Film ‘O’ Sanne Hiddema nominearre

De seleksje foar de Noordelijk amateur Film Festival is bekend en de film ‘O’ dy’t Sanne Hiddema makke foar it Alfabet Projekt fan de Moanne is nominearre! Lokwinske Sanne! Oer de film ‘O’: de foarm en it lûd fan de letter ‘O’ binne byinoar brocht yn in live-performance bassearre op ymprovisaasje. Konsept, rezjy en produksje: […]

Tits & hits

Achte hear Collier, Gatferdamme, wat baalde ik fan myn eigen ergernis, doe’t ik de bylden seach fan jo keunstprojekt ‘Koeien in de wei’. Dêr wie ‘k dochs echt eefkes benaud dat ik stikem preutser bin as tocht. Of dat ik sa pornofisearre bin dat ik by in bleatprojekt allinnich noch mar ferliedlik longerjende froulju sjen wol. […]

Ernst Bruinsma yn Op en út

Dizze boeken bespruts Ernst Bruinsma yn it programma ‘Op en út’. Diskear mei Gurbe Doustra live fanút de Blokhuispoort yn Ljouwert. – Durk van der Ploeg, ‘Oer atlantyske djipten’, Friese Pers Boekerij. Boek fan ‘e moanne septimber en oktober – Jan Schokker, ‘Tichtby’, plysjeroman. Elikser, Ljouwert 2015 – Inge Schilperoord, ‘Muidhond’. Uitgeverij Podium, Amsterdam 2015 […]

Bertels parttime, Van Erve fulltime by Kulturele Haadstêd

MONIQUE FLINKER –  It is noch gjin 2018, mar de tiid hâldt gjin skoft. Dus moat ek de organisaasje fan Kulturele Haadstêd bybliuwe. Dizze simmer soe artistyk direkteur Lieven Bertels oan it wurk yn Ljouwert, mar dat wurdt wat letter. Om mear sponsoaren te lûken is yntusken Jan van Erve binnenhelle. Artistyk direkteur Lieven Bertels […]

Stipe Nederlands Letterenfonds

It Nederlands Letterenfonds hat ‘de Moanne’ in twajierrige subsydzje takend foar online bydragen. De beoardielingskommisje wie helder yn syn einoardiel: ‘de Moanne’ opereert in een klein taalgebied en doet dat al jarenlang prima: niet alleen is het professioneel in zijn werkwijze en de exploitatie van het tijdschrift, ook weet het een groot publiek te bereiken, […]

It ûntweitsjen fan Kulturele Haadstêd

MONIQUE FLINKER –  In 7 meter hege fontein, in spesjale 2018-krante mei in oplage fan mear as 300.000. It binne de earste libbenstekenen fan Kulturele Haadstêd 2018. De tsjûgen dy’t 6 september 2013 yn de Ljouwerter binnenstêd seagen hoe’t ‘wy’ Kulturele Haadstêd waarden, wienen út de skroeven. It wie feest. Grut feest. En doe waard it […]

Eagle

KAREN BIES –  Moai om twa Fryske klups yn de earedivyzje te hawwen. Ik bin foar Hearrenfean én Cambuur, want ik wol hjir net
 myn libben op it spul sette, ek hooligans lêze de Moanne nammentlik. Ik sis gewoan, lykas alle froulju, dat ik altyd foar dyjinge bin dy’t achter stiet. Fuotbaljen is leuk om […]

De Babushka-film bestiet net

ARJAN HUT –  It is ien fan de films dêr’t yn de tsjustere krochten fan it ynternet it botst om socht wurdt. Guon minsken beweare dat se him sjoen ha, op in âlde FBI-ynstruksjebân, of dat se de identiteit fan de filmster kenne. It giet om de Babushka-film, in amateurfilmke sketten op 22 novimber 1963 […]

It Alfabet-projekt

Tiid foar in update. It nije Alfabet kriget stadichoan syn foarm. Underwilens hawwe wy fan inkelde Alfabet-keunstners al in definityf einbyld ûntfongen. Sadra’t alle letters klear binne, sil it nije alfabet presintearre wurde op in Moanne-Live eskposysje. Dêrneist binne wy fan doel om it nije Alfabet ôf te printsjen yn de papieren útjefte fan de […]

Explore the North

SJOERD BOOTSMA & ERNST BRUINSMA –  Ernst: Steane wy foar in ‘festivalisearring’ fan it kulturele oanbod yn Fryslân? Sjoerd: Zeker, we zitten er zelfs al middenin. In de podiumkunsten zie je een trend waarin podiumbezoek afneemt, maar festivalbezoek enorm toeneemt. In Nederland alleen al worden er 774 festivals per jaar geteld, gezamenlijk goed voor 21 […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.