining by dat doarpstoaniel, al hie dat net it measte om ‘e hakken, makke my allinne mar nijsgjirriger. Doe’t him begjin sechstiger jierren dan ek de kâns foardie om Frysktalich ‘semy-beropstoaniel’ te sjen op de nijjierskongressen fan it Frysk Nasionael Boun, liet ik my dy net ûntkomme. Sa kaam ik yn ‘e kunde mei stikken út it wrâldrepertoire: In slet fan tsien dollar (Jean Paul Sartre), Omsjen yn Lulkens (John Osborne) en It Prielbêd (Jan de Hartog). Der gie in wrâld foar my iepen. Dat der sokke stikken skreaun wiene en dat der sá spile wurde koe. Prachtich!

Fansels is it Tryater út dy earste jierren net te fergelykjen mei wat it selskip no prestearret.

Dat ik dêrmei tsjûge wie fan de foarskiednis fan in echt beropstoanielselskip, Frysktalich noch wol, dêrfan hie ik gjin idee. Lit stean dat it yn my opkaam dat myn lettere libben foar in wichtich part mei bepaald wurde soe troch it wol en wee fan datselde selskip.

Lykas Bouke Oldenhof yn it haadstik ‘De Opmaat’ yn it jubileumboek Tryater 1965 – 1990 beskriuwt, wie de oprjochting fan de Fryske Toaniel Stifting in gefolch fan it sukses fan dy bysûndere opfieringen fan it Frysk Nasionael Boun. Trije jier nei de Slet al wie de earste útfiering te sjen fan de Toaniel Stifting, dy’t letter de namme Tryater krije soe. As ik dat boek fan Oldenhof trochblêdzje en de titels fan dy earste fiifentweintich jier wer ûnder eagen krij, tûmelje de bylden fan al dat moais my wer oer it netflues. Wat hát Tryater wat sjen litten al dy jierren. Hoewol’t der earlik sein ek stikken by binne dêr’t my neat oars fan bybleaun is as de titel.

Fansels is it Tryater út dy earste jierren net te fergelykjen mei wat it selskip no prestearret. Likegoed kin men bewûndering ha foar de minsken fan de earste oere foar wat se mei beheinde middels en ûnder behyplike omstannichheden allegear wol net foar mekoar krige ha. En sûnder dat fûnemint hie Tryater noait útgroeie kinnen ta wat it no is. Dy ûntwikkeling jildt sawol de artistike kant fan Tryater as de bedriuwskant. En fansels hinget it iene mei it oare gear. Ik ha in grut part fan dy ûntwikkeling fan binnenút meimakke. De artistike ûntjouwing, dêr gean ik hjir net fierder op yn; dat lit ik oan dramaturgen oer. Lykwols, dat dy ûntjouwing fertuten die wat de kwaliteit fan de foarstellingen oangiet, dat wie foar elke leafhawwer waarnimber.

 

Bedriuw

Tryater is uteraard yn ’t foarste plak bekend troch wat it nei bûten bringt: de foarstellingen. Dat der foar dy foarstellingen repetearre wurde moat, seit himsels. Dat der lykwols in hiel bedriuw dwaande is om dat proses mooglik te meitsjen en ‘it produkt’ oan ‘e man/frou te bringen, dêr wurdt miskien minder by stilstien. Dêrom woe ik it dêr no ris oer ha.

De komst fan Thom van der Goot en fuortdêrnei it yn gebrûk nimmen fan in eigen gebou, betsjutte echt in nije start, benammen foar Tryater as bedriuw.

Fan 1976 oant mids 1995 wie ik by Tryater yn tsjinst. Op kantoar. Sadwaande ha ik in grut part fan de ûntjouwing fan it ‘bedriuw Tryater’ meimakke. It begûn hiel ienfâldich, suver hast húslik, al koe it der ek yn dy tiid hektysk omweigean. Ek al om’t der mar in pear minsken wiene dy’t alles dwaan moasten. Ik ha dan ek de meast útinoar rinnende putsjes dien, fan postsegels plakke oant programteksten skriuwe, fan rekwisiten sammelje oant gearkomste- en jierferslaggen meitsje en fierders alle mooglike kerweikes dy’t mar op myn paad kamen. Myn haadtaak yn de earste twa jier bestie út it byhâlden fan de administrative rompslomp dy’t gearhong mei de twajierrige toanieloplieding dy’t myn man, sûnt in healjier algemien lieder fan Tryater, doe opset hat en dêr’t ik him by holpen hie, al wie ik doe noch net by Tryater yn tsjinst. Dat Frysk doe myn wurktaal waard, wie nei in bestean as sosjaal amtner mei allinne skriuwûnderfining op it mêd fan Nederlânsktalige amtlike rapporten, in hiele feroaring. Mar wol in oangename, wat my oangiet. Mar dat sa sydlings.

Dat Pyt yn 1980 mei pensjoen gie, hold foar my uteraard in grutte feroaring yn. Mar mei syn opfolger Thom van der Goot koe ik it ek skoan fine. Der feroare lykwols folle mear. Tryater krige in eigen gebou. Dat wie in segen. Einlings wiene we fan dy fersnipeling ôf, dat de iene hjir oan it wurk wie en de oare dêr. De komst fan Thom van der Goot en fuortdêrnei it yn gebrûk nimmen fan in eigen gebou, betsjutte echt in nije start, benammen foar Tryater as bedriuw. Nei in tiid fan idealistysk opbouwen út it neat wei, wie it no ta oan útbou en groei. Dêr hat Thom geweldich yn ynvestearre. Hy wie artistyk lieder, mar hie ek in treflik saaklik ynsjoch en koe tige goed organisearje. Tryater waard sadwaande in hieltyd better rinnend bedriuw. Ek al mei om’t de finansjele situaasje folle better waard – wat hie dat net in striid west dy foargeande jierren – sadat it personielsbestân útwreide wurde koe. De taken waarden spesifiker ferdield en ek myn taak waard dúdliker ôfbeakene. Ik mocht dwaan dêr’t ik my it meast thús yn fielde: it fersoargjen fan de publisiteit. Ik siet sadwaande boppe op it produksjeproses, wat ik altyd prachtich fûn ha. Ik moast my ferdjipje yn de te spyljen stikken en de skriuwers dêrfan, hie petearen mei regisseurs, dekor- en kostúmûntwerpers en inkeldris – as der in hjoeddeisk stik spile waard – mei de skriuwer, en mocht dêr dan oer skriuwe om it publyk op te waarmjen. Foarsafier’t ik noch gjin passy hie foar toaniel en taal, ha ‘k dy doe wol skipe.

 

Ofwikseljend

It moaie fan it wurkjen by in bedriuw as Tryater is de ôfwikseling, nettsjinsteande it feit dat der ek ferfelende putsjes dien wurde moatte. Ek it kontakt mei publyk en mediafertsjintwurdigers spruts my oan. Fierders dat je sa’n protte minsken kennen leare: regisseurs, dekor- en kostúmûntwerpers, hieltyd wer nije gastspilers, en last but not least, om ‘e safolle tiid in nije lieding, en elk komt mei nije en oare ideeën. Ferfele of op rûtine driuwe is der net by.

Elkenien binnen it selskip, artistyk, saaklik en administratyf meiwurker, hat der alle kearen lêst fan: premiêrekoarts.

Wat dy lieding oanbelanget, ik ha fiif artistike en fjouwer saaklike bazen ‘fersliten’. Allegear hiel ferskillende persoanlikheden en fan allegear ha ‘k in protte leard. Mar it measte fansels fan myn earste baas: Pyt van der Zee. Dy wie ek myn learmaster bûten wurktiid en nei syn Tryatertiid. We ha ús tegearre talein op it oersetten fan toanielstikken en hy hat my oanmoedige dêr foaral mei troch te gean. Dêr ha ‘k noch alle dagen wille fan.

It moaiste, en tagelyk it spannendste fan in baan by Tryater: de premiêres. Elkenien binnen it selskip, artistyk, saaklik en administratyf meiwurker, hat der alle kearen lêst fan: premiêrekoarts. Dêrnei falt elk foar even yn ‘e lijte, ferromme fanwege de goede ûntfangst of just teloarsteld as dy minder goed wie – om oer resinsjetrauma’s mar net te praten – en dan is it al wer gau de mouwen opstrûpe foar it folgjende produksjeproses. Dat giet sa troch, trije kear yn ’t seizoen in reguliere produksje, mei dêrneist de noadige jeugd-, berne- en/of ad hoc-produksjes.

De ôfdieling publisiteit is mei alderhanne produksjes tagelyk dwaande. Ik wit noch wol dat ik faak it gefoel hie dat ik mei trije fuotten yn ien hoas siet. Ik hie it drok mei de (trije of mear) produksjes yn it rinnende seizoen, wie tagelyk dwaande mei de tarieding foar it kommende, en moast tusken de bedriuwen troch ek noch in jierferslach gearstalle oer it jier dat krekt foarby wie; de jierlikse ferplichting foar de subsydzjejouwer oer. Net it meast oantreklike putsje, mar it hearde der wol by.

 

Frysk

Sjoen myn fakgebiet kin ik it net litte in wurdmannich te wijen oan de taal by Tryater. It Frysk dus. Ien fan de driuwfearren fan de fiif idealisten om yn 1965 nei de notaris te stappen om de stiftingsakte opmeitsje te litten. Se telden dêr elk – út eigen bûse – tweintich gûne foar del. Dy ‘som van eenhonderd gulden’ wie bedoeld as startkaptaal fan de nije stifting.

Wie dat noadich, in Frysktalich beropsselskip? Ja, fûnen dy fiif fan doe. En yn de ôfrûne fjirtich jier hat wol bliken dien dat Fryslân dat ek fynt. Tryater spilet rûnom yn de provinsje, foar jong en âld, yn doarp en stêd, yn skouboarch en skoalle, yn doarpshûs en op lokaasje. Faak foar minsken dy’t noait oar beropstoaniel sjogge. Dat komt neffens my troch it Frysk. Sa’n stik komt dan better oan, sûnder filters, sil ‘k mar sizze. Dêrneist binne der ek in protte minsken dy’t just troch Tryater de wei fûn ha nei skouboarch of doarpshûs om ek oar toaniel en/of oare poadiumkeunsten te sjen.

By Tryater binne we der altyd fan útgien dat ’taalbefoardering’ net ta de taak fan it selskip heart.

Dêrby hat Tryater ek fan ynfloed west op it amateurtoaniel. Wêr oars yn ús lân binne safolle amateurs sá warber as yn Fryslân? Dy kwantiteit wie der altyd al, mar ek de kwaliteit dêrfan is de lêste jierren mei sprongen omheech gien. Tink ek mar ris oan it hieltyd groeiend tal iepenloftspullen yn ‘e provinsje. Lit it iene in wat heger peil berikke as it oare, de measten dogge der o sa’n flyt op. Ek technysk sjoen wurde der knappe prestaasjes levere.

Dat is mei te tankjen oan de oerdracht fan kennis en kundigens fan guon Tryaterminsken oan lear-hongerige amateurs, mar ek oan de ynfloed dy’t der yn syn algemienheid fan Tryater útgiet. De tanimmende fraach nei en it oanbod yn ien of oare teateroplieding stiet dêr ek net los fan, tink ik.

Dan it taalgebrûk sels. By Tryater binne we der altyd fan útgien dat ’taalbefoardering’ net ta de taak fan it selskip heart. Dat it yn ’t geunstichste gefal dy útwurking hat, is moai meinommen, mar doel is en bliuwt kwalitatyf goed toaniel sjen litte. It Frysk is dêrby net mear (mar ek net minder) as in ferfiermiddel. En dat ferfiermiddel moat doge. Wa’t privee yn in sloopauto omride wol, moat dat sels witte, mar in profesjonele ferfierder moat soargje foar goed reau. By Tryater giet it dan om de taal op ‘e planken en dy op papier: korrespondinsje, beliedsstikken en publisiteitsmateriaal. Oan dy op ‘e planken moat men oare easken stelle as oan dy op papier, nei myn betinken. By oarspronklik Frysk toaniel is dat oan ‘e skriuwer, yn oare gefallen oan de oersetter. By it oersetten fan toanielteksten kies ik makliker foar in grisseltsje minder geef as by teksten dy’t inkeld om te lêzen binne. Toaniel oersette hat syn eigen wetten, dêr’t ik hjir fierder net op yngean, op ien punt nei: toanieltaal moat neffens my – mei as útgongspunt de styl en bedoeling fan de skriuwer – ticht by de sprektaal lizze, moat gjin argewaasje oproppe (alteast net om de taal op himsels), noch om’t dy ’te geef’ is, noch om’t dy sleau of krûm is. En net al te útwrydsk (of it soe dy funksje ha moatte yn it stik); dat liedt allinne mar ôf fan de ynhâld, de bedoeling. Sa sjoch ik myn ferantwurdlikheid as oersetter en sa ha ik by Tryater altyd wurkje kinnen.

 

De produksjes

Foar in totaaloersjoch fan alle Tryaterproduksjes is dit net it plak. Dêr binne jierferslaggen foar en wa wit, in ferfolch op Oldenhof syn jubileumboek (as Tryater 50 jier bestiet?).

Likegoed kin ik der fanwege de nostalgy fan it momint net omhinne titels te neamen. Sadwaande in ‘persoanlike top 40’ (sjoch kader).

 

Persoanlike Top 40

yn gronologyske folchoarder

 

  1. In breid yn ‘e moarn (1966)
  2. Geskaei om ‘e kaei (1971)
  3. It wurd (1974)
  4. De fûke (1977)
  5. Thús ( 1978)
  6. Roel de Robot (1979)
  7. Simson (1980)
  8. Frou Minske (1980)
  9. De triljende ierde (1983)
  10. Himmel waar hjoed (1984)
  11. Freed/Vrijdag (1985)
  12. In dei út it libben fan in deade mosk (1985)
  13. Dreame by midsimmernacht (1985)
  14. De kontrabas (1985)
  15. Equus (1985)
  16. It lân dêr’t alles oars is (1987)
  17. Romeo en Julietta (1987)
  18. Achter de tobbe (1988)
  19. Gust (1990)
  20. Mephisto (1990)
  21. De ûndergong fan Fryslân (1991)
  22. Prins Moreo (1991)
  23. Finzen yn fantasy (1991)
  24. It kersehôf (1993)
  25. De dea en it famke (1993)
  26. Andorra (1994)
  27. De mieu (1995)
  28. Nely Vriezema (1995)
  29. It pronkje fan Ierlân (1997)
  30. De dea fan in hannelsreizger (1998)
  31. Orfeo Aqua (2000)
  32. De gebedsgenêzer (2000)
  33. Ronja de Rôversdochter (2000)
  34. Medea (2001)
  35. In kening fan neat (2001)
  36. Baarderlân (2002)
  37. It mirakel fan Hansje Brinker (2003)
  38. Van den vos Reinaerde/Fan Rein de foks (2003)
  39. It eksperimint fan de hear Borgers (2004)
  40. Rolling Home (2004)

 

 

Doe’t ik oan dit listje begûn, kaam ik samar op folle mear as fjirtich memorabele produksjes. Ik hie mysels lykwols oplein om my oan dat tal te hâlden. Sadwaande. Oer al dy stikken soe in soad te fertellen wêze. Ik behein my hjir lykwols ta in koart kommentaar op in pear titels.

 

–       Dreame by midsimmernacht, Shakespeare. Thom van der Goot syn Frysk Festival-produksje. Prachtich foarmjûn yn in grutte setting (nij foar Tryater) en foar it earst sûnt de sechstiger jierren dat Pyt wer ris op ‘e planken stie.

–       Mephisto, nei it boek fan Klaus Mann. De útsetter fan Guido Wevers en wat my oanbelanget syn masterstik. In gegeven dat noch altyd oansprekt, prachtich foarmjûn, op twa poadia.

–       Finzen yn fantasy, in Ayckbourn yn ‘e regy fan Peter te Nuyl. Te Nuyl hie de namme fan ‘dreech’, mar dizze nijsgjirrige komeedzje waard in regelrjocht (kas)sukses.

–       Andorra, fan Frisch. In yndrukwekkend stik en in prachtige foarstelling. De earste ûnder regy fan de lettere artistyk lieder Jos Thie. In man mei ûnthjit doe… en dat hat er letter mear as wiermakke.

–       De dea fan in hannelsreizger, fan Arthur Miller. De op ien nei lêste oersetting fan Pyt en my tegearre, en de earste dêr’t er sels de útfiering net fan sjoen hat. Yn ‘e iere moarn fan de langste dei yn it trijentritichste jier fan it Tryaterbestean foel foar him it doek.

–       Orfeo Aqua, de Frysk Festival-produksje 2000. In opera op it wetter by ’t opkommen fan de sinne. Ien fan de spraakmakers fan de lêste jierren. Alle spektakels fan Jos Thie wiene bysûnder. Se steane net allegear yn myn listje, om’t dy hast altyd al neamd wurde as it oer Tryater giet. Dizze ha ‘k opnommen as íen foar allegear. En dizze wie wol híél apart: de lokaasje, de tiid fan de dei, de freeslik knappe technyske effekten, en fansels de moaie muzyk en sang en de bysûndere solisten.

–       Rolling Home, in monolooch fan en brocht troch Klaasje Postma. Regy: Hans Man in ’t Veld. In ‘lytse’ produksje yn ienfâldige setting, mar net minder yndrukwekkend en spraakmeitsjend as it grutste spektakel.

 

It listje oereidzjend sjoch ik bylden foar my fan prachtich aktearwurk, mar ek op technysk mêd wurde der hieltyd gruttere prestaasjes levere. Yn letterlike sin (de technyk stiet foar neat), mar ek wat mankrêft en -kreativiteit oangiet. Tryater hat op dat gebiet grutte artysten yn ‘e hûs, en wit foar elke nije útdaging wol ien te finen dy’t mei in kreative oplossing komt. Datselde jildt foar de artistike foarmjouwing lykas toanielbyld en kostumearring. Ek op dat mêd soarget Tryater de lêste jierren foar de iene ferrassing nei de oare. Koartsein, de fjirtichjierrige jubilaris is yn ‘e glâns fan syn libben en kin noch jierren mei.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 4 (2005) 7 (septimber) s. 4-9.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.